Minskrotten-Rotminsken
(2008)–Trinus Riemersma–
[pagina 4]
| |||||||||
foar Jo Smit om't ik it Jo allinne ta-eigenje doar en om't it Jo allinne takomt | |||||||||
[pagina 5]
| |||||||||
[Minskrotten - Rotminsken]Ynienen dûkt yn it donkere wetter fan 'e grêft temidden fan konsintryske weagen in ûnbekend foarwerp op. It hat in ovale foarm, it is griiseftich en glêd. In tel glinstert it yn it ljocht fan 'e strjitlantearn, dan is it wei. Der ûntsteane v-foarmige weagen wêrfan't de top him ferpleatst nei de mûning fan in grutte riolearringsbuis dy't noch krekt boppe it oerflak fan it wetter sichtber is. De grêft leit wer like stil as foartyd. De ljochtreklames skuorre om bar it tsjuster iepen: lês krosmos, keapje by aristo, drink arsenda, fret arsenikum. Op 'e wâl oan 'e oare kant de grêft is it deastil. It stiet der fol mei auto's, bulten hout, fetten, kratten, balen mei seildoek dutsen. Yn in heap ôffal stiet in kat roppich te fretten. Ynienen klinkt der in feninige tik en dan in kreakjend gelûd. De kat dûkt yninoar en krûpt efterút. It hier stiet him rjochtoerein. Hy loert fansiden en springt op in steapel planken. Fuortendaliks rjochtsje de eangstige eagen har op 'e nij as koplampen op it deksel fan 'e riolearringsput dat stadich omheech giet. In fize walm rikket út it gat wei. Efter de frachtauto's wurdt in doar iepensmiten en in stik muzyk kreaket oer de grêft. It lid fan 'e put klapt ticht, de kat nagelt út. In man en in frou strompelje ta de doar út dy't fuort efter har sletten wurdt. Se hat him ien earm om 'e hals slein en besiket mei de frije hân om de skuorde jurk wer oer har boarsten te lûken. De man sleept har mei nei in lytse, swarte auto. Hy besiket it portier fan 't slot te krijen, mar dat slagget him net. Hy lit de frou los en triuwt har de kaai yn hannen. ‘'k Moat even fuort,’ himet er, ‘'k kom sa wer.’ Hy ferdwynt efter de auto's. De frou hinget sêft nokkerjend tsjin it portier oan. Se lit de flarden fan har jurk los. ‘Ik wol net by dy sliepe. Ik laitsje my dea,’ mompelt se. Se strykt oer har boarsten en skuort de b.h. los. Se saait him tusken de tsjillen fan in truck. Dan glidet se oer de side en bliuwt heal hingjen op de motorkap. | |||||||||
[pagina 6]
| |||||||||
Ja! bêste minsken. Hjir Hanenburg mei in rjochtstreekse en net te stuitsjen reportaazje op de Brol te Ljouwert. Wy steane hjir mei de radiowein al fan twa oere fan 'e middei ôf om foar jo de jierlikse koartebaanswimwedstriid te ferslaan. Oan 'e ein fan 'e Foarstreek by it gebou fan 'e l.c. wurdt op dit stuit alles ynoarder makke foar de start fan 'e superkraks yn 'e kwartfinale, dêr't ik sa'n wurd om sis. Wy hawwe kâns sjoen ús hân te lizzen op ien fan 'e meastbelovende jonge Fryske swimmers, de hear Feitse Hogendyk út Teroele, dy't der spitigernôch al by de earste rid ôfswommen waard troch de titelhâlder fan ferline jier. Dat trof wol beroerd Feitse, datsto fuortendaliks al tsjin Haringvliet útkomme moast. Bisto fan doel te protestearjen tsjin dizze wize fan lotsjen? ‘Blû-blûl-chrrrng!’ Jim hearre it, dames en hearen, Feitse nimt it sportyf op. Hasto bot traind foar dizze grutte gigantyske krêftmjitting? ‘Blub-blub-blub-blub!’ Just, jawis, do moatst jim heit helpe mei de komelkerij, mar do oefenst dus thús op 'e heasouder. En wat seisto fan 'e organisaasje fan dizze unike Ljouwerter manifestaasje? ‘Blû-aa-blû.’ Just, nee om 'e deale, it rint sa glêd net as foarige jierren, dat binne wy folslein mei dy iens. En in lêste fraach Feitse: Der wurdt alle jierren troch de dielnimmers klage dat der temin wetter yn 'e grêft stiet. Wat is dyn miening hjiroer? ‘Braû-a-û!’ Wolst dat noch even herhelje foar de harkers? Ik bin bang dat it net dúdlik oerkaam. ‘Blû-ha. Ik ha de bek fol blabber bliksem!’ En hjirmei, dames en hearen, binne wy oan 'e ein kommen fan ús earste rjochstreekse reportaazje fan 'e swimwedstriid te Ljouwert. Wy hoopje mei trije kertier wer yn 'e eter te wêzen | |||||||||
[pagina 7]
| |||||||||
om jimme inkele yndrukken te jaan fan 'e folterjende einstriid om de fûlbegearde gouden medalje. Foar lichte grammofoanmuzyk oer nei Loaiïngea. Dit wie Hanenburg yn Ljouwert.
Tankjewol Hanenburg! Ynpleats fan lichte platen fan it paterkoar út Peazens of oare sjongende suskes, freegje ik, achte harkers, jim omtinken foar in kausery fan mysels oer it ferskynsel roman. Even literêr-kertierke boartsje. Dames en heren luisteraars, hier is de rono met het dinsdagavondprogramma. In de rubriek Literair kwartier onder redactie van - nee blikslager, wy neame gjin nammen, wy litte Lolle derbûten - vervolgen wij onze serie schrijvers aan het woord. Vanavond kunt u luisteren naar de heer Tr. Riemersma die zal spreken over zijn tot dusver verschenen romans. Achte harkers, ja 't sil my swier sitte, ik praat Frysk. Der is dochs gjinien Grinslanner of Drint dy't sit te harkjen as it oer de Fryske literatuer giet. En boppedat sis ik altyd mar dat dy't himsels weismyt fan gjinien wer opkrigen wurdt. Dames en hearen. Wat my oanbelanget: de romankeunst is dearûn. Nee, ik sil it heechstpersoanlik hâlde, ik praat allinne oer mysels en oer myn eigen romans. Yn it foarste plak om't ik in egosintrysk minske bin, fansels! Mar benammen dochs om't it dwaasheid is te ferûnderstellen dat àlle skriuwers mei sokke depresjes tangele sitte as ik op dit stuit. Myn romans en ik, dus. It skriuwen fan myn beide romans, Fabryk en By de hannen om 't ôf, hat my net folle wille brocht. Ik smyt dy boeken net fier fan my ôf, dat 's ûnsin. Je treffe auteurs dy't fan al har ferskynd wurk sizze dat it net folle om 'e hakken hat, mar ik hâld dat foar in foarm fan snobisme. In wurk dêr't je safolle oeren oan nifele hawwe en, jawis! wat fan je hert ynlein ha, dat bliuwt je dierber. Fabryk en By de hannen om 't ôf binne | |||||||||
[pagina 8]
| |||||||||
my dierber en dat sille se bliuwe oant yn langte fan dagen. Mar it skriuwen derfan hat in bloedigen put sûnder arbeidsfreugde west. Allinne it lêste haadstik fan Fabryk en it earste en lêste haadstik fan By de hannen om 't ôf haw ik mei nocht skreaun. Doe woe it, doe hie ik ynspiraasje. De rest is it resultaat fan muoisum tinken, muoisum formulearjen, skriuwen en skrassen. Fabryk haw ik skreaun as fabryksarbeider, mei de klok derby. Ik haw my twongen ta in tempo fan twa skriftbledsiden, likernôch 350 wurden, de oere, in tempo dat ik hast oan 'e ein ta folholden haw. Wol moast ik soms de lêste fiif minuten razend hurd om de bledside fol te krijen. Ik wit net oft it jim opfallen is. By de hannen om 't ôf is likernôch sa ûntstien. Ik hie it pland op in 70.000 wurden. Yn it tempo fan Fabryk dus in 200 oeren, 5 oeren de wike is fjirtich wiken, korreksje en oertikjen ynbegrepen. Doe't ik op healwei wie hie ik der gjin nocht mear oan. En de fraach riisde: wêrom mêdzje ik my ôf en ûntsis myn siel it goede? Yn alle gefallen wol ik sà net wer skriuwe, ik wol it net mear opnimme as in plicht dêr't ik my net foarwei wine kin. Ik wol tenei sà skriuwe dat ik der sels nocht oan ha. Ik wit no wol wêrom't it skriuwen my net foldien hat: ik haw my yn dizze beide boeken net útlibje kinnen. Ik bedoel dit: in roman ûntstiet net yn ien ûndielber momint, mar groeit by de dei en by de wike en by de moanne, alle kearen wurde der wer eintsjes oanbreide. Mar wylst de skriuwer yn dy moannen yn alle mooglike utersten ferkeart wat wrâldskôging, persoanlike omstannichheden en humeur oanbelanget moat er syn haadpersoan hâlde yn it skema dat fan it earste haadstik ôf al stranger wurdt. In foarbyld. Ik kom op in sneintemoarn om tsien oere fan 't bêd ôf. De sinne skynt, de einen kwêkje yn 'e blikke, de bern boartsje yn 'e sânbak, myn frou sit yn 'e bikiny op 'e stoepe, en ik, op dizze godlike dei, ik pak it manuskript fan Fabryk en lês de lêste rigels: Ik striek | |||||||||
[pagina 9]
| |||||||||
it skrift glêd en lei it wer teplak. It wie in kwestje fan al dan net it rjocht ta eat hawwen. Ik hie it net, ik wie berne sûnder rjocht op wat. Just, safier bin ik kommen. No fierder. ‘Ha! bist der ek al ôf,’ ropt myn frou, ‘kom mar gau bûtendoar. Dyn swimbroek leit yn 'e kast.’ Ik skodholje. Fuort sinneskyn, fuort berntsjes yn 'e sânbak, fuort eintsjes kwek-kwek, fuort wyfke yn 'e bikiny, fuort bêst sin. Ik moat my identifisearje mei dy sak fan in fabryksarbeider, ik wie berne sûnder rjocht op wat, krekt, no fierder. No hawar, men sneupt ris yn 'e provysjekast fan jins harsens om in restje fertelstof, in pûdsje kompleksen, men makket der in draachlik besleek fan mei in mespuntsje seks en religy foar de smaak en men bakt wer in nij haadstik. En dan mar hoopje dat it zelfrijzend is, want ynspiraasje ha 'k foar gjin reade sint. En hja sei: De Filistinen oer dy, Simson! En hy waard wekker út 'e sliep, en sei: Ek diskear sil ik my losskuorre en útgean lyk as oare kearen; want hy wist net dat de Heare fan him wykt wie. En dan ynienen op in middei, men draait it papier yn 'e masine en men tinkt hee ferrek myn kompleksen wurkje net mear. Hee, ik tink: Wilma Berg, wat âldhuorket dat bern. Haw ik dat skreaun? En moat ik?... Ferrek, ik moat ek sa tocht ha, dat wie, ja wannear, fiif, seis, sân jier lyn. Ik moat hjir en dêr noch oantinkens oan dat tiidrek ha. Blinder dy roman moat ôf. Jawis, mar wat ik allegear noch yn 'e kop hie dat is samar fuort, en wat ik al op papier haw dat is net in grut soad. Mar dochs te goed om wei. Wel gjin geseur, as de útjouwer der in hiele lytse bledspegel fan makket, kom ik noch op hûndert siden. It lêste haadstik hie ik myn tinzen alris oer gean litten, dat rûgelt der samar út. En no de saak wat trochinoar hutselje, dan wer in petearke en dan wer in flash-back. Dat tinske past dêr net sa goed, derút knippe en hjir of dêr ynfoegje, kwyt kin 'k it net, 't hat dochs wol funksje yn 't | |||||||||
[pagina 10]
| |||||||||
gehiel en 'k moat ek om myn 100 siden tinke. Allegear knipen plakwurk, nep en montaazje. Mar wa't it net wit, sil noait op 'e gedachte komme dat it mar in heale roman is.
Dit moat eilaas de ein wêze fan myn praatsje, achte harkers, de tiid is fol. Wy skeakelje oer nei Hanenburg. Noch ien ding: It frjemde bist dêr't jo op 'e earste side fan lêzen ha, spilet hielendal gjin rol yn dizze roman. Dat stikje is gewoan bedoeld as lokkebrea. As ik fuortendaliks sels it wurd nommen hie, hie gjin mins de moed hân om oan dizze roman te begjinnen. Wa't no it boek yn hannen krijt yn 'e boekhannel en it earste blêd lêst, dy tinkt: o blinder, dit moat 'k ha, grizelige meunsters en bleate boarsten, spekje foar myn bekje. Elkenien fielt him mei dizze roman bekocht fansels, mar wa't him ienkear yn 'e hûs hat, dy lêst him wol. Men hat de sinten der op 't lêst foar delteld. Hanenburg sil wol in belangrike rol spylje. 'k Wie ynearsten fan doel om him as journalist by in nij op te rochtsjen deiblêd te pleatsen. 'k Tocht 'k lit him it binnenlânsk nijs fersoargje en 'k skriuw sels de haadartikels en it stjirke, mar ûndertusken is Hanenburg al by de radio bedarre. No hindert neat, mar de rono hat my temin Fryske stjoertiid. 'k Leau 'k pik it Grinslanner programma ek mar yn, dan ha 'k wat mear earmslach. Achte harkers, wy spreke met elkoar of: tot ankum week dunderdag. Over noar Hoanenburg.
Goejûn, achte harkers. Hjir is Haaie Hanenburg yn Ljouwert. Ik mei sûnder oerdriuwing sizze, achte harkers, dat noch nea earder yn 'e skiednis fan 'e radio in reporter foar in sa ûnmooglike taak stien hat. Ik bin net bysteat, dames en hearen, jimme op in tsiende of ek mar op in hûndertste in foarstelling te jaan fan wat der hjir yn Ljouwert geande is. Wurden sjitte tekoart. It is grandioos, it is machtich! De hele | |||||||||
[pagina 11]
| |||||||||
wrâld is gearstreamd op 'e Foarstreek en de Kel
Hanenburg, Ljouwert. Foarsafier't jim noch oan it tastel sitte, goejûn, achte harkers. It is hjir yn Ljouwert in ûntsettende tastân. Wy sitte mei in stik of seis sjoernalisten en inkele fertsjintwurdigers fan oerheid en polysje yn hotel De deade ingel. Ik moat jim lykwols earst myn ekskuzes meitsje foar myn weifallen út 'e eter fan 'e jûn. Ik wie krekt fan doel jimme in oersjoch te jaan fan 'e stân en perspektiven fan 'e swimwedstriid, doe't in stel noazems op siik nei in gaadlike tribune op 'e radiowein klom en de hiele saak rampoai makke. De swimwedstriid, achte harkers, hat in aldertragyskst ein nommen: ien fan 'e dielnimmers is ferdronken. En it frjemde, it ûnmooglike dêr't myn kollega's op dit stuit noch oer sitte te praten, is dat it lyk net te finen is. Wylst oan wjerskanten fan 'e grêft in hage fan minsken stiet dy't gjin each fan 'e beide sportlju ôf hawwe, ferdwynt ien fan harren yn it neat. Hûnderten kinne it plak oanwize dêr't it barde. ‘Menear,’ sei in jongkeardel tsjin my, ‘wy seagen ynienen dat Jentsje de hannen net mear útsloech. De holle glied ûnder wetter en doe de skouders en it lêste dat wy seagen wie syn swimbroekje. As waard er nei de boaiem sûgd!’ It liket it ûnmooglik, mar sa moat it him tadroegen ha. Alle omstanders fertelle mei lytse fariaasjes itselde. Ien, twa tellen hat it publyk mei iepen mûle stien te sjen en doe gyngen der kreten op: De Jager, De Jager! Ik hearde it roppen op 'e Brol dêr't ik by de restanten fan myn wein stie. In pear manlju sprongen yn it wetter op it plak dêr't se him ferdwinen sjoen hiene. Ek inkele wedstriidswimmers doeken op 'e nij it wetter yn. Se fielden mei hannen en fuotten, lieten har troch de omstanders jitris it plak wizen. Mar it wie om 'e nocht. De Jager waard net fûn. | |||||||||
[pagina 12]
| |||||||||
De polysje hat fuortendaliks de organisatoaren opdracht jûn om de wedstriid stop te setten en it publyk fersocht de grêft te ferlitten om it rêddingswurk net te behinderjen. Trije ploegen fan 'e bb hawwe de grêft oer in langte fan tweintich meter drêge, sûnder resultaat. Op dit stuit binne se noch dwaande om de hiele grêft ôf te taasten oan 'e Brol ta. Nimmen leaut dat it resultaat opsmite sil, want it is ûnmooglik dat it lichem fan 'e ferdronkene safier fuortdreaun is. Der sit gjin streaming yn it wetter. Ek de polysje dy't opdracht joech ta drêgjen hat gjin hoop mear dat de swimmer fûn wurde sil, mar hja wol wissichheid. Under myn kollega's geane alle mooglike ferûnderstellingen om. De miening is utere dat De Jager ûnder wetter trochswommen wêze soe om ûngemurken út it wetter te ferdwinen. Wêrom? Ja freegje it himsels. Mar dan soene wy him sjoen hawwe, de hiele grêft wie omheind mei minsken. En as er it mei sin dien hat, dan hat it je reinste selsmoard west. Mar wy witte ommers allegear dat it kramp west hat. Ja, dat seisto, mar ast kramp krigest dan sakkest as in stien nei de boaiem, en hy leit ommers net op 'e boaiem. Kin er net yn in rioel krûpt wêze? frege de âlde ferslachjouwer De Boer. Ja, wat wolle jim! Hy is net út 'e grêft kommen en hy leit der ek net mear yn. Harkje, ik ken De Jager frij goed mei ik sizze en ik wit dat it in potsemakker is. Sjoch, dit haw ik tocht: De Jager is in rioel yndûkt, is der op in oare grêft wer út krûpt en sit no op syn hotelkeamer te gnizen om de drokte dy't wy hjir meiinoar úthelje. It is mar in teory, ik jou him foar better. De man fan 'e bb skodholle: Hoe soe De Jager it paad witte yn dy rioelen? En wat tinke jo? Dy buizen sitte fol ferrottingsgassen, binnen in pear tellen is men bedwelme. Wat tinke jò dan? Hy kin dochs net yn it neat ferdwûn wêze? Onee? sei Brouwer fan 'e Neue Amelander Zeitung, onee? De hiele stêd hàt ommers sjoen dat er yn it neat ferdwûn is! | |||||||||
[pagina 13]
| |||||||||
En dat, achte harkers, is it iennige dat op dit stuit fan dit drama te sizzen falt. Ik winskje jim fierder in noflike jûn. Dit wie Hanenburg yn Ljouwert.
Ik soe dochs graach wer in roman skriuwe wolle. Deagewoan om 't plezier fan my te uterjen, wurden en sinnen ûntstean te sjen, hee wat glidet dy pinne lekker oer 't papier. Mar men moat wat te sizzen ha fansels, ja dochs of net? Ja wat sil men noch foar wichtichs sizze sûnt Job en de Prediker? Gean der mar oan stean! Alles is al foar my beskreaun en tsienris better as ik it kinne soe. Wêr sil ik noch fan skriuwe minsken? En boppedat hawwe de filosofen en de psychologen de auteur grutte parten fan syn domein ûntfytmanne. En de lêste desennia is alles ek nochris yn systeem set, rubrisearre, alfabetisearre en katalogisearre. Oer alle feiten en fiten is in psychologyske ferhanling skreaun, oer neilbiten, loftshandichheid, swangerskipspsychose, massasuggestje, flierkleden, twatalichheid oant en mei De psychologie van de bruidsjapon troch Prof. Dr. J. Waterink yn Moeder. Wat sil ik noch tafoegje oan 'e kennis fan 'e minsk? Alles is bekend en foarsafier't it net bekend is wurdt it moarn ûntdutsen. Hele legers psychologen-doctorandus steane ree om de minsk de lêste geheimen út syn bonkerak te sûgen. Oft it sin hat? Ja wit ik it, mar men moat dochs promovearje? En likegoed, de wittenskip moat fierder, men kin op in stuit net sizze: kom jonges, wy witte genôch, it kin sa wol ta. Mar miskien komt it nochris safier. Wy sitte op 't lêst noch mar goed en wol oer de helte fan 'e ieu hinne, as dizze tweintichste tsjin 'e ein rint, faaks dat wy it dan meiinoar op in sêft sin sette. Lekker fin de siècle boartsje, 'k ha der earlik sein wol sin oan. Allegear dekadinsje wat de klok slacht. De pornografen skriuwe har ryk, foarsafier't der dan noch lêzen wurdt teminsten. Op 'e húshâldskoallen wurdt stripteasen in fer- | |||||||||
[pagina 14]
| |||||||||
plicht fak. Gjin man is mear feilich op 'e strjitte. Hele legioenen steane op it Binnenhôf te razen fan brea en boartsje!Ga naar voetnoot1 En ik mar gnize. Teminsten as ik de evolúsje fan 'e seden byhâlde kin. Ja, wa wit, ik bin noch foaroarlochsk en fan 'e drege klaai, wa wit stean ik dàn mei de finger omheech en skriuw ynstjoerde stikken yn 'e Ljouwerter. En dan âldjiersjûn 1999, dât wurdt feest! De heale wrâld sit op 'e Mont Blanc de ein fan 'e wrâld ôf te wachtsjen en de oare helt sûpt him fol jenever. Ik wit noch net wat 'k doch, 'k bin dan ienensechstich en dan nochris in nije ieu yn, nee, 'k bin bang dat 'k it sêd bin. No it jier twatûzen dat kin wy nochris oansjen, mar dan twatûzen ien, 2001, minsken dat is gjin gesicht. Ik leau ik freegje myn pinsioen op en sjou it hûs fol gillende keukenmeiden. Ien ûntychelike stront fjoer en dan neat mear soe 'k sizze, mar dat sis ik dan fansels net mear. Haw ik teminsten partikulier en eksklusyf de ein fan 'e wrâld mei in bêsten knal en in heap fjoerwurk, krekt echt. Op 'e Mont Blanc wurdt it dochs neat.
Hanenburg, Ljouwert. De riedseleftige dea fan 'e swimmer Jentsje de Jager dêr't wy yn ús útstjoering fan justerjûn noch in koart tillefoanysk ferslach fan jaan koene, hat yntusken ús goede stêd Ljouwert op ien ein brocht. It bjusterbaarlik ûngemak fan ien fan ús foaroansteande sportlju dûkt yn elk petear op. Dêr't twa minsken inoar moete is it earste sizzen: hast it al heard? en witsto der mear fan? De gânske moarntyd al steane hele fjilden minsken foar de gevels fan 'e deiblêdprinterijen om it farske nijs te lêzen, en dan lôgje heftige diskusjes op oer de ûnmooglikste mooglikheid. Net allinne by it stasjon mar op alle hoeken fan 'e strjitten steane krantejonges en noch kinne se de fraach fan it publyk amper neikomme. | |||||||||
[pagina 15]
| |||||||||
Wy hawwe ús safolle as dwaanlik wie foarsjoen fan 'e hjir ferskinende blêden om oan 'e weet te kommen oft der ûntdekkingen dien binne dy't in nij ljocht smite kinne op 'e dea fan De Jager. Lykas wy ferwachte hiene is dat net it gefal. De measte artikels hawwe koppen as bollen mar binne wat ynformaasje oanbelanget tige meager útfallen. Oer de mooglike oarsaak fan De Jagers dea en it ferdwinen fan it lyk wurdt amper ien folsin skreaun. Ien blêd rint der yn dit stik fan saken út, it wykblêd Frysk en Frustrearre. Dit bewegingsbledsje wijt 80% fan syn fjouwer en in heale side oan 'e dea fan De Jager, wêrûnder in ynterview mei de âlden fan De Jager en, folle nijsgjirriger, in bjusterbaarlike, yn ús eagen waansinnige teory oer it ferdwinen fan de sportman. Nei't de lêzer nammentlik ferdútst wurden is dat De Jager in foaroansteand plak yn 'e Fryske Beweging ynnaam, wurdt sûnder mear oannommen dat De Jager ûntfierd is troch in ploech anty-Friezen, Grinslanners wierskynlik, dy't him syn triomfen misgunden en dy't bang wiene dat hy op 'e ynterlânwedstriden te Cannes de Grinslânske favoryt Joanes Oardenhoes út Ter Oapel ferslaan soe. In moard yn 'e sportwrâld! Te gek om los te rinnen, sizze jo, achte harker, mar it stiet der! Meie wy jo it lêste part fan it bewuste artikel foarlêze: Binne wy net fan âlde tiden ôf fertrape troch ús benearders en delstaat yn 'e sompen fan slavedom, fan fertutearzing en fan frijheidsleazens? It near leit op ús lân en ús folk. Ieu út ieu yn binne wy slein en gnjidde, hawwe wy ús rêgen bûge moatten ûnder de swipe en de lears fan har dy't ús yn it ûnleech dreauwen en oer ús hinne wâden, de Hollanners en de Saksen, de Faksisten en de Bolsjewisten. Wat witte dizze goaën net te ferheljen fan striid en geweld, fan need en ellinde, fan ferkrêfting fan rjocht en froulju! Binne ús puollen en petten net read fan it Friezene bloed! Binne ús lânsdouwen net | |||||||||
[pagina 16]
| |||||||||
bedonge mei de lichems fan Fryske Helten! Stige ús morren net op nei de himel as symboalen fan it ivich gebet: O God, o God, ferj it ús Fryslân net! O, swij mar! Wy witte fan 'e miening fan 'e jongerein dy't losweakke is fan 'e âlde tradysjes. Wy kènne it ferfeelsume liet fan 'e saneamde realisten dy't oars neat witte te sjongen as: dat hat west, dat is skiednis. Mar wy sizze: jawisse, dat is skiednis, mar wy sizze ek: dat is no noch de wurklikheid. Is it dan safier kommen dat wy de realisten de realiteit ûnder eagen bringe moatte? Moatte wy noch ophelje fan 1813 ôf, hoe't ús folk stelselmjittich ferdrukt en lytsholden is, hoe't him syn rjochten ûntfytmanne binne, hoe't him syn universiteit en syn admiraliteit ûmstellen binne, hoe't... mar wy swije dêrfan. Yn ús ieu gjin omkromte, gjin ferdrukking, gjin diskriminaasje? Wy sizze: yn ús ieu nettemin! Wol hat de swipe plakmakke foar de pinne, wol hat it radio de lears út it stee krongen, wol binne de metoaden feroare, mar is it doel net itselde bleaun, en giet it net likehurd op dat doel oan, ja hast sa hurd noch wol, op 'e algehiele ûntwoarteling fan 'e Friezen, op it útroegjen en ferdjerren fan alles wat Frysk is, op 'e folsleine nivelearring? Wy hoege mar te tinken oan 'e meunsters fan dizze ieu, de massafikaasje en de kommunikaasje, om te witten dàt it sa is. Hjoed hat op 'e nij de anty-Fryske beweging taslein. Want jitris, moatte wy noch freegje wa oars ferantwurdlik is foar it ferdwinen fan de jonge Fryskbeweger Jentsje de Jager? Stiet net altyd de anty-Fryske beweging, dy demon sûnt tweintich ieuwen, op 'e wiuw om Fryslâns kroan en eare wei te nimmen? Is it de Friezen net by de ieuwen lâns behindere om ta it ûntploaien en it setten fan krêft te kommen? Waard Mata Hari dochter fan Fryslân, net wreed fermoarde, en waard Piter Stuyvesant, soan fan Fryslân, net in poat ôfsketten? Wy hawwe yn 'e nijsblêden lêze kinnen fan it riedseleftich | |||||||||
[pagina 17]
| |||||||||
ûngemak en fan it ûnbegryplike ferdwinen fan Jentsje de Jager. En oer it radio is jitris besocht ús op 'e doele te bringen. O, as it moed ús net fol wie en as it hert net roude om it ferlies fan dizze Bodder yn 'e Fryske Striid, dan soene wy glimkje om de iver wêrmei't besocht wurdt ús in rêd foar eagen te draaien. Riedseleftich? Unbegryplik? Wy witte! Dit wie Hanenburg yn Ljouwert.
Goejûn, achte harkers, golle, rûne Friezen. It is my in behoefte inkele mominten mei jimme stil te stean by ien fan ús moderne kommunikaasjemiddels, te witten: de radio. Achte harkers, Sa't jimme witte stjoere Hanenburg en ik út yn 'e tiid fan it Frysk programma fan 'e rono fia de fm-stjoerder te Jirnsum. Oan dy gearwurking mei de rono sil lykwols in ein komme. De reden dêrfan is yn 't foarste plak dat ik my hâlde moat oan 'e offisjele stjoertiden fan it Frysk programma. Fansels hie ik it Grinzer programma de lêste tiid ek ta myn beskikking, mar dan ha ik noch temin earmslach. Ik haw even mei it plan omrûn om àlle stjoertiid fan 'e rono yn te pikken, mar dat liket my by neier ynsjen net ferantwurde. Stel jo foar dat de harkers yn ferwachting fan in ferhaaltsje oer blomkes en bijkes op in woansdeitejûn de radio oansette en ik kom derfoar. Dat 's gjin gesicht, sis no sels. Dêrby oanheakjend, yn 't twadde plak, sjoch ik oankommen dat it op 'en doer donderjen wurdt by de rono. Wêrom, dat wit ik net, mar al dy bazen boppe my, dat wurket op myn seenuwen. Ik haw der lang oer prakkesearre hoe't ik op in oare wize myn programma's de loft yn krije kin en nei in soad hifkjen en wifkjen is it beslút fallen: ik sil in Geheime Stjoerder oprjochtsje. Wier, 'k haw der sels ek in nacht om wekker lein, sa'n geheime stjoerder is sa assoasiaal no? Al dy earme skippers yn gefaar bringe en 't mei ek net fan 'e polysje. Mar werklik, | |||||||||
[pagina 18]
| |||||||||
bêste minsken, de skriuwer fan tsjintwurdich wurdt deagewoan twongen om asoasiaal en anty-boargerlik te wêzen. Ik bin derfan oertsjûge dat gjinien dat leaut, mar dat bewiist krekt dat ik gelyk ha. Ik wol it nammers ek wol stelle sa't guon fan jim it graach wolle, dêr bin 'k ek wer gjin hûn yn: ik skyt op alle seden en wetten. Ik fersykje jimme, achte harkers, oer te skeakeljen nei de middengolf. Ik sit hielendal lofts, flak efter Veronica.
Hjir Hanenburg, sûnder pardon, fia de Geheime Stjoerder Nulli Cedo. It gefal Jentsje de Jager is yntusken al fan 'e frontpagina's ferdwûn. Yn 'e diverse deiblêden is in gelykklinkend berjochtsje opnommen dat de recherche de saak yn ûndersyk hat en dat al inkele fertochte persoanen ynrekkene binne. Fan in kollega ha wy heard dat de polysje gjin wiidweidiger ynljochtingen winske te jaan. Sels ha wy it net oandoarst op it polysjebureau oan te klopjen mei't wy ferbûn binne oan in klandestine stjoerder. Men moat it needlot net útdaagje. Foar de sjoernalisten is it gefal De Jager útiten. It wurd is no oan 'e haadredakteuren en ynstjoerde stikken-skriuwers. Ien fan dizze haadredaksionele meditaasjes wolle wy jimme net ûnthâlde, mei't it in hiel nijsgjirrige fyzje op De Jagers dea jout. It artikel is ferskynd yn it deiblêd Het Christelijk Bolwerk en hat as titel: Den sportverdwazing den kop afgebeten. Reeds langen tijd hebben wij het onzen plicht geacht onzen lezers te wijzen op het gruwelijk gevaar der sportverdwazing. Reeds meer dan enen halven eeuw geleden hebben wij den verderfelijken invloed van dezen kampstrijd om wereldschen roem en eer onderkend en sindsdien bestreden. Tegenover den ontwikkeling des vlezes stelden wij den ontwikkeling des geestes, tegenover den oefening van armen en benen den oefening van hart en geweten, tegenover het gymnastieklokaal het Bedehuis, eindelijk, tegenover den Baäl der sport den | |||||||||
[pagina 19]
| |||||||||
God des Verbonds. Wij hebben ons met hand en tand verzet tegen den opmars van zwembaden en voetbalvelden, maar, het heeft niet mogen baten. Hebben ook wij niet spot en verguizing moeten verduren? Hebben ook wij niet ogenblikken in ons leven gekend waarin wij meenden dat ons Christelijk Getuigenis was gelijk den stem eens roependen in den woestijn? Hadden wij niet geweten dat wij stonden op den handpalm van den Almachtigen God en dat onzen strijd was enen Heiligen Kruistocht tegen den aanranding Zijner eer, wij hadden den moedveren reeds lang laten hangen. Hoe hebben wij niet gezien dat den opmars der sport niet te stuiten was, maar voortging, almaar voort, hoe zij doordrong in den gelederen van Gods kinderen, hoe zij den Sabbath ontheiligde, hoe zij den jeugd afhield van den beluistering van den bediening des Woords in het Huis des Heeren, maar ademloos hield gekluisterd aan het ruw gekraai ener heidenschen omroepvereniging? Hebben wij, laatstelijk, niet moeten aanschouwen hoe den groven manieren der sportwereld, als daar zijn het gemengde zwemmen, het gezamelijk spelen van jongelingen en meisjes, het zich bijna geheel ontkleden voor den wedstrijd en den schaamtelozen onthulling van billen en borsten enen ontstellenden, ja enen katastrofalen verwildering der zeden hebben teweeggebracht! Dikwerf hebben wij ons gelaat met onzen handen bedekt en sidderend gestameld: Hoe lang nog, Heere? Nu heeft het Gode in den grimmigheid Zijns toorns behaagd op dezen aard af te dalen en paal en perk te stellen aan den belediging Zijns naams. Hij heeft in Zijnen grondelozen almacht den zwemmer Jentje de Jager opgetrokken uit den gracht des verderfs en Hij roept hem toe, gezeten in Zijn rechtersstoel: Jentje, verantwoord u! Het past en betaamt ons te zwijgen over het leven van Jentje | |||||||||
[pagina 20]
| |||||||||
de Jager nu God Zelf heeft gesproken. Onzen gedachten gaan uit naar den diepbedroefden vader en moeder die thans oog in oog staan met den heillozen gevolgen ener opvoeding tot wereldgelijkvormigheid. Het is gene hardvochtigheid die ons belet tot hen een woord van troost te spreken, doch het Gezag der Schrift en den Leer der Kerk verbieden het ons.
Rankuneus? Ja, dat is it, en sa sil 't ek wol trochgean yn dizze roman, it útwierjen fan lege rankune, lytse pesterijen en stekken ûnder wetter. Stel jo der niks fan foar hear, grutme krijt it nearne. Wis, ik koe hinnegean en ferealje myn al te minsklike argewaasje ta in hypergefoelich eksistinsieel seismografysk fibrearjen en ta in somato-psychyske refleksje op de kosmyske amplitudes yn de tertiêre en sekundêre carboonlagen fan it yndividueel en benammen it boppe-yndividueel ûnderwêsten fan 'e homo sapiens yn dizze ieu fan astronautyske navigaasje, mar 'k ha der op 't stuit mear nocht oan om mei stront te smiten. De ynspiraasje ûntbrekt my fansels ek. Yn Fabryk hie 'k myn komplekskes noch en myn boadskip dat ik miende útsizze te moatten. Foar it skriuwen fan By de hannen om 't ôf hat it nedich west myn puberteit in forsearre renaissânse belibje te litten. Miskien wie it dochs net hielendal keunstmjittich? Yn alle gefallen bin ik mei dizze romans in hiel soad kwyt. De ûntdekking komt mei in skok. It is in lichte foarm fan depersonalisaasje, dy't fan en ta optreedt. Hee, dêr giet in boeketas oer de strjitte, hy sit fêst oan in hân. Oh, wat is dat in leaf hantsje, sjochris sokke grappige hierkes sitte der op 'e fingertsjes en fiif neiltsjes mei wite heale moantsjes. O, mar no stompe der grutte jassen foarby! Tink derom! Se roppe lûd en ûnberoaid: Dach! Dach! En heech boppe my klinkt ynienen in heaze echo: Hallo jonges. Jezus, Trinus, wêr bin ik, wêr bin | |||||||||
[pagina 21]
| |||||||||
ik? Dach menear Riemersma. Dach menear, kraait de echo. Ik sko yn 'e bank en helje myn boeken út 'e tas. Ik sil mar dwaan of bin ik Riemersma, se sizze it allegear tsjin my en menear ek. Op syn moaist bin 'k it sels ek noch. It giet gelokkich wol wer oer, men belibbet jinsels wer normaal, mar dan moatte de hiele omwrâld en it hiele ferline noch op 'e nij anneksearre wurde. Men is even Adam, mei it ferskil dat dy neat wist en dat men alles witten hat. Adam hie it makliker ynsafier't hy net wist wêr't de kultuer dêr't er oan begûn op útrinne soe. Mar alles wat ik no yn hannen krij lit ik fuort wer falle. Elke realiteit en elk ideaal dêr't ik foar de sintfloed oan leaud haw, sjoch ik no yn syn karikatuer. Under it oerflak sjoch ik de ferrotting al geande. As ik oan wat goeds tinke wol draait de film razendhurd fierder en raffelt it hele ferhaal ôf fan opgong nei bloei, stilstân, efterútgong, dea en ferjitnis. Men kin dat ferdomde tinken noait stilsette, ik tink jierren foarút en doar neat mear oan te pakken. Ik sit nei de byldestoarm mei de stikken en stowen dy't ik faaks wer lymje kinne soe. No ja, wy litte de brod earst mar lizze, wat de muoite wurdich west hat komt úthimsels wol wer oerein, miskien. Och, faaks binne dizze gefoelens der allinne mar symptomen fan dat ik folwoeksen wurden bin. Folwoeksen, dat betsjut dochs: amorf? Sjoch mar nei de mearkes. It is foar de prins in heikrewei om syn prinses te krijen en der wurde him gâns dwerse kneppels smiten, mar as it nei tritich aventoeren en alve yntriges dan einliken safier is, dan stiet der hiel lakonyk: En se libben noch lang en lokkich... Fan dat lange, lokkige, probleemleaze libben falt fierders niks te fertellen, minsken, ek de psychologen swije deroer. Je kinne oer alle tiidrekken stúdzjes lêze, mar net oer de folwoeksenheid. (Oer de âlderdom lokkich wol wer, mar dat duorret noch sa ferhipte lang). Puberteitspsychology, dêr wurde je gewoan mei dea- | |||||||||
[pagina 22]
| |||||||||
smiten, adolesinsje is al minder. Winliken sit it sa neffens de hânboeken: yn 'e puberteit slagge je de omwrâld oan brokken en yn 'e adolesinsje troaie je út de púnfallen wat geve planken byinoar en timmerje der in eigen home fan. As 't ôf is bin je folwoeksen, (lêste sin fan 't boek). Jaja, en dat home dêr geane je dan yn sitten te vegetearjen, en te parasitearjen op 'e oantinkens oan 'e dagen fan Sturm und Drang. Och ik wit it ommers wol. Soms prate wy oer in jier of acht lyn, ik fytste om dy troch rein en snie en witste noch dy snein op Swarte Haan? Oantinkens as âlde, giele foto's, oandwaanlik of belachlik wat kin 't skele, mar foarby. Ik hold doe dochs wol fan dy, ja werklik, ik wie smoar. Och ferdoarje, wy binne dochs deselden bleaun, wy sille no noch wol fan inoar hâlde, na ja. O, wy helje it jier twatûzen mei gemak. Wy hawwe fêst traktemint, de brommer yn 'e all risk en wy leauwe yn God. Lytse argewaasjes mei skoalbestjoeren en buorlju dêrlitten floeit it libben noflik en rêstich hinne, it is suver arkadysk. Sels de bern jouwe gjin problemen mear. De fraach - mem wêr kom ik wei? - kinne wy sûnder it boekje fan Ypk fan der Fear wol beantwurdzje, wy witte glêd út 'e holle it ferskil tusken ienaaiïge en twaäaiïge twillingen, wy kinne sûnder foarljochtingsgesicht prate oer koïtushâldingen, masturbaty en homofiliteit, en as se achttjin binne krije se boppe har bûsjild fan twa kwartsjes alle wiken in kondoom. As se mar net sa twivelriedich binne as myn generaasje, as se mar net freegje - mem wêr gean ik hinne? - ferdomd as ik it sels wit.
Hanenburg, Ljouwert. Yn it tsjustere gefal Jentsje de Jager, de swimmer dy't fjirtjin dagen lyn by de koartebaanwedstriid te Ljouwert op in mysterieuze wize ferdwûn sûnder ek mar ien spoar nei te litten, liket in tafalligerwize ûntdutsen stille tsjûge nij ljocht skine litte te sillen. Fan 'e moarn gûnze rûnom troch de stêd de tiding dat it swimbroekje fan De Jager troch | |||||||||
[pagina 23]
| |||||||||
in skipper fûn wie. Ynearsten holden wy it berjocht foar in mispleatste grap of in fersin, mar doe't wy in befreone rechercheur dy't wol gauris foar in pear sigaren in primeurtsje útwikselt opskillen, krigen wy te hearren dat de fynst fan De Jagers swimbroek gjin mop en nei alle gedachten ek gjin fersin wie. Wy hawwe dêrop kommissaris Van den Burg fan buro De Weaze opskille dy't ús lykwols mei in grau en in snau te witten die dat er gjin tiid hie foar krantelju en sa. Wel duvel, tochten wy, wy sille dy krije. Fuortendaliks hawwe wy alle redaksjes tillefonearre om safolle mooglik sjoernalisten nei buro De Weaze te stjoeren foar in belangrike parsekonferinsje en gjin healoere letter stiene wy dêr fiifentweintich man sterk op 'e stoepe. De kommissaris dy't op it alarmgerop fan ien of oare blaumich yn 'e doar ferskynde die syn bêst ús te fersekerjen dat hy beslist net fan doel wie om in parsekonferinsje te belizzen en dat er ek net wist hoe't dat berjocht yn 'e wrâld kommen wie. De oaren dy't fansels net wisten dat ik it allegear lygd hie, tochten dat de kommissaris har belazere en dy waarden my dêr hellich, minsken, dat se fergees nei de Weaze rûn wiene en dy stiene my dêr te skellen fan smoarge âldhoer, ús in bon jaan bliksem, dat kinst hen, mar ús fatsoenlik te wurd stean! Moatst ús it brea út 'e bek stjitte bloedhûn? Wy wiene mei ús fiifentweintigen, hy koe dochs net sa gau sjen of hearre wa't it rôp. Witte se yn De Haach wol datst wolris in ferkearde doar ynstapst, smearlap? De kommissaris waard al wat benaud en stie mei beide hannen yn 'e loft te swaaien of wied er De Gaulle en moasten wy de Marseillaise sjonge en hy sei wy moasten dan mar fierder komme, alhoewol't hy beslist net in parsekonferinsje belein hie en dêr hielendal net oer skille hie mei de diverse haadredaksjes, mar dat leaude fansels gjinien. | |||||||||
[pagina 24]
| |||||||||
16 maaije 1965. Sûnt foarich jier desimber haw ik net wer mei dit manuskript te set west, mar de lêste dagen kaam hieltyd sterker it gefoel dat ik it ôfmeitsje moast. Miskien om't ik moarn jierdei bin en omsjende wit dat ik net genôch dien haw. Ik haw yn 'e tuskenlizzende tiid in pear koarte ferhalen skreaun, dat wol, mar in ferhaal hat net it measte mei skriuwen út te stean, 't leit mear op it nivo fan in ynfoloefening. Sterker as mei âldjiersdei haw ik op myn jierdei it gefoel dat in tiidrek ôfsletten wurdt en dat ik wer in stap tichter by de dea kommen bin. Faaks mei om't myn jierdei yn 'e maityd falt en de nije blêden en blommen it plak fan de âlde ynnimme en dêrmei dúdlik, dúdliker as yn 'e hjerst, toane dat it âlde foarby is. Net dat ik leau dat de minske út syn wurken rjochtfeardige wurde sil, dêr hat dit neat mei te meitsjen nammers, mar ik kin min it idee ferneare dat ik nei myn dea út it tinken fan 'e minsken ferdwine sil. Dêrom skriuw ik: opdat ik net fergetten wurd. Hoe't se oer my tinke sille, dat ynteressearret my net, as se myn namme noch mar ris neame te'n teken dat ik der west ha: Riemersma was here. De stjerlikheid ynspirearret my it meast, fandatoangeande bin ik sûnt Fabryk neat fierder kommen. Want ik leau dat men al fierder komme moat. Ik bedoel, ik soe wol graach ophâlde wolle mei dat gekliem oer ympotinsje, oer minderweardichheidskompleksen, grutheidswaan en wat ik mear by de kop hân haw. Ik soe wol brekke wolle út dit benypte egosintryske tinkwrâldsje ferpest troch de stank fan swit en pis. Ik soe ophâlde wolle mei it begnuven en ferslaan fan eigen gefoelens, kotsmislik wurdt men derfan. Ik soe as normaal, sûn, folwoeksen, harmoanysk, sosjaalfielend mins ferhalen skriuwe wolle ta fermeits fan 'e minsken en ta ear fan God. Deagewoane ferhalen fan Evert en Jeltsje en har lytse, oplosbere probleemkes. Ik twivelje deroan oft ik dat stadium ea berikke sil en sa al, | |||||||||
[pagina 25]
| |||||||||
dan sil dat de ein fan myn skriuwerskip betsjutte. Ik bin nammentlik helendal net bysteat om gewoane ferhalen oer Evert en Jeltsje te fertellen, ik kin überhaupt gjin ferhalen fertelle. Ik bedoel, it lot fan in pear trochsneedminsken ynteressearret my temin om der in jûn en noch in heel soad jûnen foar sitten te gean. It is útsoarte mooglik - en yn 'e skriuwerij in normale wizânsje - om in willekeurich persoan ta haadfiguer te nimmen en dy ta drager fan jins eigen ideeën en gefoelens te meitsjen. Mar as dy ideeën of dy gefoelens it lok fan dy persoan yn 'e wei steane, dan is dat net ferantwurde, tinkt my. Men hat as auteur it rjocht net om in ienfâldich man as Evert mei jins eigen syklike tinkbylden te ynfektearjen. As men in haadfiguer kreëarret, dan hat men te soargjen foar de bêst mooglike kondysjes. Doe't God Adam skoep, skoep er him as in lokkige ûnwittende en hy joech him it paradys ta wenplak. Dat wie folslein korrekt. As in auteur in figuer skepen hat, dan spuitet er him yn mei in koktail fan baksillen en dan pakt er syn pin om it sykteferrin te beskriuwen. Ik haw it sels dien yn Fabryk, dêrom wit ik no ek dat it ûnfêr is om ien op te skypjen mei de problematyk dy't je sels net oankinne. Mar ek al soe men sûne minsken nimme en jins bêst dwaan om de situaasje foar har sa geunstich mooglik te meitsjen, en oars as God alle dubieuze beammen kapje, dan makket men jin noch skuldich, al wie it allinne mar oan it bestean fan dy persoanen. En as it misrint - en misrinne docht it altyd, want men kin jins figueren net by't hantsje hâlde, se wolle op eigen fuotten stean en út eigen flerken fleane - dan stiet men as skepper skuldich. Ek al sil nimmen je wat ferwite, want romanfigueren kinne har skepper net útflokke, je hawwe se skepen en je binne skuldich wurden. Hy hat de saak op gong brocht, dat is syn skuld dêr't er nachts om wekker leit, seit Jo Smit yn syn ferhaal Mingd berjocht. | |||||||||
[pagina 26]
| |||||||||
No wol ik earlik tajaan dat ik, oars as Smit, my noait bot ynspand haw om myn figueren tsjin ûnk en wea te hoedzjen. Ik ha se rêstich modderje litten en as 't even koe har omstannichheden noch benearjender makke. Tsjinoer de man fan Fabryk haw ik gjin skuldgefoelens, of winliken: ik haw se wol, mar ik kin se maklik op nonaktyf sette mei't ik de man net lije mei. It prakje dat ik him klearmakke haw, dat gun ik him, fan herten. It is in grutte fariseeër. Oars stiet it mei Syts. Ik haw my noait drok makke om har, mar lêsten sei de oersetter tsjin my: Dy Syts is in prachtige frou, en in begripende frou ek. By neier ynsjen leau ik dat dat wier is. Ik haw Syts tefolle sjoen troch de bril fan dy fabryksarbeider en sadwaande net yn 'e rekken hân dat se helendal net koel en gefoelleas is. As him dat no èkris opfallen wie - miskien wist er it ek wol mar hat er har mei opsetsin mistekene, dêr bleau ik bûten, ik stek gjin hân tusken beam en bast. Mar hoe't dat ek wêze mei, no't ik wit dat Syts gefoelich is en dus wierskynlik ûnder dit houlik en ûnder de healwize oanslaggen fan har man lit, no begruttet it my dat ik har oan dy kearel fêstkeppele haw. En it begruttet my ek om dy trije bern: Sijke, Wimke en Gerlof. Se binne noch te lyts om it te begripen, mar se fiele om 'e blinder wol dat heit net ynoarder is. Teminsten de âldste wol, Sijke, dy wie doe't ik it skreau in jier of acht, dat dy sil no dus tsien wêze. Sa'n bern merkt dat heit nuver is, ôfwêzich en ynhimsels keard, dat der neat fan him útgiet en dat alles op mem delkomt. En dat mem har bêst docht om de fleur deryn te hâlden, mar dat mem net fleurich is en dat se it hier fan 'e foarholle strykt. Ik soe wolris nei har ta gean wolle om... ja, ik wit net goed wat. Om te fertellen: ik bin de skriuwer, dat 's ek sa lullich, of sizze: it begruttet my sa om jo, kin ik jo hjir of dêr mei fan tsjinst wêze? Ik soe fansels wer mei de mûle fol tosken stean. Tsjin in frou as Syts kin ik net op. En sy soe myn help brek | |||||||||
[pagina 27]
| |||||||||
wêze, ja kin je begripe. Se sil leaver alles yn har fersmoare as ienkear wat út te litten oer har man, sels tsjin de bern net. Se sil syn wâl ophâlde, oeral en altyd. En dêrom stean ik der hielendal bekakt op. As se my útskold, smoarge rotskepper, dan soe 'k de holle bûge en tinke: ik haw it fertsjinne. Mar se ferwyt my neat, se ken my net iens, en dêrom kin ik myn skuld net boetsje. Dat sadwaande rin ik, earme ik, as gewoanlik mei de siel ûnder de earm en haw begrutsjen mei mysels om't nimmen my begrypt, en ik bedoelde it krekt sa goed en ik haw der sa'n spyt fan, mar dat leauwe se net ferdomme. Miskien dat ik foar de bern wat dwaan koe, in nij boek skriuwe oer it lot fan dy trije, hoe't se grut wurde en nettsjinsteande har sleauwe heit ta evenwichtige minsken opgroeie en goed te plak reitsje - ta in trijedûbele happy-ending soe ik yn dit gefal wol ferplichte wêze. En krekt dêrom begjin ik der mar net oan. It is altyd noch better dat dy bern opgroeie mei de heit dy't se ha of byneed sûnder heit as mei my as pleechheit. Want as ik ienkear de pin op papier haw dan kin je de geboadens mar oanjaan of de kiste bestelle, dat is lok wat jouste, mar rûch giet it altyd. Ik sil my dus net optwinge oan Syts en har bern, ik soe de boel dochs mar yn 'e bulten jeie. En ik sil, it iene by it oare foegjend om ta in einbeslút te kommen, net skriuwe oer oare minsken as mysels salang't ik net bysteat bin om my te ynteressearjen foar it ienfâldige en probleemleaze libben fan Evert en Jeltsje. Ik hoopje lykwols dat ik ienris safier kom om dy leafde ta de meiminske op te bringen - ik wurd no wat sentiminteel want it is let yn 'e jûntyd, dan bin 'k altyd sentiminteel en boppedat bin 'k fan dit stuit ôf rekkene noch krekt in kertier lang 26 jier en dan nea, nea wer en dat fyn 'k heel tragysk. Mar ik hoopje lykwols - ik bin de tried even kwyt, mar as 'k | |||||||||
[pagina 28]
| |||||||||
it goed sjoch dan bedoel ik dat ik hoopje nettsjinsteande dy sentimintaliteit yn myn 27ste in sosjaalfielend mins te wurden en moaie, ienfâldige folksferhalen te skriuwen. Dizze roman lykwols sil noch ien wêze fan it âlde soarte: it omheinebaljen mei it ego. De âlde rusken moatte earst oprûme.
