De froulju fan de fetweider
(1993)–Douwe H. Kiestra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 140]
| |
In bysûndere boereromanIt romantsje slút in stikhinne oan by de literêre koade fan destiids. It is in boereroman, lykas hast alle romans fan doe. It is ek, lykas it wurk fan Brolsma, nochal los fan konstruksje, it liket op in samling sketsen oer deselde húshâlding. Earst as de trije fammen fan 'e Feikema's ferkearing krije, komt der wat tried yn it ferhaal. Oanslutend by de doetiidske ‘nije moade’ is it yn 'e notiid skreaun. Mar dan hâlde de oerienkomsten mei oar proaza ek sawat op en begjinne de ferskillen te tellen. Wis, it is in boereroman, mar wat in ferskil mei De gouden swipe of Sate Humalda! Hjir gjin út 'e ierde woeksen boer dy't as in held út in âlde saga tsjin it needlot wrakselt, mar in man dy't it libben nimt sa't it op him takomt. Stoart in boer as Haitze Holwerda syn wrâld hast yn as it him tsjinwierret - o irony! it wierret him krekt mei -, Feike Feikema is net in sprút benaud fan tsjinstuiten: hy is fan stroppen de man wurden, seit er. Ek op it stik fan 'e ferkearingen fan syn dochters is Feike ploaiber. Hy is it mei de kar fan net ien fan trijen iens, mar hy berêst deryn. De opheging fan 'e boerestân en it boerefak binne fierhinne ôfwêzich, en dêrmei de krampeftigens dy't by oare boeren - alteast yn 'e literatuer - ta healwize oanslaggen laat, lykas Douwe Wallinga dy't syn soan healdea slacht (De gouden swipe) en Fokke Hoara dy't út wraak de pleats fan 'e âlden fan syn eardere faam keapet (De Hoara's fan Hastings). Hoe oars binne ek de aventoeren yn dit romantsje, gjin los-brekkende bollen, hynders op 'e rin, heabroei, tongblier, kolyk of wiete hjersten dy't foar in poarsje ‘needlot’ soargje moatte dêr't de boer-wrakselder tsjin opbokse moat, mar út te riden nei Hollân mei it toanielselskip, nei de TT-races te Assen, fleane! Hoe oars ek it taalgebrûk, dêr't de ynternasjonalismen | |
[pagina 141]
| |
net langer yn mijd wurde. It tilt op fan wurden as - alfabetysk -: air, alliteraasje, attinsje, bûdoir, sjarmant, deklamaasje, demokratysk, eksintrike, ekstaazje, elite, funksjonaris, gentleman, ensfh. Meiïnoar binne der in lytse hûndert fan sokke fan komôf frjemde wurden yn it boekje te finen. De trije dochters binne absolút net dwaande har ta te rieden op in takomst as boerinne. Se hawwe hiel oare ambysjes, Fokje wol bewaarskoallejuf wurde, Froukje wol masineskriuwen leare en boekhâlden, se woe wol gymnastyklearares wurde en ek wol dûnslearares. Geeske, de jongste, hat in artistike ynslach, dy sit te fervjen, te houtbaarnen, te weevjen, dy pielt mei literatuer en wol by einsluten wol sjoernalist wurde. De mem, Houkje, hie it leafst dat de fammen mei ien fan ‘stân’ trouden, as it knypt hat dy it heger yn 'e kop as de dochters. By einsluten trouwe twa fan 'e trije dochs mei in boer, en dy wurde, sa't it him oansjen lit, ridlik lokkich. Geeske trout mei de gemeentesiktaris, en se fielt har deaûngelokkich as se in bern krijt. Dêrmei bliuwt dit boek yn syn suggestje dochs in boereroman: mei in boer út 'e krite trouwe jout lok, it houlik mei in yntellektueel út Hollân bringt ûngelok. Yn it ôfwizende oardiel oer de NSB komt grif de destiidske kontroverze tusken de SS en de NSB oan it ljocht. De Nederlânske SS-ers seagen op 'e NSB-ers del. De man dy't him posityf oer de NSB utert, is de gemeensiktaris Tako Gratama dêr't Geeske mei trout. Tako is in út Hollân wei weromkearde yntellektueel, dy't wakker opjout fan 'e trêften fan it plattelân, mar yn wêzen it plattelânslibben net ferstiet. It docht nammers al gau bliken dat Tako in fint fan neat is en letter komt ek noch oan it ljocht dat er yn Hollân skulden makke hat. Tako praat fan it ‘aristokratysk begjinsel en it liederskip,’ sa't him dat ‘natuerlik yn de rin fan 'e skiednis troch de geslachten hinne bewiizge en iepenbiere hat.’ De skriuwer tekenet oan dat Geeske him mei ferearing oansjocht..., hy tinkt der sels grif oars oer. Foar him binne de krêften net ‘útbalansearre yn in prachtich | |
