Op 'e literaire toer(1973)–Hessel Miedema– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 148] [p. 148] [It sêft-ségriene oesterfamke] it sêft-ségriene oesterfamke is dit hij hat har beide helten útinoar flaeike har glânzjende binnenkanten leinen irisearjend yn it ûnwennige ljocht in teare blidens dy't fan gjin skamte wit doe hat er har mei syn skerp mês lossnien har trienpearel die er yn syn strikspjelde mei in hoefizerke der om op syn strik mei stippen it oesterfamke och hja is sa kwetsber út har skelp fallen wij sille in plastic pûdtsje foar har keapje (september 1960) Vorige Volgende