12 juny '65. Sûnt de foarige kears hawwe wy in jonkje en in nije brommer krige. It jonkje op 25 maaie, de brommer op 2 juny. Dat betsjut dus ien mei oar gâns in winst oan diminsje. It foel my op dat ik mei de berte fan dit tredde bern lang net sa fan 't hynder west ha as mei de earste twa. Dy gefoelens fan wanhoop en fan bedondere te wêzen binne blykber net foar herhelling fetber. Ik haw mei nocht in frije dei nommen, ferskate foto's flitst en inkele boarrels dronken en popbakken iten. Dat hat fansels neat om 'e hakken. Ik sil no dochs ris serieus prakkesearje moatte oer in plot, oars sizze se aanst dat it gjin roman is mar in kolleksje oprispingen. Mei it swimbroekje fan Jentsje de Jager bin ik fêstrûn. Ik haw der nammentlik gjin idee fan hokker metoaden de recherche folget om soksoarte gefallen ta klearrichheid te bringen. En dit is ek sa'n bjusterbaarlik ûngemak dat De Jager oerkommen is, dat sels de yntelligintste polysjeman der gjin gat yn sjocht, ferûnderstel ik. Sels haw ik der earlik sein ek wol oan. No ja, ik ha wol in fermoeden, mar dat hâld ik foar mysels. Wy sille dus it dossier De Jager mar yn it kastke mei Unoploste Misdieden bysette. Lokkigernôch binne der yn it begjin fan dit boek noch twa persoanen neamd dêr't faaks wat oer te skriuwen falt. Ik bedoel de hear en de dame dy't oan 'e kant fan 'e stedsgrêft by in taksy ommaneuvelje. It liket my de baas dat Hanenburg besiket wat oer dizze minsken oan 'e weet te kommen. | |||||||||
[pagina 29]
| |||||||||
Mislearret dat, dan sil ik in mannich oare romanhelden útfine moatte. Mar lit ús net te pessimistysk wêze. Hanenburg hat in skerpe noas.
Ein juny '65. Ik haw in pear wike stilstien, mar dat kaam ik moast wachtsje op 'e berjochten fan Hanenburg. Unsin fansels, ik hie gjin sin oan skriuwen. Ik moast it yn 't laad lizze litte kinne, mar ik kin it net. It giet wer deselde wei as mei de earste beide: ik haw se amper stâl jûn of se begjinne te spinfuotsjen om folslein makke te wurden. Ik kin dit ûnberne bern net yn my ferstienje litte sûnder my skuldich te fielen. De nood van ongeboren leven wreekt gij met dit verwijtend staren.
7 july '65. Ik set de lêste kearen de datum derboppe, sjoch ik. 'k Wit net wêrom't ik dat doch, en ik bin op dit stuit ek net fan doel om de Geheime Driuwfearen derfan op te sykjen. 't Wurdt yn alle gefallen gjin deiboek - dan noch earder in nachtboek. Wêrmei't ik bedoel dat dit boek yn 'e jûntyd en nacht skreaun is en skreaun wurde sil. Yn 't foarste plak om't dit geskrift it deiljocht net ferneare kin, twad om't ik dan wurch bin en sadwaande minder lêst fan remmingen haw en tred om't myn frou dan op bêd leit. (No wurdt it nijsgjirrich foar Tiny Mulder). Alle trije redenen wize nei itselde punt: dat skriuwen altyd betsjut it weromlûken op jinsels en it kapjen fan 'e normale kontakten. Ik haw dat noait sa slim field as no. Ik haw faak en gâns skreaun as myn frou by de tafel siet en de bern oer de flier boarten. Ik haw wol skreaun wylst wy besite hiene. Mar salang't ik mei dit - nachtboek dan mar - dwaande bin, yrritearret my de oanwêzichheid fan oaren. Om't ik my skamje har mei wa't ik brea en bêd diel te ferrieden wylst se der libbensliif by sit? Nee, dat is it net, it is mear it gefoel dat in | |||||||||
[pagina 30]
| |||||||||
jonge krijt as syn mem him oer 't mad komt wylst er selsbefrediging pleecht. Sa'n grutte, foarse mem, wit je wol? Se hat de mouwen opstrûpt, it sjipsop dript fan har grouwe, stompe fingers en se hat de fleizige mûle heal iepen. Ik haw altyd bang west fan de mem. Net fan myn eigen, want dat is mar in lyts wyfke en sa goed as bôle. En ik bin ek net bang fan myn frou, want ik bin wol aardich earmsterk. Mar dat s ûnsin fansels, want ik bin wol bang fan har en fan alle froulju, âld of jong, want alle froulju roppe by my it byld op fan dy kolossale mem, en by elke frou fiel ik my dat jonkje dat betrape wurdt op masturbaty. Wat silich net? No is it beroerde, dat ik noait betrape bin. Wie 't mar sa, want dan lei it gefal folle makliker. Dan wie 't in normaal komplekske mei in dúdlik herkenbere oarsaak dêr't allang in standardisearre genêzingsmetoade foar bestiet. Dan wie 't in kwestje fan stap even op 'e brommer nei Dokter Bergstra en de jûns bin je 't hearke wer. Lykwols, lêzers, myn gefal leit gâns minder noflik. As 'k it goed haw - mar ik haw altyd min west yn psychology, myn heechste sifer wie in 6+ - dan haw ik myn eangst foar it alsjende memmeëach oerurven út in tiidrek wêryn't de mienskip matriarchaal opboud wie. En dy eangst dy't him no, tafalligerwize, by my oppenearret, mar ieuwenlang fuorre is troch de ûnderfiningen fan tûzenen manlju al of net út myn foarteam - mar as je fiergenôch tebek geane beheart de hiele wrâld fan doedestiids ta je foarteam - krije je der fansels yn in flok en in sucht net wer út. Want net yn mysels leit de oarsaak fan it kompleks, it is by my ûntstien blykber troch't de genen fan myn âlden yn dit opsjoch beide posityf wiene plus noch in ûnbekende faktor. (Ik bin der nammers tan oertsjûge dat kompleksen dy't allinne te witen binne oan in foarfal yn it eigen libben fan 'e lokkige besitter frij selden foarkomme. De measte minsken | |||||||||
[pagina 31]
| |||||||||
dy't ien oprinne, hawwe der fan har berte ôf ûntfanklik foar west, binne der om sa te sizzen foar yn 'e widze lein, en dizzen hoege yn ferhâlding ta de earste groep mar oer in minimale stien fan oanstjit te stroffeljen of it kompleks bloeit op. De tredde groep, dêr't ik my yn dit gefal byrekkenje, is yn it kompleks ûntfinzen en berne. By dyen ûntstiet it ferskynsel sûnder uterlike oarsaak). In psychiater dy't de (heech)moed hawwe soe om myn kompleks út te roegjen, soe him foar de ûnútfierbere taak steld sjen om alle ferstoarne persoanen dy't dit kompleks besieten fan it âldste ôf te behandeljen. It soe net genôch wêze it keatling te brekken troch ien of twa minsken ûnder it mes te nimmen, want it kompleks kin maklik in pear generaasjes oerspringe. En it soe ek heal wurk wêze om jin te beheinen ta Fryslân, Nederlân of Europa, men soe de hiele wrâld fan Grienlân oant Fjoerlân oant Nij-Seelân útkjimme moatte, want it kompleks waait dêr't it hinne wol. It genêzen fan 'e kompleksbesitters út 'e twadde kategory haw ik nammers ek op in pypfol. It liket my ta dat dizze lju regelmjittich weromkomme moatte om har kompleks koartwjokje te litten. It kompleks lit him by har ek net mei woartel en al ferdylgje, men kin it op 'en heechsten út en troch by de grûn om 't ôf snije. Krekt lykas wratten, dêr't oant no ta gjin krûd foar woeksen is, mar dy't men mei ridlik sukses ûnder de tûme hâlde kin troch der op geregelde tiden oerhinne te pisjen. De psychiater sjocht syn wurk allinne bekroand as er ien foar him kriget út it earste skift. Spitigernôch (foar de psychiater dan) is dizze groep frij lyts. Folle lytser as men konkludearje soe út 'e romanlektuer fan ús ieu dy't syn komplekse figueren suver sûnder útsûndering út dizze groep rekrutearret. Begryplik, dat wol. Wat is makliker as de minske te beskriuwen as in mechanisme dat op dizze aksje sa reagearret | |||||||||
[pagina 32]
| |||||||||
en troch sa'n dúst dy rjochting ynslacht? Maklik te beskriuwen, om't de lêzers dat wend binne, om't it yn 'e wrâld fan it boek stielen wet is dat op in aksje in reaksje folget en dat der gjin gefolch weze kin sûnder oarsaak. As wy op side 169 fan in roman lêze dat Johannes him fan kant makket en wy hawwe yn 'e foargeande siden noait wat oan him murken, dan sizze wy dat de skriuwer it net oannimlik makke hat. De skriuwer moat it wêrom fan in situaasje dúdlik meitsje en it hâlden en dragen fan syn persoanen motivearje, sizze wy. En dat docht de skriuwer dan mar. Sjoch om in aardichheid ris yn Fabryk, wêrynt de haadpersoan tûzen en ien strieeën yn 'e wei lein wurde om him plat op 'e snút te krijen. Unsin fansels, hy hie it sûnder dy striekes ek wol dien. En oarsom, as op side 20 in frommiske de bysliep jûn wurdt, en se krijt it hele boek troch noait in kear in pop, dan fine wy dy bêdsêne oerstallich. Dy is net funksjoneel, sizze wy, krekt of is elk skot in einfûgel. No ja, ik doar dizze wet ek net te ûntdûken as skriuwer, en as lêzer stel ik it likemin op priis om op 'e doele brocht te wurden mei tekens sûnder betsjutting en lûden sûnder wjerlûd, noch dat de motiven ta in died my ferswijd wurde. De prosessen yn in boek moatte har neffens neigeanbere en begryplike wegen ûntwikkelje. En dus meitsje wy ús romanheld neigeanber en begryplik, in robotsje mei in fleiskleur. It kin net oars, dat wit ik wol. As men alles opskriuwe soe wat in minske docht en wat yn him opbuorlet, wa soe der noch wiis út wurde kinne? Men kin der gjin tou oan fêstknope, haw ik justerjûn noch tocht doet ik myn frou kwetst hie en se hartstikke hellich op my wie. Ik haw har observearre yn har fertriet en ik fûn mysels in grutte lul mar ek noch wol in hele pyt en it begrutte my om har wat dus sizze wol dat ik har ferachte, mar ik fûn har mei dat smertlike gesicht ek nochal | |||||||||
[pagina 33]
| |||||||||
weardich, hast in klassike ferbylding fan it minsklik leed. En ik tocht: miskien is dit de sin fan myn bestean dat ik it leed sjoch. En doe fielde ik my suver lokkich, úttild boppe de deistige pitertuerlikheden en skôgjend de kearn fan it minskelibben. Mar by neier ynsjen fûn ik it healwiis om lustgefoelens te hawwen by in oar syn fertriet en it waard noch mear komplisearre doe't ik betocht dat ik dit fertriet niis mei duvelsk nocht oproppen hie. Sadisme om oan myn masochistyske trekken te kommen? Ik fûn it yn alle gefallen wol nijsgjirrich om te sjen hoe't de duvel sitdei yn my hold, of de duvel yn my sitdei hold, mar ek nochal eangstoanjeiend, moat ik sizze. Wêr moat dat godferdarry hinne, haw ik tocht, troch in pear wurden, in gebeart, in glim kin ik in frou kapot meitsje. Ik haw der gjin spyt fan. Wêrom soe ik lige? Se komt der wol wer oerhinne en joed hawwe wy de saaklike oangelegenheden fan 'e húshâlding al wer bepraat, 't Nijsgjirrige fyn ik dat der by har altyd noch wat kapot te meitsjen is. Ien fan twaen, ik haw har noch noait folslein brutsen, of se bout elke kear har yllúzjes wer op. Fan mysels haw ik it gefoel dat ik finaal kapot bin en dat ik gjin inkele yllúzje haw, mar miskien is dat in pânser? Dyn hele bestean is in leagen, sei se justerjûn, en ik leau dat dat wier is, alhoewol't ik ta myn ûntskuldiging oanfiere moat dat ik net wit wa't ik bin en sadwaande net witte kin hoe't en wannear't ik mysels liich, en - mar dat is minder in ûntskuldiging as wol in berop op 's lêzers sympaty - dat ik fan dizze leagen sels ek it slachtoffer bin. Hawar, my tinkt, as folwoeksen minske moatte je in poarsje opdonders ynkassearje kinne sûnder ivich en erflik oer it wêrom te sangerjen. Dêrfoar is men op 't lêst yn 'e wrâld. Dat lytse bern sa'n ellinde trochmeitsje moatte, dat deart my wol oan, want dy hawwe noch neat misdien. Lêsten sneintenacht haw ik dat noch meimakke mei ús famke. Se wie mislik en | |||||||||
[pagina 34]
| |||||||||
spuide alles ûnder. Fansels, it hat neat om 'e hakken, mar foar sa'n lytse stumper giet de wrâld ûnder. Ik haw har in kear of fiif fan 't bêd ôfraamd en boppe de pôt holden, har bedsje ferskjinne en har in nij pyamapakje oandien. En se klage net, se liet mei har omtroaie en se wie flink en prate tsjin my en sei dat heit leaf wie en doe haw ik it ferdomme wol útraze kinnen en ik haw tocht: no is it skaap twa en in heal en begjint de ellinde godferdomme no al? Se sil it net mear witte skielk en as ik it har yn 't sin bring sil se der om gnize miskien. En wa wit sil ik mysels skielk net bekenne wolle dat ik noed foar har stien haw. Wy witte net wat ús te wachtsjen stiet, en sy is ek net sûnder sûnde. Miskien wâdzje ik har letter de keet út. Ik haw har noch, mar dat is mar even mear, se geane sa hurd fan jin ôf en as skielk dy rotjonges om har komme, dan bin 'k har kwyt. Mar my tinkt dat je net tefier foarút tinke moatte, want elke dei hat genôch oan syn eigen kwea, en je kinne de hele wrâld ek net op 'e nekke hawwe, dat 's ek in wier wurd dêr't ik út en troch treast by fyn. Ik leau nammentlik dat, as in minske himsels yn 'e put praat hat, hy him der sels ek mei brûkbere banaliteiten wer út prate moat. Noch ien ding dat ik foar't ik op bêd gean ôfhannelje wol is dat ik justernacht in aardige, sij it net bot oarspronklike, definysje fan 'e minsk ûntdutsen haw, dy't ik yntusken ek al wer fersmiten haw, mar dat mei gjin reden wêze om him hjir efter te hâlden. Want it lot fan alle definysjes is dat se ienkear troch in oaren efterhelle wurde. As wy allinne uterje soene wat neffens ús wierheid is en wierheid bliuwe sil, dan koene wy ús better stilhâlde, want de lêste wierheid is de dea. Yn de ivichduorjende, tsjustere nacht fan it Neat sille ús wierheden noch gjin tel gluorkje mids de jiske fan 'e planeten. Ik hie dan juster Camus' De pest lêzen en ik wie dêrby stroffele oer twa útspraken: dat yn 'e minske dochs mear | |||||||||
[pagina 35]
| |||||||||
bewûnderensweardichs as ferachtliks is; en - Dêr bin ik bliid om, sei de dokter. Ik bin bliid om't ik no wit dat er better is as syn preek. - Sa binne alle minsken, sei Tarrou. As je se mar in kâns jouwe. Ik sil besykje myn tinzen fan justernacht te rekonstruëarjen: It foarste sitaat moat neffens de kontekst slaan op de dieden fan 'e minske. De goeie dieden hawwe de oerhân, konstatearret Camus. En hy is bliid mei dizze ûntdekking want hy wit dat it mei de preek, de ideeëwrâld, fan 'e minske net te bêst wiist. De minsken hawwe aaklike ideeën, mar se libje der gelokkich net neffens! De blydskip fan Camus wurdt begryplik as men wit dat hy yn dit boek de mienskip fertsjintwurdiget, mar dat is dan ek syn ferkeard útgongspunt. Want it oardiel fan 'e mienskip oer de yndividuële minske is foar de minske, dy't by einsluten allinne mei himsels te krijen hat en dy't yn earste en lêste ynstânsje himsels oardielet fan gjin belang, of op 'en heechsten as korrektyf op it eigen oardiel. Yn dat eigen oardiel wurde de goeie en ferkearde dieden nammers net behelle, de minske oardielet himsels neffens syn ideeën. Besjocht men de ferhâlding gedachte-died net fan de mienskip, mar fan it yndividu út, dan bliuwt der fan de blide konstatearring dat it allegear wat tafalt gjin grevel oer. It is ûnsin om te ferûnderstellen dat de preester Paneloux bliid wêze soe om't er yn 'e deistige praktyk minskliker is as op 'e stoel. De dokter mei dat wêze, de preester sil it mei wranteligens by himsels ûntdekke. Hy, de preester, de minske, ûntdekt dat it him mislearret om konsekwint syn ferkearde, minne tinzen út te fieren trochdat it goede altyd wer op 'e loer leit en syn strikken spant. Al hoe't wy minsken ús bêst dogge om ferkeard te wêzen, it brekt ús iderkear wer by de hannen om 't ôf, ûngemurken driuwt it goede wer boppe en sûnder it te wollen dogge wy goeie dingen. Wy minsken mislearje yn ús minwê- | |||||||||
[pagina 36]
| |||||||||
zen. De minske is, en no komt myn prachtige definysje, de minske is in diable manqué, in mislearre duvel. Fine jim it net hartstikke moai? Ikke wol, en ik leau dat it like wier is as de definysje dy't Sartre útfûn hat, dat de minske in dieu manqué, in mislearre god, is. Likegoed haw ik myn definysje al wer njonken my del lein. Net om't ik hoopje noch in betteren te finen, mar om't ik, ynstee fan my by foarrie oan in definysje op te hingjen, my leaver set ta de koele observaasje fan hoe't it nuver gedrocht dat ik bin him stadichoan nei de ein wynt. Datnettsjinsteande sil ik besykje oer de mislearre duvel in koartferhaal te skriuwen. It is in nijsgjirrich tema.
Achte harkers goejûn. Hjir is Haaie Hanenburg fia de Klandestine Stjoerder Je Maintiendrai mei in sprutsen brief út Ljouwert. Achte harkers. Wa fan jimme yn 'e gelegenheid wêze soe om in kuier te meitsjen troch de goede stêd Ljouwert, lykas it mysels fan 'e moarn barre mocht, soe him wane yn in paradys fan rêst, oarder en frede. Hy soe syn eagen gean litte oer de stille grêften, oer de golle minsken, oer de protters dy't op 'e dakken skite, en gjin hier op syn holle soe deroan tinke dat yn dizze pitoreske stêd in pear misdiedige politisy besykje om troch de wei fan moard en terreur de macht yn hannen te krijen. Lit my de feiten fertelle dy't ik tanksij in ferburgen mikrofoan en in mannich korrupte amtners te witten kommen bin. It barde in wike of fjouwer lyn. Us minister fan kultuer, mefrou Dr. Jacoba Krûmhout gyng de jûns om in oere of njoggen yn selskip fan har man, Mr. Krûmhout, geandefoets nei ien fan ús hotels. Hja sieten dêr ûnder it genot fan in glês port te harkjen nei de pianist Jerome. Om tsien oere hinne kaam de hear Elgersma, steatssekretaris fan definsje, mei syn doch- | |||||||||
[pagina 37]
| |||||||||
ter Karoline it hotel yn. De steatssekretaris krige ferlof om by de hear en mefrou Krûmhout oan te skikken en der ûntstie benammen tusken mefrou Krûmhout en de hear Elgersma in amusant petear, dat oant goed alve oere duorre, neffens ien fan 'e obers. Op dat stuit besleat Mr. Krûmhout frij hookstrooks dat er nei hûs woe. De ober hie de yndruk dat mefrou har nocht noch net hie, mar Mr. Krûmhout sette freonlik doch beslist syn sin troch. De steatssekretaris bea oan om har yn syn auto thús te bringen, itjinge hja tankber akseptearren. Se rieden earst by it hûs fan Elgersma lâns om Karoline ôf te setten en gyngen doe nei de villa fan de Krûmhouten. Wierskynlik hat de steatssekretaris op dat stuit ien en oar ferteld oer de nije nachtklub Suster Bertke en is doe it plan ûntstien om dêr noch in setsje hinne te gean. Mr. Krûmhout waard by de doar ôfset en de steatssekretaris en de minister rieden de binnenstêd wer yn. Hoe let hja by de nachtklub oankommen binne, is net bekend, mar it sil tusken healwei tolven en tolve oere west ha. Wat der foarfallen is, wol noch de direksje noch it personiel fan de nachtklub oer prate, mar men mei oannimme dat der stevich dronken wurden is. Dat wurdt hjir sûnder leechlizzende bedoeling sein! Fan de minsken dy't har mei kultuer dwaande hâlde is bekend dat se fan âlde tiden ôf har ynspiraasje socht hawwe yn 'e drank. Sûnder drank hat noch noait in kultuer ta bloei komme kinnen. Drank en kultuer dat binne, om it blomryk te sizzen, twa sielen yn ien pôt. Wa soe it dêrom ús populêre minister kwea nimme dat se de nektar fan it keunstnersskip dronk? Wat de steatssekretaris oanbelanget, it is folslein foarstelber dat hy, dy't him dei út dei yn dwaande hâlde moat mei bewapeningsfraachstikken him op in stuit in stik yn 'e kraach drinkt. Om healwei twaen hinne binne de steatssekretaris en de | |||||||||
[pagina 38]
| |||||||||
minister opstapt. Hja gyngen troch de efterútgong nei bûten. De hear Elgersma hie nammentlik syn auto net parkeard fòàr de nachtklub, mar - om redenen dy't dúdlik wêze sille - efter it gebou oan 'e stille grêft. Hja soene yn 'e auto pleatsnimme doe't it de steatssekretaris yn 't sin kaam dat er noch ien opskilje moast. Hy liet mefrou Krûmhout by de auto efter en gyng de nachtklub wer yn. Doe't er nei in lyts kertier wer bûten kaam, wie mefrou Krûmhout yn gjin fjilden en wegen te bekennen. De steatssekretaris ferûnderstelde, hat er letter útlitten, dat de minister der de foarkar oan jûn hie om rinnende nei hûs te gean. Hy hat dan ek net om har socht, mar is fuortendaliks ôfset. De minister fan kultuer is lykwols net nei hûs gien, en wêr't se al bedarre is, dat wit gjin mins. Ik tink, achte harkers, dat jimme yn 'e ferûnderstelling libje dat mefrou Krûmhout fanwege in lichte oerspanning in skoft fakânsje hâldt op Sardinië. Dat berjocht is teminsten fia de nijsblêden en radio Jirnsum ferspraat. Mar hâld my te'n goede, harkers, dat berjocht is ûnwier. De minister is net op Sardinië, se is spoarleas ferdwûn! It falske berjocht is yn oerlis mei de ministerpresidint troch de bft ferspraat om it ûndersyk net te belemmerjen, en wierskynlik ek om foar te kommen dat de ûnrêst dy't yn 'e hegere kringen rûnwaret noch fierder om him hinne grypt. Nuvergenôch hat it ûndersyk dat troch de Ljouwerter recherche yn 'e mande mei de bft dien wurdt oant no ta - en dat is in bewiis hoe perfekt de misdied útfierd is - sa goed as neat opsmiten. De moarns folgjend oan 'e nacht wêryn't de minister ferdwûn hawwe polysjemannen mei in speurhûn de grêft ôfsocht. De hûn, en sadwaande ek de polysjemannen, mienden ynearsten it spoar fûn te hawwen. It late nei it karridersbedriuw dat njonken de nachtklub fêstige is. De hûn skeat de loads yn en bleau grommend stean foar ien fan 'e sjauffeurs. | |||||||||
[pagina 39]
| |||||||||
De aginten griepen de man oan en brochten him nei it buro. Doe't er dêr neffens gebrûk fouillearre waard, kaam foar de ferwûndere eagen fan kommissaris Van den Burg in lilakanten b.h. te foarskyn. De sjauffeur ferklearre dat er dy b.h. fûn hie tusken de tsjillen fan in truck dy't de nachts bûten stien hie en dat er it ding yn 'e jasbûse stutsen hie om der ûnder syn kollegas in grap mei út te heljen. Van den Burg liet foar de wissichheid de b.h. per motorfyts nei de villa fan 'e Krûmhouten ferfiere foar konfrontaasje en dat dit werris ien fan 'e ûnferwachte boppeslagen fan ús oars wat sûcheftige kommissaris wie, die bliken, doe't de dochter Maria Krûmhout de b.h. posityf herkende as har mem harres. Op 'e nij waard de sjauffeur it fjoer oan 'e skinen lein, mar hy bleau by syn earste ferklearring en joech op de fraach wêr't er de jûn en nacht trochbrocht hie te'n antwurd, dat er oant alve oere ta telefyzje sjoen hie en doe op bêd gien wie. In ferklearring dy't behalven troch de sjauffeur syn frou en trije bern ek noch befêstige waard troch in âlde, ynwenjende beppe - in wetterticht aliby alsa. Kommissaris Van den Burg koe dan ek net oars as de sjauffeur op frije fuotten stelle, nei't er him fermoanne hie dat it gjin foech jout om grappen út te heljen mei in lilakanten b.h. Fierder ûndersyk hat útwiisd dat likemin ien fan 'e oare personielsleden fan it karridersbedriuw wat mei it gefal mefrou Krûmhout te meitsjen hawwe kin. De b.h. blykt dus it ûndersyk op in falsk spoar set te hawwen. Hokker rol dit klaaiingsstik yn it drama spile hat is nammers in riedsel. Hat mefrou Krûmhout him by in wrakselpartij ferlern? Hawwe de misdiedigers him lizze litten by wize fan merkteken lykas mear gangsters dat hiem hawwe? Men soe hjir ek tinke kinne oan it gefal Jentsje de Jager dat him twa dagen letter ôfspile en fan wa't allinne it swimbroekje weromfûn is. De kearnfisisy dy't ferbûn binne oan 'e atoomûne te | |||||||||
[pagina 40]
| |||||||||
Boazum hawwe de b.h. fan Dr. Krûmhout mei ferskuldige earbied radio-aktyf makke en dêrnei mei de geigerteller beharke, mar sels ûnder dy tramtearring bleau dizze stille tsjûge deastil. De lilakanten b.h. ferkeart op dit stuit yn 'e klûs fan buro De Weaze, wat net betsjut dat it speurwurk stilset is. De recherche, en benammen de bft is dwaande alle antesedinten fan 'e minister te sammeljen en alle mooglike antypatyen tsjin har persoanlik en tsjin har bewâld op har merites te hifkjen. Ta grutte ûntsteltenis fan 'e bft hat bliken dien dat der yn it regear en de hegere amtnerij, en ek ûnder de legerlieding grutte tsj instellingen besteane en in noch gruttere ûntefredenheid mei de tsjintwurdige gong fan saken. Hoewol't it foar de aginten fan 'e bft slim is om presys te ûnderskieden wat boarrelpraat en wat polityk yntrigearjen is, freezje de swartgallichsten ûnder har dat, wannear't it kabinet syn ûntslach net yntsjinnet, in paleisrevolúsje oansteande is. Tsjin dit lewant sjogge hja it ferdwinen fan 'e minister fan kultuer as it ferneamde teken. Dat mefrou Krûmhout it slachtoffer wurden is fan in gewoane roofmoard, wurdt dan ek útsletten achte. De bft hâldt it foar wierskynlik dat it ferdwinen fan 'e minister ferbân hâldt mei it besykjen fan yntriganten om it regear te desyntegrearjen, en as twadde stap, fan 'e te ferwachtsjen ûnrêst en labiliteit gebrûk te meitsjen om de macht yn hannen te krijen. Dat dizze gearspannende politisy dêrby sokke middels as moard, subsidiêr kidnapping, net út 'e wei geane, ferûntrêstiget de bft yn hege mjitte. De mooglikheid dat de steatssekretaris fan definsje rjochtstreeks of sydlings de hân yn it gefal Dr. Krûmhout hân hat, wurdt neffens ús sisman mei grut meartal fan stimmen fersmiten. De algemiene opiny is dat de aspiraasjes fan 'e steatssekretaris har beheine ta in boarrel en in bloeskefol. | |||||||||
[pagina 41]
| |||||||||
Winliken, sa waard ús sein, is elkenien fertocht, mei't de ûnfrede mei it hjoeddeiske bewâld tige algemien is, en dizze situaasje ferswierret it ûndersyk begryplikerwize yn in net te ûnderskatten mjitte. Achte harkers, ik haw besocht jimme in yndruk te jaan fan 'e ferûntrêstende ûntwikkelingen yn ús goede stêd Ljouwert dy't as de himel it net ferhoedet, ta in katastrofale ein liede kinne. Oerflakkich sjoen knikkebollet de stêd yn lannelike rêst en frede. Noch lizze de grêften as in spegel, jit skite de protters op 'e dakken. Mar it is de stilte foar de stoarm. De bile leit oan 'e woartel! Dit wie Hanenburg mei in sprutsen brief út Ljouwert.
Yn dizze útstjoering hawwe jimme harke nei ús korrespondint te Ljouwert. Oant acht oere ta folgje no resinte opnamen fan it Frysk Orkest. Om acht oere presys hopet de direkteur fan ús radiostifting in koart wurd ta jimme te sprekken.
Achte harkers, lânslju. It is my jitris in behoefte inkele mominten mei jimme stil te stean by ien fan ús moderne kommunikaasjemiddels, te witten: de radio. Achte harkers. It sil jimme opfallen wêze dat Hanenburg oan it begjin fan dizze útstjoering as namme fan ús stjoerder neamde Je Maintiendrai en guon fan jimme sille faaks tocht ha dat hy him fersinde want ús stjoerder stie ommers bekend ûnder de namme Nulli Cedo. En yndied, dat wie oant no ta ús namme en devys nulli cedo - ik wyk foar neat! Troch omstannichheden twongen hawwe wy dy namme lykwols falle litte moatten. Begryplikerwize siet de polysje ús altyd al efter de boksen mei syn peilweinen om't ús stjoerder klandestyn is. In stjoerder boppedat dy't net in jabroer wêze wol, in sjerpstriker, mar ien dy't syn protest hearre litte wol tsjin alle korruptens en | |||||||||
[pagina 42]
| |||||||||
rottigens yn ús maatskippij! Ien dy't de stim fan 'e beneare, mar frije minske yn 'e húskeamer fan 'e ûnfrije Friezen - o skande! - klinke litte wol. Sûnt inkele wiken hat de spesjale tsjinst fan 'e rykspolysje ús mei grut materiaal beleage, en doe't wy begriepen dat de ûntdekking en it dêrút folgjend ynbeslachnimmen fan ús radioapparatuer noch mar in kwestje fan oeren wie, ha wy besletten om tydlik út 'e eter te ferdwinen en ús ynstruminten sa gau mooglik yn feilichheid te bringen. Us stjoerapparatuer is no ferdield oer trije ferboude bromfytsen, sadat wy ús tige maklik ferpleatse kinne. Wy stelle ús foar om alle dagen fan in oar punt út te stjoeren en fuortendaliks nei elke útstjoering op te brekken. Us tocht lykwols dat wy no net langer de namme Nulli Cedo oanhâlde koene mei't wy - sij it foar in oermacht en sij it net út eangst foar it faaie liif, mar út it betinken dat de stim fan 'e frije minske wichtiger is as in heroyske mar doelleaze ûndergong - mei't wy sei ik, útwykt binne. Yn oerlis mei ús korrespondint Hanenburg en omropster Tsjitske hawwe wy dêrom as nije namme foar ús mobile stjoerder keazen: Je Maintiendrai - ik sil hânhâlde! Ik tankje jim minlik foar jim omtinken. Goejûn, achte harkers. Wolterêsten.
Myn wjeraks yn it skriuwen fan in normale roman is benammen te witen oan' e feiten dat de keunst sa skriklik keunstmjittich is en de wierheid fan in keunstwurk in smoarge leagen.
Doe spriek de minske: Hear, lit myn flesk wer ta my komme. Want de begearte is útdwêst en de stipe is my ta in strik wurden. Lit my allinne wêze, Hear, dat ik de woldiedige bitterens fan 'e iensumheid priuw. | |||||||||
[pagina 43]
| |||||||||
Doe liet God in djippe sliep oer de minske komme en hy, naam de minske syn frou en foege har biente en har fleis ta oan it biente en it fleis fan 'e minske. En de minske sei: Sjoch, har biente en har fleis rêste yn myn lichem en yn my hawwe alle geslachten har grêf fûn. Ik tankje jo, Hear, foar dizze bitterheid. En hy skriemde de gânske dei. Doe waard it jûn en it waard moarn. De minske waard wekker fan it gebletter fan 'e lammen en it getsjotter fan 'e fûgels, en hy kaam oerein en ferblide him oer it selskip fan it dierte. Doe spriek de minske: Hear, ik haw myn niget oan 'e lammen en ik ferbliidzje my oer de fûgels. Nim har wei, Hear, dat ik de woldiedige bitterens fan 'e iensumheid priuw. God antwurde de minske: Sjoch, ik haw dy hearskippij jûn oer it dierte datsto hearskje soest oer de bisten dy't omgeane oer de ierde, oer de fûgels dy't troch de loft fljogge en oer de fisken dy't de seeën folje. Sjoch, se binne yn dyn hân, ûntnim do har namme en wêzen. Doe rôp de minske de bisten by har namme, elk foar oar, en hja wiene net mear. En de minske spriek: Al wat oer de ierde omgyng en troch de loft fleach en de seeën folle, is net mear. Ik tankje jo, Hear. En hy skriemde. En it waard jûn en it waard moarn. De minske waard wekker út 'e sliep. En hy seach de skientme fan it gewaaks en hy roek de swietrook fan allerhanne blommen, en syn hert waard fleurich yn him. Doe heve de minske syn lûd ta God en sei: Hear myn hert fernoeget him oer de skientme dy't jo lein hawwe yn it griene krûd en myn each en myn noas ferlustigje har yn 'e bûnte kleuren en de swiete roken fan allerhanne blommen. Nim har wei Hear, dat ik de woldiedige bitterens fan 'e iensumheid priuw. God antwurde de minske: Ta dyn freugde skoep ik se. ta dyn fertriet nim ik se wei. En it griene krûd, en de bûnte | |||||||||
[pagina 44]
| |||||||||
blommen, en de swiere beammen, en al wat út 'e ierde sprút en waakst, dat wie net mear. En de minske sei: Neaken en swart leit de ierde en wêr't myn sinnen har yn ferbliden is net mear. En hy skriemde. En it waard jûn en it waard moarn. De minske waard wekker doe't de sinne boppe de kym kaam en mei kleurige fingers nei de wolken taaste, en hy genoat fan it spul fan sinne en wolken. Doe spriek de minske: Hear, ik genietsje fan 'e sinne en it spul fan 'e wolken nimt my yn 'e besnijing. Nim se wei, Hear dat myn bitterheid folslein wurdt. En God naam de sinne en de moanne en de stjerren wei en hy bloes de wolken fuort en hy sljochte de bergen dêr't de himelen op rêst hiene. Doe siet de minske yn it neare tsjuster. Dei en nacht wiene net mear, en hy wist net hoelang't er yn grutte smert siet te tinken oan alles wat er leaf hân hie en moedwillich ferlern. En hy sei: Hear, alles wat jo my joegen hawwe jo my wer ôfnommen. Sa is it goed, Hear, myn bitterheid is folslein. Of dochs net, Hear? Mar God antwurde: Swij, minske! Woesto as God wêze? De minske antwurde dimmen: Nee, Hear mar kin de bitterheid noch djipper? God spriek: Dyn bitterheid soe it hielal folje as ik dy ferliet. Wolsto dat, minske? De minske antwurde jitris: Nee, Hear ferlitte jo my net. Dy bitterheid soe ik net ferneare kinne. Doe naam God de minske wei dat hy net mear wie. En yn God streamde de bitterheid fan ierdryks einen gear en de bitterheid waard God. En de ein fan alle dingen wie de Bitterheid.
Om fan in keunstwurk genietsje te kinnen, moat men der om | |||||||||
[pagina 45]
| |||||||||
tinke, dat de persoan fan 'e keunstner him net tusken jin en syn wurk pleatst. Wat men ûnder eagen kriget en yn jin opnimt moat men besykje alhiel los te sjen fan de skepper, lit ús mar sizze: de auteur. Lêst men bygelyks de hertstochtlike leafdesfersen fan A, dan moat men ferjitte dat dy A yn syn partikulier libben in bloedhûn is dy't syn frou as in dweil behannelet. Kin men dat net en dûkt efter it byld dat men jin foarmet fan de nei leafde smachtsjende feint út 'e gedichten hieltyd de noartske bloedhûn A op, dan sizze dy fersen jin neat, of - mar dat is heel wat oars - dat A de wrâld ek noch bedonderje wol en foar it each fan 'e minsken de moaie jonge úthingje. Ik nim oan dat de measte minsken neat gjin muoite hawwe om har relaasje ta in wurk frij te hâlden fan sokke steuringen. Mar in inkeling ken de auteur fan tige neiby, en wat men út opstellen en boekjes oer skriuwers oan 'e weet komt is útsoarte flatearre. Oars wurdt it as men sels skreaun hat en út erfaring wit hoe'n grutte ferneukefikaasje as keunst is. Men ûntkomt der dan soms net oan om te gnyskjen om de oangripende passaazjes út kollega's wurk. Soms, lang altyd net gelokkich. De swierrichheden komme foargoed los as men konfrontearre wurdt mei eigen wurk en ûntdekt hoe slim't men ôfstekt by de figuer fan de skriuwer. It is tige heilsum om op in dei dat je in min sin hawwe en thús de sfear ferpeste in part út eigen wurk te lêzen, like heilsum as it lêzen fan je âlde leafdesbrieven wannear't je in jier of fiif troud west ha. (It boppesteande haw ik in twa moanne lyn skreaun, dat ik wit net presiis mear wat hjirop folgje moat, of moast.) Ik sil net hinnegean en mysels ôfgryslik swart meitsje: wat mear't men jin beskuldiget, wat mear't men jin ûntskuldiget. Ik sis allinne dat de auteur sympatiker is as de persoan. As ik skriuw, dan bin ik net dy't ik bin. Dan gean ik nei in plak | |||||||||
[pagina 46]
| |||||||||
dêr't se my net kinne en dan spylje ik de moaie mynhear. Ik doch it wolris raar miskien en ik haw wolris ûnfoech praat mar ik pas der o sa op dat ik dúdlik útkomme lit dat ik by einsluten in man bin dy't it goede wol. Yn lêste ynstânsje doch ik in berop op des lêzers sympaty. Winliken profitearje ik fan in âld en hecht misbegryp oan 'e kant fan lêzers en auteurs beide. Dit misbegryp nammentlik dat in auteur skriuwt om't er earne troch rekke is, om't er syn (dè) bedrige wrâld beskermje, ferdigenje wol, opkomt foar syn (dè) minsklike wearden. De skriuwer ferwart him skriuwende. Ek as er oanfalt, as er flokkend en rachend op de wize fan de angry young men alles ferwâdet en besmotsket oant en mei himsels, dan ferwart er him. En wat dêr mei syn plat ferstân net by kin, mei fan de kritisy oannimme dat it ûnsympatike gedrach fan ús lilke jongkeardel te witen is oan in psychysk defekt, gefolch fan 'e tiid, sis mar de oarloch (Hitler is dochs al dea). Hy soe wol graach bidde wolle, mar hy kin allinne flokke, hy woe wol graach leafhawwe, mar kin oars net as haatsje etcetera, je moatte alles omkeare. As je trouwens haadstik seis neilêze, seit de kritikus, dan fine je it foarfal wêrtroch't de boaze jongfeint 180% út 'e koerts sloech mei ham en gram beskreaun. Ja, dêr hat er útsoarte wol foar soarge, ús angry young man dy't him alle moarnen foar de spegel trije kertier lang oefenet yn 'e keunst fan it mâlsjen, tagelyk mei fan en ta in oandwaanlik toanieltsje, leafde foar bisten of sokssawat, dat slacht altyd nochal yn. Lit him in fersûpte kat yn syn eftertúntsje begrave, succes verzekerd. Hawar, de wrâld wol bedondere wurde, en miskien moat men wol bliid wêze mei dy eigenskip wêrút bliken docht dat de minsken graach it goede fan in oar tinke. Hoe't it wêze mei, ik haw gjin inkele yllúzje dat tsjinoer de boppe-oantsjutte miening dat de auteur skriuwt út 'e need fan syn | |||||||||
[pagina 47]
| |||||||||
knoeid bestean, myn stelling wjerlûd fine sil: de auteur skriuwt om't er in smearlap is. Mei ûnwillige minsken is it kwea diskusjearjen, dêrom sil ik net besykje myn stelling te ferdigenjen. Ik kin it nammers ek net, teminsten op dit stuit net. Miskien kin ik yn 'e rin fan dit boek nochris op dizze kwestje weromkomme. Of is jo út 'e foargeande siden al dúdlik wurden dat Tr. R. in smearlap is en ha jo gjin nije bewizen nedich? Dan hawwe jo my spitigernôch net begrepen, want ik bedoel net dat iksels in smearlap bin - dat bin wy by einsluten allegear - mar ik bedoel de autèùr. Ik bin lykwols ree om ta te jaan dat ik sels oanlieding jûn haw ta dit misferstân trochdat ik my ûndúdlik útdrukt haw. Dêr docht útsoarte út bliken dat de saak mysels ek net klear foar de geast stiet. Ik moast winliken pas skriuwe as ik myn miening ree hie, mar it spitige is dat ik allinne mar tinke kin as ik skriuw, of: trochdat ik skriuw. De pin en it ûnbeskreaune papier fiterje myn harsens al mar wer oan. Ik skriuw om beskate dingen kwyt te wurden of te oerwinnen, mar benammen om mysels kennen te learen en mei mysels yn it reine te kommen. Ik strui my gjin sân yn 'e eagen mei de idele hoop dat jo dit lêste net yn e rekken hiene. Ik wit dat jo allang witte wat ik krekt wit of dwaande bin oan 'e weet te kommen. Jo hawwe my folslein troch, foar jo bin ik in iepen boek. Ik wit it. Skielk sille de kritisy yn inkele treflike sinnen gearfetsje wat ik hjir mei gâns wurden bestammere haw, en my en passant dúdlik meitsje wat my noch net helder wurden wie. Lit my as tapassing op 'e preek jimme dit wurd mei nei hûs jaan: it is neat net slim om as ûnbegrepen mins troch de wrâld te gean, mar in kwelling is it witten dat elkenien je troch hat.
