Haadstik 109
Bermprostitúsje foar lju dy't net mear tv sjogge
De Grutsk lêst de stikjes tekst nochris. It is wûnderlik hoe't syn maat en hy hast deselde gedachten hawwe. Hy gniist om de stront mei stientsjes út de bermen fan de literatuer.
Dan sjocht er ynienen, dat ien fan dy resinsinten deselde is dy't wat jierren lyn ien fan de bêste skriuwsters fan plagiaat beskuldige, en dy't dêrtroch ek noch earder as wenst wie it ivige foar it skriuwsterskip ynwiksele. Letter die bliken, dat it bêst wat subtiler lei. Kristus-en-gjin-ein. It wie deselde beammeneuker dy't even út de berm omheech kaam. Ek deselde dy't him steurde oan it wurd homofyl yn in roman fan in jonge debutante. Homo wie neffens him fatsoenliker, as soe literatuer foldwaan moatte oan de fatsoensnoarmen fan sa'n klerk. Fatsoensnoarmen dy't tastiene dat in op stjerren lizzende skriuwster falsk beskuldige waard en dêrtroch wat earder oer de râne fan de kûle rekke. Homofyl, flikker, nicht, poat, wat makke it allegearre út. De literatuer wie dochs gjin wurdboek foar bermtoeristen. En no dizze resinsje, omdat syn maat yndied dy ikel krolsk ûnder de sturt kidele hie. Hjir moast godferdomme op skreaun wurde. En wol daalk. Oan dizze fine fatsoensnoarmen hat er gjin inkeld boadskip. En dy krante? Wy sille sjen.