De frou yn 'e flesse
(1988)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdRoman fan Janneke en Jip
[pagina 72]
| |
1.Yn it kofjeskoft seach Bram my troch syn wite eachteisters oan as woed er wat fan my. Ik hie hast sein: ‘Haw ik soms wat fan dy stellen?’, maar hâlde my wyslik yn. Ik tocht noch wol: it binne yndied dy wite eachteisters dy't syn gesicht tagelyk sa ferfeelsum en sa net te trochgrûnjen meitsje. It wie in bytsje feest yn 'e dosintekeamer. Klaas Kaper, de jonge kollega Dúts, is juster heit wurden fan wat er in baas dochter neamt en traktearre op mânske stikken oranjekoeke mei slachrjemme net te min. Hast net te bebiten en foar myn ‘lijn’ in grutte soarch. Ik tocht: Dat hawwe Jip en ik net ôfpraat, en no gean ik al wer foar de bile. En doe seach ik dus yn dy koele, neatsizzende eagen fan ús tydlike boppebaas Bram. Gek dat dy man gjin skelnamme, sels gjin bynamme hat (al neam ik him by mysels wolris ‘Bleke Bram’). Sels dêr is er sa't skynt te ûnpersoanlik foar. In minske kin him fersinne, fansels. Ik tink soms dat Bram geastlik en mentaal (of is dat itselde?) mear yn 'e akte hat as it liket. Dat der mooglik wol stoarmen fan emoasjes troch syn siele geane, dy't er mei man en macht wit te betwingen. Sil er him ienris, nee, mei gauwens ûntmaskerje as in machthawwer, in skoaldiktator, in Bint? - Wee my dan en ús allegearre. It is as wachtet er yn in soarte fan roerleasheid de kâns ôf om syn Grutte Slach te slaan. In Bram dy't Himmelhoch jauchzend of Jupiter-tongerjend boppe himsels útriist. It is in lytse fantasij fan my, lykas sa folle. Hy hat der noait mei in wurd fan rept, mar ik wit stom tafallich dat er myn beide proazaboekjes lêzen hat. Ik stie in kear yn 'e iepenbiere lêsseal op 'e Komerk by de kaartebak en seach dat er myn beide ferhalebondeltsjes, dy't oars meastal rêstich op har plankje steane, meinaam en oan him útliene liet. Dat wie fuort nei't de kranten nochal opteine lûden hearre litten hiene oer ‘dizze nije klyster yn ús Fryske Lettertún!’ - in ûnterjochte | |
[pagina 73]
| |
lof dy't ik fansels prinshearlik by my delglide lit. Ik fiel my alhiel gjin (k)lyster, earder in moudzjende mosk. Ik wit nammers de swakke punten yn myn ferheljend proaza. Te moai-skriuwerich fakentiden, te folle âldfrinzige en sabeare modernistise sfeartekening, en minsken dy't mear abstraksjes, skimen as libbene persoanen binne - dreamend en drôgjend yn in heale mearkeswrâld, mar dy't guon sêftmoedige en ek jongere lêzers wol lizze, omdat se dêrmei weiflechtsje kinne út dit hurde, hoe sis ik dat... technologise wrâldbyld. Juster wer ris yn myn roman-begjin omnoaske. It is net ûnaardich, der sitte mooglikheden yn, mar ek hjir komme de minsken net goed út 'e ferve. It is eins nuver, want ik mien altyd mar dat kritise sin en minskekennisse net de minsten fan myn eigenskippen binne. Mar as ik op papier saneamd ‘literêr dwaande’ bin, giet de fantasij mei my op 'e rin en belânje ik yn in skimige dreamwrâld dêr't ik troch 'en dei gjin lést fan haw. It is dus in flecht. En as it net méar is as in flecht, dan wurdt it mei dizze aspirant-skriuwster Janneke Brouwer niks mei niks der op ta. Mar dit even fansiden, want ik toeve noch op Klaas Kaper syn heite-feestje. En doe kaam kollega Jille Krist fanwegen. Hy siet neist my grutte flodders slachrjemme op syn read-en-grien-blokjese trui te griemen, doe't er sei: ‘Dy Joop Koster, wat is dat eins foar in bysfeint? Do kenst him goed, se sizze dat er wolris by dy oer de flier komt. Hy liket my ryklik eigenwiis ta, en syn lichaamlike oefening hâldt net oer. Of ferdomt er it gewoan?’ ‘Mear wiis as eigenwiis,’ sei ik. ‘Hy is goed by foar syn jierren.’ ‘No, dat hat er dan yn syn studzjeferrin net blike litten: twa kear sitten bleaun.’ ‘Sommige lju binne te goed foar dizze strafoefening dy't wy “learen” neame... En foar dyn gymnastykoefeningen hat er syn langliddige lea ek net mei. Mar mooglik is er dan wol wat dwers en eigensinnich.’ ‘Ik hearde him juster wat yn 't Frysk tsjin Auke Aukema sizzen,’ ferfette Jille. ‘Sokssawat as: “Wat hawwe wy foar moarn op foar Kultuerskiednis?” Dat er dat wurd koe! Ik wist net wat | |
[pagina 74]
| |
ik hearde. Hat er dat fan dy leard?’ ‘Ja,’ sei ik, net alhiel op myn gemak. ‘Dat hat er fan my leard. Mar hy is ek fan Fryske komôf. Syn heit... syn pake wie smid hjir of dêr op in doarp efter Ljouwert. It bloed sprekt, tink ik.’ ‘Syn heit,’ sei Jille, ‘is dat net dy bekende musikus?’ ‘Ja, dat kloppet. Fioelist ja.’ Dêrmei wie it petear út. It ‘item’ lei my net, it rôp it ien en oar yn my wekker. Dingen dy't Jip ek net wit en dy't him coûte que coûte besparre bliuwe moatte. Mar ik begriep wol sa heal en heal dat der wat mear efter Jille syn wurden skûle: hy smiet om sa te sizzen in lyts fiskje út. Ik wie op myn iepenst en hie net biten. Hy fage de krûmen en brokken fan syn trui en ribbeltsjebroek en gyng oerein. Op datselde stuit gyng de skille en riisden ek de oaren oerein, de iene wat hastiger en happiger as de oare, Lyn Alsema as de léste, mar dat is al ieuwen har foarrjocht. By de doar hâlde Bram my tsjin: ‘Kinst om tolve oere efkes op myn keamer komme?’ De rektorskeamer wie dus yndied al sỳn keamer wurden! Syn lûd klonk oars nochal neutraal, mar ik wie der net alhielendal gerêst op. By it lesjaan koe ik dat aardich ûnder de kwint hâlde, want ik bin in berne lesboerinne, mar myn hert bûnze al lichtsjes doe't ik om fiif oer tolven oan syn doar kloppe. Der waard ‘Ja!’ roppen en ik strûsde nei binnen, al myn kriich sammeljend: net yn 'e bocht foar in pear wite teisters! Bram siet oan 'e telefoan te harkjen en trommele mei de balpin op syn, ik bedoel fansels op Tommy syn buro. Hy sei oars net as koart en brimstich: ‘Ja - ja - jawis - jaja. Goed ja.’ Doe't it petear ôfrûn wie kearde er him nei my ta, mei in freonlikheid dy't ik net fan him ferwachte hie. Hie syn oansteand rektorskip al wat in oar minske fan him makke? Hy wiisde my in stoel oan en sei: ‘No't Thomson fuortgiet, sille wy dochs wol it ien en oar oan syn ôfskied dwaan moatte. Soks moat goed en op 'e tiid taret wurde. Sa't it no liket koe it wol mei-iens it fuortgean fan de hiele skoalle wêze nei oare kant de stêd. Reden ta echt feestfieren sit der dan ek amper yn. Mar wy sille de man dy't hjir sa lang oan 't roer stien hat, net sûnder in foech ôf- | |
[pagina 75]
| |