Dit stikje nochris oerlêzend kom ik ta de konklúzje dat ik wer raar fan it halleluja yn 'e klompen slein bin, lykas gewoanlik. | |||||||||
[pagina 48]
| |||||||||
It hinget as los sân oaninoar, wylst ek de styl oan 'e ein gâns swakker is. De earste alinea, mei dy machtichmoaie sin Om fan in keunstwurk genietsje te kinnen... hie bêst yn De Tsjerne stean kinnen. De rest is geouweteringhoer, hoewol't ik hjir miskien beskieden ferwize mei nei ús tsjintwurdige lânsman Van het Reve. Is it jo opfallen dat dy begjinsin wat eigenaardich yninoar sit? De mooglikheid dat dy sin net doocht kin rêstich útskeakele wurde om't ik wat de grammatikale kant fan it Frysk oangiet aardich wis op 'e knikkert bin. Ik woe jo foarslaan dizze sin te ûntleden: moat men der om tinke, dat de persoan fan de keunstner him net tusken jin en syn wurk pleatst is de haadsin, wêrfan't it lêste part, dat de persoan... etc. in bysin is, de presisearring fan it foarriedige foarwerp der, dat ik it leafst oantsjutte soe as in saaklik foarwerp, mar dat troch in nuver misferstân oarsaaklik foarwerp neamd wurdt. No, hawar, dat de persoan... ensfh. is dan in oarsaaklik-foarwerpsin. It nijsgjirrige is it begjin fan 'e sin: Om fan in kunstwurk genietsje te kinnen. It earste dat opfalt is dat dit sinstik beknopt is, der stiet gjin ûnderwerp mei persoansfoarm yn. Wiziget men it sinstik safolle dat dy twa der al yn komme, dan wurdt de beneaming in stikhinne makliker. Men kin dan ferskillende konstruksjes meitsje dy't mei ferskillende bynwurden oan it haadsinstik ferbûn binne:
| |||||||||
[pagina 49]
| |||||||||
De kursivearre sinstikken binnen te beneamen as:
Ik wol no hinnegean en hifkje dizze mooglikheden om te ûntdekken hokker de bedoeling fan it oarspronklike sinstik it bêst werjout. De earste mooglikheid skeakelje ik fuortdaliks út, om't yn dizze sin net fan in werklik betingst sprake is. Dat hat men bygelyks wol yn in sin as: As ik slagje, krij ik in fyts. It slagjen is hjir it betingst foar it krijen fan in fyts. Slagje ik net, dan krij ik gjin fyts. Dat is logysk. Kin men lykwols stelle dat it feit dat men fan in keunstwurk genietsje wol it betingst is om dêr om te tinken? Dat is ûnsin. En noch ûnsinniger wurdt it as men dizze sin yn it negative oerbringt. As men net fan in keunstwurk genietsje wol, dan moat (hoecht, mei) men dêr net om tinke! Mei it twadde foarbyld, dêr't it fjirde him nau byoan slút, komme wy richter ta de kearn. It feit dat men fan in keunstwurk genietsje wol, is hjir de reden (of de oarsaak, dat is hast net te skieden) foar it dêr om tinken. Formeel is de saak ynoarder, ik soe dizze oplossing wol mei in 6 honorearje kinne. Heger ek net, want - mar dan redenearje ik net langer strikt grammatikaal - der docht in libbenshâlding út bliken dy't ik as kwyk en feardich minske net daaie kin, in geast fan: ik moat dat wol dwaan, want sa en sa. It is de redenearring fan in sleau minske dy't by himsels ûntdekt dat er blykber fan keunst genietsje wol en fangefolgen dêr wol om tinke moat. De sûch tinkt yn it skema fan reden (oarsaak) - gefolch. It sil jo opfallen wêze dat ik yn it fjirde foarbyld dit gefolchsmjitti- | |||||||||
[pagina 50]
| |||||||||
ge besocht haw útkomme te litten troch in aksintsje op moat en troch it ynfoegjen fan it modale wurdtsje wol. It sinstik Men moàt dêr wol om tinke bliuwt grammatikaal sjoen de haadsin, mar men kin it psychologysk in bysin fan gefolch neame. (As je psychologysk maar dutsen binne, dan kinne je rêstich de wrâld op syn kop sette). De sûch tinkt yn it skema fan oarsaak-gefolch, hy wurdt sa te sizzen troch de feiten foarút dreaun (oarsaak en reden leit efter jin), hy mòàt wol. De man dy't wit wat er wol lit syn libben net beskiede troch oarsaken en redenen, mar hy stjoert dat libben oan op it doel dat er keazen hat. Hy hannelt net òmdat, mar òpdat. Syn dieden binne gjin gefolch fan it ien of oar, mar se binne it middel om syn doel te berikken. Parallel redenearre mei it boppesteande kin men moat men dêr om tinke yn 'e tredde sin psychologysk in bysin fan middel neame. It sil dúdlik wêze dat de foarstelling fan saken sa't dy bliken docht yn sin 3 my it meast sympatyk is. Ik stel dan ek út om ús oarspronklik sinstik Om fan in keunstwurk genietsje te kinnen te beneamen as in beknopte bywurdlike bysin fan doel.
Ik soe my skoan foarstelle kinne dat dit stikje taalkunde jo net bot weitôge hat. Persoanlik fyn ik grammatika wol sa nijsgjirrich as literatuer, mar der binne no ienris gjin twa minsken gelyk. Ien fan 'e wûnders fan 'e natuer: jo fine oan in beam gjin twa gelikense blêden, sei ús dûmny altiten (en jo dûmny wierskynlik ek). Yn alle gefallen sil ik ta kompensaasje fan dizze oerbewuste grammatikale pluzerij in ferhaaltsje fertelle dat rjochtstreeks en ûnbesmotske fan it yntellekt út it ûnderbewuste ôfkomstich is: Ik dreamde in twa, trije moanne lyn dat ik boppe in bus fleach dy't mei frij grutte snelheid oer in rjocht ein dyk stode. De bus hie gjin dak en der sieten, dat koe ik sjen, gjin min- | |||||||||
[pagina 51]
| |||||||||
sken yn. De sjauffeur koe ik mar amper ûnderskiede, mar ik wist dat it myn frou wie. Fuort dêrop ride myn frou en ik yn in autootsje. Wy swaaie foar in flapbrêge loftsôf en ride by in kanaal of grêft lâns oer in kaai fan giele stiennen. Rjochts is wetter, lofts steane huzen, minsken binne nearne te bekennen. (It stedsbyld die my doet ik wekker waard oan Dokkum tinken. Wêrom, dat wit ik net). De grêft en de kaai rinne minofmear krûm, krekt oft se in stik fan in sirkel útmeitsje. Ynienen hâldt de strjitte op en wy steane mei ús autootsje foar de eastlike punt fan in tsjerkhôf. (Hoewol't ik my net yn 't sin bringe kin dat ik de tsjerke sjoen haw, moat dat hast wol sa west ha, oars hie ik net witte kinnen dat wy oan 'e eastlike kant fan it hôf stiene). Wy stappe út 'e auto en rinne troch in grippeltsje tusken beammen lâns oer it hôf. Ik rin foar, myn frou bokselt efter my oan. (Ut it ferfolch soe men ferûnderstelle kinne dat myn frou nèt efter my oan rûn is mar, hoewol't ik net omsjoen haw, bin ik derfan oertsjûge dat se dat wòl dien hat. Ik haw har oanwêzichheid dúdlik efter my field). Foar ús, oan 'e súdeastkant fan it hôf, steane in stik of seis dragers om in kiste hinne. Se steane sa't it liket op it punt om har plicht te dwaan. Dan is de situaasje wer hielendal feroare. Myn frou is net mear by my. Ik rin op in keal ein dyk yn westlike rjochting. De dyk en it lânskip ha gâns wei fan 'e situaasje tusken Dykslobbe (tusken Holwert en Blija, op 'e grins fan Westdongeradiel en Ferwerteradiel) en it punt dêr't no de nije rûnwei efter Blija lâns begjint. (Yn myn dream wie fan dy rûnwei neat te bekennen). Efter my oan, op in distânsje fan tritich meter, komt in nuvere optocht. Foarop rint in jonge yn grize, ferwosken gestichtsklean. Syn âldens is min te skatten om't it gesicht dúdlik dat fan in geastessike is. Efter de jongkeardel rinne in stik of fjouwer minsken dy't yn it swart klaaid binne. De efterste fan harren sjongt in liet oer de geastessike, dy't, | |||||||||
[pagina 52]
| |||||||||
dat docht bliken út it liet, in moard begien hat. It liet dat de man sjongt giet my troch ieren en sinen, net om't it grouwélich, mar krekt om't it sa manjifyk is. Yn dit liet wurdt it leed fan 'e ierde gearballe en tagelyk omsmolten ta in jubel fan gloarje en oerwinning. De sjonger ûntskuldiget de moardner net, hy beskuldiget him likemin, want de fraach nei de skuld ynteressearret him net. Hy konstatearret dat der leed is, en dit fertriet, los fan 'e situaasje, los fan it hoe en wat en wêrom, dat ynspirearret him. De trije manlju tusken de moardner en de sjonger litte gjin inkele emoasje skine. It aldergekste is dit: tusken de optocht en my yn springt in nar mei in beltsjemûts op 'e kop oer de dyk hinne en wer. Hy hat in stôk of stêf yn 'e hân en fan en ta, as er flak efter my is, jout er my dêrmei in dúst yn 'e rêch. Wylst ik my dan lilk omdraai, springt er lûd laitsjend mei healwize bokkesprongen werom nei de fiif manlju. It jout my gâns argewaasje, want ik wol nei it liet harkje. Ik rin in stap hurder om dy gek kwyt te wurden, mar hieltyd sit er wer efter my om my mei dy stôk te nytgjen. Ik stean him ek net rjocht, want hy hat dúdlik wat demoanysk, mar bang dat er my wat dwaan sil bin ik net, want de sjonger dy't efter ús oan komt kin alles sjen en dat stelt my op myn gemak. Ik fyn him sympatyk. Doe't ik de moarns wekker waard en dizze dream my yn 't sin skeat, wie myn earste gedachte: ik moat tenei sà skriuwe, lykas dy man song. No't ik der faker oer neitocht haw, wol ik my net oan dat dit de iennige betsjutting is, want dit ienfâldich boadskip stiet yn gjin ferhâlding ta de kompleksens fan de út trije dielen besteande dream. Ik haw yntusken in oplossing fûn dy't de ferskillende fasetten fan 'e dream ta har rjocht komme lit, mar dy't tagelyk in pear fragen opsmyt: Ut de feiten dat myn frou yn 'e earste beide dreamdielen oanwêzich is, mar yn it lêste part nèt, dat der sprake is fan in deakiste en fan in moardner, folget dat ik myn frou fermoar- | |||||||||
[pagina 53]
| |||||||||
de haw. De geastessike yn syn gestichtsklean, de skuldige, dy't troch syn kranksinnichheid folslein ûntskuldige wurdt, bin ik. It oandústen mei de stôk dat it duveltsje docht soe te'n doel hawwe kinne om my te twingen efterom te sjen en sadwaande mysels yn myn beroaide steat rinnen te sjen. Wat no net mei dizze oplossing strykt is dat ik hielendal gjin ôfgriis fan dy jongkeardel haw, hy ynteressearret my winliken net, wylst de sjonger him yn syn liet ek hielendal net oanklaget. En wat foar sin hat it by einsluten dat ik yn 'e dream op myn moardlustichheid wiisd wurd, as ik foar dat feit tagelyk ekskusearre wurd?
Goejûn, achte harkers! Hjir is Hanenburg fia de Mobile Geheime Stjoerder Je Maintiendrai. It hat der in soad fan, achte harkers, dat ús goede stêd Ljouwert op 't stuit besocht wurdt troch pleagen lykas yn 'e âlde tiid it lân Egypte. Amper is it iene ynsidint yn it ferjit fersonken of in oaren nimt jins tinken yn beslach. Wy hawwe jimme in set lyn fertelle moatten fan 'e tragyske dea fan 'e sportman Jentsje de Jager. Yn 'e ôfrûne wiken kaam dêr in twad mysterieus gefal by: it ferdwinen fan 'e minister fan kultuer, Dr. Jacoba Krûmhout. Tagelyk moasten wy jimme doe op 'e hichte bringe mei de benearjende ûntwikkelingen yn it regear dy't har stadichoan mear ferwiderje fan in punt wêrop't in demokratyske oplossing noch mooglik is. Hjoed, achte harkers, moatte wy jimme it nijs trochdwaan fan 'e ynbraak yn it nôtpakhús fan Noordenbos wêrby't mear as fiifhûndert balen weet stellen binne. De ynbraak waard fan 'e moarn om tsien oere hinne ûntdutsen troch de personielschef, de hear F. van der Woude, dy't by it reemeitsjen fan in oarder it ûntbrekken fan in grutte partij nôt konstatearre en fuort derop ta de ûntdekking kaam dat der yn 'e skodoar oan 'e kant fan it kanaal in oeribel grut gat | |||||||||
[pagina 54]
| |||||||||
slein wie, in gat fan likernôch ien meter heech en oardel meter breed. De polysje, dy't op slach troch de yntusken ynljochte eigener, de hear Noordenbos alarmearre waard, is ûnder grutte belangstelling fan sjoernalisten en omstippers in wiidweidich ûndersyk begûn. Om't it dúdlik wie dat de ynbrekkers oer it wetter kommen binne, hat de polysje neifraach dien by de ferskillende bewenners fan frachtskippen en arken, en ek by dy fan 'e huzen oan 'e kant fan it kanaal. Wat dit lêste oangiet, dat hat neat opsmiten. Inkele skippers en arkebewenners hawwe lykwols tusken ienen en trijen fannacht in sêft polskjen yn it wetter fernommen, dêr't hja ynearsten gjin omtinken oan jûn hawwe, mar dat har fan 'e moarn, nei't de ynbraak bekend wurden wie, dochs wat ûngewoan foarkaam. It eigenaardige fan it gefal is dat men mei in skip dat even grutter is as in roeiboat net út 'e fuotten komme kin, noch de stêd djipper yn, noch de stêd út, om't oan 'e iene kant fan it pakhús in piip is en oan 'e oare kant in brêge, de platte Twellebrêge, dy't mar in goed meter boppe it wetteroerflak leit. De polysje mient bewize te kinnen dat de Twellebrêge yn 'e ôfrûne nacht net ôfdraaid west hat, sadat de mooglikheid dat de dieven mei in grutter skip oan it pakhús ta fearn binne, útsletten is. Utsoarte binne de skippen yn 'e ûnmidlike neibyheid fan it pakhús oan in minutieus ûndersyk ûnderwurpen, mar dat hat gjin resultaat opsmiten. Kommissaris Van den Burg, dy't him persoanlik belêste hat mei de lieding fan it ûndersyk, dielde mei dat er, ynearsten allinne as wurkhypotese, oannimt dat de dieven it nôt mei roeiboatsjes oant foarby de Twellebrêge brocht hawwe en dêrnei oerladen yn in frachtskip of op auto's. Yn it earste gefal moat de bende beskikke oer in skip, wat him persoanlik net oan woe, mar foar alle wissichheid binne syn ynspekteurs | |||||||||
[pagina 55]
| |||||||||
dwaande de binnenskippers yn 'e wide omkriten fan Ljouwert oan 'e tosk te fielen. Hawwe de dieven gebrûk makke fan in auto, wat kommissaris Van den Burg wierskynlik achtet, dan moatte se altyd in kear of seis, of as it in grutte auto west hat in kear of trije, fjouwer, riden hawwe, fan it kanaal nei har skûlplak, wêr't dan út folget dat dit skûlplak net tige fier fuort wêze kin. Hoefier, neffens syn yndividuële skatting, woe de kommissaris net sizze. Hy lei der jitris de klam op dat dizze hypotese noch troch gjin inkele ûntdekking oannimlik makke wurdt en miskien earder tsjinspraak fynt. Yn it feit bygelyks dat de skippers oan 'e bûtenkant fan 'e Twellebrêge neat fernommen hawwe, wylst dêr neffens de neamde hypotese gâns boatsjes passearre en útladen wêze moatte. Of ek yn it feit dat nimmen fan 'e bewenners fan 'e huzen oan it kanaal it oan en ôf riden fan auto's murken hat, wat dochs, benammen it oplûken, gâns lawaai feroarsaket. Kommissaris Van den Burg woe de mooglikheid dat de dieven normaal fia de yngong oan 'e strjitte it pakhús yn en út gien binne, en dat dus dy fernielde doar in opsetlik oanbrocht falsk spoar is, ek net mei ham en gram fersmite, mar dy ûnderstelling wie neffens him yn tsjinspraak mei it feit dat tusken ienen en trijen troch ferskillende persoanen bewegingen yn it wetter fernommen binne. Dy fernielde doar levere, sa sei de kommissaris, dochs noch inkele fraachtekens op. Yn 't foarste plak is it gat fan 'e grûn ôf mar in meter heech, sadat in minske der allinne krûpendewize trochhinne kin. Nimt men dan oan dat fiifhûndert balen weet troch dit gat sleept binne, dan freget men jin ôf wêrom't de dieven ynstee fan dizze tiidslinende en muoisume proseduere net in makliker wei socht hawwe, bygelyks troch it slot fan 'e doar te forsearjen. In twadde eigenaardichheid neamde de kommissaris it feit | |||||||||
[pagina 56]
| |||||||||
dat it hout, dat de dieven út 'e skodoar brutsen hawwe, yn alle spuonnen slein is, krekt of hie ien der kachelhoutsjes fan meitsje wollen. De grutste stikken binne in sintimeter of fyftsjin lang. In ferklearring koe de kommissaris hjirfoar net jaan, of it moast wêze dat it gat net mei in bile makke is, mar mei in beitel, wêr't dan gâns tiid mei hinne gien wêze moat. It grutste probleem foarmet foar kommissaris Van den Burg it motyf ta dizze ynbraak. Mei wat doel hawwe de dieven dy fiifhûndert baal weet stellen? Nimt men oan dat se dizze partij hjir of dêr slite wolle - en wat moatte se der oars mei? -, dan sil har dat grutte swierrichheden jaan. Boppedat waacht de wearde fan dit weet net op tsjin it wurk dat de fjouwer, fiif of noch mear dieven ferset hawwe, en benammen net tsjin it risiko fan ûntdekking. Yn koarten, achte harkers, de ynbraak yn it nôtpakhús fan Noordenbos levert yn in stikmannich wiken it tredde gefal op fan in mysterieuze misdied, wêrby't de polysje wat motyf en tadracht oanbelanget folslein yn it tsjuster taast. Lokkich binne der by dit ynsidint alteast gjin deaden te betreurjen. Dit wie Hanenburg yn Ljouwert.
Ik sil jitris gear moatte oer eftergrûn en doel fan dizze roman, om't ik oars net mear sizze kin wat dit boek wurde moat, mar op 'en heechsten wat it wurde moatten hie. Ik haw no in lyts treddepart ôf fan it tal siden dêr't ik dizze roman op begrutte haw en neffens myn erfaring mei Fabryk leit dêr likernôch it punt wêrop't in roman him fiksearret. Is men dat punt foarby, dan kin men gjin nije motiven mear ynfiere en it lot fan 'e persoanen net mear keare, men kin dan allinne it boek (en faak ek de persoanen) noch ôfmeitsje. Dan komt it deropoan de winken te ferstean dy't je jesels jûn hawwe en de motiven te oarderjen en te ferweven ta in patroan, in slutend gehiel. It earste treddepart stiet likernôch gelyk mei de foarste twa be- | |||||||||
[pagina 57]
| |||||||||
driuwen fan it klassike drama, de eksposysje en de yntrige. It is it fûnemint dêr't it gebou op rêst. Is dit fûnemint swak en behindich, dan krijt men der gjin fatsoenlik hûs op, allinne ien fan fjurrehout en silverpapier. Oars sein, as je yn it foarste part temin stof gearbrocht hawwe dy't oanlieding jaan kin ta spanningen en ta konflikten tusken de persoanen, as je figueren net nijsgjirrich mar deagewoan ferfelend binne, dan sille jo je yn it restearjende twatreddepart de neilen fan 'e tûme frette moatte om in ferhaal te krijen dat net al te banaal is en dêr't ek noch in bytsje feart en in bytsje spanning yn sit. As ik dit skriuw, mei it each op dit boek, dan is it dúdlik dat ik my lang sa frij net mear fiel as yn 't begjin doet ik my foarstelde om allinne sa te skriuwen dat it my sels wille joech en allinne dat wat my yn 'e pin opkaam. In roman, ek ien as dizze, bliuwt in roman en freget om in ferhaal, om handeling en ûntwikkeling. Ik haw my al earder realisearre, yn it stikje dat datearre is op 12 juny, dat dit boek ek net ûnder dy algemiene wetten út komt, mar doe baarnde de oplossing fan dit probleem noch net op 'e neil. No't ik op dit stuit, op dizze histoaryske dei, (it is hjoed Leaffrouwedei, snein 26 septimber), it lizzen fan it romanfûnemint ôfmeitsje moat, sadat der in draachlik hûs op set wurde kin, wol ik jo, achte lêzer, (wêrom sil ik net ris in kear fatsoenlik wêze as it my mar in pear drippen inket kostet en my tagelyk in pear rigels fierder bringt?) noch in mannich dingen fertelle oer wat my foar eagen stie doe't ik oan dizze roman begûn, it globale konsept. Earst lykwols ûnderbrek ik dizze kausery foar in koart, mar dringend telefoanysk berjocht fan ús meiwurker Hanenburg.
Ik hoopje dat jimme my ferstean kinne, achte harkers, hjir is Hanenburg te Ljouwert. Ik moat jimme hjoed foar de twadde kear op 'e lea falle, achte harkers, mei in aaklik berjocht. Fan 'e middei, op | |||||||||
[pagina 58]
| |||||||||
ljochtskyndei, hawwe twa bern fan fjouwer en fiif jier in grouwéligen dea fûn. De beide jonkjes - de nammen meie fan 'e polysje noch net frijjûn wurde - boarten tegearre efterhûs yn in blikje dat oan 'e grêft leit. De mem fan ien fan 'e bern, dy't in tsien minuten lyn noch nei de beide jonkjes sjoen hie, hearde wylst se yn 'e foarkeamer wie ynienen moartsjen en skriemen. Bang dat der ien fan harren yn it wetter fallen wie, draafde de frou nei de bern ta, en wat se doe seach gyng al har eangstige tinzen teboppe. Yn 'e blikke stiene twa grutte bisten bûgd oer de bern en dwaande se op te iten. Op de skrille gjalp fan 'e frou doeken de bisten yn 'e grêft. Buorlju fûnen letter de frou dy't fan harsels fallen wie en de beide skeinde lykjes. Pas in pear oeren letter wie de frou bysteat om it barren oan 'e polysje te fertellen, wêrby't se de bisten hieltyd wer oantsjutte as in soart fan bargen mei lange sturten. Kommissaris Van den Burg, dy't noch dwaande wie mei de ynbraak-Noordenbos, woe gjin kommintaar jaan. Wat ús yn Ljouwert boppe de holle hinget, achte harkers, wy witte it net, mar der barre de lêste tiid dingen dy't fier bûten de roailinen fan it normale falle. De ûntsetting en fersleinens om dit tragyske gefal grypt yn al wider sirkels om him hinne, en tagelyk groeit de eangst. Wat foar bisten binne dit? Wat gefaar bedriget ús stêd? Oant safier dit berjocht. Dit wie Hanenburg yn Ljouwert.
Jo kinne de knop no wol wer omdraaie, lêzer, as jo dêr teminsten oanstriid ta hawwe - yn dat gefal nimme jo dit radiotsjeboartsjen serieuzer as ik it sels doch - en jou gedachten rjochtsje op de ferfetting fan myn ferhaal oer wat ik neamd haw it globale konsept fan dizze roman. Dy útdrukking is, as ik my de tinzen fan tsien moanne lyn besykje yn 't sin te bringen - it idee fan dizze roman is ein | |||||||||
[pagina 59]
| |||||||||
novimber '64 ûntstien - ryklik misliedend, want wat ik doe tocht en fuortdernei yn 'e earste siden fan dit boek beskreaun haw, dat foarmet earder in konsept fan wat ik nèt as fan wat ik àl woe. Mar it hat miskien ek wearde as men jin ris bewust makket wat men nèt wol. Wat ik net wer woe, dat wie in roman oer de moksis dy't it yn 'e maatskippij net bolwurkje kin, om't dit tema nei De Smearlappen, Kûgels foar in labbekak, Ferliezers en Fabryk ôfsobbe en ferfelend wurde is. In oar ûnderwerp wist ik lykwols net, en om't ik dochs wer skriuwe woe (save they forget, dat witte jo al), haw ik besocht fan 'e need in deugd te meitsjen, mei oare wurden: my ynspirearje te litten troch it unike feit dat ik gjin ynspiraasje hie, en fia myn boek oan 'e wrâld it boadskip te ferkundigjen dat ik oan dizze wrâld gjin boadskip haw. Dat klinkt fansels allegear hiel moai, mar ynearsten hie ik noch gjin letter op papier. Ik moast in ûnderwerp sykje wêromhinne ik myn stof (yn feite dus in net-besteande stof) gearsjitte litte koe, lykas in sêde sûkeroplossing om in triedsje (it byld is fan Jo Smit). As triedsje woe ik dan brûke de ferhâlding tusken de auteur en syn wurk wylst er skriuwt. Ut it ferhaal fan Smit, Mingd berjocht haw ik de rigel sitearre: Hy hat de saak op gong brocht, dat is syn skuld dêr't er nachts om wekker leit. Ik haw in fiifentritich siden tebek foarkomme litten of wie dizze skuld by ûngelok ûntstien, mar - oft Smit it der mei iens is, dat wit ik net - men moat it fergryp fan de auteur net omskriuwe as dea troch skuld mar as moard. En it is dy moard op 'e haadpersoan dy't my doe, en no noch, ynteressearret. Dy ynteresse is nammers net allinne it gefolch fan it lêzen fan Smits ferhaal, mar benammen fan it skriuwen fan Fabryk. De haadpersoan fan dat boek wie my ynearsten wol sympatyk, hoewol't er soms ryklik lang trochseage oer dingen dêr't in oar minske om gniist. Ik tochte dat ik him noch wol | |||||||||
[pagina 60]
| |||||||||
ûntwikkelje litte koe ta in mear lykwichtich minske dy't it allegear wat makliker nimt en dy't steun fynt by syn frou en yn syn húshâlding. Dat de kâns om dizze persoan yn oarewei te krijen nei de earste fjouwer, fiif haadstikken al fersjoen wie, dat wist ik net, it wie de earste kear dat ik in roman skreau. Heel lang haw ik hope dat it noch wol goed komme soe, oant ik op in stuit trochkrige - as hy besiket om te kokhalzjen - dat dizze fint net earlik wie, mar besocht syn figuer te rêden troch yn 'e sykte te flechtsjen, dat er syn ôfwikingen mei soarch opboude om in ekskús te hawwen foar syn lamlendichheid, en dat er dwaande wie syn minderweardichheidskompleks oer te kompensearjen (ynfeite lit er oan grutheidswaan). Doe haw ik dizze man falle litten en ik haw him twongen syn masker ôf te dwaan. Mar dat hat my gâns striid koste, want al hat men op in stuit de pest oan ien, him yn syn eigen hel brúnbakke te litten, dêr fersette jins humane gefoelens har dochs tsjin. By einsluten haw ik it dus wol dien, mar net sûnder in gefoel fan skuld, skuld oan in moard. It iene mei it oare, it feit dat de skriuwer him skuldich makket oan moard op 'e haadpersoan, dat er him yn syn boek foardocht as in sympatyk persoan, wat er sjoen dy moard en sjoen syn boargerlik bestean net is, en dat de skriuwer as boarger syn deistige argewaasjes net kwyt kin yn syn roman, himsels ûnder it skriuwen hieltyd tebekkringe moat - ik haw oer alle trije fasetten al skreaunGa naar voetnoot2 - dat hat my op it idee brocht om de skriuwende skriuwer, of de boarger op syn skriuwstoel, | |||||||||
[pagina 61]
| |||||||||
ta ûnderwerp fan in roman te meitsjen. Nei de ûntmaskering fan de helt, dy't bliken dien hat in smearlap, in labbekak, in ferliezer of in griemer te wêzen, like it my tsjinstich de auteur, dit sadistysk en sentiminteel brein, te ûntmaskerjen. Mei noch wat te fertellen oer de titel fan dit boek haw ik leau 'k it rûchste behimmele, mar it is better earst Hanenburg nochris oan it wurd te litten sadat ik by syn berjocht oanslute kin.
Goejûn, achte harkers. Hjir is Hanenburg fia de Mobile Geheime Stjoerder Je Maintiendrai. Earder as ferwachte wie, is de polysje deryn slagge om ien fan 'e meunsters dy't fan 'e middei de twa jonkjes deabiten hawwe, te pakken te krijen. Fan 'e jûn om in oere of acht seach in wachtmaster fan polysje net fier fan it plak dêr't oerdei it drama pleats fûn in grut bist troch de grêft swimmen. De wachtmaster loek beret syn pistoal en fjurre seis skotten ôf op it ûndier, dat daliks nei de boaiem doek, mar in skofrsje letter boppe driuwen kaam. Mei help fan touwen en heakken slagge it de wachtmaster en inkele foarbygongers it bist op 'e wâl te krijen. En doe die ta har ûntsetting bliken dat it in meunstereftich grutte rôt wie. In rôt, sa ôfgryslik en sa ûnfoarstelber grut, dat ien fan 'e omstanders fertwivele stammere: in minskrôt! en dêrmei it ûndier in passende namme joech. In rôt sa grut as in minske, in rôt dy't minsken yt! It bist is fuortdernei ûndersocht troch de gerjochtsdokter, de anatoom-patholooch Dr. Swart, assistearre troch de feedokter Kuipers en de biolooch Dr. Belgers. Neffens de ienriedige konklúzje fan dizze deskundigen giet it hjir yndied om in rôt, dy't yn gjin inkel opsjoch ôfwykt fan 'e gewoane eksimplaren, behalven dat dit meunster hûnderten kearen grutter is. It ûndier waacht 296 pûn. In ferklearring foar de reuzegroei fan dizze rôt is oant no ta | |||||||||
[pagina 62]
| |||||||||
net foarhannen. Wy hawwe ferskillende autoriteiten skille, û.o. Dr. Swart, mar nimmen, ek hy net, koe ús antwurd jaan op ús fragen. Troch de minister fan Binnenlânske Saken en it stedsbestjoer is in útgeansferbod ôfkundige fan jûns tsien oant moarns fiif oere, om't der freze wurdt dat mear minsken it slachtoffer wurde kinne fan 'e fraatsucht fan dizze ûnhuere meunsters. Kommissaris Van den Burg hat te witten dien dat syn aginten fannacht yn ploechjes fan trije en bewapene mei automatyske pistoalen troch de stêd surveillearje sille. Ynearsten is lykwols net bekend hoe grut it tal fan dizze minskrotten is en wat de meast effisjente bestridingswize is. Nimt men oan dat de rôf fan 'e 500 balen weet út it pakhús fan Noordenbos te witen is oan it optreden fan dizze rotten, en dat liket in heel oannimlike ferklearring dy't gâns punten opheldert, dan moat har tal frij grut wêze. Yn 'e útstjoering dy't earder op dizze jûn pleats hie, hawwe wy jimme, achte harkers, en ússels de fragen foarlein: Wat foar bisten binne dit? en: Wat gefaar bedriget ús stêd? Wat de earste fraach oangiet, dêr hawwe wy no it antwurd op krige. In antwurd lykwols dat de twadde fraach noch eangstiger en noch wanhopiger makket: Wat gefaar bedriget ús stêd? Sille wy in striid op libben en dea fiere moatte tsjin dizze neatûntsjende meunsters? It seit himsels dat it nijs as diggelfjoer troch de stêd rûn is en dat it oeral in fielen fan eangst en ûnmacht efterlitten hat. Op dit stuit ûndergeane de measte minsken it berjocht noch passyf, om't se it net begripe, om't it in grouwélige grap liket. Mar wat as it strak de ynwenners fan Ljouwert dúdlik wurdt dat it in grouwélige realiteit is? Sil de fan panyske eangst befongen befolking in maklike proai fan 'e rotten wurde? | |||||||||
[pagina 63]
| |||||||||
Wy witte net wat ús te wachtsjen stiet, achte harkers. Ynearsten hawwe wy noch muoite om wend te reitsjen oan it frjemde gefoel dat besit fan ús nommen hat, in gefoel dêr't sûnt lang gjin berop op dien wie: de eangst foar it ûnwisse, driigjende lot. Dit wie Hanenburg yn Ljouwert.
De minskrotten dus. Fansels, dat is foar jo gjin nijs, om't dat wurd op it omslach stiet as it boek printe is. De titel, en it motyf, binne lykwols pas ûntstien doe't ik al in ein skreaun hie oan dizze roman. De foarste side wie yndied ynearsten bedoeld as lokkebrea en ik wie net fan doel derop werom te kommen. Mar doe't ik dy grappige, of sa't jo wolle: flauwe stikjes oer dy swimwedstriid skreaun hie en betocht dat it wurd minskrotten wol in kommersieel ferantwurde titel wie, doe haw ik besocht it motyf fan rotten dy't in stêd bedriigje yn dizze roman te ferflechtsjen, minofmear ta rêchbonke te meitsjen fan dit boek wêrfan't myn literêre oprispingen it weake fleis en de yngewanten foarmje. Boartsjendewize is it wurd rotminsken, as omkearing fan minskrotten, ûntstien, en de kombinaasje fan dy beide - mei in fraachteken efter rotminsken om't it ferfolch noch dúdlik meitsje moatte sil oft de persoanen fan dit boek foar dy beneaming yn oanmerking komme - like my as titel in aardige fynst. Ik moat derop wize dat ik my hjirby ôfset tsjin Camus' De pest, wêryn't ek in striid fan in mienskip tsjin in driigjende ûndergong beskreaun wurdt. Mar wêr't Camus ta de konklúzje komt dat it minskdom by einsluten tafalt, dêr skel ik se leaver foar rotminsken. It oardiel oer jins meiminsken komt fuort út it oardiel oer jinsels. Sadwaande. Net dat ik my op dit stuit sa'n beroerdenien fyn. Spitigernôch, winliken, want it soe in hiel aardige yllústraasje wêze | |||||||||
[pagina 64]
| |||||||||
fan myn teoryen as ik my no yn it iepenbier oanklage foar it feit dat ik niis twa ûnskuldige bern fermoarde haw. Mar ik haw mominteel gjin lêst fan skuldgefoelens. Dy beide bern haw ik ek noait by har libben kennen, dat miskien rekket my har ferstjerren dêrom net sa bot. Yn alle gefallen, ik bin wol tefreden oer mysels. Ik haw hjoed gâns in ein skreaun foar myn dwaan en ik leau dat ik de ûnderbou fan dit boek genôch ferswierre haw om der mei sukses op fierder bouwe te kinnen. Ik sil ûnder it genot fan in kop kofje en in sigaret noch hurd even de Slach by Warns betinke en dan gean ik op bêd.
Goejûn, achte harkers, hjir is Hanenburg fia de Mobile Geheime Stjoerder Je Maintiendrai. Harkers, de bom is barst! Fan 'e moarn om healwei tolven is bekend makke dat it kabinet syn ûntslach yntsjinne hat. Dizze meidieling waard dien troch minister-presidint Bydel. De minister-presidint neamde as oarsaken fan 'e fal fan it kabinet de ûnienichheid ûnder de ferskillende ministers en beskate swierrichheden tusken kabinet en folksfertsjintwurdiging. Minister-president Bydel woe net neier op it aard fan dy swierrichheden yngean. Hy spriek mei klam tsjin dat der druk útoefene wie op it kabinet. It beslút wie, sa fersekere hy, yn folle frijheid nommen. De minister-presidint heakke hjir oan ta dat presidint Honder oerdei yn in radioboadskip ferskillende meidielingen dwaan soe. Foar de fraach wat mooglikerwize oansocht wurde soe as kabinetsformateur, ferwiisde de minister-presidint nei it radioboadskip fan presidint Honder. Sa't jimme, witte, achte harkers, hat Radio Jirnsum oerdei allinne syn normale programma útstjoerd en gjin inkeld wurd fan 'e presidint. Dit bewiist, mei de ferklearringen fan minister-presidint Bydel dy't mear fragen oproppen as beantwurde ha, dat dizze saak luzen hat. | |||||||||
[pagina 65]
| |||||||||
It is ek al heel eigenaardich dat yn 'e senaat neat bekend is fan de beskate swierrichheden dêr't Bydel fan spriek. De lêste moannen is der gjin inkeld wetsûntwerp troch de senaat torpedearre en gjin inkele moasje fan wantrouwen yntsjinne. It is dan ek hast net tinkber dat it kabinet ôfgiet om swierrichheden mei de folksfertsjintwurdiging, der moatte oare wriuwingen bestean dy't ta dizze krisis laat ha. Dy wriuwingen, wy hawwe se yn in eardere útstjoering al neamd, trede op tusken it kabinet, de amtnerij en de hegere offisieren. Wer't it krekt om giet, dêr is min efter te kommen, mei't dizze dingen har tige yntern ôfspylje. It binne skeelpunten dy't, as wy goed ynljochte binne, reitsje oan 'e grûnslaggen fan 'e demokraty. Dat de tsjintwurdige kabinetskrisis dêrom de ynlieding is ta in minder demokratyske regearsfoarm hoecht noch net wier te wêzen, hoewol't de mooglikheid op himsels tige reëel is. In spitige omstannichheid is - wat elkenien wit, mar noait útsprekt - dat presidint Honder in swak figuer is dy't him maklik beynfloedzje lit troch glêde praters dy't mear út binne op eigen foardiel as op lânsbelang. Dat ús demokraty in tige kwetsber plak hat yn 'e presidint hat nammers trije jier lyn al bliken dien by de reboelje om 'e loftssosjalisten. Mar yn konkreto, achte harkers, is der noch neat te sizzen oer de ôfrin fan 'e krisis yn it regear dy't hjoed ynset is. Wy hoopje jimme safolle mooglik op 'e hichte te hâlden. Wy begûnen dit kommentaar mei de wurden: de bom is barst. Wel, de bom is barst, dat witte wy, mar wy wachtsje noch op 'e knal. Dit wie Hanenburg yn Ljouwert.
Om't ik net wer it risiko rinne wol dat de prosessen har ûntwikkelje yn in rjochting dy't ik net bedoeld haw en dat ik konfrontearre wurdt mei resultaten dy't ik net foarsjoen haw, | |||||||||
[pagina 66]
| |||||||||
wol ik it lêste treddepart fan dizze roman hielendal foar mysels reservearje. Yn it lêste part wol ik in eachtsjûgeferslach jaan fan 'e tastannen yn Ljouwert. Hanenburg koe dat byneed ek wol dwaan, mar je witte noait wat hy der fan meitsje sil, der giet by einsluten neat foar de baas sels. Dêr komt om earlik te wêzen by dat Hanenburg my begjint te ferfelen mei syn klisjeetaal. De jonge bedoelt it allegear wol goed, dêr wol 'k neat fan sizze, mar 'k haw myn nocht fan him. It liket my fierwei bêst dat ik him tsjin dy tiid mar stjerre lit. Miskien kin 'k dan meiiens de moard op 'e haadpersoan noch wat oanskôgliker taljochtsje. Der sjit sachs wat om gear. Winliken wie ik fan doel om oer in hiel oar ûnderwerp te praten, nammentlik oer de grinzen dêr't de auteur foar stean bliuwe moat, de bûtenliterêre taboes. Ik bedoel fansels net it taboe op 'e seks, dêr't safolle oer te dwaan west hat. Dat taboe is ferbrutsen, en wol sa radikaal, dat wa't mient syn lêzers noch kjel meitsje te kinnen mei bleate peniskes him ûnstjerlik belachlik makket. It tiidrek fan 'e detaillearre en plastyske beskriuwing fan bêdsênes, foarsafier't dy te'n doel hiene it byld fan in karakter of in situaasje te komplemintearjen, is foarby. As men de leafde yn alle rangen en standen beoefene hat en der alle mooglike kompleksen oan skipe, dan kin men oars neat as de klean wer oanlûke. Winliken is it taboe op 'e seksualiteit weromkommen, mar yn in oare foarm. It is fan in bûtenliterêr taboe in literêr taboe wurden. Koe men foarhinne, in mannich jierren lyn noch mar, net oer de seks skriuwe om't it ûnfatsoenlik wie, no kin 't net mear om't it in ôflkôge ûnderwerp is. Op 'en heechsten kin men de kantekers noch wat ôfswylje, ik bedoel: de abnormale foarmen fan seksuële leafde literêr ferarbeidzje (ik haw sels ek noch in pear koarte ferhalen yn 'e holle - abonnearje jo op De Tsjerne), mar dêrmei is it dan ek finaal út. De perioade dat de auteur priizge waard om syn wiidwei- | |||||||||
[pagina 67]
| |||||||||
dich en yngeand beskriuwen fan seksuële ûnderfiningen hat yn Fryslân, trochdat it taboe sa let trochbrutsen waard, wol tige koart duorre, en dy lof kaam ek mar fan in beheind tal minsken. It frjemde docht him no foar, dat de efterhoede fan it lêzerspublyk noch ach en wee ropt oer de seksuële iepenhertichheid en de devaluearring fan 'e literatuer, wylst de foarhoede dizze taboetrochbraak al fergetten is as in koart yntermezzo. Ik hie likemin it each op it taboe dat wol lein wurdt op itjinge net strykt mei de oertsjûging, de ideology, oft dy no kristlik of kommunistysk is (wat, as it goed wie, itselde wêze moast, en it nammers yn 'e feroardieling fan 'e keunst ek faak is, spitigernôch). Yn 'e l.c. fan juster stie yn 'e tsjerkenijsrubryk in stikje oer jonges yn Düsseldorf dy't moderne literêre wurken fan û.o. Camus ferbaarnd hiene. It striek net mei har kristlike opfettings, dat sadwaande. It hat net folle sin de net spesifyk kristlike, of foar myn part ûnkristlike, boeken te ferdigenjen. Likemin om in oanfal te dwaan op 'e saneamde kristlike boeken wêr't men faak oars neat weromfynt as uterlike tekens (en foar in part ferâldere tekens) fan it kristendom: tsjerkegong, hannegearjen, net-kaartspyljen, net-dûnsjen. De bêste bonke dy't men de boekferbaarnders tasmite kin is de bewearing dat elk keunstwerk as it resultaat fan minsklike idelheid, earsucht en ynspanning in earesalút is, net oan God, mar oan it minsklik kinnen. It skeppen fan keunst stiet gelyk mei it bouwen fan 'e toer fan Babel: God wurdt yn in hoekje treaun en de minsk komt op it stuoltsje. De Fryske psalmberiming bygelyks bringt gjin hulde oan God, mar oan 'e dichter Schurer. It is foar my in heel komyske gedachte dat God bliid west hawwe soe doe't dy beriming yn it ljocht kaam, of dat er him optein fiele soe as er tusken de smearlappen en labbekakken op 'e boeketafel te Boalsert in kffb-romantsje ûntdiek. | |||||||||
[pagina 68]
| |||||||||
Schurer hat nammers op in oar plak ek wol field dat keunst ateïstysk is, nammentlik dêr't er yn ien fan syn kwatrinen (Fingerprinten) seit dat God nei alle gedachten syn lêste idelheid, dat er belidenis yn kwatrinen docht, wol trochsjocht. As Schurer op dat stuit earlik west hawwe wollen hie, dan hie er dat kwatryn yn 'e kachel mikke moatten. Tamminga hat it net yn 'e rekken hân dat de keunstige foarm fan it fers Feart yn striid wie mei wat er, moat men oannimme, yn earste ynstânsje yn dit gedicht útdrukke wollen hat: de ûnderwerping oan God en de bea om de moaie skyn te ferrinnewearjen. (Fokke Sierksma hat dizze opmerkingen makke yn in opstel oer de dichter). De keunstner is ateïst, as er teïst wie, soe er bidde. En de auteur is wis in keunstner, in goeien of in minnen, dat hinget fan syn wurk ôf, hy skept keunst of wankeunst, mar hy kin net wat skeppe dat dêrbûten falt, dat mei oare as literêre mjitstêven metten wurde moat. Ja fansels, ik wit wol dat de saneamde kristlike literatuer ferdigene wurdt mei it sizzen dat in hopen lju allinne dy boeken lêze wolle dy't in wjerspegeling jouwe fan har eigen benypte tinkwrâld, mar dan prate wy oer hiel wat oars, ja wêr prate wy dan noch oer? Mar ik woe it oer in oar taboe hawwe, oer it taboe dat leit op it beskriuwen fan ûnderfiningen en foarfallen dy't oan 'e werklikheid ûntliend binne. Wat ik hjir op it each ha, hâldt ferbân mei myn earder utere miening dat de auteur syn tinkbylden net oerdrage mei op syn haadpersoan as dy sadwaande derûnder strûpe soe, en is dêr yn sekere sin in yntensivearring fan. Ik sjoch wol yn dat, as ik gelyk ha, dat de ein fan 'e literatuer betsjut. Wat ik bedoel kin ik it bêste oan inkele ûnderfiningen yllústrearje - as ik nammers net yn 'e realiteit op dit taboe stuite wie, dan soe ik der net oer begjinne. Fan 't maityd waard der by ús in famke deariden. Doe't ik | |||||||||
[pagina 69]
| |||||||||
nei skoalle fytste, lei se yn in plasse bloed op 'e dyk. Ik makke in stomme opmerking en fandele doe de bern dy't der omhinne stiene byinoar en stjoerde se foar my út nei skoalle ta. Dokter jage my yn syn auto foarby en groete. Ik groete net werom, wat yllústrearret hoe't ik fan 'e wize wie. (Dat haw ik ferdomd op itselde stuit tocht: ik groetsje net, ik bin út myn gewoane dwaan). De bern stiene ferslein yn ploechjes op it plein en myn beide kollega's seagen soarchsum. Wy wisten allegear dat it net goed kaam. Ik doarst it famke yn it gebet net oan te heljen, want ik tocht as se stjert, dan sille de bern miskien tinke dat God de gebedens net ferheart. (In argumint fan niks, dat jou ik ta). De bern woene earst mar wakker prate oer it ûngemak, mar mei't der in suske yn 'e twadde klas siet, moast ik se mei in mannich foarsichtige wurden it swijen oplizze. It kaam tige op myn pedagogyske kwaliteiten oan, dat wik ik jo. Ik haw se oan 't rekkenjen set, de earste klas oan 't stillêzen. Ik haw net wer nei de bern omsjoen, ik trêde troch it lokaal hinne en wer en smookte oan ien tried wei swarte shagjes. Ja, as der ien út 'e klas op 't stjerren leit, dan kin je dochs net ferûnderstelle dat de ûnderwizer iiskâld oan syn wurk giet en him oan 'e regleminten hâldt. En je meie der oan 'e oare kant fan útgean dat de bern op dizze tryste moarn har smoel hâlde en master net lestich falle mei fragen oer sommen dy't se net kinne. Of soene se alles fout meitsje, ik ha wol wat oars oan 'e holle. Mar se begriepen it ek wol, hear, se seagen wol dat ik ûnder de yndruk wie. In skoftsje letter kaam de baas te sizzen dat se al wei wie. Myn reaksje dêrop wie de gedachte dat ik hjir in koart ferhaal oer skriuwe moast. En meidat dy gedachte ûntstie, waard ik my der fan bewust dat de hiele sfear ûnecht wie. It wie oft wy meiinoar, de bern en ik, in machtich goed ynstudearre toanielstik opfierden. Ik rûn hinne en wer en de bern wurken | |||||||||
[pagina 70]
| |||||||||
en gjinien foel út 'e rol, ik wie krekt echt. It wie suver spitich dat nimmen ús sjen koe, sa diene wy ús bêst. In momint letter kaam de baas nochris en hy spile flot mei. Even prate, sei er, mei in yntonaasje dy't gjin beropsakteur him ferbettere hawwe soe. Wy stiene op 'e gong, en ik murk hoe stil't it yn ús beide lokalen wie. Elkenien spile syn rol yn dit tragyske stik. De famkes út 'e heechste klas holden sels bar kwebbel ticht en sieten mei earnstige grutminske gesichten oer har skriften bûgd. Doe, of al earder, dat wit ik net mear, krige ik yn 'e rekken dat ik in mislike poseur wie. Ik hie gjin fertriet, gjin grevel, ik die mar sabeare. Ik hie hieltyd posearre, al fanôf't ik dokter net groete. Ik fûn dit stjergefal allinne mar nijsgjirrige stof foar in ferhaal. Ik sûgde de sfear yn my op om dy goed werjaan te kinnen en ik registrearre hoe ûngewoan myn gedrach wie. Tsjonge, tocht ik, wat bin ik fan 'e wize, dat is it tredde shagje al, en der binne twa tagelyk nei 't húske, dêr ha 'k net iens wat fan sein. Pas de oare deis koe ik natuerlik reagearje, doe't ik by de âlden west hie en it lykje sjoen. Wy hawwe oer en wer banale wurden sein dy't op dat momint oangripend klonken, en letter oan 'e skuorside haw ik stien te moartsjen en te flokken. En op 'e fyts haw ik noch in heel skoft godferdomme roppen. Mar dêr bin ik ek wer mei opholden, want men moat jinsels net wiismeitsje dat men earne troch rekke is dat jin yn wêzen by de egoïstyske kâlde klean lâns giet. Ik wie al wer oan it posearjen. Ik woe God de Hear ris even hearre litte dat ik kapot wie fan fertriet en dat ik hartstikke hellich op him wie. En God rûn miskien op dat stuit mei de hannen yn 'e bûs troch de himel te swarteshagjesmoken en frege him lichtelik amusearre ôf wat foar grutte oansteller dêr sa siet te flokken. Oer dit gegeven woe ik in ferhaal skriuwe. Keunst is in farce, seit Jo Smit, keunst is in net-adekwate, in ûnnatuerlike, | |||||||||
[pagina 71]
| |||||||||
in keunstmjittige reaksje. Dêr hat er sûnder mis gelyk oan, as men teminsten net oanfiere wol dat de keunstner sa'n brok ûnnatuer is, dat wat men normaliter ûnnatuerlik neamt, by him heel gewoan is, mar dan praat men byinoar lâns om't Smit it oer keunst hie, net oer de keunstner. Goed, in farce dan, myn koartferhaal hie in farciale reaksje west, foar myn lêzers, foar myn kritisy, mar hoe hie ik it sels, de skriuwer, oars beneame moatten as in rotstreek? Ik soe de dea fan dit famke misbrûkt hawwe om der oan te demonstrearjen hoe machteleas de minske tsjinoer syn gefoelens stiet, hoe'n egoïst en hoe'n poseur't er soms is, mar benammen dat ik dochs wol in goeie jonge wie dy't noch skrieme koe en noch flokke. Ik soe tolve en in heale gûne de bledside oan it famke fertsjinne hawwe en der soe sein wêze dat ik in knap skriuwer wie en in gefoelich persoan. In farce, dit koartferhaal? Welnee, in rotstreek. Ik kin har noch krekt foar my krije sa't se op 'e gong stie yn har lange blauwe broek en 'e sokken op 'e slomp dwaande har jas út te lûken. Se wie altyd ien fan 'e lêsten, se koe har noait rêde mei ritsen en koarden. It rôp tagelyk argewaasje en meilijen by my op, as ik op har stie te wachtsjen, dat genifel fan har, mei har ûnhandelber hier en de mûle ûnnoazel iepen en in skuldich gesicht fan: ik wit it wol, mar ik doch myn bêst ommers. Sokken, tinke je letter, wurde iiskâld op 'e wrâld skopt en der like iiskâld wer ôf wâdde. Se hat it by my ek net maklik hân, dat healjier.
