mear. De faks sil de nije metafoar foar praten en kontakt wêze. Prachtich, want dan kin men moai skjinne hannen hâlde. En dêr giet it dochs om yn de maatskippij. Skjinne hannen, ek al rotsje de bonken en de skarnieren.
Op it stuit dat De Grutsk it telefoannûmer fan syn maat siket en de trije feltsjes klearleit, begjint it apparaat al út himsels te wurkjen. As in pyst út it liif fan in bolle komt stadich in stik papier omheech wylst de masine sjongt en gûnzet. De Grutsk sjocht mei niget en ûntsach nei it langer groeiende papier. Hy nimt de úteinen yn syn hannen en rint stadich achterút. As wie er in fisker dy't in net oan board lûkt. De wurden binne fisken wurden, en de fisken wurden.