Op 'e literaire toer(1973)–Hessel Miedema– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 146] [p. 146] In memoriam de hear M. is net mear d.w.s. net mear hwat er plichte to wêzen in goed mins in earlik amtner pater familias in geef man hy is dêrmei redusearre ta in skulptuer troch de hannen fan in groulik kunstner syn eigen portret út waeks modellearre prachtich prachtich de anatomen neame him nou fan kadaver se ha him op in rustfrije plaet lein en tusken de oare eksemplaren skoud de swiere doar ha se op 'e skoattel dien sûnde en skande sa'n moai ding wie de hear M. (maeije 1960) Vorige Volgende