Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Binnerts sankje Masters Anke! - dat 's in fanke, Nuver kwikker, kreas en kein, Fluch en fleurich as in flinter, Rêd en derten as in twinter, Glêd en skjin as 'n wite ein. Yn 'e tsjerke en op 'e merke, Anke is rûnom goed te plak; Hjir sa stil wol as in mûske, Dêr sa boartlik as ús poeske, Altyd kreas en twang yn 't jak. En har eagen! - as de weagen Fan 'e mar, sa blau en klear; En har lûd dat is sa suver! As 'k it hear, ja, wol is 't nuver, Binnert is nin Binnert mear. [pagina 111] [p. 111] Komt hja sneintemoarns yn tsjerke, Mannich mem dy sjocht har nei; En hja hopet, dat har fanke Krekt sa kreas as masters Anke En sa sedich wurde mei. Mannich grize is fan 'e wize, As er har foarbygean sjocht; Mocht syn soan dat famke frije, Of sa'n nommel wyfke krije, O, wat joech him dat in nocht! Mar benammen d' earme wyfkes Sjen har bjuster freonlik oan; ‘Moai fan bûten - moai fan binnen, Glimkes haste, mar ek triennen!’ D' earme wyfkes witte 't skoan! Foar myn bank is 't plak fan Anke, En hja glimket m' efkes ta; 'k Soe dat glimke n't misse wolle, 'k Wurd der read fan om 'e holle, En it hert dat slacht my sa. Domeny kin wakker preekje; 'k Hear der net sa folle fan. 'k Leau dat Anke's yngol wêzen Jout my moaier preek te lêzen As ús doomny meitsje kin. 'k Hear har sjongen; ingletongen Koene dat net súvrer dwaan. - As in faam, sa blank fan eare, Lof ophellet foar de Heare, Moat Him dat nin wille jaan? Sneintejûns kom ik te harres; Master woe 't earst lang net ha! 't Is in hiel gelearden prater, En ik meitsje mannich flater, As wy 't oer de boeken ha. [pagina 112] [p. 112] Wakker roke, ysbaarlik smoke En dampe kin er út in strie; En dan kin de reek sa krolle Om syn âlde grize holle, Oft 't in wolk fan wysheid wie. En wat nytlich en wat styklich Is er sommes ek jin my; Mar syn Anke is al syn libben, Oars dan hat er ek gjin sibben, Want syn wiif is lang al wei. As mei 'n plaster sit faak master Oan syn grutte briedstoel fêst, As er 't het oer d' âlde tiden, Doe't wy hjir de Frânskes hieden; Prate, man! krekt as er 't lêst! Einlings binne wy allinne; En wy lústrje en gobje sa! Nolker jûnen, silger stûnen, As twa herten wille fûnen, Kin gjin ien op ierde ha. 'n Bliere sinne is wiere minne! Waarmte en ljocht struit s' ús yn 't hert; Wylde stoarmen meie beare, Alles kin dy man ferneare, Dy't in wiif as Anke het! Do myn Anke, mûtel fanke, Bist my 't bêste fan 'e wrâld. 't Herte leit my op 'e tonge, Mar ik kin net sizze of sjonge, Faam, hoe'n bulte as 'k fan dy hâld! Vorige Volgende