te sykjen? Men koe it knappen fan 'e baarnende stoppel hearre.
‘Sokke dingen binne moai,’ sei hja, ‘it fjoer en de stoarmwyn en it bolderjen fan 'e see.’
Wy stiene yn 'e mantel, de wjerskyn fan 'e gloede lei op har gesicht en oer har hier. Hja huvere efkes fan 'e koelte bûtendoar. Doe koe ik my net langer ynhâlde. Ik fertelde, hoe't ik dy Pinkstermoandeis al op goed gelok de nacht yn riden wie; hoe't ik neitiid fergees om har socht hie en no nei jierren noch wer op reis gien wie. In ûnsinnich aventoer, mar dat my boppe alle ferwachting ta myn doel brocht hie. Ik liet my gean en lei al myn langstme foar har bleat.
It antwurd kaam net daalk en it wie hiel oars as ik ferwachte hie: ‘Witte jo wol, wêrom't ik dat ferhaal niis fertelde?... Der binne minsken, dy't sizze, ik bin sels in seemearmin en se hawwe gelyk.’
It kaam der earnstich út. Ik wist net, wat ik deroan hie. Ik sei dêrom luftich:
‘Ho, ho! Seemearminnen hawwe gjin siele, Willemke! Dat wit ik fan dy wol better!’
Hja wie mear oandien as ik fernommen hie.
‘Ei ja, it is ûnsin, wat ik sis. Mar ik leau, it soe like noedlik wêze om my leaf te hawwen. Ik soe it net hawwe kinne, as ik yn myn leafde kronken waard. En as myn leafste my bedrage soe, dan koe er wolris krekt sa swier straft wurde as de man fan dy seemearmin.’ ‘Dan bist earder in hekse.’
Ik sei it mear, om't ik om in antwurd socht.
De triennen blonken har yn 'e eagen.
‘Nee, mar myn ferwachting is sa heech. Dû moatst my like grut en djip leafhawwe as ik dy. Alef, dû witst net heal, watst yn my wekker makkest.’
No wie alle wjerstân fuort. It harke as in jubel:
‘No bin ik dochs in seemearmin, Alef! Dû seiste, dy hiene gjin siel. Mar dy krije pas ien troch de leafde ta in man. Tochtst, dat it mei my oars wie?’
Hja skriemde en lake suver tagelyk.
Sa skoep har geast bylden, mar har siel wie elemintêr as wetter en fjoer, hearlik en noedlik tagelyk.