Kritysk konfoai
(1951)–Anne Wadman– Auteursrecht onbekend
[pagina 221]
| |
Slachtoffer fan in jonkheitOantekeningen by S. Vestdijk syn 50ste jierdei, 17 Oktober 1948. | |
I.De ûntmoedigjende ûnomkearberheit fan de skiednis en fan it minskene bistean jildt foar Simon Vestdijk, hy mei dan wêze dy't er is: in alchemist fan 'e suverste fantasij, immen dy't de kunst forstiet om it ûnmooglikste op papier ta wêzen to bringen, krektlike wreed as foar eltsenien oars. En ynsafier is it in tige oerstallich en nutteleas experimint, dizze man yn in útsûnderingsposysje twinge to wollen en mei him it spultsje fan 'e omkearberheit to boartsjen. En dochs hat men soms oanstriid en slypje eigen fantasij op dyselde histoaryske ûnomkearberheit, dy't by einsluten in philosofysk probleem fan 'e earste oarder blike kin to wêzen, sadré't men oan 'e fraech ta kommen is bg. hoe't de wrâld der hjoed hinne lizze soe, as Adolf Hitler yn syn Weenske feintejierren hwat fortúnliker mei syn bazen west hie. En binammen kriget men dy oanstriid by in jubileum as ditte, dêr't wol net hiele Fryslân, mar dan dochs ien stedtsje yn it Fryske gea, tige elegant kamoeflearre as Lahringen, in mannich doarp- | |
[pagina 222]
| |
kes út 'e omkriten en in pear skoallelokalen yn nòch in ‘stêd’, har hiel biskieden oanpart yn hawwe. En faeks hat sa'n experimint neist in spekulatyf doel ek noch in praktysker: troch bg. dy wei lâns fêst to stellen hwat Vestdijk nèt wurden is, soe men miskien in dizenich ynsjoch krije kinne yn hwat er àl wurden is. Hwat seit de lêzer bg. fan it folgjende byld: Simon Vestdijk kriget as knaepke fan 8, 9 jier hommels in bifleaning om Fryske briefkes to skriuwen oan in Omke Tabe of in Muoike Sijke yn in Frysk bernehoekje, per krante yn it Vestdijk-hûs bilânne. Wiene der doetiids sokke omkes en muoikes net? Goed, in oar byld: Simon, 10 of 12 jier, wurdt op in goede dei fan syn mem meisleept nei in bisite by in bifreone skoaljuffer, dy't op keamers ûnophâldlik thé ûnder de mûtse hat foar sokke gasten, en kriget ûnder it thépraetsje in tydskrift yn 'e hannen dêr't op stiet: ‘Sljucht en Rjucht’ of sokssahwat en dêr't in plaet yn stiet fan it ien of oare skilderij fan trije skiep en in hikke op in snie-oerdutsen lânsdouwe, in skilderij dat him like dwylsinnich obsedearret as de dwerstrochsketten St. Sebastiaen it syn twadde ik, Anton Wachter, die. Hy blêddet yn dat geheimsinnich tydskrift om en bislút syn harsens to weagjen op 'e tael dêr't it yn printe is. Hy skerpet syn geast op dy tael. En yn letter jierren, it kin soms hurd, skerpet er dy tael en de kultuer dy't op dy tael driuwket, op syn geast. Is ek dat to ûnwierskynlik? Nim dan in oare Simon, in Harnzer of Ljouwerter H.B.S.-er, dy't mei it burd yn 'e kiel ûnder it Frysk-litterair bisleur fan in learaer komt (en hwa't wit hoe wichtich it phenomeen ‘learaer’ yn syn jong libben west hat, sil foar dizze ûnderstelling fiele!), fan in learaer, dy't him yn sok in tiid, dat men noch via Kloos en Keats ta Fryslân | |
[pagina 223]
| |
brocht wurde koe, yn 'e kunde bringt mei de sonnettiaenske oanslaggen fan in espeltsje Fryske jongfeinten, dat noch al heech fan de poëtyske toer bliest. Simon biwûnderet dy jongfeinten lyk as er syn learaer biwûnderet, dy't faeks wol ien fan harren is, al witte syn kollega's dat salyk net. En Simon syn earste dichtproeven al wurde opskreaun yn in tael, dy't wol net by him yn 'e hûs praet waerd, mar dêr't er him al ridlik gau yn biweecht as in fisk yn it wiet. Miskien hat er gjin lêst fan drege ideälismen en hege takomstforwachtingen oangeande dat lytse lantsje tusken Stiennen Man en Reaklif, miskien hat er ek syn idoalen fan 'e skoalbanken mei gauwens troch, miskien jit er in hûdfol krityk en felle sarkasmen út oer dat lytse stúmjende folk dat syn eigen tael amper bistammerje kin, - mar hy docht it dochs mar yn dyselde tael, en akseptearret dat feit as in needlot of as in tafallichheit, om't er wit dat it der by einsluten net folle ta docht yn hokker tael as men jins aberraesjes