skiedsje fuortgean litte kinne. In resepsje mei oanbieding fan in geskink is dochs wol it minste. Ik haw ek tocht oan in lyts, yn eigen behear út te jaan tinkboekje oer dy mear as fyfentweintich jier fan syn rektoraat. Dêr soe ús histoarikus Jeltema wol foar riede kinne.’ Ik sei: ‘As ik him goed begrepen haw, wol er leafst alhielendal gjin feestlikheid of oare offisjele aksjes. Wat stilder wat better, is syn betinken. En boekjes léze docht er dochs net.’ ‘Hat er dat tsjin dy sein?’ ‘Ja, hy hie nochal húslike problemen.’ ‘Dat haw ik ek út syn ferhaal opmakke. Mar dat mei dochs gjin behindering wêze om him de eare te jaan dy't him takomt?’ ‘As er dêr sels ree ta is, nee fansels. Mar wy moatte earst wol goed witte wat er al en net wol.’ ‘Witsto wêr't er tahâldt?’ frege Bram, mei de eagen skerp op my rjochte, as fokuste er my. ‘Yn Súd-Frankryk earne, sizze se. Mar in adres wit ik net.’ ‘Hasto mei de fan dy sa bekende fantasij in idee oer in ôfskieds-geskink?’ frege er, no wer flak en neutraal. ‘Nee, dat soe ik earst ris yn my omgean litte moatte. Oerskat myn fantasij net. Ik tink wolris dat in lintsje by him net sa min falle soe. Hy hat gâns op mei it Keningshûs. Dêr soe faaks wat oan lobbye wurde kinne.’ Bram seach my knap fernuvere oan. Ik stean as nochal links bekend, al stim ik meast op 'e partij fan it reedlik alternatyf, justjes lofts fan de midden, omdat it sokke aardige jonges binne, dy Mier en doe Louw en doe Mier wer, en no ynienen yn aksje foar in rjochts lintsje fan 'e Oranje-Nassau! ‘No, dat is wol te fiksen,’ sei er doe. ‘Dêr hawwe wy in boarge-master foar, en in wethâlder fan de VVD. Mar sa'n lintsje kriget er fansels net fan ús... Der moat ek noch wat oars komme. Myn fraach is: wolsto de tariedingskommisje, trije of fjouwer man, op poaten sette? En oer in wike of trije, fjouwer mei in útstel komme?’ Ik knikte. Fansels. Sokke putsjes falle my altyd op 'e lea, ik hie ek net oars ferwachte. Doe't ik myn tas fan de flier fiske en om | |
[pagina 76]
| |
't skouder hong, sei er: ‘En dan is der noch wat. Dy Fryske lessen dysto yn 'e priveesfear joust, is net om wat by te fertsjinjen, mei ik oannimme?' Ik moat him ferheard oansjoen hawwe, doe't ik sei: 'Nee, Bram, dêr nim ik niks foar. Gjin sint. Dat is leafdewurk, ik bedoel: dat hat in goed en nommel doel.’ It wurd ‘leafdewurk’ wie fansels net sa gelokkich keazen, mar Bram sloech dat gjin acht doe't er ferfette: ‘Ja, mar... eh... it mocht dy ek bekend wêze, dat hjir oan 'e skoalle in kursus Frysk jûn wurdt. Dêrfoar hawwe wy in aparte, by útstek deskundige learaar, de jo bekende doktorandus Bangma. Dy is der net foar neat!’ ‘Ik haw dêr net sa by stilstien,’ sei ik nochal ferstuivere. Alhiel wier wie dat net. Ik kin net sa goed mei doktorandus Bangma oer de wei, in fanaat dy't mear bedjert foar wat se de Fryske saak neame as er goeddocht. In klier fan in fint ek noch, mei syn Frysknasjonaal gnyske yn syn moai trapeziumfoarmich beknipt burd. Mar dat sei ik fansels net. Ik sei: ‘It giet by dy les fan mines mar om ien persoan, dy't my dêrfoar spesjaal frege hat, mei it doel dat er graach lêze kinne wol wat ik persoanlik op eigen manneboet byinoar ponge haw yn it literêre en dy't... no ja...’ Ik wist net fierder. De saak wie my ek it lilkwurden net wurdich. ‘En dy't... Wat woesto fierder sizze?’ ‘Dy't in spesjale behanneling fertsjinnet.’ ‘In Sonderbehandlung,’ sei Bram haatlik. It hie wer net in lok-kige wurdkar west. Ik foege der oan ta: ‘Ut in each fan metodo-logy, út didaktys betinken.’ ‘Ik kin oars wol wat troch de fingers sjen, mar doktorandus Bangma hat by my klage dat der ûnder syn dowen sketten waard.’ ‘As doktorandus Bangma syn wurk better dwaan soe as er docht, mei wat minder drammerichheid, soed er fan my dizze learling oerkrije kinne. Mar it past ek net sa yn de jonge syn ein-eksamenroaster, dy oere fan doktorandus Bangma. En ik nim | |
[pagina 77]
| |
net oan dat doktorandus Bangma ree is om der syn jûnsoeren yn te stekken. Hy hat it drok mei syn dissertaasje oer de stomme “e” yn it dialekt fan 'e Dongeradielen.’ It wie in traap yn 't wylde wei, want doktorandus Bangma ynteressearret my te min om it ûnderwerp fan syn oansteande dissertaasje te ûnthâlden. Bram grommele wat. Ik wist dat er it mei myn krityk op doktorandus Bangma syn lesjaan en syn persoan al woed er nòch sa graach net ûniens wêze koe en wie - dêr hie al faker spul om west as de man syn pupillen yn in charterbus fan Fryslân International meislepe woe nei de Warns-betinking op it Reade Klif, dêr't er sels it Wurd fiere moast. En der wiene ek nochal wat learlingen dy't fan thús syn lessen folgje moasten, mar har der handich oan ûntwynden. Doe liet Bram syn keallen út it hok: ‘Der komt by dat ik ek in al te fertroulike omgong tusken in learares en in manlike learling fan tweintich net al te passend achtsje.’ Dat wiene dus de boer syn guozzen. Ik sei: ‘Joop Koster is in fijne fint, mar as jo tinke dat der net passende dingen tusken him en my pleats hawwe, binne jo mis. Dat sil Joop sels jo ek wol ferdútse kinne. “Freonskip, suver as kristal”, om in fan jo ferachte en fan my wol wurdearre en mei my befreone Fryske skriuwer te sitearjen. Joop leart hurd oan en is tige motivearre. Hy past net yn it oere-skema en net yn it mentale patroan fan hear doktorandus Bangma, dy't se ek wol “Bangmakker” nea-me. En hy is in gesellige en freonlike jonge. Dêr haw ik alles mei sein. En no sis ik wer “do” tsjin dy.’ Bram hie net werom. Hy knipere even mei syn wite teisters en knikte dat it petear wat him oanbelange ôfrûn wie. Hy bûgde him al wer oer syn listen en tabellen. Mar ear't ik mei myn skoudertas ta de doar út wie, rôp er my nochris werom: ‘Asto it adres fan menhear Thomson opskarrelje kinst, soene wy him ris besykje kinne te tantsjen oer de wize wêrop't er útlet wurde wol.’ Ik knikte en stapte de keamer út, mei it gefoel dat ik it der net sa min ôfswit hie, mar dat der wol allerhande geheimsinnige triedden om my hinne spand waarden, om my yn te fangen. In | |
[pagina 78]
| |
fangnet. Triedden om in hap lucht, om sa te sizzen. Mar dy't my fange wol, moat goed útsliept wêze. | |