[pagina 142]
| |
harmoanysk evenwicht,’ mar hy sjocht it libben as in trochgeande striid dêr't it âlde yn fergiet en it nije opkomt. De grutte boeren fan it doarp Noarderein hawwe de iene nei de oare belies jaan moatten. De neiteam fan in wees út it kleaster, dêr't ornaris wat smeulsk oer praat wurdt, en fan 'e twadde dochter fan 'e fetweider sil it takomstige laach fan hearskers foarmje. De skriuwer - en fansels net needsaaklik de minske Douwe Kiestra - liket sosjaal-darwinist te wêzen. Yn de ‘survival of the fittest’ komme persoanen dy't it libben oan kinne, lykas Sibbele en Frouk, boppenoan. Swakke figueren as Geeske en Tako bedarje yn it leech. | |
De ûntfangst by it publykDer wurdt ferteld dat Simke Kloosterman De froulju fan de fetweider mei de tange oanpakt en yn 'e kachel smiten hat. De frijmoedigens yn it seksuele koe se net ferkropje. Dy anekdoate berêst net op wierheid: Simke wie al dea en begroeven doe't it boek ferskynde. No soe dat op himsels hinnebruie meie: men moat de stro net om in aai bedjerre, as men dêrmei in saak dúdlik karakterisearje kin. Mar dat is hjir net it gefal. De anekdoate is net allinnich histoarysk ûnwier, hy is der ek as symboalyske ferbylding fan 'e destiidske ûntfangst by it publyk by troch. Der is feitliks mar ien fan 'e kritisy fan 'e earste printing yn 1939 dy't swier tilt oan 'e frijmoedigens yn it seksuele. J.K. Dykstra skriuwt: ‘Tot nog toe konden wij èlk Fries boek zonder schroom aan iedereen te lezen geven. Men behoeft geen zedelijkheidsmaniak te zijn, om bij dit boek scrupules te hebben...’ Kritisy as S.D. de Jong en H.K. Schippers binne fan betinken dat Kiestra foar itselde wat minder bot útfalle kinnen hie en itselde of mear berikke. Mear wurden meitsje se der net oan smoarch. W. Kok seit: ‘Mar it is op 't lêst gjin berneboek en it is ek yn dizze passa- | |
[pagina 143]
| |
ges sober, earlik en direkt, sûnder de sentiminten fen gûn ljue to kideljen.’ De kop yn 'e Ljouwerter Krante ‘'n Schokkend boek uit de kuise dertiger jaren’ boppe in artikel by gelegenheid fan 'e twadde printing jout dan ek in falske suggestje. Sa slim binne alteast de resinsinten net stroffele oer de seksuele frijmoedigens. Miskien hie men ferwachtsje meien dat Kiestra omreden fan syn boek ôfseame wie troch de sedelikheidsapostels, ommers B.R.S. Pollema krige in pear jier earder de folle mjitte oan fermoanning oer him útstoart doe't syn ferhalebondel Lok en lijen yn 't ljocht kaam. E.B. Folkertsma prate fan de ‘forwoastende wirking’ dêr't dit boek sines ta dwaan kinne soe. Mar der binne grutte ferskillen tusken de ferhalen fan Pollema en it romantsje fan Kiestra. By Pollema giet it gauris oer troude lju dy't bûten de pôt pisje, of dêr alteast risselwaasje ta meitsje. By Kiestra binne it ûngetroude lju. In oar ferskil liket my noch wichtiger. Pollema syn figueren binne swakkelingen, dy't út ûnfrede mei har bestean oan it dwalen reitsje en op 'e siik nei wat hâldfêst en lok yn 'e earmen fan in oarenien fersile. Dat pessimisme, dat sleauwe en lakse, dat koenen de kritisy fan destiids net daaie. En nammers ek nei de Twadde Wrâldoarloch noch waard easke dat in literêr wurk posityf tsjinoer it libben stie. Om dy reden waarden bygelyks de fersen fan G.N. Visser (1949) ôfwiisd. En fan pessimisme kin men Kiestra absolút net beskuldigje, De froulju fan de fetweider kin men in fitalistysk boek neame, it fitale, it libbenskrêftige wurdt ferhearlike. Nee, dy te ‘botte útfallen’ fan Kiestra meitsje de kritisy har net sa drok om. Folle mear soargen meitsje in pear fan 'e kritisy, De Jong en Schippers, har oer in oar aspekt fan 'e roman, te witten dat fan 'e driging fan in nije tiid dy't oer Fryslân komt en de plattelânske seden ûnderstek docht. De Jong hat it oer ‘de driging fen de tobritsenens fen it Fryske doarpslibben, dêr't ymportearre ûntjowing en folksriemens mar nea meimankoar | |