kwytrekket. Miskien driuwt al syn dwaen mar op in bidroefd bytsje fielen foar in folk en in tael dy't sa ta weismiten keard lykje en dy't dochs noch spinfuotsje kinne ta biwiis dat hja in lyts, mar rjochtlik plakje ûnder de sinne fan West-Europa winskje. Hy skriuwt yn dy tael en docht sadwaende in hiele bult dingen foar dat folkje, dy't net dien wiene as hy se net dien hie. En om nou in hiel stik oer to slaen: oan 'e ein fan syn earste fyftich jier hat er de wrâld ynstjûrd: in lyts tweintich romans yn dy tael, in stik of tsien dichtbondels, in boekmannich mei novellen en forhalen, dielen essays en kritiken, philosofyske en litterair-histoaryske skôgingen. De gefolgen foar de ‘eare en rom’ fan dat folk en syn kultuer kin men fan tinken ha, dy wolle wy de lêzer dan ek bisparje. | |
[pagina 224]
| |
Mar faeks is it nedich, der noch ien ding by to fantasearjen: dat er op syn 30ste jier in ûnbidich stik jild erve koe, dêr't de printkosten fan al dy blokken papier yn weiraenden. En dizze lêste tafoeging, dy't lykstiet mei in conditio sine qua non, hat de wierskynlikheit fan ús omkearde skiednis net by woun, ja miskien hat dy har fjouwerkant de hals omdraeid, lyk as men Vestdijk, hied er syn boeken yn it Frysk op it bernlikste folk fan 'e ierde loslitten, faeks ek de hals ôfdraeid hie. Hwant hwer't de minsken sa ticht mei de noas op elkoar libje as dêrre, kin men jin minder ûnsêftsedige dingen, hurde wierheden, skerpsinnichheden, perversiteiten permittearje en wurdt men gauwer as de Greate Anti-Fries útballe as hwer ek to wrâld, sels as yn Nederlân. Simon Vestdijk soe dat ûnderfoun hawwe, as er bleaun wie dêr't er wie en dêr't de lju gjin harsens forneare kinne as hja yn tsjinst steane fan irrationele dingen as litteratuer. Hy soe it ûnderfoun hawwe, wie syn libben de wei gien dy't wy nyskes sketst hawwe. En dochs: it is nedich to sizzen, dat it ús muoit? | |
II.De wierheit dan, to neisten by, is dizze. Simon Vestdijk waerd de 17de Oktober 1898 berne to Harns, as soan fan in gymnastykmaster. Syn heit wie in man fan prestaesjes en oansjen yn 'e stêd binammen as lokale greatheit op it gebiet fan operette-regy, dékorskilderjen, itenrémeitsjen ta diners (de hjitting is dat er dan sels mei in skelk foar fleis stie to brieden), naem diel oan it muzyklibben dat dêrre doedestiden noch al bloeide, stalde optochten en feesten gear, yn ien wurd wie in aktyf man en treflik organisator. Om him folle mei Simon yn to litten, liket er to folle yn bislach nomd | |
[pagina 225]
| |
to wêzen fan al syn beuzichheden. Syn mem moat in lange, fikse dame west ha, net alhiel sûnder sentimintelens. Har byld bg. yn ‘De andere school’ en ek yn ‘Ina Damman’ jowt har sûnder har to ideälisearjen dochs hwat tears en ynliks: de libbenskammeraet oan hwa't men, sûnder fan rjochten bigrepen to wurden en sûnder it lêste bleat to lizzen, dochs hwat fan jins tipelsinnichheden kwytkin of leaver kwytmoàt. Ynhoefier as men op 'e Harnzer anekdotyk (dy't oangeande Vestdijk oars noch al meager is) oankin, dy't ha wol, dat it fral syn mem west hat, dy troch har noedhawwende neigeanderigens en har soarch om Simon binammen bûten elk forkear mei oare knapen fan syn jierren to hâlden, him yn in isolemint dreaun hat en of't men Simon dus ta in hichte as it slachtoffer fan syn opfieding sjen mei, doar ik min út to meitsjen, tomear om't wy der yn Vestdijk syn boeken gjin jildige biwizen fan ha. Earder noch kin men it sa sjen, dat der mei tige krektens op syn freonskippen tasjoen waerd. Mar boppedat: in bûtensteander sjocht soks oars en fakentiden efkes minder krekt as de ‘bilanghawwende’. De minske is it produkt fan syn opfieding mei in poarsje oare dingen dêr't oanliz (erflikheit om myn part) net it minst wichtige fan is. Boppedat, leau ik, is it Vestdijk yn dizze boeken net alderearst to dwaen om de continuïteit, it ôflieden fan it iene forskynsel út it oare en sa troch. Mar wis is, dat syn skoallematen him seagen as in braef memmepopke, dat altyd kúm oan it hantsje meigyng op bisiten en dan (hy hie in bûtenwenstige muzikale oanliz!) in stikje op 'e piano spylje moast, as famyljepronkstik. Bihalven de muzyk hat ek it tekenjen in skoft tige syn bilangstelling hawn. ‘Sint Sebastiaan’ jowt it bjusterbaerlik forslach fan dit mislearre tekentalint. Yn ‘Sur- | |