Goejûn, achte harkers. Hjir is Hanenburg fia de mgs Je Maintiendrai. Hjoed is bekend wurden dat generaal Le Vud, opperbefelhawwer fan 'e lânmacht, troch presidint Honder oansocht is as kabinetsformateur. Generaal Le Vud, dy't in skitterjende militêre karjêre efter de rêch hat, en as keamerlid foar de fnp | |||||||||
[pagina 72]
| |||||||||
en as steatssekretaris fan definsje yn it kabinet-Swalkenbrêge de nedige politike ûnderfining op dien hat, is yn positive termen op it fersyk fan 'e presidint yngien. De kar fan presidint Honder hat yn 'e rûnten fan parse en regear gâns moude opjage. Generaal Le Vud is, lykas bekend, in uterst rjochtse en felle nasionalistyske figuer dy't him yn syn politike perioade gâns persoanlike fijannen makke hat troch syn starrens en ûnbûchsumens. Oan 'e oare kant in persoan dy't troch syn ûndergeskikten op hannen droegen wurdt, in man fan in ûnfersetlike wil en in ûnfoarstelbere warberheid, in trochsetter. In man, net fan 'e geniale ynfal, mar fan 'e simpele oplossing, in man dy't sprekt ta de ferbylding fan it folk. En yn alle gefallen, dêr binne freon en fijân it oer iens, de iennige figuer dy't bysteat is om ús âld skier lân út 'e nederklits te heljen. It hat yn politike rûnten befrjemding wekke dat generaal Le Vud, lykas er oankundige hat, moarn al in koarte útiensetting jaan wol oer de te farren koerts fan it kabinet dat ûnder syn lieding yn see gean sil. Politike deskundigen neame it ûnmooglik, sels yn it tempo wêryn't de generaal ornaris wurket, yn sa'n koarte tiid in program op te meitsjen en de beakens út te setten oer in safolle omfiemjend terrein. Hja achtsje it dan ek wierskynlik dat generaal Le Vud de opdracht al earder as hjoed krige hat. Yn ús útstjoering fan moarntejûn hoopje wy, achte harkers, wiidweidich ferslach te dwaan fan 'e útiensettingen fan formateur Le Vud. Yn oansluting op dit politike nijs wolle wy noch wat fertelle oer de minskrotten, fan hokker meunsters yn 'e ôfrûne dagen wer in pear eksimplaren synjalearre binne. Wy ûntliene dizze gegevens oan in oersjoch dat kommissaris Van den Burg oerdei joech. Yn it súdeasten fan 'e stêd, op 'e Julianagrêft, is in jong | |||||||||
[pagina 73]
| |||||||||
eksimplaar troch in frachtauto deariden. Dit barde justermoarn om healwei sânen. De sjauffeur seach it bist ynienen de strjitte oer draven, lyk foar de tsjillen fan syn auto. Om't er murk dat er it bist rekke hie, stapte er út, en doe earst seach er dat it in minskrôt wie. Hy skille fuortendaliks de polysje op út in telefoansel, mar doe't er weromrûn nei syn auto, seach er ta syn skrik dat twa grutte minskrotten dwaande wiene it deade bist op te iten. De sjauffeur bleau op in feilige distânsje oant de rotten har miel behimmele hiene en yn 'e grêft doeken. De polysjedeskundigen koe de sjauffeur oars neat mear toane as in plaske bloed. Dit foarfal slút oan by wat fannacht pleats hân hat op 'e Foarstreek. Trije polysjemannen seagen dêr om twa oere hinne in minskrôt by de wâl op klauterjen. Hja leine har automatyske pistoalen oan en skeaten it meunster kroandea. Doe't se út 'en draaf nei it plak rûnen dêr't it ûndier yn it wetter fallen wie, seagen se dat in oar meunster it deade bist ûnder wetter loek en dermei fuort swom. Hja skeaten loft en rjochts yn it wetter, mar rekken blykber de libbene rôt net. Kommissaris Van den Burg en syn mannen achtsje it gedrach fan 'e minskrotten yn 'e beide neamde gefallen foar twadderlei útlis fetber: òf de rotten binne sa roppich dat hja har deade soartgenoaten net ûntsjogge, òf se wolle har bestean safolle mooglik geheim hâlde en rûmje dêrom de kadavers op. In soksoartich yntelligint gedrach hoecht jin net te ferwûnderjen, ek normale rotten binne tige skrander. Fierders hat yn 'e bûtenwiken fan 'e stêd fannacht wierskynlik in ploech rotten operearre. Ferskillende persoanen dy't hinnen of kninen holden, ûntdieken fan 'e moarn dat de hokken rampoai wiene en de dieren fuort. Lykwols hat oer it generaal nommen it tal ynsidinten sa lyts west dat der, neffens kommissaris Van den Burg, alle reden is om it útgeansferbod, dat jildt fan jûns tsien oant moarns fiif | |||||||||
[pagina 74]
| |||||||||
oere, wer yn te lûken. Hoewol't syn mannen de nachtlike patrouilles fuortsette sille en de hiele dei troch yn steat fan paraatheid ferkeare, like it him ta dat der gjin reden is ta abnormale ûngerêstheid. De direkteur fan 'e ôfdieling Rotteferdylging fan it buro Folkssûnens en Hygiëne, drs. Van Pakkum, dy't by it ûnderhâld oanwêzich wie, dielde mei dat syn stêf dwaande is op ûnderskate plakken yn 'e stêd fergiftige itenswaren út te struien. Spitigernôch witte wy net oft de bestridingsmiddels dy't wy foar gewoane rotten brûke, foar dizze grutte eksimplaren swierdernôch binne, sa sei drs. Van Pakkum. In libbene minskrôt, wêrop't men ferskillende fergiften probearje koe, soe him dan ek tige wolkom wêze. Sa't jimme begripe, achte harkers, binne de wurden fan kommissaris Van den Burg foar ús yn Ljouwert, nei't wy sa hommels opskrillen by de freeslike dea fan twa bern, in grutte gerêststelling, hoewol't fansels it gefaar net foarby is en it saak bliuwt op jins iepenst te wêzen. Dit wie Hanenburg yn Ljouwert.
Hanenburg fersint him as er mient dat in presidint in kabinetsformateur beneamt, in presidint siket sels syn ministers. Net dat dat yn dit boek wat útmakket, mar ik wiis der sels mar even op, dan kinne de kritisy it rêste litte en har omtinken jaan oan essensjelere dingen. Taalflaters bygelyks of hollanismen. It hat hjoed in moaie hjerstdei west, sinneskynwaar, al waard it op 'e neidei wat kâlder. 'k Haw even oan 'e Swette ta west te kuierjen en fierders de hiele dei yn dit godfergetten Loaiïngea foar 't rút sitten te sjen nei dy kij mei har stomme koppen en dat strontgriene gers. Net folle skreaun hjoed. Pineholle en in min sin. It earste sil wol in gefolch wêze fan it lêste. Of de snein lit syn ynfloed | |||||||||
[pagina 75]
| |||||||||
jilde. Sneins haw ik gauris pineholle, dan hat men it ek oan tiid, netwier? No ja, hawar, halleluja. Ik haw werris gjin ynspiraasje, dat ik wit neat betters te dwaan as yn 'e trant fan ds. B. Smilde in krityk te skriuwen op dizze roman. Sok dwaan is rankuneus fansels, mar dy krityk fan Smilde op myn Fabryk wie op 't lêst ek troch rankune ynjûn. (Ik soe de resinsinten yn 't foar al warskôgje wolle: wa't it weaget de roman Minskrotten - rotminsken te kreakjen, dy sil mei namme en tanamme fermeld wurde yn in pornografyske roman dy't ik mei in pear jier hoopje te skriuwen). Wolno, de kop kinne wy gewoan oernimme út 'e resinsje fan Fabryk (De Stim, 6 nov. 1964): Oer alle boegen abnormaal. Roman dy't artistyk syn doel foarby sjit. Tr. Riemersma kin en wol skriuwe. Hy hat dat al bewiisd mei in stikmannich koarte ferhalen en twa romans, dêr't wy spitigernôch net wiis mei wêze koene, om't de skriuwer sa healwiis omsprong yn it seksuële, it biologyske en it religieuze. Yn 'e twadde roman, dy't útjûn waard ûnder de titel By de hannen om 't ôf, wie dat suver noch slimmer as yn syn earstling Fabryk. Slimmer ek yn dy sin dat it yn 'e twadde roman oer in kristlik famke gyng. De skriuwer woe hjir rou en ûnberoaid toane: sjoch, sa giet it no yn in kristlike húshâlding. Koartby is de tredde roman fan Riemersma ferskynd, dy't de healwize en ûnsmaaklike titel Minskrotten - rotminsken draacht. It muoit ús sizze te moatten dat ek yn dit boek - in roman is it net iens - neat trochstrielet fan Filip. 4: 8: ‘Al wat wier is, al wat earber is, al wat rjochtfeardich is, al wat rein is, al wat leaflik is, al wat swietlûdich is, hokker deugd der ek is en hokker lof der ek is, betink dat!’ Tr. Riemersma hat dêr syn talinten net foar brûke wollen. Hy hat se misbrûkt ta it skriuwen fan in gearmjuksel fan allerhande út- en yn- en oanfallen, en tafallen soene wy der hast oerhinne smite wolle. Want mei dit boek yn hannen makket men jin lilk om de gekoan- | |||||||||
[pagina 76]
| |||||||||
stekkende, leechlizzende en alles besmotskjende skriuwtrant fan R. Neat is feilich foar syn sabeare-earlike twivel foar allerhande fasetten fan it libben oer. Algra is it net, de kffb net, de keunst net, en de skriuwer syn húshâlding en freonen ek net iens. R. hat hjir dúdlikerwize allinne mar begrieme en ferwâdzje wollen. Al wat eal en goed is, moat fernield wurde, dat hie as motto boppe dit boek stean kinnen. Troch dizze pubereftige oanfallen hinne spilet it ferhaal fan in stedsbefolking dy't troch meunsters útmoarde wurdt, in gegeven dat as symboalyske útbylding fan bygelyks it meunster fan de oarloch fan wearde wêze koe. Mar de útwurking fan dit gegeven is sadanich dat men wol leauwe moat dat R. it op 'en heechsten bedoeld hawwe kin as in gekoanstekkende parody. Wierskynlik in parody op De pest fan Camus, in boek dat wy nammers net lêzen ha. Der sitte sûnder mis goede, meinimmende einen yn dit boek, bygelyks de taalkundige ûntleding fan in sin, mar as gehiel is dit boek in mislearring. Neffens R. sels, dy't yn dit boek hieltyd oan it wurd is, moat men begripe dat hy foarm jaan wollen hat oan in artistyk probleem, it probleem fan 'e ferhâlding tusken de skriuwer en syn wurk. Wy moatte sizze dat dit ús nochal ûnwierskynlik en modernistysk foarkaam, wy hawwe alteast by klassike auteurs noait wat fan soks merke kinnen. It liket ús nammers ta dat R., as er werklik artistike problemen hat, nei tsjerke gean moat en bidde. As men troch dit boek hinne wraksele is en it, lykas R.'s oare romans, yn 'e kachel smiten hat, dan komt de fersuchting by jin op: soe der net ris in boek ferskine kinne dêr't in bytsje yn trochstrielet fan 1 Korinthe 13: 13: ‘Sa bliuwe no leauwe, hope. leafde, dy trije; mar de grutste dêrfan is de leafde.’ As Tr. Riemersma dêr syn talinten ris ta brûke woe, wat in genede soe dat wêze! En oant salang hawwe wy aldergeloks Casanova en Bekentenis fan in skoaljuffer noch. | |||||||||
[pagina 77]
| |||||||||
Goejûn, achte harkers. Hjir is Hanenburg fia de mgs Je Maintiendrai. Sa't wy justerjûn al oankundige hawwe, wolle wy yn dizze útstjoering in gearfetting jaan fan 'e wichtichste punten út de rede dy't de kabinetsformateur, generaal Le Vud, oerdei foar leden fan 'e parse en politike waarnimmers hold. De generaal, dy't yn unifoarm en beselskippe fan syn adjudant ferskynde, begûn mei it lansearjen fan inkele ferwitende opmerkingen oan it adres fan it no demissionêre kabinet, in tige ûngebrûklike en net bare sympatike manier fan dwaan. It kabinet fan minister-presidint Bydel hie, neffens de generaal, de útfierende macht tefolle desintralisearre yn dy sin dat ferskillende buro's frijwol autonoom wurken. As foarbylden waarden de bft en de rykspolysje neamd. De minister fan Binnenlânske Saken, ûnder waans gesach de bft en de polysje steane, hat fan syn gesach yn 'e ôfrûne jierren amper of net gebrûk makke. Hy hat de lieding fan 'e beide buro's oerlitten oan de direkteur respektivelik de haadkommissaris derfan. Hy wist skraachwurk ôf fan de deistige gong fan saken en de objekten dêr't oan wurke waard. Le Vud woe tajaan dat dizze situaasje mei it gefolch is fan 'e omstannichheid dat in minister yn 'e regel mar in jier as wat it bewâld fiert, wylst de direkte sjefs fan 'e bft en de rykspolysje oan har pinsjoen ta sitten bliuwe. De generaal koe, sa sei er, der begryp foar opbringe dat dizze sjefs der net maklik ta komme om har kaarten iepen te lizzen oan in minister dy't alle mominten troch in oaren ferfongen wurde kin. Ek yn de te grutte frijheid en selsstannichheid fan 'e amtners oan 'e diverse ministearjes sjocht de formateur gefaar. Itselde wat sein is yn ferbân mei de bft en de rykspolysje jildt hjirre: de minister makket plak foar in nijen, soms ek de steatssekretaris, mar de amtners fan heechste sjef oant jongste help bliuwe op itselde stee. It wikseljen fan ministers betsjut | |||||||||
[pagina 78]
| |||||||||
faak net mear, sa drukte Le Vud him út, as dat op in flesse wêrfan't de ynhâld gelyk bliuwt, in oare koark set wurdt. Sil in nij regear mear wêze as it foarmjen fan in kabinet, dan moat men oergean ta reorganisearring fan 'e amtnerij oer de hiele liny, sa besleat Le Vud. By de behanneling fan it aspekt finânsjes, kundige de formateur oan dat de needsaaklike libbensbehoeften safolle mooglik frijsteld wurde sille fan yndirekte belesting. Dêrfoaroer sil de weeldebelesting gâns in ein omheech gean. De direkte belesting sil foar de legere ynkommens wierskynlik gelyk bliuwe, foar de hegere mei men in lytse stiging ferwachtsje. Gâns krityk hie de formateur op de ûnevenredige wize wêrop't de belestingsopbringst troch it ôfgeande kabinet ferdield wie. Der wie, neffens him, temin jild útlutsen foar de definsje, te min foar de wenningbou, temin foar it ferbetterjen en útwreidzjen fan it wegenet, wylst it jild mei skipfollen fergriemd wie oan rekreaasje en kultuer. Jachthavens, golflfjilden, sportfleanfjilden, sirkwys binne as poddestuollen út 'e grûn sketten en foar mear as de helte út 'e rykskas finansjearre. Byldhouwurken, wat mâlder wat moaier: brike stikken beton, oaninoarlaske fytsframen ensafuorthinne, skilderijen dêr't gjin mins, mar dan ek gjin mins, kop noch sturt oan fine kin, binne troch it regear foar grou jild oankocht en steane yn grôtfolle kelders te ferwurden. Skriuwers fan dekadinte, antymaatskiplike en pornografyske wurken binne beleanne mei reisbeurzen en prizen. Under it mom fan stipe oan 'e kultuer hat it regear de dekadinsje befoardere! De regearingsperioade fan it kabinet Bydel hat in goudene tiid west foar ûnsportive speedboatracers, foar handige burdapen dy't har keunstner neame, foar smearlappen dy't gjin grein earbied hawwe foar wat histoarysk bewoartele is. Foar snobs, loailakken en oplichters. | |||||||||
[pagina 79]
| |||||||||
As foarbyld fan de eksessen dêr't dizze dekadinsje ta laat hat, neamde Le Vud it feit dat de minister fan kultuer, Dr. Jacoba Krûmhout, fermoarde is troch in auteur wa't in addisioneel honorarium by de noas lâns gyng. De hilariteit dy't op dy útlitting folge, beäntwurde de generaal mei it sizzen dat oer dizze saak wissichheid bestiet en dat de dieder bekend is. Mar neffens de bewearing fan Le Vud soe de bft de saak yn 'e dôfpot treaun ha, om't hja bang wie dat, wannear't dit gefal útpluze waard, der dingen oan it ljocht kamen dy't tige kompromitearjend wêze koene foar guon persoanen út 'e heechste rûnten fan it regear. Hy neamde yn dit ferbân de nachtklub Suster Bertke in broeikas fan sûnde en ûngerjochtichheid. Ien fan 'e earste dieden fan it nije kabinet sil wêze it suverjen fan 'e keunstnerswrâld fan asosjale parasiten. Net langer sille kulturele ûnderwrâldfigueren, homofilen en hoerejeiers, dy't ûnder ynfloed fan alkohol, morfine, opium, eter of marihuana har keunstprodukten gearstalle, troch de mienskip ûnderholden wurde. It útjaan en fersprieden fan pornografyske en oare oanstjitjaande lektuer sil mei hege jildboeten straft wurde. De filmkeuring sil ferskerpe wurde. Fryslân, sa sei Le Vud, hat ferlet fan positive keunst, en wa't dy net leverje kin, moat him mar nuttich meitsje yn in fabryk of by de boufak. Hy heakke oan dizze opmerkingen ta dat der ûnder de sjoernalisten, de goede net tenei kommen, ferskillende sensaasjejeiers en amokmakkers sitte dy't gjin aan ha fan har ferantwurdlike taak, dit is: foarljochting en positive beynfloeding fan 'e mienskip. Hy spriek de hoop út dat direksjes, redaksjes en sjoernalisten meiinoar dit minderweardich naasje de pin út hannen nimme sille. Lykas der in blaam rêst op 'e keunst, rêst der ien, sij it yn mindere mjitte, op 'e sjoernalistyk, woe Le Vud hawwe. Gâns opskuor sille wierskynlik de ûnthullingen oer it komôf fan 'e minskrotten jaan. Generaal Le Vud bewearde | |||||||||
[pagina 80]
| |||||||||
dat dizze rotten keunstmjittich opfokt wiene op it Eksperiminteel Biogenetysk Sintrum te Lekkum. De wittenskiplike stêf fan it ebs wie deryn slagge by in rôt ien aaisel gearsmelte te litten mei twa spermatozoïden wêrtroch't it embryo en letter de berne rôt reuzegroei fertoande. De measten fan dizze meunsterrotten ha it mar koart makke, mar inkele wiene tige libbensfetber. Troch neilittichheid fan it personiel binne in pear fan dy opfokte rotten ûntsnapt. De direksje fan it ebs hat it net nedich achte om jacht te meitsjen op de meunsters, om't neffens har miening de rotten it bûten de beskerming fan har ferwaarme en sterile boksen en sûnder it spesiale, syktekymfrije iten net lang meitsje koene. Se soene nei in pear dagen oan ynfeksjesykten stjerre. Boppedat wie de mooglikheid dat de rotten jongen krigen, útsletten, om't dieren dy't ta reuzegroei oanset binne neffens it prinsipe fan 'e dûbele spermatozoyd altyd steryl binne. It ebs hat him, konkludearre de generaal, op beide punten fersind: de rotten binne net steryl, en se binne wol opwoeksen tsjin it libben yn 'e frije natuer. Le Vud neamde dit fersin de grutste flater yn 'e wittenskiplike wrâld sûnt de ieuwiksel. In fersin dat teffens fatale gefolgen hawwe sil foar de stêd Ljouwert, as net op koart termyn in effisjent bestridingsmiddel ûntwikkele wurdt. No al binne twa bern it slachtoffer wurden fan 'e minskrotten, mar se sille grif net de iennigen bliuwe. De optimistyske fyzje fan kommissaris Van den Burg neamde de formateur koartsichtichheid. It is dúdlik, sei er, dat de rotten wachtsje oant har tal grut genôch is om dan by hûnderten tagelyk de minsken oan te fallen. De opmerkingen fan Drs. Van Pakkum, fan waans yntegriteit de generaal sei oertsjûge te wêzen, bewize dat dizze funksjonaris dy't mei de gemyske bestriding fan rotten belestige is, troch syn superieuren fan it buro Folkssûnens en Hygiëne net op | |||||||||
[pagina 81]
| |||||||||
'e hichte brocht is mei it komôf fan de minskrotten. It buro fenh, dat yntensive kontakten mei it ebs hat, wit útsoarte fan 'e eksperiminten ôf, mar de grutte hearen binne sa bang inoars flaters oan it ljocht te bringen dat se leaver swijende in ramp riskearje. Oer it stadium wêryn't de kabinetsformaasje ferkeart, woe de generaal neat útlitte. Hy hope mei in pear dagen it foltallige kabinet foarstelle te kinnen. Hy liet trochskimerje dat er sels de portefeuille fan definsje beheare sil. Al mei al is dúdlik wurden dat it kabinet-Le Vud ferkillende yngripende wizigingen oanbringe sil. As de opset fan de formateur slagget, sil it libben soberder, deegliker en stimmiger wurde. Wy binne tige benijd hoe't it publyk op Le Vuds plannen reagearje sil, en noch nijsgjirriger binne wy nei de reaksjes fan it demissionêre kabinet, it ebs en dy út 'e rûnten fan keunstners en sjoernalisten op de skerpe en faak persoanlike oanfallen fan de formateur. Wy winskje jim fierder in noflike jûn en in goede nacht. Dit wie Hanenburg yn Ljouwert.
Ik moat noch even weromkomme op in pear dingen dy't ik in sidemannich tebek skreaun haw. Yn in rankuneuze rite haw ik de kritisy warskôge dat wa't myn roman kreaket, yn in pornografysk wurk teskande makke wurde sil. Wel, dy wurden nim ik werom. Ik bin tige wiis mei de trije, fjouwer persoanen dy't op it krityske mêd foar master opslane. Sy binne de iennigen dy't in boek mei omtinken foar elk détail lêze en jitris lêze. Sy binne de iennigen dy't in boek serieus nimme en der serieus op reagearje. Se beskôgje elk boek as in útdaging dy t beändere wurde moat. Se falle mei al har rankune oer it boek gear en lizze mei sadistysk fermeits (en mei bliedend hert, mar dat wolle sa foar gjin jild witte) de finger op elk swak stee. Se besykje it boek alinea foar alinea kreakjen, elke misse | |||||||||
[pagina 82]
| |||||||||
passaazje makket har sarkasme bitender en elke rake sêne (dy't se mei in grimmitige blydskip signalearje) fitert har moardlust oan. Se besykje in krityk te skriuwen wêryn't it boek en de auteur en har eigen goede en minne bedoelingen har gerak krije. Ik haw alle respekt foar de stikmannich goede kritisy, en ik haw der alle begryp foar dat de troch selsferwyt en selskwelling teheistere kritikus my ris út wraak in feech jout dy't ik net fertsjinne haw. Ik hoopje net dat ik my mei dizze wurden yn dy mjitte rehabilitearre haw, dat de kritisy fan 'e weromstuit myn boek himelheech ophimmelje. Der is neat dat ferlamjender wurket as in hoerakrityk. Ik bedoel mei it weromnimmen fan myn ûnfreonlik drigemint oan it adres fan 'e kritisy net, dat no ek it plan ta it skriuwen fan in pornografyske roman fan 'e baan is. Uterstee net! As my noch goedgeunstich wat tiid fan libjen, sûnens en woltier taskikt wurde, en gjin oare, driuwender wurksumheden myn krêften opeaskje, sil dat boek grif ferskine. Noch wer fierder tobek haw ik beweard dat it taboe op 'e seksualiteit ferbrutsen is. Yn syn algemienens is dat grif net wier, by it oertikjen, haw ik dan ek besocht dy útspraak te beheinen ta de seksuële eleminten yn 'e, lit ús sizze, serieuze literateur, de probleemboeken. Lykas by in lêste, lytse groep minsken de koïtus allinne beoefene wurde mei om in bern oan te setten, sa mei yn 'e literatuer allinne gebrûk makke wurde fan 'e seksualiteit as dat nedich is yn it ramt fan wat de skriuwer toane wol. De koïtus moat funksjoneel wêze, jo meie him net foar de lol bedriuwe. Wel, al wol men it der mei iens wêze dat yn in roman elk détail funksje hawwe moat (yn 'e realiteit hat ien op 'e tsientûzen wurden, dieden en tinzen funksje), it is heel eigenaardich dat de eask fan 'e funksjonaliteit earst en meast steld | |||||||||
[pagina 83]
| |||||||||
wurdt oan 'e fragminten wêryn't de seks beskreaun wurdt. Dizze eask wurdt yn 'e regel allinne hantearre as stôk om de hûn mei te slaan. Earliker soe it wêze as de kritikasters tajoegen dat se de pest hawwe oan seksualiteit hoe dan ek. Yn alle gefallen hat dizze situaasje útwurke dat de seksualiteit de funksje krige hat fan konfliktstof. De seks hat tsjinje moatten as rynsk floeiende boarne fan mislearring, wanhoop, ûntmoediging, skuldgefoelens, wearze en walge. As men ôfgean woe op wat de literatuer stalt, dan soe men yn 'e wille wêze jins frou it bosk yn te stjoeren en jinsels kastrearje te litten, sa aaklik en beroerd wurdt de seksualiteit foarsteld. Nei myn miening is dizze boarne op 'e lêste drippen nei leech. Men kin net oant yn ivichheid trochgean mei wanhopige bêdsênes, dat wurdt stomferfelend. In weardige ôfsluting fan it tiidrek fan 'e sekskompleksen soe ta stân brocht wurde kinne mei in parodiearjende roman. In oare reaksje op de swartgallige fyzje fan ús auteurs-seksuologen is it skriuwen fan in pornografyske roman, wêryn't de seksualiteit as boarne fan fleur en fitaliteit yn eare hersteld wurdt. In roman, skreaun foar allen dy't fereale binne op 'e leafde mei it doel de erotyske gefoelens te stimulearjen. Gjin smoarge of fize roman! - Der moast op dit mêd stribbe wurde nei kleare ûnderskiedingen en in krekt taalgebrûk -. Fiis is bygelyks it byld dat de haadpersoan út Wadmans Kûgels foar in labbekak suggerearret as er beprakkesearret dat Paula har geslachtlike dielen faker en better waskje moast. Dat is fiis, mar net pornografysk, want it wekt gjin lustgefoelens op. In selde antypornografysk karakter hat de bêdsêne yn Fabryk wêryn't de man syn lytse man net om 't lyk wol. In sêne dy't, as ik him goed skreaun haw, jin de lust fergean docht. Literêr sjoen is it fansels fan gjin belang oft in aspekt fan it minsklik bestean smoarch of leaflik ôfskildere wurdt. De oantsjuttingen fiis, stuitsjend, pornografysk binne gjin kriteari- | |||||||||
[pagina 84]
| |||||||||
um, kritearium is de fraach oft de auteur goed skreaun hat wat er bedoelde te skriuwen. Mei myn pornografyske roman hoopje ik in bydrage te leverjen ta de noch altyd tige needsaaklike seksuële herfoarming fan ús folk. Benammen de jeugd, dy't troch de auteurs by wa't de seksualiteit ivich en erflik yn it ferdomhoekje stiet in tige iensidich negative foarljochting krige hat, wol ik yn positive sin beynfloedzje mei in wurkje wêryn't ja sein wurdt tsjin de leafde. Mar ek de jeld, by wa't, minder út literêre as wol út lichaamlike oarsaken, de leafde syn gerak net kryt, hoopje ik mei in stimulearjend boekje fan nut te wêzen. Der is mear: As ik lês dat Casanova en Don Juan earder figueren binne dêr't men meilijen mei hawwe moat, as guon dy't foar bewûndering en neifolging yn oanmerking komme, om't se fan bêd ta bêd jachtsjend dochs nea djippere bannen mei in frou lizze koene trochdat se geastlik miswoeksen wiene; en as ik op in oar plak lês dat Jan Cremer lang net alle famkes hân hat dy't er yn syn boek beweard hat hân te hawwen, dan fiel ik efter dy útspraken dúdlik de oergeunst fan de trouwe, oppassende húsfader, dy't ek wol graach it wetter út in oare saad ris priuwe woe, mar it lef derta mist en dêrorn in oar syn prestaasjes lekket en syn eigen gebrek oan doar mei djoere wurden kamûflearret. Wel, ik bin neat better, dêr net fan, ik krûp ek alle jûnen trou efter it breiden broekje. Mar lit ús alteast tajaan dat it net ús ferantwurdlikheidsgefoel, plichtsbesef - ferneuk josels dochs net! - mar dat it allinne ús sûcheftigens is, dy't ús derfan wjerhâldt elke moaie frou by de lurven te gripen. Foar al dizze húshinnen sil myn boekje, hoopje ik, tsjinje kinne as kanalisator fan har opheappe, frustrearre langstmen om der ris út te brekken. It seit himsels dat it skriuwen fan dit boek foar my in soartgelikense funksje hawwe sil. Yn 't tredde plak - mar miskien waacht dit motyf noch it | |||||||||
[pagina 85]
| |||||||||
swierst - wol ik in wâd jaan tsjin it taboe dat seit dat wy de seksualiteit net omwille fan de seksualiteit, as doel op himsels beskriuwe meie. Ik hoopje in wei te wizen út it labaret dêr't wy ús skriuwende en kritisearjende yn wrot hawwe: de idioate situaasje dat wy de seks allinne foarstelle meie as in duvelske pleach en net as in godlik geskink. Of hawwe jo miskien op jo sliepkeamersdoar te stean: Wa't hjir binnengiet, lit alle hope farre? No dan!
Leafd'-wurdige Lânslju, stege Stânfriezen! It is my yn dizze benearjende omstannichheden in behoefte en in eareplicht in koart wurd ta jimme te sprekken fia it ûnfolpriizge kommunikaasjemiddel: de radio. Sa't jimme heard hawwe út it ferslach fan ús korrespondint Hanenburg, is kabinetsformateur generaal Le Vud fan doel it roer radikaal om te smiten. Mear jild sil bestege wurde oan definsje, wegenoanlis en wenningbou, minder oan rekreaasje en kultuer. In koertswiziging dêr't dúdlik in ûnderwurdearring fan 'e geastlike wearden en in wanbegryp foar de geastlike neden fan in grut diel fan ús yntelligensia út bliken docht. Wat de generaal dêrfoaroer stelt, is de útbou fan it militêr apparaat en wat dêr mei anneks is. Want de snelwegen, wêrfan't de generaal de oanlis needsaaklik achtet, binne, hoewol't dat net expressis verbis sein wurdt, útsoarte ornearre foar it rôljend materiaal fan it leger. Tige frjemd sille guon opharke hawwe fan it plan fan 'e generaal om mear jild te stekken yn 'e wenningbou, wylst der yn 'e maityd fan dit jier sein wurde koe dat alle krotwenten sanearre wiene en dat der genôch nijbou oplutsen wie. Ferwachtet de generaal in befolkingsekploazje tsjin alle foarsizzingen fan deskundigen yn? Dat moat hast wol sa wêze. De generaal redenearret nei alle gedachten sa: mear huzen, mear bern, mear soldaten. De generaal - wy hâlde dizze betiteling net fol om Le Vud | |||||||||
[pagina 86]
| |||||||||
in fear yn 'e broek te stekken, mar om't syn mentaliteit typysk dy fan in offisier is, dat is net in antyboargerlike, mar in hyper-boargerlike - hat in skerpe en ûnberoaide oanfal dien op it Eksperiminteel Biogenetysk Sintrum. It doel fan dy ynsinuaasjes is it ebs fertocht te meitsjen en fia in lasterkampanje ta likwidearring fan dizze ynstelling te kommen. It motyf is dat Le Vud gjin jild stekke wol yn in wittenskipsbeoefening dy't net fuortdaliks praktysk nuttich is. De generaal uteret syn krityk op it feit dat der temin kontrôle is op 'e wurksumheden fan legere oerheidsorganen. De generaal wol oan it reorganisearjen. dat wol sizze: in hiërargy ynstelle analooch oan dy fan it leger. Hiërargy betsjut foar wa't oan 'e top stiet in ûnbegrinzge macht. En dat is wêr't de generaal op út is: macht. Ik soe it net nedich achte hawwe, Friezen, my heechstpersoanlik ta jimme te rjochtsen, as op de útlittingen fan de generaal in daverjend protest folge wie. Mar it is oeral like stil bleaun. Yn 'e kranten steane sobere, neutrale ferslaggen; de haadartikels binne opfallend nuet; oer de oanfal op de parsefrijheid wurdt yn alle talen swijd. Minister-presidint Bydel hat te witten dien dat er net fan doel is mei de generaal yn diskusje te treden. De fraksjelieders hawwe nearne op reagearre. De direksje fan it ebs achtet it net har plicht de fertochtmakkingen fan 'e generaal fan kommintaar te foarsjen. Ensafuorthinne, ensafuorthinne! O, it swijen fan dit folk, dat is ûntsettend! Swijend lit it ûnrjocht en ferdrukking, swijend giet it nei de ûndergong! Of sil de krêft en de piid fan ús folk him teskoar sette tsjin de absolutistyske oanstriden fan generaal Le Vud? Frije Friezen, it is no de oere om it deadlike swijen te ferbrekken en machtich as de miggen te protestearjen! Eala fria Fresena! Foar de demokraty! Tsjin de diktatuer! Je Maintiendrai! Ik haw it sein. | |||||||||
[pagina 87]
| |||||||||
Dat Israëls bern by de berch Sinaï ferlet krigen fan in God dy't se sjen koene, kin ik my altyd skoan foarstelle. sûnder no fuortendaliks optearje te wollen foar in bollekeal, of in ezel, lykas Van het Reve docht. Wol men God perfoarst as in dier sjen, dan fiel ik it meast foar de oaljefant. Dat is foarst in tige ymposante ferskining, twad hat dat bist in hiele dikke hûd en tred besit er in hele lange snút om alle moaie ferhaaltsjes mei út te blazen. It stribjen fan 'e teologen Brattinga en Robinson, dy byldestoarmers fan 'e geast dy't al ús betroude Godsfoarstellingen útbanne wolle, giet my fiergenôch. Hoewol't ik it der útsoarte mei iens bin dat men earlik foar God oer heart te wêzen - wa soe dêr nammers oars oer tinke! - leau ik dat men yn 't foarste plak earlik tsjinoer jinsels wêze moat. Ik bedoel, men kin wol heel modern en yntellektueel prate oer de grûn fan ús bestean, mar dat is selsbedroch as men yn de earste de bêste emosjonearre tastân, wannear't men út 'e djipten bidt of fan 'e dakken flokt, ferlet hat fan in God dat in persoan is, mei in moed dat rekke wurde kin en in gewisse dat him oppenearret. Dy nijmoadrige oantsjuttingen foar God binne my te kâld en te neaken. Manlik en abstrakt, sei myn freondin Wilma lêstendeis, en dêr bin ik it folslein mei iens. As wy net mear leauwe meie dat God syn hier boarstelt, sigaretsmookt, giet te kuierjen en kofjedrinkt, dan wurd ik mar leaver ateïst. Je moatte earlik tsjinoer jesels bliuwe. Mei it Godsbyld sa't dat bliken docht út it Alde Testamint haw ik fansels myn swierrichheden hân. Dizze God is oergeunstich en kin de sinne net yn oarmans wetter skinen sjen. Hy is wraaksuchtich en sadistysk, en hy hat wille oer de tsjinslach fan syn fijannen. Hy is wispeltuerich en burokratysk, en op 'en geunstichst is er in ferljochte despoat: alles foar it folk, mar niks troch it folk. Koartby haw ik ûntdutsen - ik leau nei oanlieding fan it | |||||||||
[pagina 88]
| |||||||||
sentimintele ferske Veilig in Jezus' armen, wat foar my as ienfâldich heterofyl mei in foarkar foar frjoulju om ende by de fjirtich in net bot begearenweardich plak is - dat de karaktertrekken fan God folle mear froulik as manlik binne. As wy ús God foarstelle as in frou dy't har kânsen mist hat, as in maagd fan fiifenfyftich jier, dan krije de oergeunstige en wraaksuchtige trekken fuortendaliks reljef. Dan is bygelyks ek ferklearre wêrom't by de Joaden de froulju safolle leger oanskreaun stiene as de manlju. Elk dy't wat ûnderfining hat, wit hoe klierich en rankuneus âldere skoaljuffers, direktrises en haadsusters tsjin har jongere seksegenoaten optrede kinne. It prosedee fan sûnde-berou-boete-ferjeffenis is ek in typysk froulike útfining. In man soe dat mei mear schwung en humor oplost ha. Dat is nammers in tige opfallend gebrek: it gemis oan selsspot en selsrelativearring. God nimt himsels sa ûntmoedigjend serieus, dat men de triennen derfan yn 'e eagen kriget. God mient dat er de hiele wrâld op 'e nekke hat en dat sûnder him de mienskip op 'e non rint. Ja, en as je dêrfanút geane, dan komme je der al gau ta om je eigen miening as de iennich goede te sjen en bline hearrichheid oan je dekreten te easkjen. En o wai mir, wa't ek mar in hierbreedte fan 'e befelen ôfwykt, dy kin him mar klear meitsje! Wat hat God al net in hopen minsken om futiliteiten ôfstraft. Nim bygelyks it gefal fan Mozes dy't op 'e rots sloech ynstee fan der tsjin te praten en sadwaande net nei it beloofde lân mocht. In futiliteit, want it makke by einsluten gjin kloaten út oft Mozes no op dy rots sloech of der tsjin prate, it ding sei dochs neat werom en wetter kaam der like goed út. Mar nee fansels: Ik hie sein, do hiest... ensafuorthinne. 't Is by God altyd ik foar en ik nei. Ik bin de God dy't jimme út Egyptelân laat hat. Ik bin de God fan Abraham, Izaäk en Jakob. Ik bin de skepper fan himel en ierde. Njoggenennjoggentich kear ik en dan jitris. En dat allegear mei de bêste | |||||||||
[pagina 89]
| |||||||||
bedoelingen, moat men oannimme. Mar ik hâld net fan despoaten, ek net as se ferljochte binne. Dizze tirade hat - dit foar de minne fersteander - allinne te'n doel om mei de Godsfoarstelling as de Rankuneuze Aldfaam ôf te weven, en dat net om op it lege plak in tige krêftich, mar ek tige keal útropteken te pleatsen, lykas de teologen Brattinga en Robinson foarneamd dogge, mar om rûmte te skeppen foar in sympatiker byld fan God. De God dy't ik my op dit stuit foarstel - want ek wol tink ik oan him as in âld man dy't yn tinzen by de feart lâns rint, en soms as in iensume en mankelike jonge dy't hunkert nei begryp - is in jongkeardel fan by de tritich jier. In foars persoan fan nei skatting ien meter fiifentachtich, mei koartknipt, ljocht hier en in ûnferskillich gesicht. Hy sit yn 'e himel yn 'e direksjekeamer mei de fuotten op it grienmoffele stielen buro. Hy smookt de gânske dei Black Beauty en smyt de peukjes oer de grûn. Rjochts fan it iepensteande finster is in kast wêrfan't de doarren iepen binne. De kast is leech, like leech as de brânkast en de laden fan it buro. De tsjinstfaam hat niis stofôfnommen en ek de planken fan 'e kast in bar jûn, wat God lykas alle moarnen gnyskjend oansjoen hat. Se hat it buro foar it lêst bewarre om't se God dúdlikerwize gelegenheid jaan wol behoarlik sitten te gean. Mar dat docht er noait, hy wachtet alle kearen oant se mei de stofdoek tsjin syn skuon oan triuwt. Dan jout er mei de rêch syn burostoel in draai en kwakt de fuotten op 'e oare hoeke fan it buro del. Op 't lêst koe de faam har argewaasje net mear ferbite en se hat op 'e jisketroep wiisd en frege oft God soms te beroerd wie om even in jiskebak te krijen. Op dat stuit hat God syn fuotten in momint fan it buro ôf nommen, hy hat in earnstich gesicht set en tige lûd en tige dúdlik sein: Rin nei de bliksem! Doe't it fanke mei in heechreade kleur ferdwûn wie, hat er noch mompele: Froulju! | |||||||||
[pagina 90]
| |||||||||
No lizze de fuotten al wer op it âlde stee en God smookt wer as in ketter. Hy is dwaande mei it trochnimmen fan 'e post dy't him niis brocht is. No ja, trochnimme? God hat allang de mage fol fan it geëamel dêr't de minsken him mei lestich falle. Kin hy der wat oan feroarje? De brânkast is leech, de telefoan is ôfsnijd en it personiel hat op dit iene fanke nei in oare baas socht. Ik hie har net sa wreed oer de bek slaan moatten, tinkt God, it fanke hie gelyk, it is hjir earlik sein in grutte troep. Ik sil aanst de peukjes opsykje. God nimt de post troch: hy smyt de slûven ûnder 't buro yn 'e papierbak en fan 'e brieven teart er fleanmasyntsjes, dy't er mei in ferbjusterjende trefsekerheid troch it iepensteande rút sweve lit. Mar fansels, God hat him der al jierren yn oefene, it is syn iennich tiidferdriuw. Hy leit syn sigaret op 'e râne fan it buro en teart in nije fleanmasine, en ûnderwilens fluitet er, tige lûd en tige skel: Deep in my heart I know: we shall overcome someday. Ik hoopje dat God dy't bestiet los fan en nettsjinsteande ús foarstellingen, in bytsje wei hat fan it byld dat ik my fan him meitsje. Want - alwer: foar de minne fersteander - myn Godsfoarstelling, dy't ik net propagearje wol - hoewol't útsoarte elk tsjûgjen in foarm fan propagearjen is, mar dêr kin ik ek net foar - is neat mear as in projeksje fan eigen gefoelens op it wite doek dat wy God neame. As God skielk middenmank ús ferskynt, sil faaks bliken dwaan dat ik fier mis west haw. No, dat mei dan sa wêze. As God myn Godsbylden omsmite wol, dêr haw ik frede mei, mar ik stean soks net ta oan 'e godgelearde hearen Brattinga en Robinson. Oars, ik moat sizze dat ik my wol lokkich fiel mei myn foarstelling fan de Black Beauty-smokende en fleanmasyntsjes-tearende God. As myn Godsbyld in projeksje is, en dat is it, dan bin ik op dit stuit in ûnferskillich, mar net ûnsympatyk meubel, dat him net kiste lit en fan it libben | |||||||||
[pagina 91]
| |||||||||
besiket te meitsjen wat der fan te meitsjen falt. Oan it byld ken men de dia, netwier? Dat iepenet fansels wide perspektiven, want wapene mei dizze wittenskip is it mooglik oan 'e hân fan har Godsbyld it ynboarst fan allerhande minsken fêst te stellen, op de manier fan: sis my wa't jo God is en ik sil sizze wa't jo binne. Om de resultaten fan dizze metoade mei ien foarbyld te yllústrearjen - mei tûzen ekskuzes -: Van het Reve is kennelik in ezel.
Sûnt Koartehimmen haw ik net wer skreaun, dat it moat no nedich werris wêze. Te lang al rêste de pinne ûnder it stof en spinreach. 't Is boppedat de lêste snein yn Loaiïngea hjoed (19 des.). Mei de Krystdagen geane wy nei Sint Anne útfanhûs en nei de fakânsje ferhúzje wy nei Gau. De lêste kear dat ik 'n Loaiïngea skriuw - nee ik sil net sentiminteel wurde, mar it moat my dochs fan 't hert dat it ôfskied my swier falt. De doar falt ticht efter fjouwer jier Loaiïngea, wat it slimste net is, want wy hawwe hjir fjouwer jier yn 'e rotsoai sitten, om it eufemistysk te sizzen, mar, wat wol slim is, ek efter fjouwer jier libben, wy wurde âld, en dat is miskien gjin ramp, mar ik fyn 't wol spitich dat ik myn jeugd ferlies. Wy hâlde gâns oantinkens oan Loaiïngea oer, moaie en mâle, mar de tiid ferkleuret alles, dat wy sille om 'e aaklige dingen skielk ek wol gnize kinne. De tiid slyt alles út, de tiid hielet alle wûnen. Ik freegje my ôf oft mei it kliuwen fan 'e jierren de driuw om te libjen ek minder wurdt. As dat sa is, dan hoopje ik sa âld te wurden dat ik de mage fol haw fan it libben. Ik haw dat mar inkeld, dat ik der genôch fan ha. Soms ris, as der ien stjert dêr't je gâns mei op hiene, dan kin it troch je hinne gean: se meie my der ek wol by-yn smite. Ynienen dy langst om oan 'e oare kant te wêzen en te wachtsjen op dejin- | |||||||||
[pagina 92]
| |||||||||
gen dy't it wetter noch oer moatte. Onbuwne in mey Christo te wezzen? Och nee, ik âldehoer mar wat. Ik haw heel wat ôfpind yn Loaiïngea, twa hele romans en twa heale, dizze (wy hawwe neffens myn begruting de helte te pakken) en der leit ek noch in heale detektive. Ik haw hjir de tiid en de rêst hân, 52 sneinen yn it jier. Yn Gau sil ik net altyd thúsbliuwe kinne, dat eaget tofolle, mar miskien kin ik de bruorren en susters freegje wat se Ieaver hawwe: òf alle sneintomoarnen myn mâle kop yn tsjerke, òf alle jierren in roman. Behalven dat ik wol minder rêstige rêstdagen krije sil, is it ek noch de fraach oft de muze it paad nei Gau fine kin. Oft ik út Gau wei it paad nei de muze fine kin, wol ien miskien korrisjearje, mar ik leau dat dat in ferâldere fyzje is. By âlds frijden de skriuwers om 'e geunsten fan 'e muze, dat skredige frommis mei lytse puerile boarsten en rokken oan 'e ankels ta. Mar tsjintwurdich is dat net mear sa, ek goadinnen, ek Zeus syn bloedeigen dochters moatte mei de tiid mei. De muzen binne allang call-girl wurden, jo hawwe se foar 't roppen. Foarhinne, doe joegen se har geunsten allinne oan tige eptige en tige kreaze hearkes (Geart Jonkman, Sjoerd Leiker, Ype Poortinga), mar notiids lizze se mei elkenien op bêd. Net soms? De earste de bêste poddehierrige snotnoas sjout tsjintwurdich mei syn troch oerhoer ferkrigen geastesbern nei de útjouwer. Rink van der Velde is fêst al foar de fjirde kear yn ferwachting en by Anne Wadman komt de widze amper fan 'e flier. Want dat is, tusken heakjes, hiel eigenaardich yn 'e keunst: de muzen, dat kennelik froulju binne, ferwekke it bern by de keunstner, dy't it dan bernet, as it net opbrekt. De omkearde wrâld, netwier? Hoe't it dan sit mei Tiny Mulder en Ypk fan der Fear? Sss, sst, wy prate yn dit boek net oer homoseksualiteit (want dit boek moat ek geskikt wêze foar oars- en nettinkenden). Wêr't wy dan wol oer prate, dat wit ik noch net, it sil fan- | |||||||||
[pagina 93]
| |||||||||
sels wol komme, lykas ek de earste helte fan it boek der kommen is. Ferline jier, nei de twadde skriuwerskonferinsje te Koartehimmen, bin ik op it idee kommen fan dizze roman oer de minskrotten. Dy sneinoerdeis, it wie ein novimber, kaam ik út Koartehimmen te Ljouwert oan, en krekt te let foar de bus nei it Bildt. Ik gyng rinnende oer Stiens de Hege Dyk del en krige doe yn Froubuorren in lift. Underweis, dêr earne by Stiens om, seach ik yn myn ferbylding dy rôt swimmen en daliks wie dêr ek de ferslachjouwer mei de ynspirearjende namme Hanenburg. Ja werklik: ynspirearjend, as hy in oare namme droegen hie, dan hie ik him noait fertelle litte kinnen lykas ik no dien haw. Yn dizze hjerst, in pear dagen foar de fjirde skriuwerskonferinsje hie ik it boek op 'e helte. De oare helte sil yn Gau komme moatte. Call-girl kom en oerskaadzje my! Ik haw it bêd spraat en besprinkele mei mirre, de bern sliepe en Antsje is nei de frouljusferiening. De opjefte sil wol dûbeld swier wurde as aanst Hanenburg my ûntfalt, mar it jout ek al neat om dêroer te sangerjen. Wat ienkear beskreaun is, dat moat barre, en it lot dat oer Hanenburg beskikt is, kin gjin mins ôfkeare. Ik sil him brûke salang't er der is en dan op eigen krêft fierder. Takom jier, te Gau. En dêrom op dit stuit oars neat as: farwol, Loaiïngea. Ik hâld fan dy, do hast my fjouwer jier gastfrij honk bean, bewekje wat ik efterlit oant yn alle ivichheid, farwol, ik sil dy nea ferjitte. Gjin au revoir, nee, ik wol yn 'e bouhoeke begroeven wurde, earne yn 'e lijte fan 'e seedyk.
