‘Hat mem wolris yn maart of april bûtendyks west?’
‘Do hast neat yn te bringen,’ seit heit berêstend.
‘Ik ha wol wat yn te bringen.’ Lútsen wurdt lulk en slacht mei de fûst op 'e tafel. ‘Ik wol arbeidzje, mar ik ferdom it om my op dat neakene wâd bestjerre te litten.’
‘Wy kinne dyn ynkommen net misse,’ klaget Luertske. ‘De winter hat ús lutere.’
‘De tiden ha noch minder west, doe't der tûzenen boeren yn 't neigean rekken.’ Wer wol Idsardi it ferhaal dwaan fan hoe't yn it begjin fan de tritiger jierren de boeren foar de stôk wei op oer de kop gyngen.
‘Hâld dêr mar oer op. Dat witte wy no wol. Fergiene gloarje,’ seit Lútsen.
‘Ik wol net graach datst yn 't slyk omkomst,’ seit Luertske en dêrby streaket se him oer it wang dat kleuret fan it yn 'e wyn op fytsen. Miskien kinst wol skriuwe datst it wurk lichaamlik net dwaan kinst. Dat se dy al ris foar dea de see útdroegen ha.’
‘Oars gyng ik yn 'e keallehannel,’ seit Idsardi ‘mar der is op 't heden gjin stoer oan 'e keallen te fertsjinjen.’
‘Wat soesto,’ skampert Luertske. ‘Ut in grut gat blaze en dan noch gjin stank. Hast gjin twa sinten om op elkoar te lizzen mei dyn ryksdaalder âlderdomsrinte.’
Nei iten komt de post it hiem op en smyt wat troch de doar. Luertske flittert nijsgjirrich nei de gong. Noch bleker as dat se oars al is, komt se werom yn 'e keamer ‘In brief fan it kantongerjocht,’ seit se.
Se raamt in pintsje út it hier en seit tsjin Lútsen ‘Skuor iepen dat ding.’
De âlden lêze mei Lútsen oer it skouder.
‘Hoe hast dit hân?’ freget Idsardi.
Lútsen hâldt him ûnnoazel, skokskoudert wat en lêst.
‘Wat is dut?’ ynformearret Luertske, dy't de amtlike taal sa gau net neikomme kin.
‘Ik ha mei de fertsjusteringsproef op 30 oktober de lampe fan 'e fyts net goedernôch ôfskerme hân.’
‘En wa hat dy doe proses makke?’
‘Wa oars as Veldstra.’
‘En dat hast ús noait sein.’
‘Dat kostet dy sinten,’ seit Idsardi út 'e hichte.
‘In tientsje, tink.’
‘In grou tientsje,’ beart Luertske.
‘Ferline simmer is slachter Damsma út Dokkum feroardiele ta in boete