[pagina 226]
| |
rogaten voor Murk Tuinstra’ (earst forskynd yn Groot-Nederland, 1940) fine wy de skiednis binammen fan syn freonskippen: oanienskeakeling fan seriëuze tipelsinnichheden, dêr't men in frjemde mingeling yn merkbite kin fan driuw nei de oar en driuw nei it eigen isolemint. Vestdijk syn ierripens soe men faeks opmeitsje kinne út 'e folgjende jonkheitsanekdote: in kear wied er, in jier of tsien âld, mei twa skoallematen op it iis yn 'e Boalserterfeart oan 't boartsjen, dat is to sizzen, Simon op 'e wâl en de beide maten op it iis. Ien fan 'e twa sakke troch it bomiis oan 'e kant, wylst Simon tige binijd taseach en bitochtsum filosofearre: ‘Hwat kin in minske dochs dwaes wêze’. ‘Terug naar Ina Damman’ biskriuwt de skiednis fan in jonkheitsleafde yn 'e tiid fan it Harnzer H.B.S.- erskip. Dy leafde is it wûnderlik produkt fan forwrongen puberteitstearichheden en eigen ynbylding, bilibbe fan in foar syn jierren seldsum yntelligint lytsboargerlik romantikus. De namme Anton Wachter dy't Vestdijk him tatocht hat yn dizze forhalen, is nammers nei twa kanten symboalysk. ‘Anton’ is de lytsboarger dy't folslein posityf reägearret op it formidden dêr't er himsels yn fynt, ‘Wachter’ is de romantikua, foar hwa't it mei Ina Damman net bigoun is om it yn 'e groun ûnbitsjuttende fanke sels (hy bilibbet dy leafde-mei-mâlle-flaters folslein platonysk), mar om de sublimaesje troch de wei fan de oar en de erotyk, in sublimaesje dy't, bylâns de kronkelige wegen fan in oare skoalle sykje wollen, har gerak kriget yn ‘De andere School’ (Podium 1947-'48). Om dit haedthema jowt Vestdijk in skerp byld fan it stêdslibben, mei syn ‘kleine, snelle jongens’, foar Anton in fascinearjende tramtaesje hyltiid wer, mei syn stêdstypen lyk as Kappy en Wisky, Lange Rinse (dy't noch altyd as ûnmisber forskynsel | |
[pagina 227]
| |
troch de Harnzer strjitten skout), Alde Elske fan ‘O Lieve Heer, laat het toch peliesjes regene’, - en dan de learaers dêr't Vestdijk op 'en skerpsten syn ûnlustgefoelens op slipe hat. De H.B.S. wie doedestiden festige yn in tige âld gebou oan de Suderhaven, hjoed de dei yn gebrûk as pakhús. De measte typen dy't Vestdijk yn dat formidden om syn Anton Wachter gearbrocht hat jowe de yndruk fan in tige forwrongen en dochs reälistyske authenticiteit, dy't likegoed ôfkomstich is en tart fan it momint fan skriuwen as fan dat fan bilibjen. En tsjin de foargroun fan in heechstwierskynlik fiktyf munster as meneer Visser kriget sels dizze eftergroun de skyn fan in minsklikheit dêr't men jitte hoop en treast út putte kin. De Ljouwerter H.B.S. liket Vestdijk wer in triuw de litteraire kant út jown to hawwen. Doe't er sechstjin wie skreau er syn earste fersen, sonnetten dy't de ynfloed oanwiisden fan Perk, en letter fan Gorter en Karel van den Woestijne. Binammen de styl fan '80, yn poëzij en proaza, doedestiden (en faeks nou jitte) it summum fan litteraire folwoechsenheit foar Nederlânske learaers, liket him dêrre yngetten to wêzen. Op in foardrachtejoun wiene Slauerhoff (dy't ien klasse heger siet) en hy de iennichsten dy't mei eigen wurk kamen. Slauerhoff mei in lofliet op 'e kosmografy, Vestdijk mei in gedicht dat de skiekundelearaer ‘sa ûnbigryplik’ achte, in forwyt dat Vestdijk weromkeatse kind hie oangeande it skiekundefak. Nei it einexamen rekke Vestdijk op 'e stúdzje yn 'e medisinen to Amsterdam. Yn dy jierren liket de muzyk him noch al to pakken hawn to hawwen. Hja wolle ha dat syn heit op in dei tynge krige dat soan gjin slach mear die, mar nacht en dei op bêd lei mei syn keamer op slot. It mocht net slagje him wer op 'e gleed te krijen. | |
[pagina 228]
| |