Sint Anne, 3 jannewaris 1966. It slimste fan it skriuwerskip - ja winliken is dat it sintrale punt fan it skriuwerskip - is de keunst in net-orisinele gedachte op in orisinele wize ûnder wurden te bringen. Ik bin neat unyks. Wat ik fan myn ûnder- | |||||||||
[pagina 94]
| |||||||||
finingen ferwurdzje, is neat bysûnders en ik moat der allemachtich op stinne om it lêsber te hâlden. Der is ek in oare, in brutalere metoade, dêr't ik yn dit boek ek wol gebrûk fan makke haw: it sa omstandich en wiidweidich ferslaan fan banaliteiten, dat de lêzer, nettsjinsteande syn kwetst gefoel foar skientme, en tsjin alle wollen yn, ûnder de yndruk komt fan dizze brute stupiditeit. Brutalen hawwe de heale wrâld? Grif binne se wis fan 'e bewûndering fan 'e heale wrâld. De wrâld wol bedondere wurde. Ik leau dat in tige metoadysk opset boek fol stommiteiten en âldhuorkerijen absolút in bestseller wurdt. Dat wurdt dit boek net - wòl in bestseller, mar net troch alles hinne stupide. Ik besykje hjir en dêr wat oarspronkliks en wat djips te sizzen oer de minske. Want ik wol sa graach dat der by it ferskinen fan dizze roman ien man opstiet - nee, ien is tomin - dat der trije (Meerburg, Tiny Mulder en Wadman) opsteane en sizze: dizze man hat wat te sizzen. Watte? Dat 's net belangryk, sis mar wat. It boek is in skynwrâld, wat der fonkelt en docht, hoecht net oan 'e realiteit toetst te wurden. Wat beskaat de wearde fan De Sitadel? Dat de houliksmienskip sa prachtich ferbylde wurdt? Nee, dat ûnnimber rymt op novimber. Dat is de domste, mar ek de meast wiere bewearing. In minske wurdt noait rekke troch in totale situaasje, mar troch in aspekt fan dy situaasje. Om dat aspekt fantasearret er dan wer in totaliteit hinne. De skriuwer hoecht dus oars neat te dwaan as in beskaat aspekt der út te kipen en de lêzer oan te bieden, sà dat dy der mei wurkje kin. Men moat net besykje in totaalbyld fan in situaasje te jaan, de lêzer soe troch de beammen de bosk net mear sjen. En hy soe boppedat nytlich wurde kinne as de auteur skreau dat de jurk fan it fermoarde famke Skotske ruten hie, wylst er sels op it stuit dat it skot klonk it fanke rinnen seach yn in seegrien mantelpakje. Je | |||||||||
[pagina 95]
| |||||||||
moatte soargje dat it skot rekke is en dat der genôch bloed streamt. Je moatte soargje dat de lêzer grynt, en lit de rest dan mar blau-blau.
Mei de útwurking fan it boppesteande bin ik op ferkeard spoar rekke, liket my no ta. Ik kom derop werom, lykas op alles. Wat docht men oars as jins libben lang deselde problemen wjerkôgje? En men komt gjin stap fierder, nee, geandewei ferliest men mear wissichheden. Bêste freonen, daarom niet getreurd, ik sil wer oan 't wurk, want de febrewarismoanne is hast al wer om. De dagen stowe foarby as tsjêf, ja as tsjêf stowe se. De sinne jachtet nei syn opgong en hy jachtet nei syn ûndergong. It minskelibben is in flechtich skaad, en allyk it gers dat ôfsnien wurdt en ferwylget, sa koart is it. Lyk in blom dy't moarnsier syn kelk iepenteart, mar yn 'e middei brutsen wurdt fan 'e wyn. De dagen fan ús jierren, dêryn binne santich - of as wy sterk binne tachtich - en it trêflikste dêrfan is muoite en fertriet. Want foar in beam is der hope, as dy kappe wurdt, rint er wer út en syn leaten jouwe it net oer. Mar in man stjert en is machteleas en de minske dy't de geast jout, wêrsanne keart dy? Syn bern komme ta eare, mar hy wit it net, of hja reitsje yn it leech, mar hy fernimt der neat fan. Dit is in kwea by alles wat ûnder de sinne bart: dat ien en itselde lot oer allegearre komt, en dat ek it hert fan 'e minskebern fol tsjoedens sit, en dat der dwaasheid yn har hert is, har libben lang, en dêrnei giet it nei de deaden ta. Want salang as immen it foarrjocht hat ta de libbenen te hearren, salang is der hope; want in libbene hûn is better as in deade liuw. Want de libbenen witte dat hja stjerre sille, mar de deaden witte hielendal neat, en ek hawwe hja gjin lean mear, want har oantinken rekket yn it ferjit. Gean dat hinne, yt dyn brea mei blydskip, en drink dyn | |||||||||
[pagina 96]
| |||||||||
wyn fan herten fleurich. Rin altyd yn wite klean, en lit dyn holle gjin oalje brek hawwe. Lêst it libben mei de frou dysto leafhast, al de dagen fan dyn idel libben dy't God dy jûn hat ûnder de sinne, al dyn idele dagen, want dat is dyn diel yn dit libben en by dyn arbeid, watst ek beärbeidest ûnder de sinne. Alles wat dyn hân fynt om it te dwaan, doch dat mei alle macht, want der is gjin wurk, noch oerlis, noch wittenskip, noch wysheid yn it grêf dêrsto hinnegiest. Oant safier, beminden, dit bibelsk grienmank. Lit ús bidde: O, almachtige, grutte God! Jo dy't yn Jins lôgjende grime de farao mei al syn ruters yn 'e Reidsee ferdronken, mar yn Jins grûnleaze barmhertichheid de earme Noäch mei syn bernstjes yn 'e arke beholden, wy tankje Jo dat Jo ús op dizze sneintemoarn troch de stjelprein en de wetterpuozzen mei behâld fan it faaie liif wer nei dit fredige tsjerkgebou laat hawwe. Heare, wy tankje Jo dat wy fier fan 'e grutte wrâld yn dit lytse, rêstige greiddoarpke wenje meie. Wy tankje Jo dat der yn ús doarpke gjin oksen en ezels binne om te begearen. Wy tankje Jo dat Jo ús froulju sa ûntsjep skepen hawwe, dat nimmen troch harren yn ferlieding brocht wurdt. Wy tankje Jo, Heare, dat it hjoed snein is en moarn moandei, en net oarsom, want dan hiene wy no mei dit sútrige waar oan 't wurk moatten. Heare, Jo witte alle dingen. Jo witte dat der yn ús hert net allinne blidens en tankberheid is foar al Jins goede jeften, mar dat der ek noeden en soargen binne. Hear, wy witte dat wy al ús bekommernissen op Jo smite meie, dat dêr sille wy no mei begjinne. It is wer in hele list: Yn 't foarste plak wolle wy Jo nochris attindearje op it hege wetter yn ús omkriten. Heare, wy hawwe Jo fjirtjin dagen lyn al wiidweidich útlein dat dit de grûn gjin goed docht en dat, as de winter ynfalt, wy gans skea krije kinne oan ús diken. Heare, Jo hawwe der noch neat oan dien, dat moast winliken al hast wêze. Jo hawwe sels sein: Bid, en jimme sil jûn wurde. | |||||||||
[pagina 97]
| |||||||||
Mar Heare, sizzen is neat, mar dwaan is in ding! Wy bidde foar de siken yn ús gemeente, o Hear. Der binne wer gâns minsken ferkâlden, mar dêrfoar wolle wy sasear net bidde, want ferkâldenheid is dochs neat oan te dwaan, dat moat syn tiid ha. Wol drage wy oan Jo op ús suster Iebeltsje Bakker-Hindriksma, dy't op it strjitsje útgliden is en mei in brutsen skonk yn it sikenhús leit. Hear, wolle Jo har dêr neiby wêze yn 'e frjemdte. Wolle Jo alle opstannichheid út har hert keare en har leare om alles út Jins hân te oanfurdigjen, it goede en it tsjoede, dat hja witte en beseffe mei: wat God docht, dat is goed, syn wei is wiis en hillich. Wy bidde Jo foar ús âlde broer Harke Post dy't tige yn 'e minnichheid sit en sa krebentich is as in kroade. Hear, âlde Harke hat al safolle lijen hân yn syn eintsje libben, kin it diskear net wat skikt wurde? Wy bidde Jo yn 't bysûnder foar suster Geeske Winkel dy't al op har trijentritichste jier besocht wurdt troch galstiennen en operearre wurde moat. En Heare, hja sjocht der tsjinoan as de baarch tsjin 't ringjen. Wolle Jo har moed en krêft jaan om de swiere reis nei de operaasjetafel oan te gean. Wy bidde Jo foar ús broer Bouke Terpstra dy't sa dôf is as in kwartel en dy't gjin gehoarapparaat betelje kin. Hear, wolle Jo dêr yn foarsjen, want de kollekte dy't wy lêsten foar Bouke holden hawwe, hat neat opsmiten. O Hear, net sûnder skamte is it dat wy Jo bidde foar frou Geartsma dy't op har twaenfyftichste noch yn ferwachting rekke is. Ja Heare, sokke âlde lju moasten wizer wêze, dat haw ik sels ek al ornearre, mar it kwea is al bard. Och Hear, wolle Jo de hân oer it hert strike en frou Geartsma Jins stipe net ûnthâlde. It is wol in sûne sykte, mar men is noait earder gerêst as dat de pop der is. Wy bidde Jo, Hear, foar de siken dy't yn sikenhuzen en | |||||||||
[pagina 98]
| |||||||||
sanatoria ferpleegd wurde. Wy bidde foar de gebrekkigen: de lammen, de blinen, de dôven en de dôfstommen. Wy bidde foar de earmen fan geast dy't har libben yn psychiatryske ynrjochtingen slite moatte. Wy bidde Jo foar harren dy't mei rampen en tsjinslaggen hawwe te krijen: de oarlochsslachtoffers, de hongerigen, de dakleazen, de ferdreaunen. Wy bidde foar wa't ferfolge wurde om it leauwe, it ras, de politike oertsjûging. Wy bidde Jo foar dejingen dy't it swier hawwe. Wy bidde Jo foar de âlden fan dagen dy't faken en folle har dagen yn iensumheid trochbringe yn har needrich klintsje. O Hear, wolle Jo harren neiby wêze dêr't minsken harren ferjitte. Wolle Jo de sinne fan Jins genede skine litte troch harren soarch en kommer, dat har libbensein oerstriele wurde mei troch it jûntiidsrea. Wy bidde foar de trouden dy't it faak sa swier hawwe mei inoar en mei de opfieding fan 'e bern. Och Hear, jouwe Jo ús wysheid en geduld om inoarren te fernearen en om ús bern op te fieden ta sûne en lykwichtige minsken. En Hear, wêr't it ús sa faak by de hannen om 't ôf brêkt, wolle Jo dêr seinigjend oanwêzich wêze. Mocht it ús, Heare, boppe alles jûn wurde ús bern te lieden op Jins hillige wegen. Wy bidde Jo foar de ûngetrouden dy't it sa swier hawwe mei harsels, foar wa har need en noed gjin taharker is, foar wa har skientme gjin each en foar wa har leafde gjin iepen hert. O Hear, Jo witte hoe slim de ûngetrouden it hawwe, dy't de freugden fan bern en benammen fan it wiif misse moatten. O Hear, wolle Jo der Jowes ta dwaan om har te helpen om har smelle en fertrietlike wei mei blydskip te bewanneljen. Wy bidde foar de jeugd. Wy bidde foar de beukers foar wa't it faak sa'n lijen is om troch de bernesykten te kommen. Wy bidde foar de bern dy't nei de legere skoalle geane en op wa har lytse holtsjes al sa'n grut berop dien wurdt. Wy bidde Jo | |||||||||
[pagina 99]
| |||||||||
foar de learlingen fan v.g.l.o.-skoallen, u.l.o.-skoallen, b.l.o.-skoallen, skippersskoallen, húshâldskoallen, ambachtsskoallen, fan lysea, gymnasia, h.b.s.-sen, kweekskoallen, legere, hegere en middelbere lânbou-, túnbou- en technyske-skoallen, foar de learlingen fan akademys, universiteiten, skriftlike en mûnlinge leargongen, jûnsskoallen, praktykkursussen, omskoallingskursussen en foar allen dy't leare en studearje. Wy bidde foar de opgroeiende jongeren dy't har wei sykje moatte yn in hurd feroarjende wrâld en dy't foar har neden en problemen faak sa'n bytsje begryp fine by har âlden. O Hear, lit har harren âlden net te hurd falle as dy sletten en ôfwizend foar mannich earlike heroriëntearring op 'e wrâld en wat sines is oersteane, lit har witte dat har âlden yn in oare, folle minder komplisearre wrâld grutwaarden, en lit harren beseffe dat foar harren skreaun stiet: earje dyn heit en dyn mem. Wy bidde foar de arbeiders fan dizze wrâld: de boer, dat hy rispje mei; de smid, dat hy it izer smeie mei as it hyt is; de timmerman, dat hy de planke net misslacht; de bakker, dat hy se net te brún bakt; de skuonmakker, dat hy him by syn els hâldt; de fytsmakker, dat hy it lek fynt; de ûnderwizer, dat hy foar master opslacht; de mûnder, dat hy de holle boppe wetter hâldt; de molktaper, dat hy de mjitte jout; de kastlein, dat hy gjin wetter by de wyn docht; de sjauffeur, dat hy de brede wei net opgiet; de polysjeman, dat hy de dief snapt; de doadgraver, dat hy net sels yn 'e kûle falt; en foar de húsfrou, dat it har soer opbrekke mei. Wy bidde foar de machthawwers fan dizze wrâld: de bestjoeren fan wetterskip, sangferiening, fûgelwacht. korps, gymnastykferiening en doarpsbelang. Wy bidde foar it kolleezje fan Benw en de riedsleden fan ús gemeente. Wy bidde foar de kommissaris fan 'e keningin, de deputearren en de steateleden. Wy bidde foar de ministers, steatssekretarissen, amtners en foar de earste en twadde keamer. | |||||||||
[pagina 100]
| |||||||||
Wy bidde foar de keningin en har gesin, en Hear, hoewol't wy witte dat wy ús betrouwen net op prinsen fêstigje moatte, bidde wy ek foar prins Bernhard en prins Claus. Wy bidde foar Jins gemeente en Jins tsjerke, o Hear. Wy bidde foar âlderlingen, diakens, tsjerkfâden en foar allen dy't itsij yn it iepenbier, itsij yn it ferburgen, de belangen fan Jins gemeente tsjinje. Wy bidde foar de maatskiplike wurkers en wurksters, de kristlike ûnderwizers, learaars en professoaren, de evangelisten, de dûmnys, de predikanten mei bysûndere opdracht, de legerpredikanten en sindelingen. Wy bidde foar heidenen en moderne heidenen, foar harren dy't Jo noch net kenne en foar harren dy't Jo waanwiis de rêch takeare. Wy bidde foar de oanhingers fan rare oertsjûgingen: marksisten, eksistinsialisten, neomodernisten, pragmatisten en nudisten. Wy bidde foar de beliders fan ferkearde godstsjinsten: Boeddhisten, Islamiten, Roomsk-Katholiken, Gryksk-Katholiken, Ald-Katholiken. Mennisten, Frij-evangelysken, Doopsgesinden, Baptisten, Sânde-deis-advintisten, Jehova's Tsjûgen, Hilligen fan 'e Lêste Dagen, Griffermearden, Kristlik-Griffermearden, Griffermearde Gemeenten, Griffermeard-Synodalen, Ald-Griffermearden, Griffermearden ûnderhâldende artikel 3L, Griffermearden ûnderhâldende artikel 31- sub A, Griffermearden ûnderhâldende artikel 31-sub A-paragraaf 3, Griffermearde Bond, Pinkstergemeente, Stromen fan Krêft, Philadelfiagemeente en Hersteld Verband. Och Hear, mochten al dizze ôfdwaalde skiep yn wiere oekûmeenske besieling weromkeare ta de iennichst sillichmeitsjende tsjerke: de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. O Hear, wy drage alles oan Jo op yn it fêste witten en betrouwen - o blinder Hear, dêr soe my dochs noch ien ûmkomme: wy bidde Jo ek foar de dochter fan âlderling Postma | |||||||||
[pagina 101]
| |||||||||
dy't no yn Kûbaard wennet en krekt in pop krige hat. It liket allegear och sa bêst, Heare, mar wolle Jo der no om tinke dat der gjin trombose of sa bykomt. want oars binne wy wer op A. O Hear, wy drage al ús swierrichheden en ús noeden oan Jo op. Hear en ferhear ús gebet om de wille fan Jins leaven Soan. Amen.
Foar wa't belang hat by de miening fan de auteur: ik fyn dit sels in rotstikje. Doe't ik dermei begûn, wist ik ek wol dat it gjin hege profetyske krityk wurde soe, mar in ordinêr eintsje nocht oan ûnnocht. Dat ik it dochs útskreaun haw, hat as reden dat ik fan miening bin dat in auteur him net moaier foardwaan moat as er is. Ik wol mei ditsoarte skriuwen besykje de kommunikaasje tusken myn lêzers en my brekliker te hâlden. Ik haw der gjin belang by om de útbylder te wurden fan it goede-nettsjinsteande-alles dat de lêzers sa graach yn harsels ûntdekke wolle, of om it idoal te wurden fan guon jongeren dy't yn seks en religy beskate modernisearringen foarsteane. Ik bin gjin herfoarmer, ik bin nearne foar en nearne tsjin. Wa't nei tsjerke wol of op bêd, dat hy syn gong giet, en dy't it net wol, dat hy it neilit - fan myn seine kin elkenien oertsjûge wêze. It soe dochs, tinkt my, ek al te nayf wêze om te ferûnderstellen dat de auteur him bekroadet om it sieleheil of de seksuële need fan syn lêzers. Hoe't myn lêzers har dertroch slagge, dat ynteressearret my, as auteur, neat. Ik haw der allinne belang by dat se myn boeken lêze. Ferwachtsje dus asjeblyft fan my gjin krityske bydragen ta de ferbettering fan dizze wrâld. Sykje by my gjin grutme, ik smyt allinne mei stront. As 't kin ek fan en ta ris yn 't gesicht fan 'e lezers, opdat myn fans my net fan klearebare entûsiasme ûnder de foet rinne. It is fansels mooglik dat dizze of jinge troch myn gebet | |||||||||
[pagina 102]
| |||||||||
dochs yn it moed taast wurdt en dat hy der syn foardiel mei dwaan kin yn syn religieus libben. Dat witte je noait. De kwaliteit, en ek it boadskipGa naar voetnoot3 fan in boek hingje net ôf fan 's skriuwers minne of goede bedoelingen. Se hingje of fan syn fakmansskip, mar ek fan in ûnbewuste lieding om it goede te skriuwen, de goede toan te treffen, en - want in boek is net in died fan de auteur allinne, pas de lezer makket it boek ta boek - fan lieding by it lezen om it goede en suvere derút te heljen. In yntelliginte skriuwer en in yntelliginte lêzer meitsje tegearre noch gjin masterwurk, it skeppen fan in masterwurk is genede, wannear't God de brike stôk útkart om der in rjochte slach mei ta te bringen. Mocht der dan immen nettsjinsteande alle plattens, gemienens en ôfstjitlikens rekke wurde troch dit brike gebet, dan hoopje ik dat hy net my dêrfoar de eare jowt, mar Him dy't de eare takomt.
Sûnt de resinsjes op myn By de hannen om't ôf ferskynd binne, haw ik my bekeard ta it stânpunt fan Hindrik Algra: de oarstinkende kritikus B is net bysteat it boek fan skriuwer A te kritisearjen. Wat wol it gefal? Myn boek is besprutsen troch de griffermearden Jan Dotinga (Stim fan Fryslân), L.V. (Friesch Dagblad), de eks-griffermearde Fedde Schurer (Friese Koerier), de ateïst Sjoerd Leiker (De Tsjerne) en de frijsinnichherfoarme Marten Sikkema (Leeuwarder Courant). De hearen L.V., Fedde Schurer en Jan Dotinga (in het voetspoor der vaderen) hawwe it boek finaal kreake. Wilma is harren te rûch yn har praat oer en tsjin God. Sjoerd Leiker, de ateïst, fynt Wilma lykwols te fyn. Se hie, neffens him, ateïste wurde moatten oan 'e ein fan it boek. Ek hy kreaket de roman, sij it op in tige freonlike manier. | |||||||||
[pagina 103]
| |||||||||
Allinne Marten Sikkema, dy't út deselde hoeke komt as ik, hat gâns wurdearring. De konklûzje leit foar de hân: allinne de kritikus dy't deselde oertsjûging hat as de auteur, kin in roman goed oanfiele en dus goed besprekke. Ik sil myn útjouwer dan ek fersykje derfoar te soargjen dat der tenei gjin resinsje-eksimplaren yn ferkearde hannen komme, te witten de hannen fan Jan Dotinga, Tiny Mulder, Sjoerd Leiker, Tjitte Piebenga, Durk van der Ploeg, Fedde Schurer, Sybe Sybesma, Beam Smilde, Jo Smit, L.V., Anne Wadman en alle oare ateïsten en griffermearden. Myn romans meije tonei allinne besprutsen wurde troch de herfoarme kritisy: Lolle Nauta, Jaap Noordmans, Marten Sikkema en D.A. Tamminga. Ik sil de boekhanlers Mefrou Van der Velde, Sipke Dykstra en Tabe Beintema te Ljouwert, Baarda en Hoekstra te Snits, dy't ik ken, en alle oare boekhanlers (resp. sters), dy't ik noch net ken, persoanlik fersykje der skerp op ta te sjen dat myn boeken allinne ferkoft wurde oan herfoarme minsken, itsij ortodoks, itsij frijsinnich. (By twivel oan 'e godstsjinst hat de boekhanler it rjocht it doopattest fan 'e adspirant-keaper op te freegjen). Yn elk eksimplaar fan myn romans sil in blêdwizer lein wurde, dêr't op stiet dat de lokkige besitter fan dit boek mei klam fersocht wurdt it ûnder gjin betingst út te lienen oan oaren as herfoarmen. (Ik haw trouwens yn prinsipe in hekel oan útlienen, dêr fertsjinje ik neat oan). Op dy foet sille wy leau 'k it ideaal ferwêzentlikje kinne: herfoarme boeken, fan in herfoarme auteur, oanrikkemandearre troch herfoarme kritisy, foar herfoarme lêzers. Wat in genede sil it wêze yn eigen rûntsje genietsje te kinnen fan eigen keunst! Mar, bruorren yn it leauwe, en susters fansels, nim my net kwea, lit ús no oergean ta earnstiger dingen. | |||||||||
[pagina 104]
| |||||||||
Al sûnt in pear moanne fertret my it skriuwen fan de neamde, my allinne by syn inisialen bekende, hear L.V. yn it Friesch Dagblad fan 6 novimber 1965. Ik haw besocht de persoanlike oanfal fan L.V. te ynkassearjen, te ferwurkjen en te ferjitten, mar dat is my, hoewol't it ynearsten sa like, dochs net slagge. Lit my it dan dochs noch mar útskriuwe, dan bin ik it kwyt. De hear L.V. hat ûnder de titel En dan kin men ek noch it Hillichste oantaaste myn lêste roman en myn persoan fersmiten. Wat it earste oanbelanget, hy hie By de bannen om 't ôf doe noch net lêzen, mar basearre him op it earste haadstik dat yn De Tsjerne ferskynd wie. Dat soks net ynoarder is, lit ús dêroer swije. It sil foar de redaksje in hele toer west ha om in opfolger te finen foar Tiny Mulder. L.V. stroffelt oer de beskriuwing fan seksuële hanlingen en oer de manier wêrop't oer God praat wurdt. Wel, dat is syn saak. Ik hie nei it wegerjen om Fabryk te besprekken fan in resinsint yn it fd net oars ferwachte. Dêr wyn ik my absolút net oer op. Ik twing gjinien om myn boeken moai te finen of om se sels mar te lêzen, 'k Ha lêzers by 't pûdfol! Dat L.V my sprekkende ynfiert: Ik doar wol. O, wat doar ik wat. Jimme moatte ris sjen wat ik wol oandoar!, dat is slim flau en in tikje frijpostich, tinkt my, mar lit ús ek dat rêste litte, al soe 'k dochs yn alle earnst freegje wolle wat foar lef der dan neffens L.V winliken foar nedich is om yn in roman it wurd ferdomme of it wurd kut te setten. Dêr komt jo niks fan oer. Om Cassius Clay foar de bek te slaan, der is lef foar nedich! De hear L.V. skriuwt: De wurden komme út de mûle fan in fanke dat yn 'e steek litten is, mar de skriuwer hat se betocht en opskreaun. Soks wurdt lêzen no?... fjirde printinge, fyfte printige. Wat in boek, wat in skriuwer! Akkoart, kreakje dat bòèk en de autèùr, op literêre grúnen, bûtenliterêre grúnen, of samar foar de grap, it is my bêst. Mar dan (ek troch L.V. kursivearre): Wy binne bliid mei it | |||||||||
[pagina 105]
| |||||||||
haad fan in iepenbiere skoalle dy't ús ferriket mei in boek as ‘Bliid Boadskip’, mar wy skamje ús foar in ûnderwizer oan in Kristlike skoalle, dy't sa as it liket in ferlette puberteit ôfréagearret mei it skriuwen fan goare boeken. Mar myn bêste man tink ik, as ik dat lês, wêrom moatte jo jo sa noadich foar de ûnderwizer Tr. R. skamje? Bringt hy der neat fan terjochte foar de klas? Bliuwt er de helt fan tiid thús? Is er altyd dronken? Slacht er de bern heal dea? En yn hokker funksje hawwe jo mei dy man te meitsjen? Binne jo syn haad of syn ynspekteur? Sitte jo yn syn skoalbestjoer? Jout hy jo bern les? Nee? Wat wolle jo dan mei dy man? Lit him asjeblyft yn syn wêzen. Dat ik rottige, fize, minsk- en Godûntearjende boeken skriuw - bêst. Mar wêrom wurdt der suggerearre dat ik as persoan, as ûnderwizer, in rotsak, fuillak, smearlap, ûngelok, ploert, misbaksel, frekkeling of idioat bin? Ik neam dit in mislediging. En ik soe de - yn 'e rûnte fan 'e hear L.V. tige betroude - fraach stelle wolle: wêr geane wy sa hinne? Diskear wurde myn skoalbern en myn skoalbestjoer beklage mei it doel my in opdonder te jaan; wat is de folgende stap fan L.V.? Wol er dan myn frou bekleie mei sa'n man, of myn bern mei sa'n heit, of myn âlden mei sa'n soan, of Piter en Rommy mei sa'n buorman? Ik fersykje de hear L.V. yn alle fatsoen om syn klauwen thús te hâlden. Wat fierder kollega Zantema, de auteur fan Bliid Boadskip oanbelanget, wol ik foar de dúdlikheid graach sizze, dat ik him persoanlik net ken, mar dat ik gâns wurdearring haw foar syn bernebibel, dy't ik op skoalle brûk, en dat ik him graach lokwinskje mei it feit dat hy him al mei dit earste boek - en as earste Fryske skriuwer, better net te witten - tenei hofleveransier neame mei. In fraach dy't my net, mar kollega Zantema wierskynlik tige ynteressearret, is: Bedoelt de hear L.V. mei it sitearre Wy binne | |||||||||
[pagina 106]
| |||||||||
bliid mei it haad etc. (sjoch boppe) dat in iepenbier ûnderwizer in slach minder is as in kristlik ûnderwizer? Dat in iepenbier ûnderwizer ta weismiten keard is en dat men jin fernuverje moat as sa'nien nochris wat goeds prestearret?
Achte harkers, te lân, op see of yn 'e loft, winkellju, fabryksarbeiders, boeren, amtners en allegearre dy't de Fryske Saak in goed hert tadrage, goejûn! Hjir is, better let as net, jimme korrespondint Haaije Hanenburg fia de Triedleaze Mobile Geheime Stjoerder Je Maintiendrai. It hat wol tige lang duorre, achte harkers, foar't it de auteur fan dit boek goedtocht my werris ta jimme sprekke te litten. Ferskillende kearen haw ik de direkteur fan ús radiostifting opskille om't ik belangrike berjochten hie, mar iderkear krige ik te hearren dat de auteur alle stjoertiid foar himsels reservearre hie. By de graasje is my dan hjoed in healoerke tastien. It hat net folle doel, achte harkers, alles wat der yn 'e lêste moanne te Ljouwert foarfallen is te ferslaan. Ferskillende situaasjes dy't in wike of trije, fjouwer lyn noch oanlieding joegen ta ferheftige diskusjes, binne yntusken al wer wizige. Lit ús fan de reboeljes en ûntwikkelingen allinne dy neame, dy't noch fan belang binne foar de tastân fan hjoeddedei. Generaal Le Vud is fjirtjin dagen lyn minister-presidint wurden. By it oernimmen fan 'e foarsittershammer fan eksminister-presidint Bydel hat Le Vud in daverjende redefiering holden, wêrút bliken die dat alteast de tonge by him op it goede plak sit. De ynhâld fan dy rede wie hast wurdlik gelyk oan wat de generaal, doe noch kabinetsformateur yn in parsekonferinsje debitearre. Nei alle gedachten is Le Vud fan doel om dy ûnsin krekt sa lang te herheljen oant er it sels leaut. Yntusken sitte wy mei dizze pias oanklaud en hokker grappen ús noch fan dit rjochtlinich mar benypt brein steane te wachtsjen, dat | |||||||||
[pagina 107]
| |||||||||
hinget noch yn 'e loft. Lit ús, achte harkers, hoopje dat it dêr ek hingjen bliuwt! Le Vud hat sels de portefeuille fan definsje ûnder syn behear nommen. As minister fan finânsjes treedt op Le Vuds adjudant, kolonel Kloat, dy't fuortendaliks by it oanfurdigjen fan syn portefeuille in fersyk yntsjinne hat by syn kollega fan justysje, Prof. Dr. Sjerpstriker, om syn namme wizigje te meien yn Van Kloat, soks om mear respekt by bûtenlânske kollega's ôf te twingen. Yn 'e fakatuere fan wilen mefrou Dr. Krûmhout, de minister fan kultuer, is noch net foarsjoen. Generaal Le Vud hat te kennen jûn dit it ûnmooglik is in portefeuille oer te nimmen salang't dy net troch de eardere besitter oerdroegen is. Dat mefrou Krûmhout net mear by machte is oan 'e normale proseduere te foldwaan, is foar Le Vud gjin argumint: Wy binne net fan doel ús troch de dea de wet foarskriuwe te litten, sa hat er útlitten. Fansels stekt hjir mear efter, wierskynlik wol Le Vud it ministearje fan kultuer sa op 'e rongen slepe litte, dat it folk te langen lêste ryp is foar syn radikale opfettingen oangeande de kultuerpolityk. Fan de wizigingen dy't de generaal op alle mooglike terreinen foarstiet, hat noch gjin inkele syn beslach krige. It ebs eksperimintearret rêstich fierder, de kranten skriuwe wat se wolle, en yn Suster Bertke streame de drank en de froulju as foarhinne. Miskien is it ek noch te ier om al regelematen fan Le Vud te ferwachtsjen. Of... hâldt dit tuike-tuike-spyljen ferbân mei it feit dat presidint Honder op 't stuit yn 't sikenhús leit mei in swiere longûntstekking? Sjocht Le Vud jn kâns? Miskien binne wy te erchtinkend, achte harkers, mar wy steane dit mantsje mei syn panstrutsen troanje - om mei de grutte Fryske dichter Spanninga te praten - net. Hawar, de tiid sil 't ús leare. De minskrotten hawwe har yn 'e foarbye wiken opfallend | |||||||||
[pagina 108]
| |||||||||
koest holden. Der binne mar twa eksimplaren synjalearre, wêrfan't ien waarnimming ek noch tige dubieus is, wylst der gjin slachtoffers fallen binne. Hoewol't dit lêste fansels ek te tankjen is oan 'e nachtklok en oan it surveillearjen fan polysjeaginten, liket it der dochs op dat de minskrotten yn tal ôfnimme. It ies dat troch de stêf fan Drs. Van Pakkum alle dagen op ferskillende plakken yn 'e stêd útstruid en kontrolearre wurdt, is yn al dizze wiken noch nea fan iten. Ek dat wiist derop dat de minskrotten op retour binne. Kommissaris Van den Burg, by wa't wy ús om de lêste gegevens ferfoege hawwe, liet in tige optimistysk lûd hearre: wannear't yn 'e kommende fjirtjin dagen gjin minskrotten mear waarnommen wurde, sil de nachtklok opheft wurde. It hat der alles fan, achte harkers, dat it gefaar dat ús goede stêd Ljouwert bedrige, foarby is. Ik winskje jimme in noflike jûn en in ferkwikkende sliep. Dit wie Hanenburg te Ljouwert.
Leau dat no mar net, Hanenburg jonge. De minskrotten komme werom! Machtich as de miggen! Ik sil se komme litte, al wie 't allinne út wraak foar dy snear dyst my yn 'e oanhef fan dyn sprutsen brief jûn hast. In auteur kin him op 't lêst net alles sizze litte troch syn figueren. Der binne grinzen, en wa't dy grinzen net mijt, sil raar fan 'e bout hoffeie wurde! O minske, do dogeneat, wa bisto dochs datst dyn skepper nei de kroan stekke doarst! Dit achte harkers bêste lêzers by wize fan kommentaar efter is nijs. As 'k my net fersin wol ús direkteur yn it kader fan 'e te'n behoeve fan 'e politike partijen foardere stjoertiid in koart mar krêftich wurd ta jimme sprekke. Mei't ús omropster Tsjitske útstel is, kundigje ik dit sels mar even oan. In auteur moat fan alle merken thús wêze, sa't jimme wol sjogge. | |||||||||
[pagina 109]
| |||||||||
Golle, nearboarstige Friezen, en weelderige Fryske froulju! Ik priizgje my lokkich op dizze stille, en jit te iere maitydsdei roppen te wêzen om myn foarljochtsjend en mei it wêze tsjûgjend, ja oertsjûgjend lûd hearre te litten yn jimme smûke en smaakfol ynrjochte wenkeamers fia it priizge, mar jit ûnfolpriizge, en nea net út te priizgjen kommunikaasjemiddel: de radio. Friezen, Friezinnen! No't de steateferkiezingen foar de doar steane en wy aanst oproppen wurde gebrûk te meitsjen fan ús âld en hillich rjocht ús stim út te bringen op de partij dy't nei ús bêste witten en fermoeden de belangen fan ússels, ús doarp, ús gritenij, ús gea, ús goa, en ús provinsje it bêste behertiget, achtsje ik it myn ropping en plicht harren dy't noch net ta in beslút kommen binne, en harren dy't fan doel binne op in ferkearde partij te stimmen, freegjenderwize, op de wize fan 'e kategismus, dat kultuerbesit dat ús skonken waard yn 'e oanfang fan 'e herfoarming, in mannich dingen ûnder de noas te wriuwen dy't harren ta gedachten of ta oare gedachten bringe meie, wêrút as praktyske konsekwinsje, de goede died folgjende op de goede kar, fuortkomme mei it readmeitsjen fan it iennige hokje dat dêrfoar yn 'e beneaming komt, it fersterkjen en útbouwen fan 'e iennige partij dy't yn wierheid Frysk is, it stimmen op 'e Frysk Nasionale Partij! Friezen, Friezinnen! Wêr't wy ek komme yn ús âld skier lân, rjochtsje wy ús antlit nei Tritsum, Flânsum of Boksum, nei Koartsweach, Quatrebras of Koartehimmen, nei Nijewier, Nijesyl of Nijemardum, skraachwurk ien lânsman fine wy dy't tefreden is mei de gong, nee: mei de stân, nee: mei de stilstân fan saken yn dit ús bêste lân fan ierde. Binne wy ûntefreden fan noard oant súd en fan east oant west? Ja siker, dat binne wy. Friezen, Friezinnen! Binne wy ûntefreden oer de lânbou? Ja wy! Wat wolle wy dan? It Waad ynpolderje, in grutter part | |||||||||
[pagina 110]
| |||||||||
fan 'e Lauwersseepolder en oprûming fan it Ljouwerter fleanfjild. Friezen, Friezinnen! Binnen wy ûntefreden oer it ferkear? Ja wy! Wat wolle wy dan? Utwreiding fan it tal A-wegen, fêste ynstee fan wipbrêgen en ek sneins in bus troch de Legeaën. Friezen, Friezinnen! Binne wy ûntefreden oer it waar? Ja wy! Wat wolle wy dan? Moai waar en lange dagen, sinneskyn waar mei de boufak, in droege hjerst, in wite Krysttyd en fjirtjin dagen sterk iis yn febrewaris. Friezen, Friezinnen! Binne wy ûntefreden oer it, ûnderwiis? Ja wy! Wat wolle wy dan? In universiteit te Frjentsjer, Frysk as fiertaal op alle legere skoallen en as learfak op alle middel- en hegere skoallen. Friezen, Friezinnen! Binne wy ûntefreden oer it amusemint? Ja wy! Wat wolle wy dan? Mear stjoertiid foar de tmgs Je Maintiendrai, in Frysk telefyzjeprogramma, Fryske films, fierljeppen en keatsen moatte talitten wurde ta de Olympyske Wedstriden. Friezen, Friezinnen! Binne wy ûntefreden oer it regear, yn 't bysûnder Cals, Vondeling en Biesheuvel? Ja wy! Wat moatte hja dan? Opsoademiterje! Wat wolle wy dan? Baas yn eigen hûs! Friezen, Friezinnen! Bliuwe wy yn ús ûntefredenheid of wolle wy ús toarre, útdroege fjilden op 'e nij bloeie litte as in klaproas en Fryslân opstjitte yn 'e feart der folken? O grif, dat wolle wy. En wat dogge wy om dat te berikken? Wy prate, wy sizze ús sechje of sprekke ús sprek, en wy kankerje. Mar wy dogge jitte mear! Wy rjochtsje in krite op en hâlde gearkomsten en dan geane wy mei in man of acht om 'e tafel sitten om ús sechje te sizzen, ús sprek te sprekken of te kankerjen. En mei it ús barre, dan hâlde wy in iepenbiere gearkomst yn it doarpsgebou en dan litte wy in tûk sprekker komme dy't syn sechje seit, syn sprek sprekt en kankeret. Ja, jitte dogge wy | |||||||||
[pagina 111]
| |||||||||
mear! Al dizze kriten ferienigje har yn in selskip, dat in bledsje útjout wêryn't de redenrykste kankerders alle wiken of fjirtjin dagen har sprek sprekke en har sechje sizze meie. En as wy safier opklommen binne, fan gewoan kritekankerder ta selskipskankerder, dan neame wy ús beweger. Friezen, Friezinnen! Berikke wy dusdwaande wat? Ik freegje jitris: Berikke wy wat? Just, Friezen, Friezinnen. Wa't sprekke wol, dat hy sprekke. Wa't syn sechje sizze wol, dat hy syn sechje sizze. Wa't kankerje wol, lit him kankerje. Wa't kriteboartsje wol, lit him kriteboartsje. Wa't bewege wol, dat hy bewege. Mar wa't wat berikke wol, lit dy yn 'e polityk gean! Friezen, Friezinnen! Wat dogge de pvda, cpn, chu, bp, sgp, gvp, gvd, vvd, arp, kvp en wat der langer mear peeë en deeë mei foar ús bloedeigen Fryslân?! No? Sis it mar! Toemar! Dêrom, Friezen, Friezinnen: gean yn see mei de fnp! Ik haw it sein.
It is miskien ryklik let, it is hjoed i maart, om noch te praten oer goede foarnimmens, mar mei't it gefal nijsgjirrigernôch is - ik bin nammentlik efterôf bliid dat ik dy foarnimmens net te'n útfier brocht haw - woe ik der dochs noch in mannich wurden oan spansearje. It earste goede(!) foarnimmen wie om dit jier gjin drank wer to brûken. Ik hie de hiele nijjiersdei op bêd lein te gallespuien fan twa konjakjes dy't ik mei myn stomme kop om twa oere nachts boppe op fiif jonge jenever nommen hie, dat doe woe ik wol yn goedens. Mar in minske kin raar tsjin himsels stean. Lit my no de hiele jannewarismoanne snipferkâlden west ha! Ik tink al by mysels: in pear konjakgrokken en ik bin 't kwyt, mar fansels wol dy dwarse kop it wer winne. Blau, yn alle opsjoggen. Oant ik op in sneontemoarn as in sâltsek foar de klas hong en op 't stjerren nei dea wie. Doe haw ik dan dochs in healliter helle. Earst sa in pear en doe wat troch de kofje. Minsken, ik song wer as in | |||||||||
[pagina 112]
| |||||||||
alk! Mar as ik my net fersin wurd ik wer in bytsje heas. De jenever wurdt op 't lêst foar de gies net broud. It twadde foarnimmen lei yn it geastlike flak. Ik wie fan doel om, net yn myn persoanlik libben, mar wol as literator, ateïst te wurden, literê ateïst dus. Dit ta meardere gloarje en ta groei en bloei fan 'e Fryske literatuer. Sat jimme, bêste lêzers en leave lêzeressen, witte, tilt it op 't heden yn Hollân fan jonge skriuwers dy't yn har romans har ôfskied fan it kristendom fiere mei tige agressive oanfallen op har eigen milieu en gesin, en dy't mei dizze romans grutte suksessen behelje. Dit binne meast fan dy jonkjes dy't sneins wol twa kear nei tsjerke moasten, mar mar ien pipermuntsje meikrigen, zegge en schrijve: ien, en dy't alle kearen as har heit út 'e bibel lies, it lêste wurd sizze moasten! Ja, ja! Dat sokken in ynlike haat tsjin it kristendom krije, is sûnder mear dúdlik, it wurdt har mei de brijleppel ynjûn. En dan kin it barre dat sa'n feintsje, dat mei de jongelingsferiening it jierlikse útstapke nei Paterswolde of it hunnebêd te Boarger meimakke hat, by syn thúskommen ûntdekt dat er syn leauwe ferlern hat. Hat sa'n feintsje dan literêre jeften, dan ûntstiet der in roman wêryn't ôfweefd wurdt mei alles wat kristlik is. Ek te uzes is in jong literator syn leauwe kwytrekke, mar spitigernôch is hy gjin langebaanrider, dat in roman sil fan syn hân wol nea ferskine. Om't wy yn Fryslân, nei myn betinken, wol ferlet hawwe fan dy roman, hie - want is it al wer oerbettere - hie ik him skriuwe wollen. Ik hie my it begjin sa foarsteld. By ús thús wiene se kristlik, hun! Herfoarme, hun! 't Bin se noch, hun! Us heit, hun, en ús mem, hun, ek, hun! Fyn! Hun! Us beppe Iebeltsje ek, hun! En pake Sybren, hun! As poppestront, hun! En ús beppe Aukje, hun! Dy wie griffermeard! Hun! Hun! Mar pake Bjinse is al dea. hun! Mar wol kristlik | |||||||||
[pagina 113]
| |||||||||
begroeven, hun! Zijn leven was bidden, hun! Op skoalle? Allegear fyn, hun! De juffer? Fyn! Bidde, hun! Psalmsjonge, hun! Fertelle út 'e bibel, hun! Mar doe't ik pisje moast, hun, doe mocht ik net, hun! Doe't ik nedich moast, hun, doe't ik yn need siet, hun! Wol bidde, hun, wol psalmsjonge, hun, wol nei tsjerke drave, hun, mar gjin begryp foar de need fan in oar! Doe wist ik it al, hun, dat it in rotsoai wie, hun! Kristlik, hun, kristendom, hun! 't Hele doarp wie kristlik, hun! Us heit-en-dy, hun! Skoalle, hun! Tsjerke, hun! Muzykferiening, hun! Sportferiening, hun! Iisklub, hun! Elkenien wie kristlik hun! Se binne noch altyd kristlik, hun! Mar ikke net, hun! ... ik bedoel: heu! Mar ikke net, heu! Tinkt jimme ek net, lêzers, dat dit in felle en flymskerpe tirade tsjin de miswoeksen tastannen yn it kristendom is? Jo sjogge dit ferhûddûke jonkje foar jin, sa't er yn 'e bank sit mei ien hantsje tusken de taknypte biltsjes en mei it oare klamme hantsje skou boppe de holle: dat juffer it dochs sjen mei! Mar juffer sjocht neat, of se sjocht it wol, mar slacht der gjin acht op, of se tinkt: it is sa pauze. En ûndertusken sit dit lytse baaske te knipen yn syn lyts wapentsje, dat syn lyts blaaske net ûnferhoeds leechstreame sil. En yn dit eksistinsiële momint feroaret foar him de juffer fan in leaf, sêft en begripend frouminsk yn in bikkelhurd, egoïstysk en assoasiaal kring. Wat er yn juffer oant no ta bewûndere, dat ferachtet er fan no ôf oan, en wat er earst graach fan juffer oannaam, dat is no ta weismiten keard. My tinkt, yn dizze koarte oanrin komt de hiele persoan dúdlik en skerp foar jin te stean yn syn iensumheid, syn need en syn opstannigens. Ik leau dan ek dat, as ik dit boek ôfskreaun hie, der bêst in Gysbert Japicxpriis ynsitten hie. Spitich, mar de G.J. priis sille se my foar in oar wurk jaan moatte, want dizze antykristlike roman, dat wurdt him net. Wêrom net? Om't it my net slagje wol ûnkristlik te wurden, | |||||||||
[pagina 114]
| |||||||||
de âlde Adam sit my noch altyd dwars, en de âlde minske sil ik wol nea deadzje kinne. Sneu foar myn lêzers, dy't in masterwurk troch de noas boarre wurdt. Mar foar mysels, och nee, ik befiel my der wol sûn by.