2.Fansels fiel ik my net alhiel flekkeleas. As ik net tige goed oppas, rint it mei my en Jip wer ris út 'e hân. Doe't er him sa oandwaanlik myn ridder sûnder frees of blaam neamde, haw ik him spontaan en justjes tè oerdwealsk yn myn earms beknypt, tute en oanhelle. En ik konstatearre by mysels wat se ûnder de feministen as 't my net mist ‘flinters yn 'e búk’ neame, of ynterpretearje ik hjir it moadejargon ferkeard? Ik wist (wit) dat ik fereale wie (bin) op dizze jonge, mar dat it net mocht (mei), dat ik myn dochs al aardich wankele posysje noch mear ûnderwrote soe as ik oan dy gefoelens ek mar in spoen tajoech. Ek al is er no gjin ûnhandige puber fan sechstjin mear, mar in folwoeksen man mei it uterlik en postuer fan syn heit en de eagen fan syn mem. Dy mem fan sines yntrigearret my, nettsjinsteande mysels. Dy hat it har dus oansjoen mei dy Teade, alias Terry Koster. No ja, it wie ek wol har reputaasje, as jongfaam al: in mânljusgek. En soks koe maklik skeef rinne yn dat artyste-rûntsje fan Goai en Amsterdam. Ik haw leau 'k gjin hate tsjin dy frou - earne lûkt se my oan, om te witten te kommen hoe't sa'nien tsjin it libben en tsjin dy eks-man fan harres oansjocht. Myn idee om fan 't simmer mei Jip yn 'e Mini nei Súd-Frankryk te pezen, wie dêr fansels út te ferklearjen, mar tagelyk in dwaze opstiging. Hoewol... dwaze opstigings binne soms de bêste. En sa'n fakânsje as ôfrûne simmer hoech ik net wer. Oan myn lea gjin reissel-skippen mear. Miskien is it dochs net sa gek, dy opstiging. Faaks is it al wat foar de Peaskefakânsje, mar dat wurdt dan wol fleanen. Efkes bekomme. Just, wat besielet my, âlde gekkin, mei dy jonge jonge? No, dat is wol dúdlik: it pleatsferfangend-memkompleks. En dan sitte wy al ticht by Oidipous. Dan ûntbrekt der noch mar oan dat dy | |
[pagina 79]
| |
jonge syn eigen heit fermoardet, en dat mei er dan mei myn goedachtsjen en faaks yn myn opdracht dwaan. De oanrin ta in keningsdrama dus. Mar Jip is in fierste ferstânige en freedsume jonge om him troch my ta sokke bjusterbaarlikheden oerhelje te litten - op syn heechsten ta in symboalise moard. En ta in hichte docht er dat al troch syn heit sa'n bytsje systematys dea te swijen. Want goed besjoen hat er mei gjin wurd fan him rept, behalve in saaklike meidieling of wat. En dêr is it faaks net iens minder om. Want ik koe wer ris ien fan myn emosjonele befleaningen en oankomsten krije en it stik ferline dat ik mei sa'n soarch yn mysels opsletten haw, bleat lizze. De geast út 'e flesse fleane litte! De himel mei my dêr foar hoedzje. Yn myn eigen belang. Mar ek yn dat fan Jip - wat moat sa'n jonge mei sok in wittenskip oan? Dat syn heit ienris, lyts tweintich jier lyn, mei my dien hat, wat ik besocht haw, trije jier lyn, mei de soan te dwaan? Hy hat it, nim ik oan, no al slim genôch mei dy útflechtige heit en mei dy ôfwêzige mem, dy't har net om him bekroadet, as men ôfgiet op dy pear luzige, ûnlêsbere aansichtkaartsjes dy't se de muoite nommen hat om him ta te stjoeren. In mem fan niks dochs wol, soe 'k sizze. In frou dy't sa'n soan net wurdich is. Hoe yn 'e goedichheid komme sa'n ûntaarde mem en sa'n mislearre, oerhuorrige heit oan sa'n ferstânige, yn it sâlt fan it libben bebiten soan? Haw ik dêr, geheimsinnige kosmise wegen lâns, dan dochs ynfloed op hân? Ja, haw ik syn wiere mem net west, syn psychise mem? No moat ik mysels dochs wer efkes op it harspit nimme. Janneke har fantasij giet wer ris mei har op 'e rin. Moat nedich wat oan dien wurde. Mar ris nei de sauna? Mar de skûdelwaskerij stiet der noch, fan twa of trije dagen. En der binne noch diktees fan de earste klasse nei te sjen. Dyn plichten roppe. It domste wurk is faak it moaiste, alteast it befredigjendste. |
|