Taheakke
Drylst 10 Aug. '14
Achte Samler!
Ik ha it sels west, dy't Jo earen ris opmerksum makke ha op in stik yn F.m.N., det net oarspronkelik wier. Nou, myn ‘Wylde boerinne’ is hielendal oarspronkelik. Hwet Stijn Streuvels oangiet, ik hie noch neat fen him lêzen, do ik myn stik skreau. Boppedet birêst myn forhael op in wier gefal. Hjir hat in boerinne west, dy út echte Fryske koppigens om in kleinichheit yn gjin tritich jier hjar pleats forlitten hat. Myn biskriuwingen binne nei de natúr - vue à travers mon temperament, fensels. De beide bern hiene troch de opfieding de biskreaune karakters. Hja binne al dea en it is mâl mei hjar gongen. De dochter troude b.g. do se hast fyftich jier wier yet mei in jongfeint fen goed tweintich. Der hoopje ik noch ris hwet fen to meitsjen. Fjirder is der yn 't stik fensels folle bymakke, lyk as de ljeafde en letter de ivige hate fen dy lytse boer.
Hjirmei hoopje ik Jo oertúgd to hawwen fen de oarspronkelens fen 't forhael en de opset en ek, det Jy der plak for fine.
Yn de boekjes moast, tinkt my mear romte komme, hwent ho wol men nou de Fryske letterkinde bifoarderje as er for it wirk gjin plak is? De útjowers doare great wirk ek hast net oan. Gjin wûnder, ik bitwivelje eft se mei de greate boeken fen de lêste tiid folle jern bispoun ha.
Mei ik, as foarbyld, ris efkes oer mysels sprekke:
Ik arbeidzje al mear as trije jier oan in nije oersetting fen Hamlet. As er klear is, woe ik knappe persoanen freegje it wirk noch ris nei to sjen. Stel det we sa in standaerd-oersetting krigen - ik siz stel, hwet moat ik er den mei? Nou is det yn dit gefal net sa slim, omdet ik it wirk for mysels doch, mar it koe ek oars wêze.
Mei groetenis
Jins...
T. E. Holtrop
(Mei tank oan it FLMD, dat ús tastimming joech om dit brief yn syn gehiel ôf te printsjen.)