Achte harkers, goejûn. Hjir is Hanenburg fia de Triedleaze Mobile Geheime Stjoerder Je Maintiendrai. Wy binne net byleauwich, achte harkers, minsken dy't nei elke stûfe bewearing miene dat se ôfklopje moatte, ha wy altyd belachlik fûn. Dat men it needlot net útdaagje moat, dêr gnize wy om. Mar dochs is it oft de duvel der mei boartet! Amper hawwe wy jimme ferteld dat de minskrotten op retour binne, of se komme yn grutte kloften wer opsetten, noch agressiver en noch gefaarllker as earst. Fannacht is in patrouille besteande út trije polysjemannen troch minskrotten oanfallen en deade. Fjouwer of fiif minskrotten klommen om likernôch healwei trijen út 'e grêft by de Sâltbuorren en wurpen har op de neatfermoedende aginten, dy't amper tiid krigen om har wapens te ûntsekerjen en te sjitten, sa rêd gyng it yn syn wurken. In mannich skotten moatte doel troffen ha, mar de rotten lieten har net ôfskrikke en foelen de manlju by twaen en trijen tagelyk oan. It pleit wie gau besljochte. Doe't fuort dêrop, alarmearre troch de pistoalskotten, twa polysjeauto's mei yn totaal sechstjin man de Sâltbuorren opkriemden, seagen hja dat de rotten hastich it wetter yndoeken, en fûnen hja de trije kollega's swier ferwûne op 'e strjitte lizzend. Foar twa fan harren, de opperwachtmaster Rabijn en de wachtmaster Kûper, kaam de sikenauto te let. De tredde man fan 'e patrouille, de wachtmaster Bearing, is fan 'e moarn om healwei seizen yn it Sint Paulus-hospitaal ferstoarn. Wachtmaster Bearing hat noch by biten en brokken fertelle kinnen hoe't it drama him ofspile hat. Krekt foar't de | |||||||||
[pagina 115]
| |||||||||
minskrotten har fan efteren besprongen, hie hy him yntuïtyf omdraaid en in skreau jûn om syn kollega's te warskôgjen. Der wiene doe fjouwer of fiif minskrotten, allegearre grutter as it earste eksimplaar dat hjir yn 'e stêd sketten waard. Rabijn en Kûper hawwe gjin gebrûk makke fan har wapens neffens Bearing, mar hysels hie mei syn semy-automatysk pistoal in pear meanende salvo's op de bisten ôffjurre foar't se him mei har ûntsettend gewicht tsjin 'e grún sloegen. Kommissaris Van den Burg hat fan 'e moarn befêstige dat der út it pistoal fan Bearing achtentweintich patroanen misten. Op de Sâltbuorren binne grutte plassen rottebloed fûn, dat Bearing moat ferskillende fan 'e munsters rekke hawwe, mar deade rotten binne net ûntdutsen. Swier bewapene polysjemannen patrouillearje al de hiele dei lâns grêften en kanalen om de ferwûne eksimplaren op te spoaren en ôf te meitsjen. Lykwols oant no ta sûnder sukses. It seit himsels, achte harkers, dat ús goede stêd Ljouwert troch dit ûntsettende drama op 'e nij yn leed en need en eangst dompele is. Wy mienden fan 'e minskrotten ferlost te wêzen, mar alle hope op in goede ôfrin wurdt mei ien trêd de grûn yn wâdde. Harkers, wy binne net byleauwich, mar dit is duvelsk, dit is gjin tafal mear! De nachtlike oanfal fan 'e minskrotten is hast net oars út te lizzen as in bluodrige warskôging om ús ús optimisme en ús koartsichtichheid ôf te learen. Wy hawwe it gefaar lytsachte, en dêr moatte wy no foar boetsje. It is de minske net jûn om syn holle rjochtop te dragen en syn wei te gean mei blidens. It lot fan 'e minske is dat er bûgd en brutsen syn paad delstroffelt nei it grêf, en syn iennich oantinken is in spoar fan triennen. Goejûn, harkers.
Hanenburg lûkt him dat ûngefal mei de rotsjes nochal oan, | |||||||||
[pagina 116]
| |||||||||
sa te sjen, lêzers, ik bedoel: harkers - ik kin noch noait oan myn nije rol wenne, hopelik komt Tsjitske hast werom. Ik soe wat Hanenburg betreft graach mei myn skoanmem sizze wolle: Fleurich op, ons kat het jongen! Ja harkers, der hawwe ús de lêste wiken in mannich brieven berikt, dêr't wy tige wiis mei binne. Priizgjende brieven, lekjende brieven, positive en negative lûden, se binne ús tige wolkom, want allegear binne se in bewiis fan meilibjen en belangstelling en mei allegearre kinne wy ús foardiel dwaan. Wy kinne ien, anonime, skriuwer fan in lekjend brief gerêststelle: Jo, N.N., hoege net bang te wêzen dat wy jo yn in programma begekje soene as jo namme ús bekend wie. Wy dogge net oan antykrityk, lykas by de rono wenst is. Wy ûntfongen fan 'e direktrise fan in bejierretehûs earne yn Fryslân in tige sympatyk skriuwen, wêryn't hja fertelt dat der op 't stuit yn har gebou in keamer frij is, dy't se graach beskikber stelle wol foar de âlde, ynwenjende beppe fan 'e sjauffeur dy't de lilakanten b.h. fan wilen mefrou Dr. Krûmhout yn 'e bûse troppe hie. De desbetreffende passaazje yn Hanenburgs Sprutsen Brief hie har djip yn it moed taast, skriuwt hja. Wy hawwe kontakt opnommen mei Hanenburg om namme en adres fan dizze âlde dame oan 'e weet te kommen, mar it die bliken dat beppe krekt stoarn wie. Ja freonen, sa is it libben. Fan in harker út 'e Knipe ûntfongen wy tweintich gûne. Yn in begeliedend briefke skriuwt hy: Ik ben zeer Fries doch kan het niet schrijven. Uw programma's ben ik zeer heet op. Dit is ter dekking der onkosten. Earlik harkers, wy binne tige wiis mei dizze twa tientsjes, want it bringen fan in radioprogramma kostet slompen jild. Yn 'e febrewarismoanne ha wy wer in grut seishûndert gûne ynfestearje moatten om't wy fanwege it knappen fan 'e beïzele stroomtriedden, oergean moasten op triedleaze útstjoering. | |||||||||
[pagina 117]
| |||||||||
Sadwaande ek ús nammewiziging, dy't jimme al opfallen wêze sil. No, earjuster, op 'e lêste febrewaris, ha wy ús trije ferboude bromfytsen fersekerje moatten tsjin wa, dêr't ek wer sânensechstich gûne mei hinne gyng. Of tochten jo, achte harker, dat wy it ús wol permittearje koene dizze oarder te ûntdûken mei't wy, as klandestine stjoerder, dòchs al de wet brekke? Dan binne jo mis, dan hawwe jo der gjin aan fan hoe burokratysk it Nederlânske justysionele apparaat yninoar sit en oer hoefolle skiven de wet rint! Fan 'e moarn binne wy te B. oanholden troch in polysjeman dy't ús griene kaart kontrolearje woe. Hy frege belangstellend wat foar spul wy dêr op 'e duo hiene. Geheime stjoerder, antwurden wy. Just, sei er, jawol, en joech ús de griene kaart werom. Fierder neat, want, harkers, dizze man hie de opdracht krige om griene kaarten te kontrolearjen, mar net om eventuële passearjende mobile geheime stjoerders oan te hâlden en te ferbalisearjen. Dat foel bûten syn taak. It is sels sa, harkers, dat de offisiële Seksje Opspoaringstsjinst Geheime Stjoerders fan 'e rykspolysje der tsjinoan skytskoarret om ús yn it nekfel te gripen, mei't wy strikt nommen, net falle ûnder de betreffende bepalingen yn it wetboek fan strafrjocht. Dêr is sprake fan: geheime zenders domicilie gekozen hebbende ten huize van... en wy stjoere bûtendoar út en hawwe gjin fêst plak. Doe't wy as earste mobile stjoerder yn 'e loft kamen, is der wol in kommisje fan twa masters yn 'e rjochten en noch in boerehufter beneamd om in wetsje te ûntwerpen wêrmei't wy strikt wurde koene, mar dy wet is noch net klear, en salang kinne wy rêstich trochgean. De justysje lit ús dus (noch) mei rêst, mar de fiskus net! Wy kinne mar trou ús oanjeftebeljet foar de ynkomstebelesting ynfolje, oars komme wy foar de baly! It kin de fiskus neat | |||||||||
[pagina 118]
| |||||||||
skele wêr't er syn jild weihellet, oft de belestingplichtige syn jild fertsjinne hat mei, letterlik sa't it der stiet, eerbare of oneerbare handelingen, dat docht der net ta. Hawwe jo in rôfmoard pleegd? De fiskus seit: dy moard ynteressearret my de barrels, mar dy twatûzen gûne dy't er stellen hat, wol ik ynkomstebelesting fan ha. Oft jo steuntrekke of ynbrekke, fioelspylje of de hoer spylje, belesting moatte jo betelje. It is mar in tip, achte harkers. Wiene jo fan doel om jo slach te slaan of jo route te tippeljen, dan sille jo wol jo formulierke neffens de folle wierheid en nei bêste witten ynfolje moatte, oars belânje jo fan 'e hannen fan 'e fiskus yn 'e hannen fan 'e justysje, rekkenje dêr mar op! De hearen smite inoar jo ta as in bal! En leau mar dat jo in raar gat yngeane, as jo de belestingplicht ûntdûkt hawwe. Net allinne dat jo in boete krije fan komsa en de nor yndraaie, mar teffens stiet yn 'e wet dat de masines, apparaten ensafuorthinne wêrmei't de winst makke is, yn beslachnommen en nadere wurde. En dat betsjut fansels foar de dames yn kwestje in raar och heden en gjin lytse beroerte! Harkers, draai no de knop mar om, want ik wol noch even mei myn lêzers prate, en ûnder eigen folk wêze. Om mei Joazef te praten: Lit alle Egyptners fan my útgean! Lêzers, jim ha ek wol murken, faaks al earder as ik, dat ik my yn dit stik wer opskroefd ha ta in flau soarte humor. It is forsearre fan A oant Z, want ik wie tryst, mar woe it net witte, ik woe fleurich dwaan, mysels neat skine litte. Ik bin tryst, lêzers, om't it wer maityd wurdt. Want as de blêden fan 'e beammen falle en as se der wer oankomme, dan binne wylju op syn slimst. Mar ek om dit boek bin ik tryst. In pear dagen lyn bin ik wer begûn te skriuwen, nei't ik in heel skoft stilsitten hie, en ik skriuw my no blau. It is no foar it earst dat dit boek my meinimt, my hielendal opeasket. It boek wol ôf, foar peaske as it kin. En dêr bin ik tryst om. | |||||||||
[pagina 119]
| |||||||||
Want in goed moanne lang sil ik as in skym troch it hûs waarje, ferfrjemdzje fan frou en bern, mei stoarjende eagen myn wurk dwaan, libje as in filmheld dy't lossnien waard út it doek. Ik sil sjen dat der tearen komme boppe de wynbrauwen fan myn frou, en har net helpe kinne. Ik sil hearre hoe't har wolterêsten fan jûn op jûn wanhopiger klinkt, en schizofreen fierder skriuwe let yn 'e nacht op, oant ik as in maits op bêd krûp en sliep as in baarch. Ik wit dat as aanst Hanenburg my ûntfalt, ik syn plak ynnimme moat en dit boek allinne foltôgje. En ik sjoch der sa tsjinoan om nachten oanien yn folsleine iensumheid te wrakseljen mei de stof. Lêze jo my noch, of ha jo it boek al sletten? Ik bin sa allinne. Dit kommende ôfskied, dat makket my kapot. Ik soe wol graach nei Ljouwert gean wolle om noch in pear fleurige dagen mei Hanenburg te belibjen, in lêste kear tegearre nei de film, in komyske film, prate oer doe't wy noch jong wiene, hoe't wy dy-en-dy tefiter hiene, inoar ivich trou swarden. Leausto yn 'e himel? Ja, God Hanenburg, ik sjoch dy wer! Lit ús ôfskied nimme. In boarrel? Nee gjin drank, it soe my noch tryster meitsje. Is it dyn tiid, Haaie? Ja. No jong, Haaie, hâld dy goed hen. O God, ik wurd gek! Lêze jo noch? Want ik bin sa beroerd. Haaie wit it ek, ha jo it fernommen? Dy lêste sinnen fan syn sprutsen brief en dat hommels ôfbrekken? Sa wie Haaie oars net, hy utere komselden syn djipste gefoelens. Hy wit dat syn ein kommen is. Hy wit it! Nee, ik gean net nei Ljouwert. Ik wol syn lêste oeren net fergalje mei myn klachten. Lit him stjerre sa't in man stjert, fan alle minsken ferlitten, yn in lêste wrakseling mei God. Ik gean net nei Ljouwert. Moarn gean ik wer nei skoalle. Ja, it is idioat dat ik moarn wer nei skoalle gean. Ik soe yn dit | |||||||||
[pagina 120]
| |||||||||
boek bliuwe moatte, soargje foar de minsken dy't ik op myn noed haw, oan Haaie tinke, oan 'e radio sitte, wachtsje op 'e jobstiding. Moarn gean ik wer nei skoalle en doch myn wurk of hearde it sa, wylst in goede freon op 'e dea wachtet en hûnderten meunstereftige rotten reesteane om in hiele stedsbefolking út te moardzjen. En moarntojûn sil ik in kolderike radioútstjoering skriuwe. Wêrom? Om't dat yn it programma stiet. En wêrom dan net? Leed en wille skowe oer inoar hinne. Kin ik myn harkers in wikelang treurmuzyk foarsette om't ik yn noed sit oer in meiwurker? Wy minsken ynteressearje ús net foar it leed fan in oar. Ik beskuldigje nimmen, sa bin ik sels ek. Ik sil in tige bryk stik skriuwe, wylst myn eagen skrieme om Hanenburg, ja, dêrom sil ik it noch healwizer dwaan.
Goejûn, achte harkers, hjir is de tmgs Je Maintiendrai mei it tongersdeitejûnsprogramma. Yn dizze útstjoering, achte harkers, presintearje wy jimme in nij programma ûnder de titel Iepenbier poëzijbesit, wêryn't wy besykje wolle in brêge te slaan oer de kleau dy't leit tusken poëzij en publyk. Poëzij, achte harkers, hat yn 'e skiere foartiid, doe't de wrâld noch lang net sa ferbrokkele wie as no, folksbesit west. Poëzij wie út it folk en foar it folk, lykas ek de dûns en de muzyk uteringen wiene fan 'e folkskultuer. Wy soene ek sizze kinne: ik wiene uteringen fan it religieus besef fan it folk. Poëzij, dûns, muzyk, it wiene ûnderdielen fan 'e rituële godsferearing, sa't wy dy û.o. út Grikelân kenne. Letter, doe't de godstsjinst èn syn ynfloed ferlear èn mear in saak fan it hert waard, koene de ferskillende, ynearsten tsjinjende keunstten, har frij ûntwikkelje en los fan 'e godstsjinst en los fan inoarren har wegen gean. | |||||||||
[pagina 121]
| |||||||||
Poëzij, muzyk, dûns, toaniel, dat binne yn ús tiid tige aparte terreinen, hoewol't wy fansels oant hjoeddedei de opera kenne, wêryn't in ferbining tusken de neamde keunsten lein wurdt, sa dat de iene de oare stipet en in gehiel berikt wurdt. Mar de opera is perfoarst gjin utering fan folkskultuer, mar de skepping fan inkele yndividuële keunstners. Yn ús tiid en ús mienskip kin gjin folkskultuer bestean. Folkskultuer ûnderstelt ien religy, ien wrâldbyld, en ienheid fan wrâldske en geastlike macht. En kom dêr ris om yn ús lantsje mei syn seizentritich ferskillende tsjerken en achtentweintich politike partijen! Wat ús dan ek tsjintwurdich oanbean wurdt, achte harkers, ûnder de namme folkskeunst en folkslektuer, it mei wêze keunst of kitsch, mar it binne perfoarst gjin uteringen fan in libbene folkskultuer. De dichter, de skepper fan poëzij, dêr't wy ús yn dizze rige útstjoeringen ta beheine wolle, is gjin folksman. Hoewol't hy foarenoan sitte kin yn doarpsbelang, iisklub of sportferiening, as dichter is hy yndividualist. Hy rjochtet him net ta it folk, hy skriuwt net foar it folk, hy skriuwt foar himsels. Dit soe ynhâlde kinne, achte harkers, dat poëzij in oar minske neat te sizzen hat, mar wy minsken ferskille ornaris net safolle faninoar of wy kinne de gefoelens fan in oar neikomme, mits wy syn taal fersteane. En dat hat der notiids wolris oan! Tige algemien is de klacht dat de tsjintwurdige dichters sa ûnbegryplik skriuwe, sin en doel ûntgeane de lêzers. It gefolch is dat de measte minsken nei't se in pear kear fan in fers preaun hawwe, ta de oertsjûging komme dat it neat foar har is. Dizze tastân is tige spitich, net yn it minst foar de netlêzende lêzer, want der bliuwt him in fjild fan skientme ûntsein. Wy wolle graach yn dizze rige útstjoeringen der uzes ta dwaan om publyk en poëzij tichter ta inoar te bringen. Wy | |||||||||
[pagina 122]
| |||||||||
woene dat dwaan troch it lêzen en bekommentariearjen fan in mannich fersen, begjinnend by de 17de ieu en sa trochkuierjend nei ús tiid. Harkers dy't har op dizze rige abonnearje wolle, kinne dat dwaan troch twafyftich oer te meitsjen nei de tmgs Je Maintiendrai, poste restante Gau 58a, ûnder fermelding Iepenbier poëzijbesit. Hja krije dan nei elke ôflevering fan 'e rige tekst fan fers en kommentaar thússtjoerd. Foar de earste ôflevering yn dizze searje ha wy it each falle litten op Sonnettendrieluik, in trits fan sonnetten, skreaun troch de 17de-ieuske dichter Matthias Pansponse te Wyns. Dizze dichter, tiidgenoat en pinfreon fan Gysbert Japicx, skreau syn libbenlang yn it Nederlânsk. Fan him ferskynden by syn libben twa bondeltsjes poëzij, Bloemen op mijn hoed yn 1634 en Bloemetjes buiten yn 1658, wylst der koart nei syn dea yn 1665 troch syn freonen in bondeltsje gearstald waard út syn neilitten manuskripten dat de titel krige Bloemen op het graf. It Sonnettendrieluik stiet yn dizze lêste bondel, mar it is nei alle gedachten al yn 'e jeugd fan 'e dichter ûntstien. Wierskynlik hat hy dizze sterk persoanlike fersen net útjaan wollen om't hja it ferslach binne fan in heftige leafdesaffêre dy't er as jongfeint belibbe foardat er troude mei de stive dûmnysdochter Klaaske Adriana Gozenswijn. Wy wolle jim it earste sonnet fan dit trijelûk foarlêze:
Sonnet aan de onbekende Maagd
Ik weet niet wat ik moet beginnen!
Al wat ik slaaf en zwoeg en zweet,
Den Vreê vermag ik niet te winnen,
't Blijft in mijn Binnenst steeds een Keet.
Niets maakt er Indruk op mijn Zinnen,
Dit doet mij zeer van harte Leed!
| |||||||||
[pagina 123]
| |||||||||
Eén Beeld slechts schiet mij steeds te binnen.
De Maagd die door den Boomgaard schreed.
Ach, aan Uw Boezem zou ik rusten,
Gelaafd door Uwen roden Mond.
Dien mijne Lippen kusten, kusten...
En mocht het zijn dat er ontstond
Een groots Ballet der lage Lusten,
Dan was ik dra weêr kerngezond!
In sonnet, achte harkers, bestiet út twa strofen fan fjouwer rigels (kwatrinen) en twa strofen fan trije rigels (terzinen), yn totaal dus fjirtjin rigels. Yn 'e beide kwatrinen, dy't tegearre it oktaaf foarmje, wurdt yn 'e regel in situaasje skildere, wylst yn 'e beide terzinen, tegearre it sekstet, in antwurd folget op dy situaasje. Dat antwurd kin wêze it feralgemienjen fan in ynsidintele situaasje, mar likegoed it ferpersoanlikjen fan in algemiene situaasje. It kin wêze in logysk fuortfloeiende konsekwinsje, mar likegoed it tsjindiel, bygelyks wannear't de dichter somber is en de natuer fleurich. Ek yn it krekt lêzen gedicht kinne wy dy twadieling meitsje. Yn 'e beide kwatrinen - dy't neffens it rym in ienheid foarmje, wat ek jildt foar de terzinen - skildert de dichter yn konkrete bewurdingen in manspersoan, in ik, dy't yn tige jammerdearlike steat ferkeart. Hy libbet yn ûnfrede mei himsels en mei de bûtenwrâld en wat er ek docht om in harmonieuze persoanlikheid te wurden, it slagget him net. Hy siket ôflieding yn wurk, swier wurk - let op de prachtige klimaks: slaaf, dat is gewoan werke, zwoeg, dat is fûl arbeidzje, en zweet, wat betsjut sa ôfgryslik bodzje dat je der fan switte - mar hoe't hy him ek ôfmêdet, hy fynt gjin rêst foar syn op 'e kletter sleine tinzen. Dy tinzen, se mealle him troch de kop as roeden fan in baarnende mûne, en neat is der dêr't | |||||||||
[pagina 124]
| |||||||||
se in skoftsje hâld by fine. Niets maakt er Indruk op mijn Zinnen fersuchtet de dichter yn djippe wanhoop. Wat him lykwols opfalt is dat der yn dizze buorljende tinzebrij hieltyd ien byld weromkeart, ien oantinken oan wat er ris sjoen hat: in faam dy't troch it hôf kuiere. Yn it sekstet besiket de dichter út it labaret te kommen troch him, mei al syn wanhoop te rjochtsjen ta de ûnbekende faam, de iennige dy't him rêde kin, nei't er tinkt. By har sil syn wurge hert rêst fine, har mûle sil syn droege lippen befochtigje. Mar de dichter wit dat dit noch net genôch is, earst de bysliep - wat in grandioos byld brûkt de dichter! - sil him fan alle hertsear en sieleneed ferlosse kinne. Wy geane oer ta it twadde sonnet, titele:
Sonnet aan mijn Geliefde
Toen Gij verscheent in Uw devote,
Maar dun doorschijnend nylon Nachtgewaad,
Steeg mijn Vervoering tot den hoogsten Graad
En zwol mijn Plasser op tot ware Grootte.
En toen 'k U tot het naakte Lijf ontblootte
- Den vrucht'bre Akker wachtend op het Zaad -
Geraakten wij in steeds uitbund'ger Staat,
Naarmate ik dieper in Uw Lenden stootte.
Maar toen 'k na Afloop naar den Wasbak beende,
Ter laving van mijn droge Keel,
Was het of elke Vreugd in ons versteende.
Dit was 't waaraan de Smart zijn Bron ontleende:
Ik met een pijnlijk, schrijnend Deel,
En Gij die om 't bevuilde Laken weende.
| |||||||||
[pagina 125]
| |||||||||
De komposysje fan dit twadde sonnet, achte harkers, ferskilt gâns fan dy fan it earste. Dêr wie it sekstet it antwurd, it ferlossende antwurd op it oktaaf, wylst yn it krekt lêzen sonnet in skerpe brek tusken de beide dielen is. Wol men in ferbining lizze tusken dit sonnet en it earste, en ik leau dat dat tastien is, dan soe men it oktaaf fan it twadde sonnet de realisearring neame kinne fan 'e dream dêr't de dichter him yn it sekstet fan it earste sonnet oan fêst klamme. It langstme wurdt hjir ferfolle... teminsten, dat liket sa. Op de klimaks fan it oktaaf folget de antyklimaks fan it sekstet. De bysliep skinkt de dichter en syn beminde gjin frede. Hja binne net tichter ta inoar kommen, mar krekt oarsom fan inoar ferfrjemde. Let op de tsjinstelling yn wurdklank tusken it oktaaf en it sekstet. Yn 'e earste acht rigels wurdt in ferwachtingsfolle sfear oproppen troch de lange o- en a-lûden fan it rym, dy't ek op oare plakken herhelle wurde: doorschijnend, hoogste, en: ware, naakte, Geraakten, Naarmate. Ta dy sfear draacht ek by it stêfrym dat wy oantreffe yn: dun doorschijnend, beide mei de d, en: nylon Nachtgewaad, beide mei in n. Skerp hjirfoaroer stiet it sekstet mei syn sombere, kleiende e-lûden fan it rym, en de ij-lûden fan pijnlijk, schrijnend. Ek de wurdkar toant ferskil: tsjinoer de sêfte, poëtyske wurden út it oktaaf steane de hurde, realistyske wurden fan it sekstet. Tsjinoer verscheent stiet beende, tsjinoer Nachtgewaad stiet Wasbak. Fergelykje ek Vervoering en versteende, Plasser en Deel, zwol op tot ware Grootte en pijnlijk schrijnend, Zaad en bevuilde Laken. Yn dit sonnet wurdt al dúdlik dat foar de dichter en syn beminde it lok net weilein is. Hja bliuwe inoar frjemd, der is yn beiden in rop, mar gjin antwurd. De skieding kundiget him al oan. Yn it tredde sonnet is de skieding in feit wurden en bekla- | |||||||||
[pagina 126]
| |||||||||
get de dichter him oer syn ferlerne leafde. Spitigernôch, achte harkers, kinne wy jimme dat lêste gedicht jûn net mear foarlêze. It moat, fanwege de tiid, oerstean bliuwe oant ús folgjende útstjoering yn dizze rige. Wy wachtsje no oant kertier foar achten foar de Sprutsen Brief fan ús korrespondint Hanenburg yn Ljouwert.
Goejûn, achte harkers, hjir is Hanenburg fia de tmgs Je Maintiendrai. Achte harkers, de ûntwikkelingen yn ús goede stêd Ljouwert geane goed de ferkearde kant út. Sawol mei de regearing Le Vud as mei de minskrotten liket it neat te bêst, en it is op dit stuit noch net dúdlik fan hokker partij wy it meast te frezen hawwe. Generaal Le Vud is úteinset mei syn kampanje tsjin wat him haget te neamen de rottige en dekadinte kankerplakken yn ús mienskip. Le Vud bedoelt dêrmei de artysterûnten dy't sterk antymilitaristysk en ynternasionaal tinkend binne en dy't de boargerlike moraal yn wurd en died farwol sein hawwe. Dat yn dizze rûnten de nonfigurative keunst fierwei oerhearsket, hat Le Vud brûkt as middel om de artysten yn it hert te reitsjen en foargoed út te skeakeljen. Hy hat nammentlik it barbaarske stik bestien om de yn 'e ôfrûne jierren fan regearingswege oankochte skilderijen en byldhouwurken yn it iepenbier op it Saailân ûnder de hammer te lizzen en oan 'e meastbiedende te ferkeapjen. As vendumaster fungearre de âlde freon en partijgenoat fan Le Vud, de hear K.W. Lagger. Wat dizze hear him permittearje doarst, wie by de wylde spinnen om 't ôf. Wy hawwe in lyts healoere dit dierlike festijn oanskôge, doe koene wy it net mear ferneare. It gyng likernôch yn dizze trant: De hear Lagger wiist op it neist him steande brûnzen byld Spiritueel fan de byldhouwer H.B. Holker en ropt: Dames en Hearen, dit stik brûns hjir- | |||||||||
[pagina 127]
| |||||||||
re is fan de hear Holker, dy't it makke hat doe't er stomdronken wie. Hy wie fan doel in geit te meitsjen, mar dat is net earlik slagge. It hat mear wei fan in damesfyts. Wat sizze jo? In bernewein? Ja, dêr liket it ek wol wat op. Wat it ek wêze mei, dames en hearen, jo kinne it hiel gaadlik yn jou tún brûke as fûgelskrik. De ynset is ien kwartsje. Wa biedt mear? En sa ha wy belibbe, harkers; dat dit wurk dat yndertiid oankocht waard foar fiifenfjirtichhûndert gûne fan 'e hân dien waard foar sânentritich sinten. Wy hawwe sjoen hoe't de keunst en de keunstner útlevere waarden oan de domme kliber. Wy hoopje it nea wer mei te meitsjen. Dat de measte fan dizze byldhouwurken, plastiken en skilderijen wol troch keunstsinnige lju opkocht wurde sille fan 'e jankende hyena's dy't der no triomfantlik mei ôfset binne en sa foar de neiteam bewarre bliuwe, is in skrale treast. Le Vud is yn syn opset hielendal slagge: hy hat de artysten sa misledige en publikelik foar skut set dat hja, de rebelske idealisten, tenei noch skraachwurk in rol spylje sille as faktor yn 'e mieningsfoarming fan it folk. De iennige persoan dy't dit grouwélige stik foarkomme kinne hie, de ynternasionaal erkende keunstkritikus en fûl ferdigener fan 'e moderne keunst, Dr. Van Halver Blekers, is juster troch in eigenaardich ûngefal om it libben kommen, hy foel fan it balkon fan syn flat op 'e tredde ferdjipping. Dat is hjirom sa eigenaardich om't Dr. Van Halver Blekers nea op it balkon kaam, hy hie slim lest fan hichtefrees. Der wurdt troch syn freonen dan ek oannommen dat er selsmoard pleegd hat. Ek op oare fronten is Le Vud de striid begûn. De nachtklub Suster Bertke moat tenei om healwei twaen slute ynstee fan om healwei trijen, wylst de polysje opdracht krige hat de klub by de minste oertreding fan 'e fatsoensnoarmen te ûntrûmjen. Le Vud hat syn ministers, steatssekretarissen, haadamt- | |||||||||
[pagina 128]
| |||||||||
ners en haden fan tsjinst te ferstean jûn dat hy fan harren ferwachte dat se dizze rûchskerne mije soene. Yn it yllústrearre wykblêd De Liuw fan Fryslân is in tige skerp artikel opnommen tsjin de homofilen, soks, wurdt flústere, ek wer op oanstean fan Le Vud. De auteur fan dat artikel, de emearitus-dûmny K. Grootje, feroardielet de homoseksualiteit op bibelske en natuerlike grûnen. Hy beweart dat de homofilen fan natuere mear misdiedich binne as de heterofilen en pleitet foar it ynfieren fan frijheidsstraffen en it oprjochtsjen fan ynternearringskampen foar homofilen. Achte harkers, ek oer de minskrotten moatte wy jimme ûnoangename berjochten bringe. Yn 'e nacht fan tongersdei op freed binne de rotten in hûs oan 'e Muontsegrêft binnenkrongen en hawwe in jonge húshâlding mei twa bern deade. It is foar it earst dat de minskrotten yn dat part fan 'e stêd optrede. Yn 'e hynstestâl fan in slepersbedriuw binne twa deade hynders fûn, wêrfan't kop en poaten ôffretten wiene. Ek op de bernebuorkerij, deun by de stêd, wurde ferskillende dieren fermist. Senator Slager fan 'e kfp hat de minister-presidint, teffens minister fan definsje mûnling fersocht in kompanjy soldaten beskikber te stellen om nachts mei de polysje te patrouillearjen. Generaal Le Vud hat dit fersyk ôfwiisd. Wol hat er tasein de bb by dit wurk yn te skeakeljen. Folle sil dat lykwols net jaan, der binne yn totaal mar trijentweintich man bb yn Ljouwert. Mei it blokhaad fan 'e bb, de hear Burgers, ha wy bepraat oft it miskien mooglik wie frijwilligers op te roppen om yn 'e mande mei bb en polysje de stêd fan minskrotten te suverjen. De hear Burgers wie hjir persoanlik net sa foar, en hy koe dêroer ek net beslisse sûnder tastimming fan syn superieuren. Sat jim hearre, harkers, genôch om de moed by te ferliezen. | |||||||||
[pagina 129]
| |||||||||
De ynwenners fan ús goede stêd Ljouwert wurde fan twa kanten bedrige: troch de minskrotten en troch it regym-Le Vud. It is sa klear as in klûntsje dat Le Vud de iene befolkings-groep tsjin de oare útspylje wol om stadichoan mear syn macht út te wreidzjen. It is sels mooglik dat hy de minskrotten rêstich trochmoardzje lit om pas yn te gripen as hy der wis fan is dat it folk him dêrnei as helt en rêder bejubelje sil en him gjin strie yn 'e wei lizze sil op syn wei nei it diktatorskip. Fan wa ha wy it meast te duchtsjen, fan 'e minskrotten of fan 'e rotminsken? It liket gûl om goarre. Harkers, ik winskje jim it alderbêste. Dit wie Hanenburg te Ljouwert.
It is no wol gaadlik, lêzers, nochris werom te kommen op it stikje dat ik 3 jannewaris te Sint Anne skreaun haw. Yn 'e twadde alinea dêrfan hold ik út dat de wearde fan De Sitadel beskaat wurdt troch it feit dat ûnnimber rymt op novimber. Ik hie doe winliken, ta ferdúdliking, de stelling ponearje moatten dy't ik letter yn in noat ferwurde haw: de kwaliteit fan it boek is it boadskip; of: de ynhâld is de foarm. (Nietzsche hat neffens hearren sizzen dizze stelling as earste ûntwikkele). De taalkeunstner bout mei taaleleminten: lûden, wurden en sinnen in omskot en yn dat omskot in gedachte. Hy bout se tagelyk, it iene is net los te tinken fan it oare. (Dêrom ferliest in taalkeunstwurk yn oersetting ek altyd. De auteur hat al wurdfoarmjende en sinbouwende in ynhâld konstruearre - de oersetter set oer yn in oare taal, mar it is tige de fraach oft dy oare klanken en wurden inselde ynhâld suggerearje kinne). Op de lêzers komt de roman - om ús dêrta te beheinen - ek ôf as in ienheid. Men kin eventueel twa fasetten ûnderskiede, mar dy twa kinne noait yn opposysje pleatst wurde. Snoade mannen dogge dat soms wol: Men kin jin in ‘kristlik’ boek yntinke, dat gjin inkele literêre wearde as pretinsje hat en dat | |||||||||
[pagina 130]
| |||||||||
de lêzer dochs tichter by Kristus bringe kin. En in boek kin fansels wol wakker literêr wêze, mar spotte mei alle kristlike wearden. Dit binne twa hiel aparte saken. (Boarne op oanfraach). Unsin, menear, ek wat dat oanbelanget. Ik bin op 't lêst út deselde kristlike djerre bret en wit der alles fan. Ik kin my ek wol in ‘ûnkristlik’ boek en sels wol in boek dat spot mei ‘alle kristlike wearden’ yntinke dat my tichter ta Kristus bringt. Dat dogge lêstneamde boeken as 't knypt ek noch earder as de saneamde ‘kristlike’ boeken tink ik. Wat men dan konkreet ûnder ‘tichter by Kristus’ ferstean moat, wit ik fansels likemin as oars wa: it kristendom bestiet, lykas alle spirituële saken, by de graasje fan it wurd. Men fynt in roman moai, of men fersmyt him. As men earlik is, docht men it yn beide gefallen radikaal - ûnearlik is it om in boek fanwege syn ynhâld ôf te wizen, mar ta te jaan dat it goed skreaun is, of oarsom. As in boek min skreaun is, hoe kin dan de ynhâld goed wêze? De ynhâld wie der net foar't de roman skreaun waard en komt de lêzer allinne temjitte út 'e wurden. As in boek min skreaun is, dan hat it gjin ynhâld, dan seit it jin neat. En as men tajout dat in boek goed skreaun is, dan sil men de ynhâld derfan ek akseptearje moatte, want wat is de ynhâld fan in boek oars as wat der letterlik stiet? De kwaliteit fan it boek, dat is it boadskip. Marten Sikkema beslút syn resinsje fan By de hannen om 't ôf mei de wurden: En krekt yn har tragyk hat dizze Wilma, oars yn har dwaan en litten wier net sa'n sympatyk jong frouminsk, jin dochs wat te sizzen. Ik bin bang dat wannear't Sikkema der op ferge waard ris te omskriuwen wàt Wilma (wêrom wurdt dit skat fan in bern yn fredesnamme ‘wier net sa sympatyk’ neamd?) jin dan te sizzen hat, hy oars net koe as it komplete earste haadstik sitearje en fierders in karlêzing meitsje út 'e bêst skreaune parten fan it boek. | |||||||||
[pagina 131]
| |||||||||
Om alle misferstân foar te kommen, ik bedoel mei ‘ynhâld’ net wat der allegear bart: hoe't de frou fan 'e weinmakker in bern tatocht wurdt troch de ynstallateur fan 'e geiser, dy't har oer 't mad komt by 't bêdopmeitsjen, wat him de holle oerstjoer makket, mei't hja tige foaroerbûgd stiet yn har dochs al koarte rokje etcetera, dat is bysaak. Mei ynhâld bedoel ik de lading oan sizzenskrêft en oertsjûgingskrêft fan 'e troch de auteur brûkte taal. In skerpsinnich lêzer sil him no miskien ôffreegje wêrom't ik der dan belang by ha dat Tiny Mulder, Marten Sikkema en Anne Wadman fan my sizze: dizze man hat wat te sizzen, as dat foar my dochs oars neat betsjut as dat ik goed skriuwe kin. Ja, lêzer, mar op gewoane, net te djip neitinkende persoanen soe dy útspraak fan ús trije foarnaamste kritisy de yndruk meitsje dat ik in goeie jonge bin dy't it goeie wol en dy't it goed mient. Mei de auteur bêst in minne krityk ferneare kinne, de minske Tr. Riemersma, de trouwe húsfader en heit fan trije bern is it net likefolle hoe't der oer him tocht wurdt. Dy hat wier wol belang by in goeije resinsje, benammen foar syn dea.
Lânslju, soannen en dochters fan ús Frysk folts, jimme, dy't as ferwoeksen, mar sterke en taaie beammen steane yn ús âld skier lân dêr't it jimmeroan waait, soms kin it barre dat de seine ta flok keart en jins leafste beuzichheid jin wurdt ta in leadswiere plicht. Harkers, Friezen, mear as ienris haw ik foar dizze selde mikroskoop myn tank útsprutsen foar wat de moderne technyk ús skonken hat yn dat yngenieuze en wûndermoaie kommunikaasjemiddel, de radio, mar hjoed, lânslju, skoot datselde kommunikaasjemiddel my in plicht op 'e nekke dêr't ik omtrint ûnder beswyk. In plicht lykwols dy't ik net fan my ôf smite wol, want it is my net allinne in plicht, mar ek in eareplicht. | |||||||||
[pagina 132]
| |||||||||
Friezen, trouwe beharkers fan ús aller tmgs Je Maintiendrai, yn sek en jiske, holwangich en tearhollich, mei readskriemde eagen en in fan smert brutsen lûd, meitsje wy jimme bekend mei it tryste nijs dat ús meiwurker H. Hanenburg yn 'e âldens fan hast achtentweintich jier fannacht te Ljouwert rêst is. Friezen, wy binne ferslein, ja, mèàr as ferslein, wy binne ferbûke. Hanenburg, meioprjochter fan 'e tmgs Je Maintiendrai, ynearsten Nulli Cedo neamd, en binnenlânsk korrespondint fan desimber 1964 ôf, Hanenburg is net mear. Fetsje wy dat? Nee, wy kinne it net, wy hawwe it noch net ferwurke. Noch hieltyd tinke wy dat aanst syn helder, sympatyk lûd wer út it radiokastke opklinke sil. Mar it sil nea wer barre, nea wer. Friezen, wat in leed leit besletten yn dy beide wurden: nea wer. It is in tryst refrein dat wy efter alles sette moatte dat mei Hanenburg te meitsjen hat. It sil nea wer barre. Wy binne tankber foar it wurk dat Hanenburg yn trou folhâlden foar ús stjoerder ferset hat. Net ienkear hat hy syn plicht fersake en sûnder ophâlden hat er him ynset foar in objektive en betroubere nijsfoarsjenning. Oan it lêst ta die er syn plicht. Hy stoar wylst er dwaande wie mei in reportaazje oer de minskrotten. Yn it holst fan 'e nacht, wylst elkenien syn wurge lea rêst gunde, sloep Hanenburg mei de mannen fan 'e bb troch de stille strjitten om de minskrotten oer it mad te kommen. Mar de jager waard bút! De minskrotten kamen him oer it mad. Hanenburg, hy is rêst, Mar wy treaste ús yn it witten dat er stoar yn 'e útoefening fan syn wurk. Hy hold it findel fan ús stjoerder heech. Hy maintiendraide, to the bitter end.
Wurden, wurden. Lêzers, juster hawwe wy Haaie te hôf brocht. Ik bin fuortendaliks doe't ik hearde dat Haaie dea wie nei Ljouwert reizge. Hy lei al yn 'e kiste doe't ik kaam en syn hos- | |||||||||
[pagina 133]
| |||||||||
pita wie dwaande de keamer op oarder te bringen. Tegearre hawwe wy om it adres fan syn neiste famylje socht. Wy fûnen op 't lêst it adres fan syn mem dy't yn in lyts greiddoarpke wenne. De herfoarme dûmny dy't wy dêre opskillen, woe wol sa freonlik wêze it âld minske yn te ljochtsjen. Mei goedfinen fan 'e hospita haw ik my yn Hanenburg syn keamer ynstallearre. De kiste waard pas juster, op 'e dei fan 'e begraffenis. nei A. brocht, dat ik haw trije nachten njonken Haaie sliept. Ik sil net fertelle hoe't it west hat, de eangst en de koartsdreamen en it harkjen, it wie ûntsettend. Ik kin der no net oer skriuwe, en miskien kin ik it nea. Justermoarn bin ik op in liende fyts nei A. gien. Fan 'e kastlein dêre hearde ik doe dat Haaie it oerwûn bern wie fan in ûngetroude frou dy't sûnt se har misstap dien hie, gjin betrekkingen mear mei har famylje ûnderholden hie. Har heit hie har doedestiids de doar útslein, fertelde de kastlein, en hy ornearre der soe wol net folle famylje opdaagjen komme. Dat kaam ek al út. Ik haw it selden sa miserabel meimakke, lêzers. Ik wie by it tsjerkestek stean gien om my dêre by de stoet oan te sluten. De stoet! Efter de dragers mei de bier rûnen trije minsken: de dûmny, dêr't wy al mei skille hiene, Haaie syn mem, en syn omke, Durk Hanenburg. Ik doarst my der net by te jaan. Pas doe't se in slach om 't hôf west hiene en nei it grêf ta setten, bin 'k nei harren ta gien. Oan 'e dûmny ha 'k my foarsteld as in freon fan Haaie. De beide âlde lju, broer en suster, namen my stymsk op en hiene fierders allinne each foar de hantrekken fan 'e begraffenismannen. Komyske ferskinings, lykas op alle doarpen, mei allegear deselde mjitten fan hege hoed, streekjebroek en swellesturt, oft se lang of koart meager of grou binne. Mar goede faklju, se hiene Haaie samar yn 't gat. Wat der yn it âld minske omgien is, dy't har skande tehôf brocht, yn it bywêzen fan dy wreden hont fan in broer dy't | |||||||||
[pagina 134]
| |||||||||
har miskien yn hast tritich jier net beneikommen wie, mar no, fansels, as fertsjintwurdiger fan it brute triomfearjende fatsoen presint wêze moast? It wie deagewoan satanysk hoe't dy kearel yn heechhertige foldienens op it lyk fan syn omkesizzer delseach, dat stadichoan yn 'e grûn sakke. Haaie skaaide net nei de Hanenburgen út, dat wie wol te sjen, fan uterlik net iens. Dat fyngefoelige en hypernerveuze moat er fan syn ûnbekende heit hân hawwe. Syn mem like amper kouster. In stomme boeretrut dy't tusken it melken en it kealleboarnen hurd even nommen wie troch de reizger yn feekoekjes. Men wit noait wat der yn domme minsken omgiet. Se binne sa fyngefoelich net as wy, mar se misse oan 'e oare kant de mooglikheid om it leed fan har ôf te praten of te skriuwen. 'k Haw mei de dûmny om tee west nei ôfrin. 't Wie in kwal, mar wat wol men. Hy ûntskuldige him foar de ienfâldige wurden dy't er oan it grêf sprutsen hie! 'k Haw him antwurde dat it my gjin barst útmakke wat der sein waard, om't it foar my holle wurden wiene. Leauwe jo dan net? Nee, sei 'k, ik haw tefolle belibbe. Jo binne oars noch jonger as ik, liket my ta. It is gjin kwestje fan jierren, dûmny, mar fan tinktempo. Guon binne op har sechstichste noch net oan 'e puberteit ta en oaren binne mei tweintich jier âld en de dagen sêd. 'k Bin letter nochris nei it hôf gien, dêr't in âlde hear dwaande wie it grêf ticht te setten. De âld baas klage wakker oer 't krús, dat ik haw de lodde fan him oernommen en it wurk dienmakke. 'k Haw de grûn goed oanwâde en fan 'e oerbleaune modder in prachtich moai heuveltsje makke. Haaie jonge, hjir leist sa kreas as in krúsbei, spitich datst it sels net sjen kinst. En âlde Theunis mar swetse dat menear dit fêst wol earder by de ein hân hie! Nee, sei ik, wat doadgraven oanbelanget bin ik in amateur, mar ik bin der foar yn 'e widze lein, dat is it him. God minsken, wat fielde ik my | |||||||||
[pagina 135]
| |||||||||
beroerd, ik hie elkenien wol mei de lodde de harsens ynslaan wollen. Theunis woe my perfoarst op in slokje traktearje foar it wurk, en ik haw net tsjinaksele want ik wie der skjin oan ta. De kastlein ferwolkomme ús mei: Kom, is 't wer gebeurd? Itselde mar wer? Twa, sei Theunis, en wy krigen elk in brandewyntsje mei sûker. Skoander guod, sei de âlde, mar mear as ien mei my winliken net barre. Ik haw him in twadden jûn, en in tredden. De drank makke Theunis syn tonge los. Hy eamele oan ien wei troch, it hiele doarp waard foar my útstald, skiednissen fan stagen tebek, ferhalen oer swier waar en trouwe-moatten en dea. Sels waard ik al stilderoan en wat Theunis bepreuvele ûntgyng my njonkenlytsen. Ik murk nei trije boarrels dat ik dwaande wie mankelyk te wurden en dat allinne drank my rêde koe. It wie te let om noch op jonge jenever oer te skeakeljen, dat ik liet jitris brandewyn mei ynskinke. Om healwei seizen hinne, doe't wy in stik of acht op hiene, waard Theunis troch in frommis fan in jier of fjirtich wreed fan 'e stoel skuord en de jachtweide útreage. Ik haw besocht op in ferstannige manier op it minske yn te praten, mar se joech my in trewinkel dat ik om foel lyk mei de bealich op in stoel. De kastlein hat my wer oerein holpen want ik koe it op eigen krêft net rêde. Mei kofje en woarst hat er my safier opkallefatere dat ik wer fytse koe. Om in oere of alve wie ik thús. Ik wie net dronken, al kin 'k oars gjin drip drank ferneare, diskear waard ik net dronken. Myn fuotten woene net om lyk, mar myn boppest masyntsje draaide op folle toeren. 'k Haw in liter brandewyn helle en bin op Haaie syn keamer sitten gien te pimpeljen oant de moarns fiif oere ta. Mar myn geast bleau sa helder as liedingwetter. 'k Wie fan doel in brief oan Antsje te skriuwen, mar dat | |||||||||
[pagina 136]
| |||||||||
woe net slagje en by einsluten ûntstie der in gedicht. In Dútsk gedicht. Wêrom, dat wit ik net, dy taal lei my it bêst op dat stuit. Ik leau net dat it in grut fers is, mar fannacht doe't ik it skreau fûn ik it tige oangripend, en ik wol it jimme, lêzers, dan ek net ûnthâlde. Mutti mein Hund ist verschwunden,
Mutti mein Hund der ist weg,
Und ich hatte ihm noch gestern gebunden
Ein Maulkorb um seinen Beck.
Ach, hätte ich die Tür geschlossen.
Das Unheil war nicht gescheh'n.
Ein Brock ist in mein Kiel geschossen,
Und ich kann durch mein Träne nicht seh'n.
Alle Lust ist mir heute vergangen,
Ich lege einen Tou um mein Strott,
An einem Baume will ich mich hangen,
Mir wartet die gnädige Todt.
