blauwe eagen. Forwachtet hja fan him in andert? In oplossing? Hy hellet him in stikje iten efter 'e kiezzen wei en wachtet lang mei hwat to sizzen. Foarsichtich foeget er har dan in pear wurden ta.
It is faeks net de wrâld, dêr 't hja forlangst nei hat, mar it milieu thús, it hûs. Heit en Mem en al dy blide dingen fan 'e bernejierren. Hwant hwat hja de wrâld neamt, falt sa slim ôf. Wis, der is muzyk en kleur en fleur, mar it is hurd en kâld en wreed. Alles hwat it wiere lok op dizze wrâld jaen kin is hjirre, dêr 't de miedlânnen rûke en de fûgels roppe.
Hja swijt, Oertsjûge? Mar as hja wer hwat seit, skrikt er.
‘Omke Aent, help my as it kin, ik hâld it hjir net út, ik wit wol dat de wrâld gefaerlik is, mar dochs wol ik hjir wei!’
Hy aeit har oer it waerm golvjende hier hinne en skoddet mei de holle.
Wûndere djip sjogge him har eagen oan: hy wurdt der suver oars fan.
‘Fanke, fanke, tink dochs earst goed nei.’
De kofje is op, hja geane oerein. Hja reizget ôf en Aent klimt op 't stuoltsje.
Dus dochs in probleem efter dy eagen.
Hy woe dat hja swijd hie. Dy greate eagen kin er net wer kwyt reitsje.
Och, sa'n moai bern. Hwat is it libben dochs ûnlogysk.
Wist hja mar hwat hy wyt.
Mar hwerom is hy sels yndertiid ôfreizge de wrâld yn?