[pagina 144]
| |
yn harmonije komme kinne...’; ‘Alle trije fammensbern habbe tiden, det it der op liket ef hja scille nettsjinsteande hjar U.L.O. en húshâldskoalle, ef faeks krekt hjirtroch, út it goede spoar reitsje.’ Schippers: ‘Boererealisme is dit forhael fen Feike Fetweider en syn fjouwer (!) great-dochters, dy't yn hjar hâlden en dragen, hjar tinzen en winsken sokke sprekkende foarbylden binne fen gûn fen 'e hjoeddeiske plattelânsjongerein, dy't troch de oerfloed fen net-forwirke kultuer ef ljeaver sivilisaesje it spoar bjuster rekke binne en alle kanten út kinne, de goede like goed as de forkearde.’ Wat in pear generaasjes letter posityf wurdearre wurdt yn Kiestra syn boek, de eigentiidskens fan it ferhaal, de fûlens wêrmei't benammen dy trije jonge froulju diel hawwe wolle oan it folle libben yn al syn fasetten, dêr wienen guon kritisy yn '39 wat skou fan. Dy noed om de ‘net-ferwurke útlânske kultuer’ wie destiids nammers frij algemien by de literêre kritisy. Wat by dy besprekkers fan De froulju fan de fetweider de trochslach jaan sil om it boek dochs by einsluten posityf te wurdearjen, is dat alteast twa fan dy trije froulju de goede kant oer falle, se wurde boerinne en se ha, mei men oannimme, langer tiid noch oanstriid ta Ingelske dûnsen en masineskriuwen. Sa besjoen is de sekssêne fan Sibbele en Frouk tige funksjoneel, hy - ofleaver de neisleep - soarget derfoar dat Frouk wer yn it goede spoar komt. By de ûntfangst fan it boek binne no inkeld de resinsinten te praat kommen. Wat wie it oardiel fan it lêzerspublyk? Dat wit men net, men kin der op syn bêst fermoedens oer hawwe. Men kin de te ferwachtsjen ûntfangst in stikhinne ôfliede út 'e analyze fan it boek. Nei alle gedachten is De froulju fan de fetweider troch it grutte publyk minder wurdearre as De gouden swipe, Peke Donia en De sûnde fan Haitze Holwerda. De froulju fan de fetweider hat net in sintraal konflikt tusken goede en kweade personaazjes, dêr't de lêzers harsels emosjoneel yn bejaan kinne. It boek is ûnsentiminteel skreaun, de figueren binne | |
[pagina 145]
| |
heal goed - heal ferkeard, in sintraal konflikt ûntbrekt. De massalêzer wol widze wurde op 'e weagen fan 'e emosjonaliteit, hy wol in simpel ferhaal mei ienfâldige en dúdlike opposysjes, mei in ferteller dy't him ynflústert wat er moai en mâl fine moat. Sa'n lêzer sil troch Kiestra syn boek grif teloarsteld wurde. Dat is fansels allegearre ûnderstelling. Bewizen binne der net. Wol kin men it feit dat it boekje no earst foar de tredde kear printe wurdt hâlde foar in bewiis fan de oer 't algemien koele ûntfangst. De sûnde fan Haitze Holwerda en De gouden swipe binne folle faker werprinte. Ek seit it feit dat de nammen fan Brolsma, Haisma, Van Houten, Brouwer by it grutte publyk folle bekender binne as dy fan Kiestra yndirekt wol wat oer de wurdearring fan syn romantsje. De froulju fan de fetweider waard yn 1970 in twadde printing fan makke. Ik tink dat dat bard is út de gedachte wei dat dit boek om syn literêre wearde bliuwend oanwêzich wêze moast, en net om't der by it publyk sa folle fraach nei wie - sa't it nei alle gedachten ek mei dizze tredde printing gien is. Fan dy twadde printing binne mar trije resinsjes te finen. Dat wiist der yn alle gefallen net op dat de redaksjes it in wichtich boek fûn hawwe. Folle nije sjenswizen komme de resinsinten net mei, en dat leit wol foar de hân, dêr is it boek winliken te simpel en te rjochtút foar. De resinsint fan 'e Leeuwarder