2
It gemeentehûs, teffens kantongerjocht, stiet oan de eastkant fan Abbingawâld. Under is de siktarije en hâldt de boargemaster ta, boppe binne de ried- en de rjochtseal, dy't lykwols ek foar oare doelen brûkt wurde. De riedseal is tagelyk trouseal en yn de rjochtseal plichtsje boargemaster en wethâlders gear te kommen. It soe ek sûnde wêze, dat sa'n seal mar ien- of twaris yn 'e wike brûkt waard.
De boargemaster hjit Suringa; hy hat Yndysk ofsier west en by syn traktemint hat er ek noch in aardich pinsjoentsje. Hy hat in lûde kommandearstimme en net te folle ferstân. Fan in rou grapke is er net fij. Doe't âlde Jaap Lolkema fan 'e siktarije, dy't mei in pear jier úttsjinne hat, ris mei fakânsje gyng en sei: ‘No, dei dan, boargemaster, en oant oer fjirtjin dagen, boargemaster,’ joech boargemaster Suringa it folgjende beskie: ‘Hâldt God foar eagen, Lolkema, en de broek ticht.’
Ja, ja, in nuver man, dy boargemaster Suringa. Al te folle wit er net fan de dingen en yn de rie is er der faak ôf, mar hy slacht der him altiten trochhinne meidat er brutaal is en in goede siktaris hat. Siktaris Jelles is in hiel oar man as hy: sêft en beskieden, mar in knaap yn it wurk en einliken de man, op wa't alles sa'n bytsje driuwt.
De gemeente is net sa grut. Op 'e siktarije sitte, bûten âlde Lolkema, noch twa amtners; ien derfan is der ûntfanger by. Dat is Steggerda, dy't se krûme Loadewyk neame, om't er wat oan in skonk lûkt.