Tekstferantwurding
De 4e printinge fan Trude yn de rige Fryske Klassiken is basearre op de earste fan 1953. Op oanwizing fan de skriuwer (oerbrocht fan syn dochter) is 15 maaie op side 99 feroare yn 14 maaie. De eigenaardige stavering ‘Gerrt Jan’ fan de Twintske namme, dy't útsprutsen wurdt as ‘Gait Jan’ is normalisearre ta ‘Gerrit Jan’. Fan ‘ôfslútdyk’ is Ofslútdyk makke, as dè ôfslútdyk (tusken Hollân en Fryslân) bedoeld wurdt.
Wat it ynspringen en it oanjaan fan nije alinea's oangiet, is wurke neffens de regels dy't opsteld binne foar dizze rige. By Trude betsjutte dat frijwat feroaringen, omdat yn de earste útjefte op dit punt net folle systematyk te ûntdekken foel.
Tineke Steenmeijer-Wielenga