Courant tinkt dat de tendins fan it boek de lju yn '39 net oanstien hat. Foarst komt er op 'e ôftakeling fan it boerelibben yn 'e roman en twad op it ûntbrekken fan 'e moraal. Ik bin it mei him iens dat dat foar de lêzers (en de resinsinten) grif slimmer dingen west hawwe as dat bekfol seks. De resinsint fan 'e Drachtster Courant hat him steurd oan 'e ferteller dy't soms net werjout wat de personaazjes tinke, mar wat himsels tinkt. Mar dat wie no ienris de skriuwmanier fan destiids: de ferteller fertelde ek bûten syn persoanen om en joech syn miening en soms syn moraal. Wy kinne ús moderne lêshâlding fansels net | |
[pagina 146]
| |
samar oannimme tsjinoer âldere wurken, dan sille wy dochs besykje moatte om ús wat oan te passen. En fierder, mar dat is persoanlik, ik hear Kiestra folle leaver preekjen as Brolsma. Brolsma is my gauris te ompankoekbakkerich en te krintewagerich, wylst Kiestra oardielet mei in wissichheid as wie er ús Leaven Hear sels. | |
TekstferantwurdingDizze tredde printing is basearre op 'e earste printing fan 1939. Allinnich foar de pleatsing fan 'e wy trigels is ek de twadde printing rieplachte. It doel wie, lykas by alle dielen út dizze rige, om it wurk om te staverjen nei de tsjintwurdich gongbere stavering ta, mar dêrby safolle as mooglik en winsklik wie it taalgebrûk yn wêzen te litten en inkeld dúdlike flaters en fersinnen, en eventueel ek ynkonsekwinsjes te korrizjearjen. It omstaverjen fan it boek fan Kiestra waard ynsafier ferienfâldige, dat Kiestra grif de yntinsje hie om it algemiene Frysk te skriuwen, en net syn eigen Legeaster dialekt. Soks docht - yn it negative - bygelyks bliken út 'e ôfwêzichheid fan Legeaster foarmen as diend, hând, sjoend. Mar ienris komt sa'n mulwurd op ‘n’ mei in oanplakte ‘d’ foar, nammentlik yn sleind, yn 'e formule ‘heind en sleind’. Om't Kiestra sa dúdlik op it standertfrysk doelt, binne destiidske staveringen as njunken, wirk, ginst sûnder mear korrizjearre nei de no gongbere stavering en foarkarútspraak ta. Om deselde reden binne staveringen fan twalûden dêr't men net oan sjen kin oft se destiids ‘brutsen’ waarden, no sa stavere dat se de ‘standertútspraak’ suggerearje. By dûbletten yn 'e taal/stavering lykas hynder/hynsder, donker/dûnker is keazen foar de foarm dy't it faakst foarkaam. Lytse flaterkes lykas hâldt (ymperatyf) y.s.f. hâld, op in paad y.s.f. op 'en paad, út 'e riden y.s.f. út te riden, fernijdt y.s.f. fer- | |
[pagina 147]
| |
nijt, dat taalflaters wêze kinne, mar dêr't men foar 't neist fan tinke soe dat se ûntstien binne troch ‘staveringsbetizing’, binne korrizjearre. Sa ek gefallen fan ‘staveringsûnkunde’, bygelyks boassel, kaddet y.s.f. boarstel, kardet. Fansels soe it by (guon fan) de boppesteande gefallen ek gean kinne om printflaters, mar it like ús gefaarlik ta om in ôfwikende taal-/staveringsfoarm al te gau as in printflater te wurdearjen en mar stilswijend te ferbetterjen. As printflaters hawwe wy wol ynterpretearre foarmen as konklûzje y.s.f. konklúzje, fjûrret y.s.f. fjurret, Boarte y.s.f. Boate, Ykema y.s.f. Ygema en it gauris trochinoar heljen fan der en dêr. De winsk om it taalgebrûk safolle mooglik yn wêzen te litten, hat der oan 'e oare kant ek ta laat dat dúdlik ‘min Frysk’ lykas it ein, oarder en rigel, op iens en noed stean foar stean bleaun is. It giet hjirre net om flaters fan Kiestra sasear, mar om flaters fan gâns Fryske skriuwers en praters. Ek it wifkjen tusken tiidwurdsfoarmen op -eare en -earje, dat de hiele mienskip fan Fryskpraters en -skriuwers docht, is net besljochte troch ien foarm te kiezen. Fierders is de ‘u’ stean bleaun yn tiidwurdsfoarmen as tsjuch, fljuch en is de ‘i’ bleaun yn û.o. milhûs - dat op advys fan 'e wurdboekstêf fan 'e Fryske Akademy, dy't wy oer in stikmannich twivelgefallen rieplachte ha. |
|