hy. ‘Hoefolle binne 'er net, dy safolle skea lije by my, dat se de slachfearren altyd misje moatte, en hoe flodderje dy eigenste ljuwe no om my hinne. Elts stiet my te tsjinst.’ In molktaper, dy syn bêste skieppentsjiis wol tweintich jier oan ús boargemaster brocht het, bringt se ús, no't wy in heal sint mear jane; en wy ite se op, en litte it de boargemaster oansjen.
Jimme skriuwe ek, dat dominy sein het, dat 't in Fries net moai stie, om salang as men oars in hinnekommen het, by in bankerottier te tsjinjen. Dominy is 'er net efter. Dy tiid is foarby. No is 't: ‘Habben is habben, mar krijen is de keunst.’ Dêr is nin rynsker hear as in bankerottier; want hy komt 'er maklik oan. Men kin jin wol oan dat âldmoadrich praat hâlde fan ‘Rjocht troch see’ en de ‘Tarring nei de nearring"; mar mei sokke krekte lju is 't altyd guod by de tried ôf, noait nin oermjitte. Myn leave heit en mem! wat beklei ik jimme, âlde sloven, dat jimme sa tobje moatte om in stik brea en tsjiis. As jimme skraach sa stiifsettich west wiene, hiene jimme ommers oars kind, minsken! Jo binne sa stiif as in hikpeal, heit; en mem giet ek al mei har geskrep mei de noas nei de grûn. Wy bliuwe sa linich as lekken, en ite wat ús swiet smakket, dat 't ús foar de noas opstrûpt. Wy drinke likeur en wyn by it hânfetfol. Us klean kin men wol troch in gouden ring helje, en wy dwane omtrint neat.
Mynhear wol suster Wytske wol útfanhûs hawwe. Sy kin 't habbe as in prinsesse; want ús frou is in trochgoe' minske.
Dwaan de groetenis oan alle goede freonen, en sis tsjin de koaiboer, dat ik net wer by him kom yn de ongetiid. Dat bin 'k ontkomd.
Jimme soan
Auke
P.S. Jo moatte tsjin Oebele sizze, dat mynhear al dy lytse kwartsjes fan in gûnemannich ôfbetellet. It jild fan de ljirren moat er mar in briefke fan ynleverje; dat sil him ta in duit foldien wurde.