Ik bin no wer aardich by sûp en stút, en hoewol't ik noch tige mistreastich en tige labyl bin, fiel ik my wol bysteat de wrâld en syn problemen yn har wiere proporsjes te sjen, ek de problemen dy't mei dizze roman gearhingje. Winliken, lêzers, soe dit boek hjir einigje kinne. Ik haw no wol likernôch dúdlik makke dat de rol fan 'e skriuwer yn syn wurk dy is fan de stille stokelder en de genipige yntrigant. Ik haw oan 'e oare kant lucht jûn oan myn lytse argewaasjes en oppotte ûnlustgefoelens. Frij oerstallich en frij sinleas, mei men sizze, mar ik leau dat ien it mannewaar op te sizzen neat ûnsinniger is as trouwen, rútspielen of dongkroadzjen. Neat wat de minske docht is ûnsinnich, it feit dat er bestiet, | |||||||||
[pagina 137]
| |||||||||
dat is ûnsinnich. En wa't ienkear, troch te libjen, it ûnsinnige, dat er libbet, oanfurdige hat, moat net mear begjinne te ûnderskieden tusken sinfolle en sinleaze aktiviteiten. Alles is sinfol, om't alles sinleas is. Wat de tmgs Je Maintiendrai oanbelanget, dy sille jimme net wer hearre. Mei't Haaie ús ûmfallen wie, misten wy ús foarnaamste meiwurker. De direkteur woe it bestean fan ús stjoerder ynearsten prolongearje, mar ik woe net langer mei dy âldhoer gearwurkje. Us omropster Tsjitske hie ús ek al farwol sein. 't Hiet earst sykte te wêzen, mar letter die bliken dat se trouwe moast. Wêrom't se dat daliks net skreaun hat, is my in riedsel. Ik bin tige rûm fan opfettingen en soe har gjin mis wurd sein hawwe. Wêrom ek? Antsje en ik moasten ek trouwe, der is neat natuerliker. Mar hawar, men moat elk minske syn absurditeiten ynskikke, wêr bliuwt men oars? Der soe dus alle reden wêze dit boek ôf te sluten, wie it net dat ik it begrutte hie op trijehûndert skriftbledsiden, dêr't no noch fiifensawntich fan leech binne. It Ieafste soe ik dy siden folje mei it lêzen fan 'e poêzy fan J.C.P. Salverda en it beskriemen fan ús leave deaden, mar it liket my nuttiger en foar de lêzers ynteressanter dat ik besykje it plak fan Hanenburg yn te nimmen en fierder ferslach te dwaan fan de striid tsjin de minskrotten. Ik mien dit ek ferplichte te wêzen oan 'e neitins fan Haaie. Ik leau dat ik it wurk, dat him út 'e hannen nommen waard, ôfmeitsje moat. It slagget my fansels net, dat hoecht net yn 'e kiif te stean. Ik mis de ynteresse dy't in goed ferslachjouwer nedich hat. Mar dêr wol ik my net om bekroadzje. Wa't bang is om te mislearjen kin him it bêste opknope. Ik bin dus fan doel haadpersoan te wurden. Antsje wit derfan, dy haw ik skeaun dat se de earste wiken net op my hoecht te rekkenjen en dat ik har wol in folmacht stjoere sil om jild op te nimmen. De skoalbern moatte har mar rêde, en dy | |||||||||
[pagina 138]
| |||||||||
binne my ek amper brek, tocht ik. De dommen leare it dochs noait en de knappen leare it altyd. Lêzers, de nacht begjint. Ik haw my, lykas wol faker, moedwillich bejûn op in wei dy't ik net gean wol. Alles yn my ferset - nee, dat is in klisjee en boppedat is it ûnwier. Ik wol dizze wei, mar likegoed bin ik bang. Ik haw de skippen efter my ferbaarnd om mysels te twingen, ik kin net mear werom. Wat ik siedde haw, moat ik rispje. Ja ik sitearje Fabryk en dêr komt dizze situaasje mei oerien. Mar doe haw ik myn haadpersoan ferûngelokje litten en no stean ik der sels foar.
Lêzers, yn Ljouwert is it op 't stuit in drokte fan komsa. Oerdei wurdt de jierlikse militaire parade holden, dy't, mei't de presidint noch altyd siik is, ôfnommen wurde sil troch vice-presidint Holverda. Mei't generaal Le Vud koartlyn ta it hege amt fan minister-presidint roppen is, sil de parade noch grutter opset wurde as foargeande jierren. Der wurdt sein dat foar it earst de twa typen raketten dêr't ús leger oer beskikt, rneidwaan sille. Al ier en betiid is fan 'e moarn de gemeentereiniging mei sproeiweinen en folautomatyske hânskrobbers begûn oan it skjinmeitsjen fan 'e strjitten dy't de paradearjende soldaten delgean sille. Om foar te kommen dat de wegen op 'e nij ferûntreinige wurde, hawwe de eigeners fan fretautomaten en patatkreamen oansizzing krige dat se hjoed oant fiif oere ta har saak sletten hâlde moatte. By ministeriële proklamaasje is bekend makke dat it de taskôgers fan 'e parade tastien is te smoken, mar dat noch de jiske, noch de peukjes op 'e strjitte bruid wurde meije. Stûfe smokers is dêrom oanret in optearber model bûsjiskebak mei te nimmen, dat tsjin de geringe priis fan ƒ1,15 by it ministearje fan definsje te krijen is. In healoerke lyn hat generaal Le Vud him der persoanlik fan oertsjûge, troch mei in wite bûsdoek oer de strjitte te feien, | |||||||||
[pagina 139]
| |||||||||
dat dy sûkerskjin wie. By it kontrolearjen fan 'e oan 'e roete opstelde flaggemêsten en blombakken hat de generaal de mannen fan de gemeentereiniging der op wiisd dat se alle knopen fan har klean slute moasten en de kile by de broek yn triuwe. Sydlings tsjin syn adjudant, kolonel Van Kloat, murk de generaal op dat dit it moreel fan 'e troep te'n goede kaam. Van Kloat andere dêrop dat de mannen de pet net allegear twa fingerbreed boppe de wynbrauwen hiene, hokker sleauwichheid fuortendaliks oan 'e direkteur fan gemeentewurken oerbrocht waard. Teffens krige de direkteur te hearren dat hy derop tasjen moast dat syn personiel tenei ienselde fuotdracht droech. De iene op skuon, de twadde op klompen, en de tredde op learzens! It is in ûntychlike púnheap, skodholle de generaal wanhopich. Hjirnei hat de generaal him yn selskip fan syn adjudant en syn aide-de-camp nei de kazerne bejûn om heechstpersoanlik tafersjoch te hâlden op it skuonpoetsen en broekpersen. Der wurdt ferteld dat de generaal fan doel is alle defilearjende soldaten, yn totaal seistûzen stiks, om it kin te striken om him derfan te oertsjûgjen dat se har goed skeard hawwe. Ik sit op 't heden, lêzers, yn in kafee yn it âldste diel fan 'e stêd. Mei't de parade hjir net lâns komt, is it betreklik rêstich. 'k Haw in skoft sitten te harkjen nei trije âlde hearkes dy't in taffeltsje fan my ôf yn geuren en kleuren sitte te fertellen oer har militêre karriêre. Ien fan harren dy't himsels skildere as faandrich by de kavalery hat fan syn buorman te hearren krige: Laat my nyt lache, ju! Dou hest ut noait fearder brocht as slecht soldaat. As 't peard fan 'e sersjant kakke most, dan mochstou de steart fasthouwe. Ja lêzers, ik sit mar wat te sitten, in ferslachjouwer op nonaktyf. Ik bin gjin nijsjager as Haaie dy't it rûkte as der wat 'e loft siet en dy't eagen op 'e rêch hie. As my fan 'e middei in tank oer de teannen riidt, dan sjoch ik him miskien en dan sil | |||||||||
[pagina 140]
| |||||||||
ik der ek wol wat oer fertelle, mar ferwachtsje gjin boeiende reportaazje. Ik woe it noch wol even mei jimme hawwe oer de foarm fan dit part fan it boek. Mei't de parade pas om twa oere begjint kin dat der krekt tusken. Oant foar koart haw ik skerp ûnderskaat tusken wat ik as auteur skreau en wat myn haadpersoan fertelde. Wy wiene beide ôfsûnderlike ikken mei elk syn passende literêre foarm. As ik skreau, dan koe de lêzer him my foarstelle oan 'e tafel mei it skrift foar my en de pin yn 'e hân, wat ek yndied it gefal wie, en as Hanenburg fertelde, dan wist de lêzer wol dat ik it skreaun hie, mar der wie in bytsje fantasij foar nedich om oan te nimmen dat dy stim út 'e radio kaam. En dat lêste jildt fansels ek foar ús eardere direkteur. Fan no ôf kin it foar guon lêzers slimmer wurde om yn 'e realiteit fan dit boek te leauwen mei't de auteur en de haadpersoan gearfallen binne. Yn Fabryk, wêryn't dat ek it gefal is, hawwe guon kritisy de fout ûntdutsen dat de haadpersoan tagelyk belibbet en opskriuwt. Dat kin net, waard der sein, in sin as Ik lit myn kaart yn de klok ôfstimpelje is ûnmooglik, want men soe jin foarstelle moatte dat de haadfiguer al stimpelje littend oan it skriuwen is. Hie der stien: Ik liet..., dan wie it ynoarder, om't men dan de yndruk krige dat de haadpersoan nei ôfrin, as er wer thús wie, syn ferhaal skreau. It is yn 'e grûn fan 'e saak ûnsinnige krityk om't elkenien wol wìt dat net de haadpersoan fan Fabryk, mar de auteur it boek skreaun hat. Mar de literêre tradysje skriuwt no ienkear foar dat de lêzers dat witten ferjitte en lêzende yn in ik-boek oannimme dat dy ik echt bestiet en echtwier sels skriuwt, wylst deselde tradysje fan 'e auteur easket dat er syn bêst docht dy skyn op te hâlden en nearne dy yllúzje te fersteuren. Wol is it hiel eigenaardich dat yn de hy-boeken de ferhâlding auteur-haadpersoan nea op deselde krityske wize besjoen | |||||||||
[pagina 141]
| |||||||||
wurdt. Men soe bygelyks de fragen stelle kinne: Hoe wit de auteur wat der yn syn haadfiguer omgiet? en: Hoe kin de auteur it dwaan en litten fan syn persoanen oant yn 'e finesses werjaan, wylst nearne út bliken docht dat hy oeral by oanwêzich is? Fragen dy't nea steld wurde, mar dy't minsken dy't hawwe wolle dat in boek de skyn fan echtens hat dochs stelle moasten. Der is by myn witten mar ien skriuwer yn Fryslân dy't each hat foar de problemen dy't hjir lizze, en dat is Geart Jonkman (eare wa't eare takomt). Yn syn stripferhaal Bearend Barebyt lit Jonkman út en troch foarkomme dat hysels as ferslachjouwer alles meimakket. Der skimert my in sêne wêryn't Barebyt en juffer Blei út in hotelkeamer ûntsnappe fia in koarde út it rút, wêrby't de auteur oantekent dat hysels as lêste ta it rút útklimt. Healwizernôch hâldt Jonkman mei dizze oantekens de skyn fan echtens net op, mar fersteurt dy krekt. Dat is net Jonkmans skuld, mar de skuld fan 'e tradysje wêryn't wy grutwurden binne. Wy lêzers fine it mar gek dat ús yn 't sin brocht wurdt dat der mei dit stripferhaal sokssawat as in ferslachjouwer/fotograaf anneks is. Wy wisten wol, wy wisten allang dat dit ferhaal optocht wie, mar wy wòlle it net witte. Wy wolle leauwe yn 'e echtens en wy nimme it de auteur kwea as hy him tusken ús en it ferhaal pleatst. Healwizernôch - alwer - fine wy it wol gek as in auteur de gedachten fan ferskillende persoanen beskriuwt. Wy prate sa'n bytsje gnyskjend fan ‘de alwitteride auteur’. Mar wêrom winliken? Wêrom soe in auteur net de gedachten fan tsien persoanen witte kinne, as hy se wol fan ien persoan witte kin? Yn prinsipe is der gjin ferskil: hy wit der yn beide gefallen neat fan, hy sûcht it út syn tûme. Mar dat is fansels in argumint dat de foarstanders fan de skynophâlding net jilde litte. Dy leauwe rotsfêst yn 'e realiteit fan it hy-boek, mar net yn 'e | |||||||||
[pagina 142]
| |||||||||
realiteit fan it sy(meartal)-boek. Wêrom dan net? It liket my in moade-kwestje. De tsjintwurdige lêzer wol wol belazere wurde troch de hy-boek-auteur, mar net troch de alwittende auteur. Mar wêrom, tinkt my, soene wy net ris ophâlde mei dat gepiel fan: dit trúkje is wol tastien, mar dat net, en dizze leagen akseptearje wy, mar dy net? Lit ús no earlik stelle wat wy altyd al witten ha: keunst is net-reëel, it is ferlakkerij. It liket my tige befrijend ta, en it sil ús foar tige ûnsinnige bewearingen hoedzje. Bygelyks de kreet: Unnoazele Eelkje is tefolle Wadman bleaun; en: de tinzen fan Wilma Berg binne net dy fan Wilma, mar fan Riemersma. Leave, bêste kritikus, hie Eelkje dan op frou Wadman lykje moatten en Wilma op frou Riemersma? Of moast Eelkje lykje op A.A. van der Werf en Wilma op Ds. Th. Kuiper? Der is gjin mins yn Frylân dy't leaut yn it reële bestean fan Eelkje en Wilma. Beide dames binne skepen troch har auteurs en wat soe men oars ferwachtsje as dat se op har skeppers lykje? Foarsafier't in romanfiguer persoanlikheid hat is dat de persoanlikheid fan 'e auteur. Men kin noch fierdergean en stelle dat yn guon romans de figueren deade poppen binne troch wa har mûlen de auteur sprekt mei it doel om ferskillende problemen dêr't er mei sit lûdop troch te tinken. Yn dy romans, Fabryk kin as ûnsuver foarbyld tsjinje, is it foar de auteur - de lêzer mei der fansèls oars oer tinke - net it foarnaamste oft wat hy skriuwt reëel besteanber of sels psychologysk mooglik is, mar leit de klam op 'e etyk. Ik wol net beweare dat dizze etyske roman wat nijs is, och heden nee, of dat er in trieme heger stiet as de psychologyske en de naturalistyske. Mar dit type leit my as moralist wol. Ik pak nachts en deis om mei de fraachstikken fan goed en tsjoed, sinfol en sinleas, libben en dea, en ik lit gjin gelegen- | |||||||||
[pagina 143]
| |||||||||
heid foarby gean om myn sechje deroer te sizzen. Blêdzje marris tebek en lês nochris dy alinea dyt beslút mei: Alles is sinfol om't alles sinleas is. Is dat net in hartstikke moaie preek? It preekjen en moralisearjen sit my yn it bloed, ik hie winliken dûmny wurde moatten. Mar miskien kin dat skielk noch wolris, op artikel 8. Ik haw tige singuliere jeften, dat mei bekend stean. En ik kin tige singuliere romans skriuwe. Tinkt jo ek net? Mar lêzers, dit zo zijnde, woe ik dochs de lju dy't der net oer meie dat de auteur har yllúzje, dat it boek realiteit is, steurt wol op 'e helt temjitte komme. Ja lêzers, ik bin echt net dy bok dêr't ik altyd foar oansjoen wurd. Dat kinne jo gerêst tsjin elkenien sizze dy't my net lije mei. Ik bin tige nommel en tige skiklik, ik bin in bêst minske. Sis mar dat ik it sels sein haw, Wolno, ik woe dy kategory lêzers dy't der muoite mei hawwe om oan te nimmen dat ik op ditselde stuit, wylst ik yn in kafee yn Ljouwert sit te harkjen nei in pear âlde hearkes, dwaande bin mei it skriuwen fan dit boek (wat - dit foar de oare kategory lêzers - ek net wier is, want ik sit deagewoan yn myn húskeamer te Gau) útstelle, dat wy ôfprate dat wy oannimme (it wurdt wol slim ja, mar dat hat men as men perfoast yn 'e echtens fan keunst leauwe wol) dat ik oer in walkie-talkie beskik dy't alles útstjoert wat ik sis en tink, wylst wy teffens ôfprate dat wy oannimme dat de lêzers oer in geheime ûntfanger beskikke wêrmei't hja opheine kinne wat ik útstjoer. Is dit dúdlik? De foardielen sprekke foar harsels: Is it net mooglik je kaart yn 'e klok ôfstimpelje littend yn je skrift te skriuwen: Ik lit myn kaart yn 'e klok ôfstimpelje, it is wol mooglik yn je walkie-talkie te sizzen of te tinken: Ik lit myn kaart yn 'e klok ôfstimpelje, wylst je je kaart yn 'e klok ôfstimpelje litte. En sadwaande is it boek, as besteanbere realiteit dus rêden. No | |||||||||
[pagina 144]
| |||||||||
woe ik graach, lêzers, dat jimme fan jim kant sa skiklik wêze woene om my ta te stean dat ik de âlde oanspraak mei ‘lêzers’ oanhâld. Neffens de letter fan 'e wet moast ik jimme tenei fia myn tinkbyldige walkie-talkie oansprekke en oantinke as ‘harkers’, mar as auteur leit my de vokatyf ‘lêzers’ better. Dêr is gjin beswier tsjin wol? Ofpraat, dan sjogge wy inoar om twa oere fan 'e middei wer.
Lêzers, hjir bin ik dan wer. Ik bin wat oan 'e lette kant mei't ik foar 't stopljocht wachtsje moast. De parade is al oan 'e gong. Op dit stuit marsjearret ús in kompanjy ynfanteristen foarby. Wat in machtich gesicht, dy stoere mannen mei har strang en fêstberet foarkommen. De ûnfersetlikens en ûnoerwinlikens wurdt symboalysk oanstjut troch it ûnophâldlik op en del swaaien fan 'e rjochterearmen, wylst hja yn 'e lofterhân it wapen der gerjochtichheid drage. Helten, helten! Blom der naasje! Rêders fan Fryslân! Kanonnefleis! En dêr, lêzers, komt de komplete Johan Willem Fiaskokapel mei har glinsterjende ynstruminten. Hark wat se spylje: Kom mei, Fryske helten, foar it Heitelân! Oer hichten en troch delten gean wy oan Gods hân. Nimmen kin ús deare, gjin kûgel en gjin bom! As de striid foarby is komme wy werom. Kom mei, Fryske helten, mei jim sterke lea. De fijân libbet jitte, mar moarn dan is er dea! Ja, lêzers, ja! Hoera! Helten! Se sjonge, de minsken sjonge! Hjir ien en dêr ien, en stadichoan mear. En dan klinkt it liet út alle trouwe Fryske boarsten: Oer hichten en troch delten! Ik moat ek meisjonge: Nimmen kin ús deare, gjin kûgel en gjin bom. Nim my net kwea, lêzers, ik moat my even útskrieme. It giet my oer de meuch. Dit is oandwaanlik, dit is grut. Us leger, ús jonges! En dêr, lêzers, komme de jeeps mei anty-tankwapens en | |||||||||
[pagina 145]
| |||||||||
tlv's. Dat wy dit belibje meie, dat is geweldich. Hjir binne gjin wurden foar, en ik sil my dan ek stil hâlde. Ik sil even mei myn tinkbyldige mikrofoan om my hinne swaaie. Hearre jim it, lêzers? It evenredich brommen fan 'e fiifentachtich pk-s motoaren yn ús jeeps? Fiifentachtich, it is mear as wy dreame koene! Hoe kinne wy hjir ea tankber genôch foar wêze? En dêr, lêzers. it is net te leauwen, mar it is wier! It is echt wier. Nee, ik fersin my net, is is sa! Ik mei deafalle as it net wier is. Se komme, dêr komme se! Opgarre fan ús belestingsinten. Stuorke nei stuorke hawwe wy efterút lein om se te krijen. En dêr binne se! Se ride, se rôlje, se komme! De tanks! De middelswiere Centuriontanks! De tanks, ús iennige hoop en treast, dêr komme se! Se ride it asfalt stikken, mar it hindert neat. As se mar komme. Kom dan tanks! Kom! Tanks, Tanky, kom dan! Tanky, Tanky, kom dan by de baas. Wêr wiest dan, Tanky! O lêzers, dat it dizze ûnweardige eagen fergund wurdt him te sjen! Hy, ús aller heit út waans hân wy ite. De flêskwurden hope, de ynkarnaasje fan al wat eal en goed is. Dêr komt er oanriden op in mei blommen fersierde tank: generaal Le Vud. Petten fan 'e kop en wiuwe! Hoera! Helt! Heit fan it heitelân! Wy groetsje jo! Dy't foar jo stjerre, groetsje jo! Hy wiuwt werom, hy glimket. Tsjin ús, ûnweardigen. Minder as neat binne wy, stof en moude. Mar hy! Hy ûnthâldt ús de mylde skyn fan syn antlit net. Wat is hy goed! En dêre, lêzers, brekke de minsken troch de ôffredingstouwen. De polysjes kinne it net keare. Se rinne de strjitte op. Se knibbelje foar de tanks! Jongfammen litte har oerride! Dit is grut! Al mear fammen drave de strjitte op. Se strûpe de rokken omheech en geane op 'e rêch op it asfalt lizzen. Geweldich lêzers, wat in hearlik gesicht as de stielen platen yn it weake fleis fan 'e billen happe! Bonken brekke! Bloed en har- | |||||||||
[pagina 146]
| |||||||||
sens kwitse fansiden. Memmen fjurje har dochters oan! Toe, do ek, do ek! Bring him hulde! Offerje dyn lichem! Jou wat him takomt! Helt, Rêdder, nim ús, ferneatigje ús! Dat ik in dichter wie en útsizze mocht it liet dat losbrekt út bloed en bonken. Oer in sêft bêd fan jongfammefleis ride de tanks. En it ratteljen fan 'e tanks, de teng-teng-tanks, en alle âljende hoera-raas. Raas mar. Raas mar! Raas alle raasbekken de bek iepen! Hoera! Ik draaf mei, ik wol derby wêze. De tank fan generaal Le Vud kriemt de Boulevard de les Amourettes op. Wat in minsken! Se sjonge en gûle. Fammen dûnsje foar de tank. Se smite har skriemend foar de tsjillen. Dêr skuort ien har de klean fan 'e lea. It slagget har noch de wite slip sakje te litten foar't de bannen har gripe. It lok slacht waarm troch myn ûnderliif. Der steane op in houten ferheging foar de regearingsgebouwen de vice-presidint Holverda en de ministers fan Justysje en Binnenlânske Saken, de ûnderminister fan Marine en de steatssekretaris fan Definsje. Generaal Le Vud saluearret wylst de tank stadich foarbyriidt. Ynienen swaait de tank op de houten stellaazje ta en bliuwt stean. Generaal Le Vud ferdwynt yn it binnenste fan 'e tank. De tanks dy't der oanrôljen komme stelle har njonken dy fan Le Vud op. Wat bart der? It jûchhei nimt ôf. Fammen lûke yn 'e sûs de klean torjochte en stuitsje oer de strjitte. Wat bart der? Dan ynienen spuitsje der lange flammen út 'e lopen en de tongerjende kanonnen slagge mei hûndert fûsten tsjin de gebouwen, dy't as dronken manlju steane te weven. De planken fan 'e houten stellaazje saaie as dakpannen troch de loft. It hammert yn myn earen mei machtich gedroan. De muorren brekke del. De hel, de hel! Mar op ienselde momint swije de kanonnen en de flammen dôvje út. Ut 'e koepel fan 'e tank klimt generaal Le Vud. Hy | |||||||||
[pagina 147]
| |||||||||
stekt de tûme oer it skouder en wiist dan op himsels. Hy toant syn lege hannen, spraat syn earmen út. Hy knikt en glimket. Heit! roppe wy. Diktator! Oppermachtige! Rêder fan Fryslân! Sjit ús dea! Sjitte, sjitte! O sillige oanblik! Op 'e nij krûpt de diktator yn 'e tank. Hy draait in heale slach en dan baarne de kanonnen los op 'e minskemannichte. Twa, trije salvo's en dêr leit de hiele kliber op 'e grûn te âljen en te moartsjen. 't Is krekt in echt slach-fjild. Deaden, stjerrenden en ferwûnen lizze skots en skeef oerinoar hinne. Guon binne finaal yn twaen sketten, oaren misse earm of skonk, of hawwe it gesicht ferlern. Libbenen wâdzje stjerrenden dea. Bern raze om har mem. De iene nei de oare blet dea. Hjir by my mist in man in skonk. It bloed sipelt him út 'e raffelige bokse. Ik moat myn foet ha! raast er. Hy krûpt op syn dôve stompke oer de strjitte en siket en siket, skuort liken fansiden, besjocht alle fuotten oft sines der soms. by is. Ik ha him! rôpt er. Hy sit plat op 't gat mei in ein skonk dat er tsjin syn eigen stompke besiket te passen. En ik smoar fan 't gnizen, want de âld kearel hat neat yn 'e rekken, mar is is de ferkearde poat! It is in frouljusskonk mei in nylonhoas deromhinne. En laitsje dat ik doch, laitsje. Allemachtich!
Ik wie om in oere of fjouwer wer op Haaie syn keamer, juster. Ik bin as in gek de stêd troch draaft, want dy Le Vud begûn al wer te sjitten. Dy kearel is fansels lang net wiis! Ienkear, dat is wol aardich mar hy wit fan gjin ophâlden. Hy hat de de hele Nijstêd platsketten, en de Wurdumerdyk ek. Spikerhurd! Ik siet te bekommen fan 't draven en hie my in brandewyn ynskonken foar de skrik, doe't der in fint de trep oprinnen kaam en by my binnenfoel. ‘Bisto Haaie Hanenburg?’ frege er. | |||||||||
[pagina 148]
| |||||||||
‘Mei jins wolnimmen, dat bin ik,’ antwurde ik. ‘Nim in sit en in boarrel.’ ‘Do moatst meikomme! Hindrik Holker hat my hjir hinne stjoerd. Generaal Le Vud sjit de hiele stêd plat!’ ‘Is dat myn skuld?’ ‘Do moatst meikomme, opslach!’ Dat ik it stealtsje brandewyn yn 'e binnenbûs en mei dy fint de strjitte op. Hy brocht my nei in artystekelder ûnder de Popbar, dêr't in fiifentweintich, tritich manlju en froulju omhongen. Doe't wy deryn kamen, stapte in foarse fint op ús ta. ‘Haaie, kom derby! Ferrek, do bist Haaie net!’ ‘Jawis,’ sei myn begelieder, ‘dit is Haaie.’ ‘Do bist Haaie net.’ ‘Kin ik dat helpe?’ ‘Wêr is Haaie?’ ‘Bin ik net goedernôch?’ ‘Dondert ek neat, kom derby. Minsken wy binne sawat kompleet. Jim witte jim taak: elk makket safolle mooglik eksplosive stoffen en meldt him dan by my of by mefrou Sladrof. Wa't nei trije oere fannacht net werom is, wurdt as fermist beskôge. De oanwêzigen jonges mei burden en froulju mei pipekrollen, teagen oan 'e slach mei fleskes en benzine. ‘Wat kinsto? Kinst koktails meitsje? Heal oalje en heal benzine. Goed skodzje en dan in fodsje yn 'e hals triuwe. Geart, nimsto him mei?’ Geart en ik hawwe doe in goed oere oan it slepen west mei kratten lege bierflessen. Hindrik Holker ried ûndertusken mei syn auto ôf en oan om op ferskillende adressen yn 'e stêd benzine te tanken en by ús of te leverjen. Iderkear gyngen der guodden op út om de situaasje yn 'e stêd te ferkennen. Der waard ferteld dat generaal Le Vud in bivak opset hie op it Saailân, wylst noch hieltyd tanks troch de strjitten rieden om | |||||||||
[pagina 149]
| |||||||||
de rêst te bewarjen. Amper in mins wie op 'e strjitte te sjen mar de kafee's sieten fol. Mefrou Sladrof - Tineke neamden de measten har - droech inkele manlju op om as waarnimmers yn 'e kafee's te bliuwen en de stimming ûnder de minsken te peilen. Om in oere of sân fertelde de byldhouwer Sprema, dy't mei syn frou in fet oalje fersierd hie, dat Le Vud in troep hjir en dêr gearfandele boargers ûnder tasicht fan militêren de platriden fammeliken op frachtauto's lade liet. It wie in ferskuorrend toaniel, sei Sprema. Hy hie sjoen hoe't in man twongen waard it lyk fan syn eigen dochter op in auto te smiten, wat de man earst wegere mar op 't lêst, nei't er healdea slein wie mei de kolf fan in gewear, skriemend útfierde. Krekt foar achten kamen alle jonges dy't deropút west hiene, wer binnenfallen mei it berjocht dat Le Vud yn 'e stêd bekend meitsje liet dat nimmen him nei acht oere op 'e strjitte fertoane mocht yn ferbân mei ferwachte oanfallen fan 'e minskrotten. It wie in ramp foar ús om't wy ús koktails noch nei ferskillende plakken yn 'e stêd ferfiere moasten. Wy koene dat yn dy pear minuten noait mear oprêde. Wy hiene krekt alle bierflessen fol, mear as tûzen stiene ree, en hie no alles om 'e nocht west? Holker stie sunich te flokken. Ynienen sei er: Ik haw it! Do wurdst no ècht Haaie Hanenburg! ‘Hen?’ sei ik. ‘Wy blikke dyn hier in bytsje en do knipst dyn burd wat by, dan likest op Haaije. Do nimst syn portefeuille mei papieren en syn parsekaart, dan komst oeral trochhinne. Kom mei!’ Wy rieden yn syn auto nei Haaie syn keamer. It wie op slach fan achten. Wy fûnen syn identiteitsbewiis, dêr't in foto op siet dy't op 'en minsten tsien jier âld wie: Haaie mei be-bop hier en om 't kin sa glêd as in ekkel. ‘Noch better,’ sei Holker, ‘op dizze foto kin byneed elkenien lykje. Dat sparret ús drokte út.’ | |||||||||
[pagina 150]
| |||||||||
‘It jout ommers neat,’ sei ik, ‘Le Vud hat it befel net útfeardige fanwege de minskrotten.’ ‘Fanseis net, mar wy hâlde ús oan syn wurd en hy moat him der ek wol oan hâlde.’ Wy rieden werom nei de Popbar. Sprema en Jantine sjouden in pear kratten mei koktails yn 'e kofferbak. Sels giene se rûngear op 'e efterbank sitten. Holker naam it stjoer en ik siet neist him. ‘Wat dogge wy as se yn 'e kofferrûmte sjen wolle?’ ‘Folgas efterút,’ sei Holker, ‘en dan folgas foarút.’ Mar wy waarden nearne oanholden en wy setten Sprema en syn frou mei har koktails ôf op it plak dêr't se wêze moasten. ‘Haaie siet yn dat Fryske spultsje, net?’ frege Holker op 'e weromreis. ‘Of do ek?’ ‘Ja,’ sei ik, ‘ik bin Fryskbeweger.’ ‘Ik fyn 't sa freeslik oerdreaun, hen. Hoefier komst no mei dat Frysk?’ ‘It giet der net om hoefier, mar hoe heech en hoe djip ast der mei komst.’ ‘Ja,’ sei er, ‘jim kin 't moai sizze. As jim it mei praten rêde koene, spriek moarn de hiele wrâld Frysk.’ Wy brochten efterinoar de ploegen nei strategyske punten yn 'e stêd. De measten fan ús waarden ôfset op de Nijstêd en de Wurdumerdyk, dat no rikjende púnheappen wiene. Holker sette de auto yn 'e Weard en kaam hieltyd deun by de huzen lâns slûpend, wer by Geart en my. En doe soe 't lot ús noch efterhelje. Wylst wy de hiele jûn troch nimmen oanholden of sels opmurken wiene, ried ynienen in jeep fan it Skavernek ôf de Nijstêd op, krekt doe't Holker oerstekke soe. Hy stie libbensgrut yn it ljocht fan 'e koplampen. Utnaaien hie gjin sin, en as it al slagge wie, hiene se alles ôfsocht en mooglik guon fan ús ûntdutsen. Hy bleau dêrom oan 'e kant fan 'e grêft en rûn by it wetter lâns ús kant | |||||||||
[pagina 151]
| |||||||||
út. Doe't de jeep njonken him stean bleau, wie er net fier mear fan ûs ôf. Geart sprong oer it muorke dêr 't wy efter sieten en kroep nei de strjitte. Ik hearde de soldaten praten, mar ferstie net wat se seine. Holker stie mei de hannen omheech en ien fan 'e soldaten lei syn wapen oan. Dy kinne wy ôfskriuwe tocht ik. Doe kefte flak foar my it pistoal fan Geart en de soldaat sakke yninoar De oare soldaat draaide him kjel om en mei sprong Holker him op 'e rêch. Geart draafde der hinne en togearre sloegen se de soldaat bûten westen. Se ûntfutselen de mannen har wapens en kamen wer by my. No pas fernaam ik dat ik trille as in reid. ‘Kinne wy dy jeep en dy unifoarms net brûke?’ frege ik. ‘Gjin tiid,’ sei Holker, ‘it is fjouwer foar healwei alven. Wat sjochst derút, jong! Do bist oan in boarrel ta.’ ‘Ferrek,’ sei ik, ‘ik haw noch brandewyn by my. Jim ek in slok?’ ‘Nee,’ sei Holker, ‘wy moatten de koppen koel hâlde. Drink do dy mar in stik yn 'e kraach, Fryskbeweger.’ Wy sleepten mei ús trijen in krat eigenbrou troch de púnfallen. Op it Saailân, mei de lopen driigjend nei bûten rjochte, stiene de tanks side oan side. Wy moasten in iepen rûmte fan fyftsjin, tweintich meter oerstekke om derby te kommen. Foar ús rûn in skyldwacht hinne en wer. ‘Wy komme der noait,’ sei ik. ‘Earlik Hindrik, ik skyt omtrint yn 'e broek.’ ‘Moatst ophâlde fan drinken,’ sei er. ‘Nee,’ sei ik, ‘drank is myn rêdding. As ik dronken bin, doar ik alles oan. Ik ha 't yn 1870 ris meimakke, doe wie in soldaat sa stomdronken, dat doe't se him deaskeaten, fernaam er niks en rûn er iiskâld troch.’ ‘Wannear wie dat?’ ‘1870.’ ‘Drink mar fierder,’ sei er. | |||||||||
[pagina 152]
| |||||||||
Ik siet plat op 'e kont neist de koktails mei de flesse oan 'e mûle. Machtich, wat in oarloch! De artysten tsjin de artillery! Keunst tsjin de kanonnen! Wy moatte it winne, wy moàtte wol. ‘Wêr is Geart?’ frege ik. Hindrik sloech my de hân sa wreed foar de snút dat ik fuort wer helder wie. ‘Geart besiket it mei in âlde trúk. Hâld dy deastil!’ Hy stiek it dolkmes dat er fan 'e soldaat pikt hie yn 'e binnenbûs en kroep ek fuort. Ynienen mjauke in eintsje lofts fan my in kat. De skyldwacht seach benijd op, mar kroaske doe wer fierder. Wer mjauke de kat, en jitris. De skyldwacht bleau stean te sjen. Warachtich, it slagge! Hy klom by de stienbult op en begûn te sykjen. Hy bûgde him hjir en dêr en skynde mei syn bûslantearn. Doe dûkte efter him de kat omheech en joech him in klap op 'e kop. Holker kaam wer by my: ‘Hy hat it allinne fersierd, en knap ek. Kom op mei dy flessen.’ Wy pakten tegearre it krat en rûnen op in suteltsje nei de tank rjocht foar ús. ‘Yn alle eachspleten in pear flessen leechjitte Net earder oanstekke as ik it sis.’ Ik trille sa dat de helt fan it mingsel oan 'e bûtenkant fan 'e tank fuortstreamde. Ik liet in flesse yn 'e loop leechrinne en lei ien op 'e koepel. ‘Do stekst alles oan mei dizze flesse. Hjirre. Ik slingerje dizzen it kamp yn.’ Hy joech my de flesse, wêrmei't ik as in gek by de tank lânsdraafde. Dêr fleach Hindrik syn earste brânbom troch de loft. De flesse sloech oan diggels en it fjoer spatte omheech. Dêr gyng de twadde, en de tredde. Doe skuorde er my by de earm mei. ‘Rinne!’ rôp er. | |||||||||
[pagina 153]
| |||||||||
Wy draafden de dyk wer oer en wilens hearde ik in swiere slach. Ik liet my plat falle. ‘Nee, idioat, rinne! Dat is uzes net.’ Hy loek my efter in stik muorre en treau my plat. Der ketste in kûgel njonken ús. By Mercurius wie in tank útinoar slein. Dy fan ús baarnde ek, mar noch net bot. Soldaten sprongen derop om de flammen út te slaan, mar se waarden der troch Geart fakkundich ôfsketten. ‘Mei gjin goud te beteljen,’ sei Hindrik, ‘skerpskutter earste klas. Dûke bliksem!’ Der skeat in helle flam út 'e tank en doe sprong er útinoar. In soldaat sloech meters heech de loft yn. Stikken izer sylden oer ús hinne. De tanks derneist waarden troch de ûntploffende munysje ek oanstutsen. Ik seach dat in ein fan ús ôf de soldaten yn 'e tanks giene. ‘Wat sille se no?’ ‘Utnaaije fansels. As de iene ûntploft, giet de oare ek. Sjoch dêr, deale!’ In koktail foel krekt yn 'e koepel fan in tank. De soldaten sprongen der ien foar ien út en rôllen har oer de grún om de flammen te dôvjen. Doe begûn ien fan e tanks te sjitten. ‘Rinne!’ sei Holker. ‘Wy moatte hjirwei!’ Wy kroepen safolle mooglik by noch oereinsteande muorren lâns nei de Nijstêd, mar foar't wy der oankamen, begûnen se ús te bombardearjen Wy kroepen ûnder de toanbank fan wat ienris in winkel west hie. It fjoer ferlei him stadichoan mear nei de Wurdumerdyk. Holker klom by in bult stiennen op. ‘Dy jonges hawwe it dêr neat te rûm. Moatst ris sjen, se smite der fosfer yn, de hiele saak baarnt as in lôge. Wy moatte fuort foar't se hjir ek begjinne. Wy gyngen op in draaf nei de Weard dêr't ús auto stie. Om healwei tolven wiene wy werom yn 'e Popbar. Ik wit noch dat | |||||||||
[pagina 154]
| |||||||||
Hindrik it sei doe't wy nei de kelder gyngen. Ik seach in pear flakkerjende kearsen en doe bin ik yninoar sakke. Alles draaide om my hinne, ik hearde Holker roppen en doe waard it swart.
Ik waard wekker doe't der ien oan myn gesicht en hannen fielde. Ik gyng oerein sitten en besocht my yn 't sin te bringen wat der bard wie. ‘Noch in oerlibjende dus,’ sei se. ‘Mefrou Sladrof?’ ‘Ja,’ sei se. ‘Kinst rinne? Mankearret dy neat?’ ‘Nee, ik bin derhinne fallen, oars neat.’ De kearsen wiene opbaarnd, mar it wie net tsjuster yn 'e kelder. Troch it trepsgat en it finster foel ljocht. ‘Wêr is Holker?’ ‘Dea.’ ‘En Geart?’ ‘Dea.’ ‘Dea? En dy oare jonges?’ ‘Dea, allegear. Ik bin de iennichste dy't oerbleaun is. En do dan, do hearst der no ek san bytsje by.’ ‘En Sprema?’ ‘Ik sei ommers fan allegear.’ ‘Wat is der dan bard? Mefrou Sladrof!’ ‘Sis mar Tineke. Lit ús earst marris sitten gean. Ik haw wat iten en drinken meinommen fan boppen. Kola en woarst, oars koe 'k net fine. Wy moatte der aanst mar op út.’ Se joech my in ein woarst en helle glêzen op. ‘Wylsto hjir leist te maffen is de hiele stêd platsketten.’ ‘Platsketten?’ ‘Platsketten en platbaarnd, wat docht it der ta. Hiesto mei Hindrik nei it Saailân west? Fuortdernei rieden de tanks nei de útfalswegen. Ik wit net oft dat op befel fan Le Vud wie, | |||||||||
[pagina 155]
| |||||||||
wierskynlik net. It is bêst mooglik dat de kommandant fan dy ienheid tanks op eigen manneboet hannele hat. It kin wêze dat guodden Le Vud steunden en dat oaren tsjin him wiene. Dat is net mear nei te gean. Le Vud is dea en... ‘Godtank!’ ‘Och wêrom? Miskien is syn opfolger noch slimmer rotminske. Mar goed. Le Vud moat om fersterking skille hawwe fuortendaliks nei't jimme op 'e tanks losgien wiene. Do witst dat wy klearstiene mei springstoffen en koktails. Op itselde momint dat wy yn 'e Skrâns de tanks oankommen seagen, kaam út it suden wei in kolonne autos mei ynfanteristen. Wy wisten neat betters te dwaan as beide partijen mei ús projektilen te bekûgeljen. It idioate wie dat de tanks op 'e ynfanteristen begûnen te sjitten. En doe wie it fansels makke. Dy jonges hiene anty-tankwapens by har, fan dy lytse granaatsjes dy't je mei in gewear ôfsjitte kinne. De foarste trije, fjouwer tanks gyngen de loft yn en de oaren kearden har al sjittende om en rieden dwars oer de spoarwei de stêd wer yn. In mannich auto's wiene ûndertusken de nije rûnwei delgien en stuiten dêre op tanks dy't de Grinzer strjitwei oprieden. It moat der noch mâlder gien wêze as by ús, en it waard noch folle slimmer doe't de rotten kamen.’ ‘De minskrotten?’ ‘By hûnderten moatte se kommen wêze, by hûnderten. De soldaten wiene sa bang dat se de tanks mei rêst lieten en op 'e minskrotten begûnen te sjitten. Ek ús jonges hawwe deroan meidien, se smieten de bisten mei benzine. Oansketten en baarnende rotten fleagen de strjitten troch en yn 'e huzen op wylst se ôfgryslik âlen en moarten. De manlju fan 'e ynfantery moatte de holle kwytrekke wêze: se hawwe op elkenien sketten dy't har foar de fuotten kaam, ek op boargers dy't de strjitte opfleagen. De tanks binne de stêd wer yn jage en hawwe al har munysje fersketten. De minsken dyt út 'e huzen | |||||||||
[pagina 156]
| |||||||||
flechten, waarden ûnder fjoer nommen, en wa't besochten út 'e stêd te kommen, waarden ôfmakke troch de minskrotten. No, dat is it ferhaal sawat.’ (Ik kin de kop der net sa maklik byhâlde lêzers. Ik sit nei de ferkiezingsútslaggen te harkjen. De fnp hat yn Sleat 3,5%, yn 't Hearrenfean 0,2, yn Opsterlân 1,8 en yn Ljouwert 2,8! Der sit noch wol in kâns op in setel yn. Ik bin sa senuweftich as de sykte). Se skodholle en loek oan 'e skouders. Doe begûn se oan in ein woarst te iten. ‘Wêrom, yn godsnamme?’ ‘Wêrom hasto mei koktails goaid? Wês earlik.’ ‘Ik wit it net.’ ‘Hoe bisto hjir winliken yn fersyld rekke?’ ‘Se seagen my foar Haaie Hanenburg oan, sadwaande. Haaie is stoarn en no wenje ik op syn keamer.’ ‘Ja, ik haw Hanenburg wolris troffen. Reporter no? Bisto syn opfolger?’ ‘Nee, ik bin auteur. Ik bin dwaande mei in boek oer wat hjir yn Ljouwert bart.’ ‘Soargje derfoar dat it goed wurdt.’ ‘Ik wol der mei ophâlde. Ik wol nei hûs.’ ‘Kinst net fuortkomme, der leit in kordon fan minskrotten om 'e stêd. En boppedat mòàtsto dat boek skriuwe. Ik begryp no wêrom't ik yn libben bleaun bin. Ien moast weromkomme om it dy te fertellen.’ (Wy hawwe in setel!) ‘By alle rampen binne oerlibjenden.’ ‘Ja krekt. Lês it boek Job: ik bin allinne oerbleaun om it jo oan te sizzen. Ik moast it dy oansizze, en do moatst it opskriuwe.’
Ik rin mei Tineke troch de ruïnes fan Ljouwert. De sinne | |||||||||
[pagina 157]
| |||||||||
skynt en swarms mosken dogge hat te goed oan it iten dat oeral ferslingere leit. No en dan poft in muorre dy't noch oerein stie om en sabelje dakpannen op 'e strjitte, mar fierder is it stil. It is lyk in iere simmermoarn nei in nacht fol swier waar, de roken binne suver en it grien is fris en nij. Ferwûndere is men en bliid dat men noch sykhellet en noch rint. Op 'e Nijstêd steane trije útbaarnde tanks en der lizze liken fan soldaten en boargers. De âldroeken hawwe de eagen derút pikt. ‘Kom,’ sis ik ‘Nee,’ seit se, ‘ik wol it sjen.’ Wy rinne de Nijstêd del. It rûkt nei ferbaarnd fleis. Der leit in kaptaal oan klean, grammofoanplaten, drank, horloazjes, kachels en fanalles, en in hele bulte guod hat suver net te lijen hân. Mar it hat gjin sin it ien of oar mei te slepen, oeral yn 'e stêd kin men krije wat men wol. Yn in foundationwinkel lizze de poppen plat op 'e snút. Ik stap de etalaazje yn. ‘Ik sil in nachthimd foar dy meinimme,’ sis ik tsjin Tineke. ‘Fetisjist!’ ropt se. Ik kies in sniewiten út en besykje him foarsichtich fan 'e pop ôf te lûken. Meitsje se dy dingen sa libbensecht? O God! Ik rin nei Tineke ta. ‘Hast gjin?’ ‘It wie in deadshimd.’ Se laket: ‘Dat bin 'k oars ek earder brek.’ Wy rinne fierder. Dwars oer de strjitte leit in man mei yn elke hân in flesse âlde kleare. Tsjin 'e muorre sit in frommiske dat de klean fan 'e lea baarnd binne. Ut 'e koepel fan in tank hinget it lyk fan in soldaat. De bril hat er noch op. Ik rin in tabakswinkel yn om sigaretten. Ik nim in slof Camel, stek in pear pakjes yn 'e bûs en goai de rest wer tusken de rommel. Sigaretten genôch. | |||||||||
[pagina 158]
| |||||||||
Wy geane nei it Saailân om te sjen wat der fan Le Vuds bivak oerbleaun is: In heap skroat, tintseilen en liken, liken. ‘Wy hawwe knap wurk levere justerjûn,’ sis ik. ‘Dat hawwe wy allegear. Stil ris!’ In ein fan ús ôf wurdt praat. Wy slûpe om in tank hinne en sjogge twa manlju by in jeep omprutsen in boarger en in militêr. ‘Lit ús der mar hinne gean,’ seit Tineke. ‘Hee sjoch,’ ropt de militair, ‘noch in pear libbene liken’. Wy fûstkje. Se besykje de jeep op gong te krijen, fertelle se. Der binne noch mear oerlibjenden, noch folle mear, fêst wol trijehûndert. Dy sitte yn it nije gebou fan 'e pb. As dy jeep rinne wol, sille se ús derhinne ride. It slagget de jeep op gong te krijen en wy sykje in útwei troch de rompslomp. ‘Jim moatte noch even yn dy tint sjen,’ seit de kaptein. Hy giet ús foar nei in grutte tint dêr't: it faantsje fan 'e generaal op stiet. ‘Sjoch ris. Sa stjerre offisieren!’ Op in fjildbêd lizze generaal Le Vud en kolonel Van Kloat neaken yn inoars earmen. ‘Jezus Maria,’ seit Tineke. ‘Is 't net machtich?’ ‘Dyn maten,’ sis ik tsjin de kaptein. ‘Bist gek? Dat pakje haw ik fannacht pikt fan in deade majoar.’ ‘Kaptein,’ sis ik, ‘trije stjirren is kaptein.’ ‘Dat haw ik niis ek al sein,’ seit dy yn boayger. ‘Moatst it jaske fan Le Vud sykje,’ sis ik. ‘Ik wol gjin flikkerjaske oan ha!’ ‘En dit dan?’ ‘Nikshoar! Dizze hie in moaie mokkel by him!’ ‘Lit ús no gean,’ seit Tineke. | |||||||||
[pagina 159]
| |||||||||
Wy ride by de Aldehou lâns nei de pb ta, en wy wurde ûntfongen troch in man dy't him foarstelt as kommissaris Van den Burg.