Yn 't lêst liet de goede man him wer nei Harns oerkomme, dêr't de histoarje har herhelle. It gefal wie dat er muzyk studearje woe en neat oars. By einsluten is er dochs bydraeid, faeks mei om't him ûnder it each brocht wie, dat der yn it muzykfak gjin takomst foar him siet, ek al mei it each op 'e ynvasy fan Dútske en Hongaerske musici nei 1918. Ut dy stúdzjejierren datearje ek forhalen oangeande hypnotyske experiminten mei in faem, dy't faeks yn de mienskiplik mei Marsman skreaune roman-yn-brieven ‘Heden ik, morgen gij’ in wjerslach foun hawwe. Yn 1927 die Vestdijk syn artsexamen. Yn 1924 wiene der fersen fan him opnomd yn de ‘Vrije Bladen’. Mar de perfekte technyk fan Rilke, dêr't er doe mei yn 'e kunde kaem, ûntmoedige him sadanich, dat it duorre oant 1930 ta ear't er wer fersen skreau. Mar doe waerd it dan ek in soarte fan explosy, en folge de iene bondel de oare. Vestdijk syn skriuwwize hat, nettsjinsteande alle evenredichheit, hwat eruptyfs. It is as sammelt har yn syn holwurk in ûnbidigen stoffe op, dy't har yn ien momint op it papier ûntlaedt. In boek as ‘Het vijfde zegel’ bg. makket sterk de yndruk fan in út 'e foegen boarsten holle mei geleardens. En as men sjocht nei de data dy't it bigjin en it einpunt fan syn romans oanjowe, kriget men in selde yndruk. Dizze earste fersen wiene, en dat binne sines eins altyd bleaun, meast fan in anti-lyryske, anti-muzikale en tige cerebrale ynstelling. Frjemd foar in dichter mei sa'n muzikale oanliz, moatte se it binammen ha fan in sterke, blokkige, mar tagelyk raffinearre plastyk. Sels hat er sein, dat hy fielt mear ‘voor geserreerde plastiek dan voor lyriek, en dan vooral voor het grillige, fantastische, demonische.’Ga naar voetnoot1) Bisibbens kin men by him | |
[pagina 229]
| |
mei ûnderskate dichters fiele, foaral ek mei Verwey. Syn greate stúdzje ‘Albert Verwey en de Idee’ (forskynd yn it bigjin fan 'e oarloch, en faeks troch it ûngunstich tydstip fan forskinen fiersten to min achtslein) tsjûget fan syn wurdearring foar dy foarman fan de ‘De Beweging’, mar is ek mei syn 214 siden útdijd ta in djipgeande stúdzje oer it dichterskip yn it algemien. Vestdijk hat oars syn dichterlike foarkarren resp. foarbylden nea ûnder stuollen of banken stutsen. Emily Dickinson, Kafka, Valéry, Slauerhoff, Rilke, Stevenson, Joyce - it is in heterogeen selskip, en dochs hawwe hja, der út werom to kennen en ombûgd nei eigen aerd, yn Vestdijk hwat fan it mienskiplike weromfoun. Ut de jierren om 1930 hinne moat ek dy oare explosy datearje: it phenomenale, geheimsinnige manuscriptas-in-wetterholle, dat de oerfoarm fan alle Anton Wachter-romans ynhâldt en dêr't yn dy foarm neat fan útjown is. Oars as men op groun fan syn geastlike ierripens forwachtsje soe, is Vestdijk as publicist gjin ierripe forskining. Hwant eruptyf as it is, sit dochs efter elts wurk dat er skriuwt in sterke konstruktive wrakseling, in birekkening suver. Alles wurdt yn en ûnder de empty neffens fêst plan útfierd. En op dit punt soene men just Vestdijks kreäesjeproces bitraepje kinne: de yn 'e erupty loskommen energy ûntlaedt har op in hast yn it ûneindige útrekbere fantasij, dy't op it momint fan ûntstean har eigen konstruksjepunten, koegellagers en helplinen ûngedien, alteast ûnfynber makket. Sa'n technyk, ûntstien yn in psychologysk spanningsmomint, dat tagelyk de ûntspanningsmooglikheden op it uterste ûntwikkele hat, koe pas yn 'e rin fan jierren har linichheit krije. Miskien dat dêr dy relative letripens út to forklearjen is. Pas om 1930 hinne (hy is dan dus al | |
[pagina 230]
| |
