Kolofon
De earste notysjes foar dit boek binne makke yn it begjin fan de tachtiger jierren. Meastens dellein yn deiboeken. Soms yn it Frysk, ek wol yn it Nederlânsk. Foaral de jeugdoantinkens binne ûnderskate kearen werskreaun oant de spesjale stim fan it jonkje nei foaren kaam. Yn de simmer fan '95 is serieus útein set mei it boek doe't de skriuwer in trije moanne yn St. Jean de Luz (Frankryk) wenne. Eins is it boek foar it grutste part yn Donostia (San Sebastián, Spaansk Baskelân) skreaun. Op De Himrik waard skaafd en skaafd, en foaral werskreaun.