Former, noch net oer syn ferwûndering hinne, seit ‘Moffrika, hie'k tocht.’
‘Dat is teminsten wat oars as dizze negorij.’
‘Wy ha dy hjir dus de langste tiid sjoen.’
‘Gelokkich al.’
‘Dan silst wol yn 'e wapenproduksje komme, want it tilt dêr op fan bewapening.’
‘Kin my neat skele wêr't ik telâne kom, as ik hjir mar wei bin.’
‘It kin dy dus neat skele ast in meiwurker wurdst oan Hitler syn bewapeningsmasine of datst wat oars dochst?’
‘Wat is der tsjin bewapening?’
‘Alles,’ falt Former út.
‘Hast fan 'e wike wol yn 'e krante lêzen dat dûmny Cohen fan Dokkum feroardiele is ta fjirtsjin dagen finzenisstraf, fanwegen syn antimilitaristysk ophysjen? Hy hat op in gearkomste fan Tsjerke en Frede sprutsen en dêrby oproppen ta tsjinstwegering en propaganda tsjin de oarloch.’
‘Mei dat dan net?’
‘Nee, de man is feroardiele. Hy moat sitte.’
‘Cohen is teminsten in man dy't wit wêr't er foar fjochtet. De man preket yn alle gefallen net foar syn selsbehâld, mar riskearret it om fjirtsjin dagen yn 'e bak te kommen.’
‘Wat kinsto tsjin bewapening ha, ast it fanwegen de wet net iens aktyf bestride meist?’
‘Ik hoech myn prinsipes net oan te passen oan 'e wet. Ik bin foar de frede en net foar de wet,’ seit Former.
‘Wat soesto ek foar ferstân fan polityk ha. Jimme soarte; idealisten sûnder grûn ûnder de fuotten.’
‘Idealisten hawwe teminsten in oertsjûging.’
‘Dy oertsjûging wurdt dan altyd stjoerd troch in radikale dommens. Do bist in anargist. In pasifist. Do hast de smetten fan Domela Nieuwenhuis op 'e bealch.’
‘Is dêr wat op tsjin?’
‘De offisier fan justysje te Ljouwert ferwiet dûmny Cohen yn it rekwisitoar, dat er him efter Kristus ferskûle, dy't yn 'e Berchrede opropt ta geweldleazens.’
‘Is dy Berchrede dan net foar dy skreaun? Ik tocht datsto altyd trou nei tsjerke reizgest. Ik nim oan dat dat boadskip dan likegoed foar dy as foar dûmny Cohen jildt.’
‘Mei de bibel kinst alle kanten út.’