in stik oer de 30) bigjint de boarne iepen to springen, mar dan ek sa oerfloedich dat der suver gjin byhâlden oan is. De earste roman, ‘Terug tot Ina Damman’ seach it ljocht yn 1934, mar is letter skreaun as ‘Meneer Vissers Hellevaart’ (1936), wylst ‘Sint Sebastiaan’, dat it ierste jonkheitsstadium fortsjintwurdiget, pas yn 1939 publisearre waerd. Ek de earste koarte forhalen binne fan dy jierren, it masterlike ‘De Oubliette’ bg. is foar it earst útjown yn 1933. It is net dwaenlik, yn koart bistek alle wurk fan Vestdijk sels mar mei namme en tanamme to neamen. De publikaesje, yn 'e oarloch stilset, is fuort nei de bifrijing (Vestdijk hat as gizeler yn St. Michielsgestel tahâlden: oer syn visy op 'e Dútske Herrenmorael hie de roman ‘Else Böhler, Duitsch dienstmeisje’ fan 1935 ûntwivelbere oanwizingen jaen kind) mei forbjusterjende faesje fuortset. En dit nei de oarloch publisearre wurk omfettet, bûten de romans, in dichtbondel of hwat, in nije samling (diels al earder forskynde) forhalen, in philosofyske dialooch (‘Het eeuwig telaat’), in greate stúdzje oer ‘De toekomst der religie’, twa swiere bondels essays en kritiken. Fierders is der gâns hwat parsré of ûnderweis, wylst men mei smert wachtet op nije printingen fan útforkoft wurk. Vestdijk hat, op it toaniel nei, mar dat seit noch neat, sahwat alle optinkbere litteraire genres bioefene. En ek it forskaet ûnder de romans is op syn sêftst sein forbjusterjend. ‘De Overnachting’ (togearre mei Jeanne van Schaik-Willing) is in leafderoman yn brieven, ‘Iersche nachten’ jowt in skerp byld fan de soasjale spanningen yn it 19de ieuske Ierlân. ‘Puriteinen en Piraten’ is neat mear, mar ek neat minder as in spannend avontûreforhael mei in 19de ieuske happy ending, ‘Pastorale | |
[pagina 231]
| |
1943’ in skerpsjoen en mei spanning, lykwols sûnder guodkeape effekten útbylde roman út 'e illegaliteit, ‘De Vuuraanbidders’ in great-konsipiëarre histoaryske roman, suver âlderwetsk fan opset en yntrige, binammen ynteressant om it religieus konflikt om it Calvinisme, lyk as de eardere roman ‘Het vijfde zegel’ bûten it eigenlike forhael om dochs ek binammen fan bilang is om Vestdijk syn religiëuze bilangstelling, dy't him dêrre rjochtet op 'e Spaenske skolastyk en inquisysje. ‘De redding van Fré Bolderhey’ bitsjut in soarte fan weromkear nei it Meneer Visserstadium, ynsafier dat it hjir ek in puberteitsabnormalens oanbilanget, mar ien dy't bipaelde triedden mei de minsklike reäliteit forlern hat. Dit is it eigenaerdige fan it phenomeen Vestdijk: dat it nea op dea spoar rekket, dat it altyd in útwei siket, dat it syn grypearmen útstekt nei alle kanten en binammen nei dy kanten dêr't oars nimmen komt. | |
III.As men yn inkelde koarte wurden in karakteristyk jaen wol fan de Nederlânske romantradysje, komt men ûnforbidlik to lânne by dizenige formulearringen as reälisme en naturalisme, dy't miskien wol hwat sizze, mar dêr't men, de reäliteit kennende, dochs ek wer net forheard oer hoecht to stean: hoe soe it oars? De roman is in by útstek maetskiplik forskynsel, boun oan de minskene mienskip, sawol hwat stoffe as hwat lêzersrounte oanbilanget. Dy maetskiplike biningen twinge as fansels ta dat reälisme, dat alderearst út is op it skilderjen, reprodusearjen en registrearjen fan in objektive wurklikheit (lyk as wy, better net to witten, mar oannimme moatte dat bistiet), om by einsluten de wearde derfan fêst to lizzen foar it minsklik subjekt. Roman bitsjut: de minske yn syn formidden, it sub- | |
[pagina 232]
| |
jekt yn syn objekt, hwerby it subjekt net om 'e wille fan himsels ta objekt makke wurdt. Sels de romantyk, mei al har flecht út de wurklikheit, mei al har langst nei in Jenseits dat oan dizze ierde ûntkaem, koe der net los fan komme. Zola, de offisjele greatmaster fan it naturalisme, moat in romantikus fan it suverste slach west hawwe, om't allinne de romantyske visy, de romantyske langst nei de nea to omfetsjen totaliteit fan it libben, in streaming as dat naturalisme to wekker roppe kin. En van Deyssel, Zola syn profeet yn Hollân, - men hoecht syn dithyrambyske Zolafanfares mar oan to hearren, om to witten hoe let as it by him is. It objekt, de wearde fan it objekt en datjinge hwat it subjekt, sels as objekt naem, der úthelje of der fan ôfwitte kin, it wie al Kant syn probleem en nei him hawwe ytlike Europeeske generaesjes op dy klobbe omsobbe. It hoecht dan ek gjin nij to dwaen, by de oer 't generael noch al flakke, evenwichtige en nochteren ynstelling fan it ‘Nederlânske’ folk, dat allinnich op it punt fan de religy, mar dan ek noch mar komselden, ta de sublime passy fan de irrationaliteit