De kommissaris hat ús derop út stjoerd om oerlibjenden te sykjen. Hy skat dat der noch in trijehûndert misken yn 'e stêd binne. De oaren binne deasketten of opfretten troch de minskrotten, dy't yn in kring om 'e stêd lizze en gjinien út of yn litte. Trijehûndert is my nammers noch fierstefolle. Ik bin fan doel om de hele sted útstjerre te litten. Dat hiene de lêzers ek wol yn 'e rekken, tink. Ek dy sjitterij fan Le Vud haw ik útfûn om safolle mooglik minsken dea te krijen. 't Is wat frjemd om en ta gien, dat jou ik wol ta. Ik wist sels earst ek net wat ik derfan tinke moast doe't my dat trelit út e pin floeide. Mar it kaam streekrjocht út myn hert, dat it sil wol goed wêze. Ik bedoel: it foldocht my net, mar ik wit gjin bettere oplossing. De dea fan Haaie en de ûndergong fan Ljouwert binne nedich om dit boek ôf te krijen, dat leau ik no nòch. Ik haw der lang en breed oer prakkesearre, mar ik sjoch oars gjin mooglikheid om ta in befredigjende ôfsluting te kommen. As 'k aanst elkenien dea haw, dan wol 'k noch in skoftsje op 'e Aldehou sitte te meditearjen, en dan is 't dien. De twadde helte fan dizze roman is minder as de earste, minder skreaun en minder nijsgjirrich. Efterôf soe men tinke kinne dat ik blykber troch myn stof hinne wie, mar dat is dochs net de eigentlike oarsaak, want stof wie der doe likemin as no. De oarsaak is tinkt my, dat ik ynearsten sa frij as in fûgeltsje eksperimintearje koe wylst ik letter neffens it ûntwurpen patroan wurkje moast. Yn 'e earste helte haw ik mei ferwûndering oanskôge wat ûnder myn hannen woeks, yn 'e twadde helte hie ik it wol besjoen, miste it de glâns fan it nije en wist ik wêr't it op út draaide. | |||||||||
[pagina 160]
| |||||||||
It liket my ta dat it faaks better west hie noch koarter te kriemen mei it stjerre litten fan 'e Ljouwerters. De ferskillende fragminten dy't ik deroer skreaun haw, binne my de lange kant neist en no moat ik noch mei trijehûndert ôfweve... Mar oan 'e oare kant haw ik der rekken mei te hâlden dat dit boek in romàn is, wêryn't in logyske ûntwikkeling pleats ha moat en in neifolchbere gong fan it ferhaal. Om my hiene wy koart nei Haaie syn ferstjerren wol sizze kinne: Hokus pokus, alle Ljouwerters binne dea, mar 'k bin bang dat ik dan in hele soad lêzers op myn dak krige hie. Mar ik wol earlik wêze, ik haw ek hielendal net op 'e mooglikheid sind om by wize fan ôfspraak mei Ljouwert ôf te weven. Wol haw ik, sa't jo wol troch hiene, mysels fan myn stokje falle litten om frijsteld te wêzen fan it meimeitsjen en beskriuwen fan 'e hièle fjildslach. Ik woe op dyselde foet fierder gean en troch in mannich toanieltsjes, dy't net tefolle rûmte ynnimme, de totale ûndergong fan Ljouwert beskriuwe. Sa't jo wol begripe, moat ik de twadde helte fan 'e titel ek noch mear wiermeitsje.
'k Haw krekt in machtich moaije gouden ring fersierd. Hy is miskien wol twahûndert gûne wurdich. 'k Wie de stêd yngien om oerlibjenden te sykjen en ik trof by de Twibaksmerk in âld kearel dy't yn 'e ruïnes omsneupte. Ik frege him oft er him al registrearje litten hie op 'e pb, mar de âlde skodholle: gjin tiid, hy hie it drok, hjir lei fan alles. ‘Wat dan?’ frege ik. ‘Sjochris,’ sei er, ‘gouden horloazjes, ringen, hangers, earbellen.’ Der siet in prachtige brede, gouden ring tusken, mei blêdmotiven fersierd. ‘Jou my dy ring,’ sei ik. ‘Jo fine noch wol mear.’ ‘Neehee,’ sei er. ‘Doch net sa flau,’ sei ik, ‘it is foar in presintsje.’ | |||||||||
[pagina 161]
| |||||||||
‘Sykje sels mar.’ ‘Fuortdaliks of ik slach dy dea, âlde likeskeiner!’ Hy treau syn ringen yn 'e bûs en woe útnaaie mar ik draafde efter him oan. Ik pakte in stien en sloech him op syn efterholle. Hy foel. Ik skopte him tsjin 'e holle, krektsalang oant er net mear kreunde. Doe haw ik de ring út syn bûse helle.
'k Hear krekt fan 'e kommissaris dat noch lang net elkenien werom is. Yn 'e rin fan 'e dei hawwe har twahûndert fjouwerensechstich persoanen ynskriuwe litten wêrfan't de measten de stêd wer yn gien binne om allerhanne spullen op te heljen. Op 'e earste ferdjipping leit in grutte berch tsiis, bôlle, griente, blikjes, pannen, gasstellen, jassen tekkens, ûnderguod, skuon, en in komyk hat sels in hiele boartersguodwinkel leechtôge. De âldsjes dy't de stêd net yn koene en de gruttere bern hawwe de hiele middei oan it sortearjen west mar noch is alles lang net oardere. ‘Der misse noch in sechstich, santich man,’ seit de kommissaris. Se binnen de Frouwepoartsbrêge oergien, de kant út nei it Europaplein. It is net ûnmooglik dat de pas har ôfsnien wurdt troch de minskrotten, want it begjint te jûnjen. Wa doar har te helpen?’ In stik of seis fan ús stappe nei foaren: Peter, dokter Pear, Pyt, eartiids etaleur, Kees en Gerryt, ûnderwizers, en iksels. ‘Fjouwer is genôch,’ seit Van den Burg, ‘en mear plak is der ek net yn 'e jeep.’ De twa ûnderwizers drippe ôf. Wy geane mei ús fjouweren nei de jeep. ‘Ik riid earst de stêd troch om wat wapens by elkoar te fandeljen,’ seit Peter. Op 'e Nijstêd leit genôch ark. Wy nimme safolle gewearen mei dat wy it in moai skoft sjittende hâlde kinne, want laden ha wy net folle ferstân fan en dêr krije wy miskien ek gjin tiid ta. | |||||||||
[pagina 162]
| |||||||||
‘Noch wat oars,’ seit Peter. ‘Is it wol ferstannich om ús út de stêd te weagjen? It is bêst mooglik dat dy groep de provinsje yn flechte is. Mar sa net, hoe krije wy se oer de brêge, as de rotten ús fan alle kanten oanfalle?’ ‘Wy soene elkenien bewapene moatte,’ seit Pyt. ‘Dan koe de iene de oare deasjitte, bedoelst. Dy kringen jouwe ommers neat om in kûgel, dat hast fannacht wol sjoen.’ ‘Wy kinne dy minsken dêr net ôfslachtsje litte,’ seit dokter Pear. ‘As wy dertroch komme, dokter, kinne jo dan alle ferwûne minsken behandelje? Kinne jo kûgels opdolle en fuotten amputearje?’ ‘Dêr haw ik my net yn spesialisearre,’ seit de dokter. ‘As wy dertroch komme, dan noait mear as fyftich prosint, en op syn moaist geane wy der sels oan. Ha jim it derfoar oer?’ ‘Ja,’ seit dokter Pear. ‘Dan geane jo mar allinne.’ ‘Dan gean ik allinne.’ Hy stapt yn 'e jeep en riidt fuort. ‘Hy is gek,’ sis ik. ‘No ja,’ seit Peter, ‘ien gek minder. Dit soe ommers te healwiis west hawwe. Dy kearels wiene fansels mei lege hannen weromkommen, want dy kant oer is neat te heljen, en wy sitte dochs al krap mei iten en drinken.’ ‘Och kom,’ seit Pyt, ‘hast dy bult net sjoen?’ ‘En wannear is dy op, tinkste? Jonge, wy sitte hjir mei mear as hûndert âlde minsken en bern, dy't oars neat om hannen hawwe as frette. En as it aanst op is, wa moat dan de stêd yn om nij? Do en ikke! Mar ik bin net fan doel om myn libben foar dy opfretters te riskearjen!’ ‘Wat woeste?’ freegje ik. | |||||||||
[pagina 163]
| |||||||||
‘Wy moatte soargje dat wy se kwyt reitsje.’ ‘Van den Burg sil der net mei akkoart gean.’ ‘Dy sjitte wy foar syn bast. Wat seisto, Pyt?’ ‘Ik wit net.’ ‘Dochst mei of net?’ ‘Ik wit net.’ ‘Gean dou dy kant mar út, ik moat noch even mei Haaie prate.’ Pyt stapt fuort, mar betinkt him en draait him om. Mar hy krijt gjin kâns de kûgels te ûntwinen dy't Peter op him ôfsjit. Hy slacht de hannen foar it boarst en sakket yninoar. ‘Wat mankeart dy no, idioat!’ ‘Wy hiene mar lêst fan dat jonkje krige. Kom mei.’
It is healwei ienen. Peter en ik sitte op 'e twadde etaazje by de trep. Wy hawwe twa masinegewearen wêrmei't wy de hele trep bestrike kinne en ek noch in part fan it porteal. Der steane in mannich fleskes drinken by ús en in pear pûden mei iten. Wy smoke de iene sigaret nei de oare. Prate dogge wy net mear. Wy harkje. Mar der is oars neat te hearren as it snoarkjen fan 'e froulju efter ús. Peter is senuweftich, en hy is bang. Hy is bang dat ik him troch haw, en dat ik him foar wêze sil. Hy is fan doel my dea te sjitten sadree't er my net mear nedich hat. Dat wit ik, ik kin it oan alles merke. As 'k my beweech, taast er nei de broeksbûse dêr't er it pistoal yn hat. Ik bin net bang, ik hoech net bang te wêzen: der is mar ien dy't de minskrotten ûntkomme sil, en dat bin ik. Wy hawwe Van den Burg ferteld dat wy op 'e Frouwepoartsbrêge oanfallen waarden troch de rotten en dat Pyt en dokter Pear dêrby dearekke binne. Hy trape der flot yn. Fuort dêroerhinne hawwe wy him it plan foarlein dat wy ûnderweis útbret hiene, om aparte sliepsealen yn te rjochtsjen foar man- | |||||||||
[pagina 164]
| |||||||||
lju, froulju en bern. As wy alles mar trochinoar sliepe litte, krije wy de freeslikste orgyen, dêr't moard en deaslach de ein fan wêze sille. Op 'e bern sil dat gefrij nammers in tige ferkearde ynfloed hawwe, en boppedat is it ûnkristlik. As wy mei ús twahûnderten stân hâlde wolle, dan moatte wy ús allegearre deljaan ûnder in strange tucht. Van den Burg hie dêr wol earen nei, sa't Peter en ik ferwachte hiene. Minsken mei prinsipes kinne je krije dêr't je se ha wolle. De froulju sliepe no op 'e twadde ferdjipping, de manlju op 'e earste, en de bern ûnder de sechstjin mei in protsje âlde minsken op 'e begeane grûn. Der wiene in stikmannich manlju dy't begûnen te iggewearjen om't se har in oangename nacht foarsteld hiene, mar tsjin de arguminten fan 'e kommissaris koene se neat ynbringe. Peter en ik binne hjir sitten gien om foar te kommen dat der manlju nei de frouljusôfdieling geane. Salang't der gjin rotten komme, sil dat nammers wol wat tafalle. Mar as se komme, dan sille wy se keare, de minsken en de rotten. Peter sit te dreamen. Hy sjocht himsels al as iennich oerbleaune man mei in machtich harem. De ezel, hy soe gjin twa dagen mear libje as dizze wylden oer him gearfoelen. Niis aI kamen hjir in pear fammen om te freegjen oft wy meigyngen, en ien begûn har al út te klaaien. Se binne noch fûlder as de minskrotten. Ik soe Tineke Sladrof graach rêde wolle, as de rotten komme, mar 'k wit net wêr't se sliept en ik meitsje al dy froulju wekker as ik om har begjin te sykjen. ‘Haw ik dy al ferteld hoe't ik oan dit pakje kom?’ ‘Nee,’ sis ik. En it kin my ek gjin barst skele, tink ik derby. ‘Wannear wie it, juster of earjuster? It liket wiken lyn, man. De dei fan 'e parade wie it, doe't Le Vud begûn te sjitten. Ik hie yn 'e gaten dat sa'n apepakje de bêste garânsje wie om it | |||||||||
[pagina 165]
| |||||||||
libben derôf te bringen. Doe seach ik in majoar it hotel yngean. ‘It wie gjin majoar. Leau dat no ferdomme ek ris! It is in kapteinsjaske.’ ‘No goed: kaptein. Ik rin him efternei en ik sis tsjin him dat ik in belangrike meidieling foar him haw. Wy rinne tegearre nei de garderobe en dêr jou ik him in pear bêste opstoppers. Ik sleep him nei nei it húske en skuor him de klean út. Ik stap der sels yn en gean fuort. Mar ja, jonge, ik koe net sa wer de strjitte op stowe, dat soe yn 'e gaten rinne, no? Dat ik gean sitten en bestel in drankje. Fuort komt der noch in kelner op my ta mei in briefke dêr't “keamer 17” op stiet, Ik tink, hjir moat ik mear fan witte. Ik slach it drankje efteroer en gean nei boppen. Ik lûk de doar fan keamer 17 op, en wat sit dêr? In allemachtich moaie mokkel, fergemy! Amper ha 'k de doar efter my talutsen of se fljocht my om 'e hals en begjint te frijen en mei har heupen te werken. Ik bestoar it fan skrik. Mar 'k hie al gau yn 'e rekken hoe't de foarke yn 'e stâl siet, sy seach my fansels foar dy... eh... dy kaptein oan. Sy sei trouwens majoar.’ ‘Dat dogge huorren altyd.’ ‘'t Wie gjin hòèr! 't Wie in prachtich moai frommis!’ ‘In offisiershoer fansels.’ ‘No ja, wat frekt it ek. Ik tocht, ik kin noch krekt in nûmerke meitsje foar't dy fint wer bykomt, dat ik sis: Klaai dy marris út, jufke. Se lûkt har jurk út en har hoazzen en har ûnderjurk en har himd. Se keart my de rêch ta en seit: Meitsje myn b.h. even los, ast wolst. Ik docht it en se draait har om en se stiet foar my mei allinne noch in lyts broekje oan en mei in pear wippende boarsten. Ik spring op har ta en ik smyt har op bêd en nim har te grazen. Ferdomme, wat in stomp fan in mokkel!’ ‘Do fertelst it te hurd,’ sis ik. ‘Dat útklaaien moatst stadiger fertelle.’ | |||||||||
[pagina 166]
| |||||||||
‘Wat is dat no foar gekkepraat? Se moast de klean dochs út ha.’ ‘Fertel it nochris, ferdomme!’ Ik pak myn pistoal en rjochtsje op him. It bloed lûkt wei út syn gesicht en de eagen wurde grut. ‘Doch net sa idioat.’ ‘Fertel!’ ‘Se loek har jurk út.’ ‘Hoe'n jurk?’ ‘In gewoanen, blau of sa. Doch dat pistoal fuort, Haaie.’ ‘Fertel of ik sjit.’ ‘Se die har jurk út, en doe har ûnderjurk.’ ‘Earst de hoazzen!’ ‘Ja, se die de hoazzen earst út.’ ‘Sittend of steand?’ ‘Se gyng derby sitten.’ ‘Hoefier koest sjen?’ ‘Hoe bedoelst?’ ‘Doe't se sitten gyng om har hoazzen út te dwaan, hoefier koest doe sjen?’ ‘Ik haw der net om tocht.’ ‘Grutte sûch! Do hiest sjen moatten. No fierder.’ ‘Doch dat pistoal fuort. Haaie!’ Ik lûk myn finger stadich nei my ta. Se loek har ûnderjurk út en har himd. En doe frege se my om de b.h. los te meitsjen. Se liet him fan 'e earms ôfglide en se draaide har om en hie allinne noch in broek oan. ‘Kleur?’ ‘Wyt. Se rint efterút nei it bêd. Ik...’ ‘Watte?’ ‘Haaie!’ ‘Wat dochst?’ ‘Ik sjoch nei har boarsten en har slip, en ik... ik...’ | |||||||||
[pagina 167]
| |||||||||
Hy springt omheech en slacht efteroer tsjin 'e grûn. Ik stek it pistoal yn 'e bûs en krûp op hannen en fuotten nei him ta. Hy hat in lyts bluodrich plakje ûnder it each. Under klapt in doar en ik hear fuotstappen. Ik helje Peter it pistoal út 'e bûs. Der komme twa de trep op, de kommissaris en noch immen. ‘Hawwe jim sketten?’ freget de kommissaris. ‘Peter hat selsmoard pleegd.’ ‘Watte! Wêrorn?’ ‘Ik wit it net. Ik stie foar it iepen rút te pisjen en doe hearde ik it skot. Hy hat de hiele jûn gjin stom wurd sein. De emoasjes ha tink tofolle foar him west.’ ‘It is nuver,’ seit Van den Burg. ‘Wêr is syn pistoal?’ ‘Hjir. Ik haw it yn 'e bûse stutsen.’ ‘Wolle jo op bêd, dan kinne der wol in pear oaren wekje.’ ‘Doch gjin muoite, ik rêd it bêst.’ ‘Ik wol hjir wol bliuwe,’ seit de oare. ‘Nee,’ sis ik, ‘gean jim mar nei ûnderen. Der soene ris mèàr selsmoard plege kinne.’ ‘Wy sykje it moarn wol út,’ seit de kommissaris, wylst se de trep ôfgeane. ‘Ja,’ rop ik, ‘moarn wurdt jo alles dúdlik.’ Ik stek in sigaret oan en gean foar it rút stean. Van den Burg fertrout my net, mar hy sil de kâns net mear krije om my in ferhear ôf te nimmen: yn 'e Prinsetún slûpe minskrotten om. In stik of fiif tel ik. Se rûke oan 'e liken dy't der lizze, mar se ite der net fan. Se hawwe leaver farsk fleis, tink. No en dan sjogge se nei my en dan glinstert it ljocht yn har felle eachjes. Jim krije fannacht jim gerak noch wol, jonges. De doar fan 'e sliepseal giet súntsjes iepen. Ik pak myn pistoal en draai my om. Der komt in âld minske oanrinnen, mei breidzjen yn 'e hân. ‘Ik tocht dat ik hjir ljocht seach,’ seit se. | |||||||||
[pagina 168]
| |||||||||
‘Wat woene jo?’ ‘Ik kin net sliepe. Ik tocht, ik kin better wat dwaan, en doe seach ik hjir ljocht. It mei wol, net?’ ‘It is my bêst,’ sis ik. Se sjocht om har hinne en giet op ien fan 'e kistjes sitten. Se breidet oan in giel ding. ‘Sliept hy?’ freget se. ‘Nee, hy is dea.’ ‘O. Dan kin wy wol lûdop prate.’ ‘It hòècht net,’ sis ik. ‘Ik woe dit sokje graach ôfmeitsje foar myn lytse beppesizzer. ‘Is dy hjirûnder?’ ‘Nee dy is dea. Earjusterjûne is er dearekke. Ik hie myn skoandochter tasein dat ik in pear sokjes foar him breidzje soe, mar 'k hie se noch net ôf doe't ús hûs ynstoarte. It iene al, dat lei yn it dressoir, mar hjir moast ik buordsje noch fan dien wurde. Ik haw it meinommen, want ik tocht ik krij miskien noch wolris tiid om it ôf te meitsjen. It sit my mar efter, moat jo tinke, dat dy lytsjonge der ferlet fan hat.’ ‘Hy is ommers dea.’ ‘Ja,’ seit se, ‘hy is dea.’ ‘Wat sille jo dan mei dy sok?’ ‘Dy lis ik yn 't dressoir by de oare. Dan kin er se krije as it safier is.’ ‘Hoefier is?’ ‘As alles wer gewoan is. It wurdt dochs wer gewoan? Alles wurdt wer goed, no?’ ‘Dat grif,’ sis ik. ‘Alles wurdt wer goed, dat hoopje, leauwe, witte en betrouwe wy. As wy it leauwe net beholden hiene, wiene wy der allang ûndertroch strûpt.’ Der rinne no wol in tritich minskrotten om, dat it wurdt tiid dat wy hjir wei geane. Hjir bliuwe betsjut de dea, der is gjin | |||||||||
[pagina 169]
| |||||||||
kwestje fan dat ik de rotten keare kin mei in masinegewear. ‘Witte jo wêr't mefrou Sladrof sliept?’ ‘De deftige mefrou mei dy gouden tosk?’ ‘Ja. Wolle jo har ophelje? Mar meitsje oars gjinien wekker.’ ‘Even de priem yn 't midden breidzje,’ seit se. Ik tropje myn bûsen fol mei it oerbleaune iten, en ik doch it rút fierder iepen om de brântrep te sykjen. Mar der is gjin trep, wy sille binnen troch moatte. ‘Moatsto my ha?’ freget Tineke. ‘Ja. Nim dizze beide pistoalen en sjit op elkenien dyst sjochst. Kom mei.’ Ik pak ien fan 'e masinegewearen en gean har foar de trep ôf. Op 'e earste etaazje is nimmen te sjen. Wy geane de twadde trep del. Under yn 'e hal sit Van den Burg mei syn maat. Se springe oerein en gripe nei har wapens, mar Tineke sjit út beide fûsten tagelyk. Wy stowe nei de útdoar. Op slot! Ik slach it rút neist de doar stikken. Wy klimme dertroch en rinne de strjitte op. Der binne hjir noch gjin rotten. Wy drave it Aldehoustertsjerkhof oer nei de Aldehou. Ik set it masinegewear op 'e grûn en sjit it leech op 'e doar wylst ik in sirkel beskriuw. Ik wâdzje de planken stikken en wy krûpe troch it gat. De spanning hinget swier oan myn fuotten, mar ik fiterje mysels oan om fierder te gean. Wy moatte by de trep op, nei boppen.
It is trije oere. Ik stean op it dak fan 'e Aldehou. Der binne in stik of wat minskrotten troch it stikkene rút sprongen. Ik mien dat ik sjitten heard haw, mar wis bin 'k dêr net fan. It makket ek neat út, foar ien deade minskrôt komme twa nije. Se rinne yn troepen om it gebou hinne, wol in heal tûzen. Nimmen sil ûntkomme, se sitte as mûzen yn 'e falle. Tineke leit te sliepen. Ik sil mar nei har ta, want it wurdt my hjir te kâld, en de rotten rêde it wol sûnder my. | |||||||||
[pagina 170]
| |||||||||
De dei nei de ûndergong fan Ljouwert, it lêste suchtsjen fan 'e âlde wrâld, de lêste blink. Tineke en ik sitte te praten yn 'e sinne. Wy hawwe niis nei de pb west om wat iten op te heljen. It lichem funksionnearret noch en lûkt him nearne wat fan oan. Minsken ha wy net sjoen, de rotten moatte se allegear skjin opiten hawwe. Tineke is âld wurden yn dizze nacht. Se sit mistreastich foar har út te sjen en praat hieltyd oer har freonen, Jantine Sprema en Holker. Ik besykje har op te fleurjen, mar se glimket allinne wat drôf. ‘Oardeljier lyn,’ seit se, ‘doe is de ellinde begûn. Yn desimber '64 krigen wy lêst fan dy rotten. Mefrou Krûmhout wie it earste slachtoffer, koart dêrop folge Jentsje de Jager, en sûnt it is al hurder gien. En noch wit gjin mins wêr't dy bisten weikomme, Witsto it?’ ‘Ik haw in teory: Us Heit hat geslachtlik ferkear hân mei Us Mem.’ ‘Ik bin earnstich,’ seit se. ‘Wat Le Vud bewearde, is ûnmooglik, dy rotten binne net skepen op it Eksperiminteel Biogenetysk Sintrum. Ik haw it der mei biologen oer hân.’ ‘Hoe't in Le Vud ûntstiet, dat ynteressearret my mear,’ sis ik. ‘Dat is in produkt fan hegere dommens, dy't de massa tige oansprekt. Le Vuds ferskine altyd as it folk net langer fetber is foar reedlikheid. Se sille der yn 'e nije wrâld ek wêze.’ ‘De nije wrâld dy't do en ik befolkje sille.’ ‘Nee,’ seit se, ‘ik bin te âld om foar Efa te spyljen. Ik bin boppe de jierren.’ ‘Wat wolst dan’ ‘Dat freegje ik my ek ôf: wat wol ik?’ Se sakket wei yn prakkesaasjes. Se antwurdet net mear op wat ik sis, dat ik swij njonkenlytsen ek. Ik smook en drink. Ik set in fleske by har del, mar se roert it net oan. | |||||||||
[pagina 171]
| |||||||||
Sa sitte wy de hele dei byinoar. De sinne sakket en it wurdt lûkerich, mar gjinien ferbrekt de stilte. Ik bin leech, ik tink oan neat. Ik sjoch nei de reek fan myn sigaretten, nei de lege flessen, en nei de mosken dy't op 'e omheining sitte. Ik sjoch de púnfallen om my hinne, de stikkene en útbaarnde auto's, de liken. Ik merk dat ik sykhelje, dat ik soms in oare hâlding oannim, dat ik ris even in pear stappen rin. Mar ik tink net. Der is neat om oan te tinken as dat ik noch libje, en dêr hoech ik net oan te tinken. ‘Ik gean nei ûnderen,’ seit Tineke ynienen, of hiene wy net fjouwer oeren swijd. ‘Dat kin net. It wurdt skimerich en aanst komme de minskrotten.’ ‘Ik spring nei ûnderen,’ seit se, ‘Do bist net wiis!’ rop ik. ‘Nee, toe, bliuw sitten. Ik haw der gjin sin oan om op 'e nij te begjinnen. Ik bin âld. Myn wurk, myn libben is foarby. Myn freonen binne dea. Ik hie net mei dy gean moatten hjirhinne. It hat in fersin west. Lit ús dat fersin goedmeitsje.’ ‘It hat gjin sin om in ein oan dyn libben te meitsjen.’ ‘Der is aI in ein oan makke. De rigel is út, de punt moat der noch efter. Ik bin al dea, mar ik moat noch stjerre. Nee, bliuw sitten. Sjoch net nei my.’ ‘Tineke,’ sis ik. ‘Tineke.’ Ik draai my om, mar se is al fuort. Ik hear in sêfte plof as ik my oer de ballustrade bûch. Ik rin hinne en wer. Ik kin net mear tinke. Ik stek in sigaret oan en stean mei de hannen yn 'e bûs foar my út te sjen. Dan fiel ik de ring dy't ik Tineke jaan wollen hie. Ik smyt him fuort en gean de trep ôf.
It is nacht. Bûten hear ik it gûlen fan 'e minskrotten. It reint en it waait fûl. Mar sa ûnlijich as it bûtendoarren is, sa fredich is it in myn hert. | |||||||||
[pagina 172]
| |||||||||
Ik haw skjin skip makke. Al wat my beswierre, haw ik fan my skreaun. Der bliuwt my neat oer as de oantinkens te oarderjen en te systematisearjen, sadat ik der frij en maklik út putte kin, myn libbenlang dat my noch stiet te wachtsjen yn dizze ruïnestêd. By it trochsneupen fan Haaie syn portefeuille, dy't ik noch altyd by my draach, fûn ik niis in soarte fan ballade. Ik tink dat Haaie him sels skreaun hat, hoewol't my net bekend wie dat er mei soks pielde. As postume blyk fan genegenheid foar Haaie, en om't ik de lêzers neat ûnthâlde wol, lit ik dy ballade hjir folgje, hoewol't er him min mei de ynhâld fan myn gedachten mominteel ferienigje lit.
Ballade fan de hoer
Der stiene trije moralisten op,
Mar de hoer dy frijde troch.
Algra, Noordmans, Folkertsma,
Mar de hoer dy frijde troch.
En doe't har freon him ôfjûn hie,
Hat hja Gods antlit socht.
Hja knibbele neist it ledikant.
En de hoer dêr waard om tocht.
Wol mannichien hie in snoade dream,
Mar de hoer dy frijde troch.
Franco, Castro, Soekarno,
Mar de hoer dy frijde troch.
It jonge folk wurdt altyd grien,
De moanne altyd ljocht.
God kraste syn wetten op in stien
En de hoer hat se folbrocht.
| |||||||||
[pagina 173]
| |||||||||
Se hawwe de hoer de doar útset,
Har hûs en har bêd ferbaarnd.
Doe tippele de hoer yn 'e Prinsetún,
Mar de hoer dy frijde troch.
De paus befêstige 't selibaat,
Ferflokte pil en kondoom.
Doe lei de hoer op 'e rêch yn 't gers
En de hoer dy frijde troch.
En wa is better as de hoer
Dy't fan elk manminsk hâldt
En dy't frijt, sij ek it libben njoer,
Op elk hoekje fan dizze wrâld?
Wol mannichien lei de wapens del,
Waard fan 'e leafde spoeksjoch.
Mar de mosken mouden yn 't selde sân
En de hoer dy frijde troch!
Hear God! De hoer lei op har bêd
En frijde yn alle eare en fatsoen.
Doe krige hja, fan 'e wyn en de leafde sêd,
Dit seldsume fisioen:
De moralisten gyngen foarby,
De idealisten mei har gepoch,
Dy sprieken wakker in steil wurd,
Mar de hoer dy frijde troch.
Earst doe't de hoer de himel seach
En it ljocht dat út Gods wente teach,
Doe wynde hja eangstich út 'e weach
En fage de mûle ôf.
In stim spriek ta himel, see en ierd':
- En it song yn har earen as in liet -
| |||||||||
[pagina 174]
| |||||||||
‘Om gjin hypokryt of sedemaster,
Gjin teolooch of kritikaster,
Gjin ynkwisiteur of bvd-er,
Gjin froede hals of fariseër.
Gjin moralist mei syn kankerkop,
Gjin idealist mei syn hege krop,
Net om fatsoen of moraliteit
En al dat stomme, benypte gedoch -
Mar inkeld om de hoer dy't frijt
Draait d' ierde troch!’
Sa spot in minske dy't mient dat de dea noch fier is. Lokkich kwetst hy der nimmen mear mei. De dea dochs oersljochtet alle skeel en fijânskip. De dea is de heechste macht op dizze wräld. God is grut, mar de dea is grutter. As wy oer God prate, krije wy rúzje, mar as wy oer de dea begjinne, dan sykje wy treast en stipe by inoarren. Yn 'e dea binne wy allen bruorren. Loovje de dea, want hy bringt ús de frede. Der is gjin haat mear yn myn hert. Haw ik justeroerdei lake doe't ik fan it dak ôf de ruines seach, ek de ruïnes fan it printerijke Friesch Dagblad dat de lêste jierren safolle spul útjûn hat? Haw ik wraaksuchtich tocht oan psalm 1: 6: Want de Heare ken de wei fan 'e rjochtfeardigen, mar de wei fan 'e goddeleazen rint dea? Haw ik yn 'e hannen klapt oer dejingen dy't myn siel sochten? Wee my, de tonge mei my oan it ferwulft klibje as ik myn spot útjit oer de waanwizen dy't fan God kniesd binne. Ik haatsje nimmen, ik ferachtsje nimmen, ik bespot nimmen. Mar ik haw langst om mei ien te praten. Ik soe mei Algra yn in kafee sitte wolle te drinken en te smoken, te praten oer Sartre en De Sade en al ûnderwilens alle moaie froulju nei de knibbels sjen. Ik leau dat wy tige gesellich diskus- | |||||||||
[pagina 175]
| |||||||||
siearje koene, mits wy it deroer iens waarden, dat God sa grut is dat wy him ûnmooglik beskermje of op it sear komme kinne, en dat de minske in skeet is, dy't effen stjonkt, mar al ringen yn 'e wyn ferdwynt. Oft wy it dêroer iens wurde koene, dat leau ik wol: de minske is ferstanniger as er him sels foarhâldt. Mar wy sille dat petear nea fiere, de dea hat ús skaat. De dea dy't ree makket ta sympaty, makket it uterjen fan dy sympaty teffens ûnmooglik. It sil in deade boel wurde yn 'e himel. Mar ik libje jitte. En wêrom soe ik net drôgje oer myn jeugd, leaver as te filosofearjen oer dingen dy't miskien wolris barre kinne soene? Ik kaam te wrâld yn Ferwert, in beroerd doarp mei beroerde minsken. Mar dat bedoel ik net as in ferwyt, want krekt út de beroerdichheid ûntstiet de drang nei wittenskip, ekspresje, selsferwêzentliking. De rûchskerne is fruchtberder as it tsjerkepaad. En dit doarp hat dan ek trije grutte minsken fuortbrocht. Prof. Heymans, E.B. Folkertsma en my. Foar myn beide doarpsgenoaten wie de Ferwerter mienskip te wreed: Heymans flechte yn de acht utersten fan syn karakterkubus, Folkertsma flechte yn syn estetisisme, mar ik haw de wrâld yn syn wêzen litten en stront stront neamd. Dêrom bin ik de grutste fan trijen. Ik wit suver neat fan har Ferwerter tiid. Heymans moat al jong ferfearn wêze. Folkertsma hat in skoftlang kwekeling west by master Van der Vlugt, by waans dochter ik skoalgien haw. Us mem hat by Folkertsma yn 'e klas sitten, mar it iennige dat se noch fan him wit, is dat er skriklik knipe koe. Hoe wie hy as jonge? Hoe boarte er? Glied er winters op 'e slide by de heuvel del, fyftich jier earder as wy? Stie er soms yn it Papmasteechje te koalraapboemen by de pake fan Syberyn? Ik bin telet berne. Ik hie dòè libje wollen, de earste wrâldoarloch meimeitsje, de optimistyske neioarlochske jierren, en | |||||||||
[pagina 176]
| |||||||||
de stadige delgong, de krisis. Ik hie hertstochtlik meidwaan wollen oan alle idealistyske bewegings. Wat foar kloatsekkerich eintsje libben lied ik no yn dit blanke tiidrek? Ik wol neat, kin neat, hâld nearne fan, haatsje neat. Ik set my nearne foar yn, ik meitsje my nearne drok om. Alles komt sa't it komme moat. Of net komme moat? Wat makket it út, en wà makket it út? Myn iennichst probleem is de kar te dwaan tusken pessarium, pil en kondoom, en sels dat probleem lost himsels op. It hûs dêr't ik te wrâld kaam, skynde noait sinne yn, behalven jûns let yn it langst fan 'e dagen. Nei't wy derút gyngen, waard it brûkt as opslachplak fan in timmerman. It wie der damp en skimmelich. De solder wie fergien, ús mem is der ris mei ien foet trochsakke. Wy sliepten seis man sterk byinoar en winters sleepte ús heit alle bêdeguod nei de keamer en dan leine wy as katten om 'e kachel om't it boppe net te hurden wie. Wêrom wie ik doe net like grut as ús heit, dan hiene wy tegearre de rotsakken deaslaan kinnen. As ik weromtink oan myn bernejierren, dan haatsje ik elkenien. Ik wie de jongste, in lette frucht fan 'e krisis. Der wie sûnder my al krapte oan iten en brânje en klean, en it hûs wie al sa lyts. Mar se hawwe wol wiis mei my west, nuvergenôch. Se hawwe alles foar my oer hân. Us heit hat by nacht en ûntij hout stellen om de kachel baarnende te hâlden en ús mem is it libben der omtrint by-ynsketten mei myn berte. Dokter hat my mei de tange op 'e wrâld skuord, ik hie der doe al gjin sin oan ferjamme.
De earste dei fan it jier nul, in nije maityd. Ik bin nei boppen klommen en ik haw sjoen dat der gjin liken mear op 'e strjitten lizze. De minskrotten moatte se opiten ha. No is alles skiednis wurden. De sinne skynt út in heldere, wolkeleaze himel. De stiennen | |||||||||
[pagina 177]
| |||||||||
binne opdroege en by elke twirre stouwe wolken moude oer de ruïnes. Ik sil nei ûnderen om wat blikjes mei iten te sykjen. Ik gean de trep ôf, trieme nei trieme. Bin ik earder wurch as oars? Bin ik âlder wurden? En wêrom stean ik sa iensum en ûnbehelprich tusken de bulten stien? Ik rin fuort, bang fan 'e lege, swarte ruten, en ûnderwilens loerend nei alle hoeken en hernen. Ynienen hear ik immen fluitsjen, en om 'e hoeke komt in frommiske dat spierneaken op in fyts sit en allinne in pear swarte learskes draacht. Ik wurd sa kjel dat ik net in stap fersette kin. Se remmet ôf en bliuwt foar my stean. ‘Hoi,’ seit se. Ik stean ferslein nei har te sjen, nei har liif en har boarsten en har gesicht. ‘Bistou Efa?’ freegje ik. ‘Nee,’ seit se. ‘Hoe dat sa? Om't ik yn 'e bleate kont rin?’ Ik knik, mar sis neat. ‘Wêrom sjochst sa nei my? Ha 'k wat fan dy oan?’ ‘Nee,’ sis ik, ‘do hast neat oan.’ ‘En wat soe dat? Makkesto dat út?’ ‘Wa bisto?’ ‘Karoline Elgersma.’ ‘Wêr komst wei?’ ‘Fregesto in oar altyd it himd fan 't gat? Wat ha 'k eigentlik mei dy fannoaden? Sjoch datst fuort komst!’ ‘Fuort?’ freegje ik. ‘Ja. Nei hûs!’ ‘Nei hûs?’ ‘Doch net sa sleau fint! Do kinst wol dwaan wat ik sis, net? Hjir, pak dy fyts en soal op. Ik wol dy hjir net wer sjen!’ Ik stap op 'e fyts en riid fuort. As ik omsjoch, stoot it fanke | |||||||||
[pagina 178]
| |||||||||
by in bult stiennen op. It wite fel glinstert yn 'e sinne. Ik hie wol by har bliuwe wollen. Ik moat nei hûs, hat se sein, nei hûs. Ik riid de Nijstêd oer, de Wurdumerdyk del en de Skrâns troch. Ik moat nei hûs. As ik op 'e brêge bin, leit it greidlân foar my ûnder de maitydssinne. Ik bleau stean om in sigaret te draaien. Ik moat wer nei Gau ta, nei myn frou en myn húshâlding. Ik hear ynienen it lûd fan in auto efter my. Ik kear my om en sjoch in einepyk oankommen. Mar yn 'e Skrâns en op 'e rûnwei binne noch folle mear. En by Goutum om ek. En der riidt in boer it lân yn. Wurdt alles wer gewoan? Hat it in dream west? Nee, ik haw net dreamd! Wat ik belibbe haw, wie realiteit. It wurdt nea wer gelyk. Ek al sille de huzen wer krekt sa stean as foarhinne en al sille deselde minsken wer yn 'e stêd wenje, foar my leit der in brek tusken doe en no. Ik haw liken sjoen en tanks en âljende rotten. Dat ik gean werom en ik nim myn wurk wer op. Ik doch wer mei oan de strideraasjes en kreauwerijen, it lytse gekanker en it hege idealisme. Oan al it idioate en sinleaze gedoch dêr't it minskdom him mei dwaande hâldt. Foar't ik nei hûs gean wol ik noch even by Jo Smit yn Hilversum oan om him te freegjen oft ik him dit boek opdrage mei. Hoewol't jimme dy monolooch wol ôfharkje meie, kinne wy it bêste no mar ôfskied nimme, want dizze roman is hjirmei ôfrûn. It muoit my, lêzers, dat it in rotroman wurden is, lykas it my ek muoit dat der sa'n bytsje posityfs yn sit. Foar de lêzers dy't fan 'e auteur ferwachtsje dat er har fersterket yn it leauwe, sil dit boek wol wer in ôffaller wêze. It muoit my wier, ik hie jimme graach wat meijaan wollen op jim libbenswei. Mar it hat net sa wêze mocht. Ik fiel mei yn jimme lot, ik winskje jim sterkte en moed, | |||||||||
[pagina 179]
| |||||||||
mar mear as wurden kin ik jim net biede. In roman, en dizze roman faaks wol yn 't bysûnder, is in tige lullige bydrage ta de humanisearring fan 'e wrâld, dat wit ik al te skoan.
Elkenien, o Jo Smit, is fan 'e minskrotten opfretten, en ik bin allinne oerbleaun om it jo oan te sizzen. Lês, as it jo beleavet, dizze stoarje, dêr't jo yn it fiere Hilversum ûnkundich fan bleaun binne, mar dy't ik oan 'e lea ûnderfûn haw. It is, dêr wol ik net omhinne helje, mei al dy minskrotten en rotminsken en dy rotskriuwer in tige rottich boek wurden, mar de klacht fan in tebrutsene hat rjocht op in geduldich ear. Harkje wês stil, en lis de hân op 'e mûle: in stim ropt yn 'e nacht. Ik haw my ûnderwûn, achte hear Smit, jo dit boek op te dragen, en it muoit my dat ik dat net dwaan kin mei de wurden: nim it foar leaf, it is rjocht en sljocht. Wie dat it gefal, dit taheakke koe yn 'e pinne bliuwe, en ik soe jo it manuskript mei foechsume earbied, mar sûnder freze oerhandigje. Men kin dit boek fergelykje mei in heap redsjes en skroeven en stangen en tsjillen, wêrmei't ik, ûnder it nedige kommentaar foar in breed publyk, oan it prutsen gien bin, oant der op in stuit in fehikel ûntstie, in soart terreinmotor. Ik bin op dat fehikel stapt en haw, foar datselde publyk, al ridendewei ferteld hoe't it apparaat wurke: dat de bougy ûnmisber is, mar de rem net, mits jo de benzinekraan op 'e tiid tichtdraaie; dat in knalpot wier wol funksje hat, mar dat de tsjillen nòch wichtiger binne, wylst jo dêrfoaroer de bel wol yn 'e sleat soale kinne. Mar ûnder al dat gepruts en geëksplisear haw ik boppeal myn rydfeardichheid demonstrearje moatten, want dêr giet it de taskôgers by einsluten om. En, haw ik soarch, sil it publyk nei myn demonstraasje net sizze dat in âld wiif op in solex der noch mear fan terjochte bringt as ik op myn selsboude cross-motor? | |||||||||
[pagina 180]
| |||||||||
Dit boek stelt my ek teloar, en it befrediget my ek net. Ik, dy't ôfrekkenje woe mei it keunstwurk dat in leagen is en de skriuwer útmakke foar in poseur, wat haw ik yn dizze roman oars dien as posearje en de wierheid lige? Ik haw troch it skriuwen fan dit boek bewiisd wat ik krekt ôfwize woe. En dat mei tige ironysk wêze, ik fyn it mar tryst. Oertsjûget dit boek? Wat foar my op in stuit wier wie, of earlik, of needsaaklik, dat is no, op in distânsje, ûnwier, pose, tafallich, foar mysels al, hoe sil it dan de lêzers oankomme? Ik haw de foarm en de ynhâld fan dit boek beskiede litte wollen troch myn ynsjoch, myn humeur en myn ynspiraasje fan it momint wêrop't ik skreau, mar kin ik fan 'e lêzers freegje dat se op pagina safolle itselde wolle, fiele en tinke as ik dien haw? Ik hie nammers op healwei al yn 'e rekken dat it boek oan syn deugden mislearre, mar ik fûn it as eksperimint nijsgjirrigernôch om it ôf te meitsjen. Boppedat woe it sels fierder. Ik haw dit wurk de yntinsje jûn fan in roman, en dat hat myn gelok west, want oars hie it nea ôfkommen, of myn ûngelok, want it loek him stadichoan minder fan syn auteur oan. Om it byld fan 'e cross-motor jitris te brûken: it ding fleach oan 'e ein sa hurd en hompte sa mâl oer de mollebulten, dat fan stjoeren omtrint neat telâne kaam en myn grutste soarch wie der net ôf te donderjen. Ik hâld fan 'e roman, mèàr as fan it koarte ferhaal, dat in ûnskuldich skeppen fan skientme is. De roman is dynamysk, de roman sit aventoer yn, hy fiert jo mei en jo moatte je rêde, de roman sit kâns yn, kâns om te slagjen en om te mislearjen. Likegoed wol ik my de earste jierren allinne dwaande hâlde mei koarte ferhalen en ris in detektive, foar't ik my wer yn in nij romanaventoer stoart. Ik haw trije romans op myn namme dat ik mei my yn Fryske ferhâldingen ta de ouwe stomp rekkenje en op myn lauweren rêste. Lit de jongerein no earst marris fanwegen komme. | |||||||||
[pagina 181]
| |||||||||
Hoewol ûntefreden om't dit boek wêr net it masterwurk wurden is dat ik ienris hoopje te skriuwen en dêr't alle ingels, krêften, machten, troanen, folken, naasjes, tongen en talen fan ferwûndering de hannen foar gear nimme sille, bin ik tefreden om't ik myn bêst dien haw. Net dat it lêste de lêzers mylder stimme sil foar dit boek oer, en dat moat fansels ek net. Ik bin bang dat it publyk dizze roman net wurdearje kinne sil, útsein in pearhûndert fans dy't my troch doarn en hage folgje, en nochris likefolle snobs dy't alles moai fine wat healwiis is. Op jo, Smit, haw ik wol hoop, as fan en snob, mar benammen as auteur en essayist, dy't de oertinkings dêr't dizze roman út ûntstien is, formulearre en by my bewust makke ha. Dêrom doar ik jo dit boek ek ta te eigenjen. Ik haw in mannich kear ferwiisd nei útspraken fan jo dy't befruchtsjend op my wurke hawwe. It foarnaamste lykwols, dat my net allinne ynspirearre, mar ek oantrune hat dit eksperimint troch te setten en ôf te meitsjen, is jo essay Modern proaza yn De Tsjerne fan 1960, wêryn't jo fan 'e moderne auteur sizze: Hy tinkt projektyf, syn ferhaal hat essayistyske kanten, dêr't er dochs byld en ferbylding by nedich hat as brea.... krekt om dy essayistyske aventoeren útfiere te kinnen. Hy is net yn it foarste plak de ûntleder fan minsklike sieleroersels en de djipten fan it ûnderwêsten, hy is de man dy't projektearret, dy't skept. Wat er meitsje moat is in essay: in besykjen, in eksperimint, yn de foarm fan it ferhaal dêr't er yn útsprekt wat er oars gjin stal jaan kin. It binne essays oer de minske en syn bestean, oer de moréle bewoarteling fan de minske. It binne moraliteiten (s. 214) en: De skriuwer hâldt gjin troeven efter de hân; al hat er fansels yn syn wurk it frij om de kaarten op eigen wize te skodzjen en op dy wize besûndere effekten te bestribjen. Fan syn persoanlike ynstelling hinget it ôf oft er him dêrby mei in ironysk gebeart yn 'e kaart sjen lit, oft er ûnder it wurk útlis docht, oft er mei de iene | |||||||||
[pagina 182]
| |||||||||
hân wer fersteurt wat er mei de oare opbout, of dat er it spul mar wêze lit, itsij om't er mient dat syn lêzers âld en wiis genôch binne, itsij dat it net ienris yn him opkomt. dat oaren de parafernaliën wolris foar it wêzenlike oansjen koene. Yn elts gefal kin it him neat skele dat oaren sjogge wat er docht en faak bliuwt er net op it podium stean mar komt ris tichte by ús; hy fettet ús ris by de knoop fan de jas en in oare kear ferdúdliket er ris wat op it boerd: in skets, in trochsneed, in efterkant fan wat er by de ein hat. Hy feroaret fan ynstelling, al nei't de gelegenheid dat easket. Hy siket net de feilige distânsje fan de âlde yllusionist, mar hy wol ús mei behelje yn syn eksperiminten, om't er roait op de moraliteit. (s. 216). Ik wol fuort oannimme dat dizze roman net takomt oan itjinge dêr't jo yn it essay op doelden: wat jo mei krêft ferwekt hawwe, haw ik yn swakheid berne; en ek dat dit boek trekken hat dy't jo net oansteane: it bern skaait net allinne nei syn heit, mar ek nei syn mem út. Likegoed hoopje ik dat jo dit bern erkenne wolle. Wa oars doar ik freegje der in heit foar te wêzen? Mar ik soe blider wêze as jo dit bern ynhellen as jo eigen, as jo yn dizze risping jou eigen siedding weromkoene. Want mei it opdragen fan dizze roman bedoel ik jo it lean te bringen dat jo takomt. En fierders, Smit, bin ik bliid dat wy noch libje.
Goedfreed 1966 |
|