Warskôging!
Dit boek is gjin allegory, it is in detektiveferhaal. Dochs, of krekt dêrom, is neat yn dit boek tafallich.
Alle war is dien om eltse oerienkomst mei besteande froulju, manlju, doarpen, stêden, kroegen, sikehûzen, dranken, opiaten, beroppen, auto's, boeken, folksbibleteken, kranten en ferhalen foar te kommen.
As der dus bygelyks it plak Twellegea neamd wurdt, dan kin dat elk doarp wêze, útsein Twellegea; as de namme Jansen opdûkt is it perfoarst Jansen net en wannear't it blêd Playboy op it aljemint komt, dan is earder it Frysk Deiblêd bedoeld as it treflik redigearre Amerikaanske periodyk.
Mocht immen fiele dat de skriuwer har of him nettsjin-steande alle foarsoargen dochs op it sear kommen is troch in fermiende gelikenis, dan mei dat in ûngelok neamd wurde. Seare plakken kinne de skriuwer toand wurde en hy is ree, sa fier't dat yn syn fermogen leit, dêr salve oan te striken.
Op dit plak (om't der gjin oar is) graach in wurd fan oprjochte tank oan al dy autobesitters, polysje-autoriteiten, biljerters, toksikologen, notarissen, kynologen, medisy, barkeepers, sjoernalisten en toudraaiers dy't elk op har mêd, fan technysk advys tsjinne hawwe.
De Skriuwer