trochstjitte kin, dat de ien of oare foarm fan reälisme of fan naturalisme de driuwende krêft wurden is fan de Nederlânske romantradysje. Mear nij kin it dwaen to sjen, hoe't ek de greatere figueren, dy't mei kop en earen boppe de midsmjitte útstykje: Multatuli, Couperus, van Schendel, Vestdijk, al hawwe hja stik foar stik har escapades makke nei it romantysk paradys, oan de goaden fan it reälisme har offers bringe. Bredero woe meidwaen mei de offisjele klassicistyske élite, mar syn ‘Spaensche Brabander’ is in naturalistyske roman-oprym-en-yn-dialooch, dêr't alle Jordaenturven fan Is. Querido mar beukerkes by binne. Multatuli koe der net | |
[pagina 233]
| |
foar wei doe't er syn Woutertje Pieterse en syn Fancy in bistean tatocht yn it louche formidden fan de ier-19de ieuske lytse boargerij; Couperus net doe't er it fin de siècle fan syn útlibbe Haechske hegerein oan it forblinend ljocht fan syn skerpe yntelliginsje priisjoech, al forsetten syn wurdkunstallueres har der tsjin; van Schendel net doe't er, sêd fan foreale swalkers, him krong yn it libben fan syn lytse en swijsume, fan it needlot bistjûrde en tramtearre heroën, Vestdijk net doe't er syn jonkheit werombylde en de triedden fan it tsjuster bistean ien foar ien losraffele en wer gearboun. Ta in hichte is Vestdijk dêrby in einpunt yn in ûntjowing, net allinnich om't syn epigonen, om myn part: learlingen, earne op in grins stjitte dy't net oer to kommen is foar de earnst fan learlingen (men soe it sjen kinne oan immen as Simon van het Reve, as men oer dy figuer, nou al, definitive dingen sizze doarst), mar ek binammen om't de ûnderskate sjenswizen fan syn foargongers by him ta in synthese groeijende binne. Hwant hwat by Multatuli, nettsjinsteande al syn juffrouw Lapsen en Stoffels, de suver subjektive ynterpretaesje fan it wrâldbyld is (dêrom neamden se him yn it bêste gefal gek, hwat noch altyd, sjoen de mooglike forbining mei ‘geniael’, in positive kwalifikaesje is, of op syn minst en meast in senuwlijer, dat in folslein negative wurdearring ynhâldt), en by Couperus oerbûcht ta it objektive (dêrom biwûnderet men him, nou ja, miskien noch wol yn syn ‘Eline Vere’, mar dochs meast yn de pompeuze wurdkunst-idelheit fan syn klassike forbyldingen), - dat is by Vestdijk wurden ta in synthetyske ynstelling fan dy twa sjenswizen. Vestdijk grypt út syn subjekt wei nei it objekt. Syn jonkheit is it subjektyf medium om ta it objekt fan de minsklike wearde to kommen. Hy moast mei Anton Wachter ré wêze, ear't | |
[pagina 234]
| |
er ta de Criellaert fan syn ‘Vuuraanbidders’ ynkringe koe. En tagelyk fine wy by him de tsjinstelde biweging: hwant hwat men by him de ‘surreälistyske’ kant neame kin (en koarte forhalen as ‘Het vliegfeest’ en ‘De gestolen droom’ b.g. jowe ûnmiskenber hwat fan Kafka werom) is neat oars as hwat it yn 'e groun ek by Kafka wêze moatten hat: troch it objekt ta it subjekt komme, troch it objektive ta it subjektive, troch it ‘proces’ ta it minsklik skuldsbisef. Kafka syn wrâld is de moderne wrâld mei al har ûngenedich yn it ljocht sette en bi-administrearre attributen, mar troch dy wrâld hinne stjit er troch nei de oare wrâld fan it ûngrypbere. En om dêrby fral syn subjektiviteit net al to iertidich oan it ljocht to jaen, neamt er himsels K. of Josef K. Mar Vestdijk weaget it sels mei de ikpersoan yn dat forhael ‘Het vliegfeest’. En dêrneist fortoant Vestdijk, as wie it om him as figuer folslein ûngrypber to meitsjen en oan elke theory to ûntwinen, noch in tredde skriuwerstype, dat fan 'e achteleaze, mar him dêrom yn elk wurd en eltse folsin, oant yn wurdelisten en nammeforklearringen ta forantwurdzjende forteller, de virtuoas fan de fantasij-op-reële-basis, dy't op in skynber neutrael en wittenskiplik objektyf stânpunt arbeidzjend, de grinzen fan syn rekberheit en assimilaesjeformogen al mar útwreidet, sûnder dêrmei ea ien reäliteit gewelt oan to dwaen, of leaver (hwant hwa seit oft de kunde fan de sé en it sémanslibben dy't sprekt út ‘Puriteinen en Piraten’ wittenskiplik forantwurde is ek foar de praktyk oer!) sûnder ea de yllúzje fan reäliteit skea oan to dwaen. Mar ôfsjoen dêrfan, en it forwyt soe ek foar de ‘Toekomst der religie’ jilde kinne, dêr't in hiel koar fan faklju him op stoart hat yn 'e faeije yllúzje Vestdijk to gripen! - ôfsjoen dêrfan is Vestdijk syn objektivens | |
