De jacht
(1988)–Durk van der Ploeg– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 50]
| |
giet frijwol gjin jûn foarby, of der lôget earne by in hûs in fjoer. Dan wurdt der wer in besmet bêd yn 'e brân stutsen. Dat spoekich opflamjen fan it fjoer yn it healtsjuster is dan it safolste teken fan de dea. Dan komt elk út 'e hûs om mei freze it fjoer oan te sjen. Sterke kearels, dy't de iene dei noch op it lân steane te arbeidzjen, lizze de oare deis mei swiere koartsen op bêd en binne yn in dei as wat wei. Geve froulju dwylje in deimannich fan 'e koarts en blaze de lêste siken út. Dokter reizget ôf en oan. Syn help is faak om 'e nocht, sa slim pakt de sykte de minsken oan. Bindert Vriezema, de leedbidder, komt guon nachten amper út 'e klean. Hy is hast altyd ûnderweis om in begraffenis te regeljen of, om it wrede boadskip fan alwer in deade fan doar ta doar te bringen. Yn 'e timmerwinkel fan Rust Roest kinne se it kistemeitsjen amper foarhâlde. Elk bliuwt safolle mooglik op eigen hiem om de sykte net oer te bringen, want tyfus hinget slim oan. It folk dat oerdeis yn it fjild arbeidet giet swijend syn wegen. Elk lit it wurk even rêste as der wer in lykstaasje it paad op komt en der wer in deade belet wurdt. It is op in jûn let, yn it langst fan 'e dagen. Dan komt it Geeske hommels oan mei rinlivigens, reade plakjes op 'e earms en dûzigens yn 'e holle. Former helpt har gau op bêd en is dy nacht net út 'e klean. Hy wol om dokter. Geeske seit dat dokter der neat oan dwaan kin. ‘Yn 'e keukenskast stiet noch wat homepaat, dat moatst my helje.’ Former hellet it fleske en seit ‘Arsenicum, stiet der op.’ Geeske jout har mei in groureade holle oerein út it bêd wei en skampert ‘It is frijwol it iennichste wat Ritske syn krinterige famylje my út 'e bringst taskikt hat.’ ‘Mar dat is fergif.’ ‘Wat lulsto fan fergif.’ ‘Dy famylje hat dan wol witten wat se die.’ ‘Kin my neat skele wat it is. Ritske brûkte it ek tsjin allerhande kwalen en krupsjes. Hoe faak hat it him der net boppe-op holpen?’ ‘Arsenicum, dat is kleare rottefergif, mem.’ ‘Moatst net nei it etiket sjen, jonge. Wat kin 't skele wat der op it fleske stiet. Moatst der oan rûke. It moat in mosterige lucht ha. It moat soerich rûke, lykas it sjippekrûd.’ ‘It stjonkt,’ seit Former. ‘It heazet my yn 'e kiel.’ ‘Dat moat ek. It moat goed sterk wêze. Tsjin dizze kwaal is net safolle krûd woechsen.’ ‘Der steane noch mear fleskes yn 'e kast.’ ‘Wat stiet dêrop?’ | |
[pagina 51]
| |
‘Belladonna, Arnica en Zincum. Wit ik hokker rommel at der noch mear bystiet.’ ‘Rommel? It hat Ritske jierren op 'e kluten hâlden. Dy hat mei al syn nearboarstigens en swolme neils noch nea in dokter oer de flier hân.’ ‘Mar stoarn hat hím ek al helle,’ seit Former. ‘Lit my dat guod ris rûke.’ ‘Geeske jout har noch mear oerein en snúft oan it fleske. ‘Ik wol dy net fergiftigje,’ seit Former. ‘Dut spul is 't,’ seit Geeske. ‘As dit it kwea net straft, dan helpt neat mear.’ Se bliuwt even op 'e earmtakke lynjen en sjocht mei in koartsige holle de keamer oer. ‘Ik sjoch hieltyd skimen en frjemd ljocht op bêd.’ ‘Mem is koartsich.’ ‘Moatst my wat fan dat guod oplosse yn in kopke mei gleon wetter.’ Former weakket in neilfol fan it stive guod. Geeske griist fan 'e smaak en sjocht skril út 'e eagen. ‘It hat Ritske altyd holpen. Mar de lêste kear oerfoel de dea him mei in oerhaal. Dan helpt neat mear.’ Former rôlet har yn 'e weach en ferskjinnet it bêd. Sa geane se de nacht yn. Geeske kreunt fan 'e pine en dwilet. Former sit foar it bêd te wachtsjen en harket nei de lûden fan de nachtfûgels. It is al tsjin trijen as Former wekker skokt út in hazzesliepke. De klok slacht. Hy heart mem praten. Former bûcht him oer har hinne. ‘Ik hie hjir net hinne moatten,’ seit se. ‘Do bist in man fan 'e Wâlden. As ik der net mear bin, ferkeapje it spul en gean werom. Ik sil dit net oerlibje. It muoit my dat ik dy dit oandien ha.’ It is in bycht dy't se mei lijen útbringe kin. Yn 'e neinacht sliept se even mei ûnregelmjittich sykheljen. Troch it keukensfinster sjocht Former de dage oan 'e loft kommen. Oars is er om distiid de feart al út. Hy tinkt der oan hoe't it wêze sil as mem der net mear is en er allinne yn it holle hûs húsmannet. ‘Dit oerlibbet se net,’ seit er heallûd tsjin himsels. Yn syn bange ferbylding sjocht er de heldere flammen fan it bêdbarnen al opljochtsjen. Yn 'e moarn sakket de koarts. De holle is har net mear sa read opset. ‘Moatst my nochris wat fan dat guod jaan,’ seit se, as kriget se nije hoop. Former reart har in kopfol klear. Der leit in grienige laach op, as jong einekroas. By it opdrinken lûkt se in pynlik gesicht. It byt har yn 'e koartsige lippen. | |