[pagina 235]
| |
mar skyn, sawol nei útgongspunt as nei eindoel; hwant hwa't goed tasjocht, merkbyt ek yn syn ‘gewoane’ forhalen, dêr't noch Anton Wachter, noch James Joyce, noch Kafka in oanpart yn hawwe, en op syn heechsten Conrad en Stevenson, hoe't hjir de subjektiviteit troch de objektivens hinnepylket. Yn ‘Puriteinen en Piraten’ likegoed as yn ‘Pastorale 1943’ boarret Vestdijk him in trochgong nei de objektiviteit troch it (uterst subjektyf) medium fan in demoanyske stúdzje-yn-physionomyën: alles hwat er oan minsklike fêstichheden bineikomme en naderje kin, hellet er út forwrongen, wjerstribbige troanjes en faeljes fan syn troch ûnmeilydsume skerpsjoggigens yn har gloarje ûndermine ‘helten’. En it eigenaerdige is dat hja ‘helten’ bliuwe, allinne relativearre op in suver minsklik flak. Hwant as er ienris safier is dat de ‘helt’ ûnttroane is, stiet dy hommels yn alle neakenens en bleatens op it objektyf-minsklik fuotstik, sadanich dat John Quelch, de piratehelt, mei alle glâns en gloarje binnensilend yn it happy end fan in troch de wei fan boargerlike geloksgefoelens bistribbe houlik boppe syn reputaesje, bliuwt ús der like leaf om. En Johan Schults, ienris Johann Schultz, de illegale helt út ‘Pastorale 1943’, ûntdien fan syn heltegloarje troch it triviael misforstân dat him yn it Oranjehotel brocht, kin dochs in helt bliuwe, net salyk om't syn illegale prestaesjes gjin omkromte bylein wurdt en hja as er ûntslein is sûnder forplichtingen forfette wurde, as wol om it feit dat de man by einsluten neat forlern hat as allinne syn swiertekrêft. Hjir hat Vestdijk yndie it soarte fan objektiviteit birikt dat er nedich hat. Allinne spitich foar it Nederlânske lêzerspublyk, dat dat blykber in oar soarte fan objektiviteit nedich hat... | |
[pagina 236]
| |
IV.Vestdijk slachtoffer fan in jonkheit neame hat hwat spytgnyskj ends en skouderoplûkends yn, as men it aksint lek op slachtoffer en boppedat it forrifeljend wurdtsje ‘in’ gjin acht slacht. Mar de klam lizzend op ‘jonkheit’, en biseffend, dat by einsluten elk skriuwer hjir of dêr it slachtoffer fan is - men soe kwânswiis tsjutte kinne op Dostojewsky syn epilepsy, miskien sels op Sartre syn ûntmoedigjend holwurk en op oare foarmen fan kompensaesjetechnyk dy't fan in minske in útrinder meitsje - biseffend ek dat men der better oan ta is as slachtoffer fan in jonkheit dan as slachtoffer fan in folwoechsen steat, kriget de formule dochs hwat fan in weardebipaling. It is net nedich, lyk as Ter Braak dien hat yn syn ‘Démasqué der Schoonheid’ (in boek dat noch altyd in biskiedende ûntdekking wêze kin en it ek foar Fryslân wêze koe, as de lju dêr Nederlânsk lêze koene) de lof fan de puberteit to sjongen, om yn to sjen hoe wichtich en ‘entscheidend’ as dy is. Deselde Ter Braak hat der yn syn ‘Duivelskunstenaar’ op wiisd hoe principiëel oars as Vestdijk foar syn jonkheit oerstiet as de skriuwers fan skriele evokaesjes mei in greatminskerookje fan ‘Flipje’, ‘Bartje’, ‘Merijntje’ en hoe't hja hjitte meije, dy't har útgongspunt namen yn de objektiviteit fan de earslings ynterpretearre jeugdanekdote. In jonkheitsautobiografy driuwt ornaris op anekdotyk en har tipelsinnichheden, sa as dy bisjoen wurde troch de bril fan guodlik-glimkjende en op idyllen fan argeleazens longerjende arrivé's. Ek Vestdijk mijt de anekdoten net, mar hy stelt se net op harsels neist elkoar om sjen to litten hoe bernlik in bern wêze kin, hy set se ek net op in rychje yn tsjinst fan in ‘ûntwikkelingsgong’ dy't alles | |
[pagina 237]
| |
forklearje moat en dan ek prompt kin, om't de greatminsklike bigripen wol sa hantearber wurden binne, dat de to biskriuwen jongeminskesiele har der sûnder wjerstribbigens nei foeget, mar by him libbet de anekdote folslein tròch yn de sfear fan syn folwoechsenheit. Hy isolearret se net, en krekt yn dy isolaesje leit it ûnbifredigjende fan party anekdoten. Syn jeugdforhalen soe men technysk bisjoen wikselstreamromans neame kinne: hja fortoane in wikselwurking progressyf-regressyf. Hy wurket net regressyf út 'e folwoechsen objektiviteit wei om de subjektivens fan syn ienris ta eigen heil om to bûgen, mar hy stelt him op yn de hinderlaech fan it subjektive en út dy hoale wei taest er algeduerigen wer progressyf yn 'e wrâld fan 'e folwoechsenheit op. De ‘Bartjes’-skriuwers bûge har jonkheit om mei de bigripen fan har folwoechsenheit, Vestdijk bûcht syn folwoechsenheit yn de tange fan syn jonkheitsbigripen. Dat bitsjut, dat Vestdijk syn jeugd wer wurdt. Mar dàt bitsjut tagelyk net in folsleine assimilaesje. Hwant distânsje is der wol forgoed: dat is de oarderjende geast dy't oer dat alles gear is. Ek dat oarderjen is derneffens: sûnder konsekwinsjes, sûnder dogmatyk. Hwant by alle skied tusken jonkheit en folwoechsenheit hâldt it Anton Wachter-motyf yn al syn liddingen genôch yn fan de roman fleuve, genôch fan it libben dat him net yn bannen riuwe lit en net bi-administrearje, dat floeit, gearraent en wer útinoarraent, dat psychysk sprutsen gjin ein ken en gjin grinzen hat. Merijntje Gijzen bisylt de feilige haven fan it soasjalisme, Anton Wachter, der meije noch tsien of tweintich boeken oer him forskine, bisylt neat as allinne Vestdijk sels. En ek dy Anton Wachter sels bliuwt, by alle helpmiddels fan anekdotyk en lokale kleur, in heechstwierskynlik forsearre, yn alle gefallen net foar | |
[pagina 238]
| |
de folle 100 % akseptabele wierheit. Vestdijk hat him út syn folwoechsenheit wei wapene mei syn arsenael fan philosofyske en psychologyske bigripen, mar dy ombûgd neffens de ierripe yntelliginsje fan it ‘memmepopke’ Anton Wachter. Hy naderet syn jeugd (yn de folle Fryske bitsjutting fan it wurd!) mei it forstân, mar it gefoelselemint lit er mei soarch bûten skot. Men kin it in gemis neame, mar ek in winst, sjoen nei de ‘Bartjes’. Dat útskeakeljen fan it gefoelselemint is nedich om't it Vestdijk by einsluten net to rêdden is om de subjektiviteit (syn mem, tsjinoer hwa't men byneed noch fan gefoelsfaktoaren sprekke koe, rekket Anton Wachter eins net, om't hja om elkoar hinne libje), mar om it objekt fan de minske. Mar tagelyk ek lit er dy jonkheit fan Anton Wachter folslein yn syn wêzen, om't de yntellektuële útris dêr't er Anton Wachter mei to liif giet en nadert, oars neat is as de yntellektuële útris fan Anton Wachter - allinne ... sûnder wittenskiplike forplichtingen en konsekwinsjes. En it mei dan wier wêze dat Vestdijk syn jonkheit werom liedt mei psycho-analytyske helpmiddels, like wis is it dat er mei syn jeugdforslach de psycho-analyse weromliedt. En as Anton Wachter it net biwize koe, dan kin ‘Fré Bolderhey’ it. Mar al wer: sûnder forplichtingen tsjinoer Freud. En as ‘jeder Konsequenz zum Teufel führt’, dan kin men it de divel sels binammen net kweaôf nimme as er, mei in bipaelde graesje, foar himsels op 'e rin giet. | |
V.De lêzer sjocht it wer ris: it falt net ta oer immen as Vestdijk net yn swiere wurden to praten. Hy is der sels gjin skuld oan. Hwant nimmen is as hy yn steat om it ‘wurd’ syn swiertekrêft to ûntfytmanjen en it | |
[pagina 239]
| |
lykwols yn folle krêft jilde to litten. Mar ek hjirre jildt, hwat mannich lêzer, as hy de ein fan dit artikel bisyld hat, my foar de skinen smite sil: dat biwûndering in kweade learmaster is. Miskien haw ik mei de swiere wurden dat learjild bitelle. Mar dochs soe ik harren ien ding weromsizze wolle: Men kin Vestdijk syn fijân wêze, mar hat dat rjocht net as men net tagelyk ynsjocht dat men in biskaet soarte fan fijannen nedich hat. En yn greater forbân sjoen, tsjin har dy't lju as Vestdijk sjogge as in ‘pest foar de maetskippij’: In oanklacht tsjin Vestdijk as maetskiplik forskynsel kin maklik omdraeid wurde ta in oanklacht tsjin de maetskippij as Vestdijk-forskynsel. |