[pagina 52]
| |
Dy moarns hat se in oplibjen en begjint te fertellen oer froeger, doe't har heit terpbaas wie te Ealsum. Doe waard de terpmodder mei skûtsjes útfearn en fersille oer de hiele Wâlden. Former kin net folle wiis wurde út it ferhaal oer de Flessefeart, dêr't dronken lju yn ien nacht in hals oan groeven. As er him nei har oerbûcht seit se ‘Wy wiene lokkich yn 'e Wâlden.’ Former knikt. ‘Moatst it my mar ferjaan. It begûn my ynienen te driuwen. As moast ik hjir hinne om te stjerren.’ ‘Safier is 't noch net, memke.’ ‘Dit wurdt myn lêste dei, jonge.’ De sinne sakket dy jûns fjoerread efter de eskenloane. De loft wurdt bleekblau en de skaden fan de terpwâlen rekke har út oer de greidlânen. Yn 'e grêft spegelt it lêste ljocht fan 'e dei. Yn 'e tsjerkhôfsbeammen roekoet in do. Ut 'e sleatten wâlmet in wite damp omheech. It belooft in waarme dei. Tsjin de oere fan 'e nacht blaast Geeske de lêste siken út. Former leit op 'e knibbels yn it bêd en praat noch tsjin har, dan is it libben der al út. As wol er har oan it lêst ta gerêst stelle. De hiele dei hat se oer him yn noed sitten. ‘Aanst bliuwst hjir allinne oer,’ hie se gûld. Hy knoffelt út it bêd wei en stiet even bûtendoar yn it skimertsjuster. De stoepe is koel oan 'e fuotten. Even wit er net wat er begjinne moat. Der moat help komme. Hy twivelt. Kin er sa fan hûs gean? Troch de jûn heart er Yme syn Harley Davidson gromjen oer de feartsreed. Dan stapt er hoasfuotling troch it fochtige gers nei de Bolhuizen, dy't dokter en Bindert Vriezema tynge jouwe. Dy nacht hinget Former in doek oer de spegel en skoot it rút yn 'e keamer omheech foar frisse lucht. De oare moarns tikket er spikers yn 'e kezinen en spant it lêste troch de helte skuorde wyt lekken foar de ruten, om de felle sinne út 'e keamer te kearen. De blikkerjende lekkens blinke de Ealsumers yn 'e eagen as it safolste teken fan 'e dea. Luertske en Jekke komme dy moarns troch it Leech en bliuwe skruten oan 'e foet fan it steile terppaad stean. As Former yn 'e doar ferskynt, roppe se weemoedich freegjend ‘Is 't ôfrûn?’ Former befêstiget de fraach mei earnstich knikken en seit in skoftsje letter dat mem in rêstige dea krigen hat. Se bekleie Former en sizze dat se no teplak is en ferlost fan ierdske soargen. Want se hâlden Geeske foar in behâldene, meidat se geregeld yn 'e tsjerke kaam. | |
[pagina 53]
| |
It is net dat se in bulte gedoente mei elkoar hân ha, mar yn it lot, dat safolle fan harren treft, kriget Former ek even diel oan dy mienskip. Dokter komt dy moarns op 'e stoomfyts. De man fan it kistefonnis folget him suver op 'e foet. De buorlju bewaskje it lyk en lizze it slim ôfklaaide lichem mei de sneinse jurk yn 'e swart beitste fjurren kiste. Elk dy't dy jûns komt om it antlit fan Geeske noch ienris yn him op te nimmen, hâldt de hân foar de mûle en sykhellet net boppe de kiste. Elk tinkt oan syn eigen behâld. Op it fan taaite trochwoeksen tún baarnt Former tsjin 'e nacht de bêdeboel op. Sa jout er in dúdlik teken oan 'e suvering, lykas yn 'e ôfrûne wiken rûnom de fjurren as offers yn it tsjuster opljochte binne. As it fjoer al dôve is en hy de jiske nochris oppoarket, dat de fûnken witwêr stowe op 'e wyn, stiet er in skoft yn it oanwinnende tsjuster te stoarjen en tinkt oan al wat foarby gien is. Dat er allinne kommen is. Hy sjocht om him hinne. Nearne mear in skym fan ljocht. Elk is op bêd. Hy baait troch in see fan rûchte, dy't op it tún waakst. Foar de grêft bliuwt er stean, dêr't de nachtloft him net te bedjipjen yn wjerspegelt. In pear einen sjogge om in hinnekommen en fersteure de stilte. Hy wol net yn 'e hûs. Hy mist har. Dan stapt er troch de nacht as sil er bliuwend op reis. De dauwe driuwt wyt oer it nachtljochte fjild. |
|