Haadstik 70
Goddeleaze kont en rêch sette de seadden fêst
De Grutsk hat it fers foarlêzen op de rjochtbank, mar dêre fûnen se dat it net oan de oarder wie. De jonge libbe noch. De dea hie ynteressant wêze kinnen, no foel it bûten de wet.
De adfokate fan de tsjinpartij - syn eks - bewearde dat er eleminten ynbrocht dy't bedoeld wiene om falsk sentimint op te roppen.
Op it belêstingfabryk telden se allinne de wurden fan it fers: se hiene mei priveesaken neat te krijen. It kommentaar fan de kontroleur fan de fuortgongsreportaazje kaam hjir op del dat soks as de dea fan in soan - of eat dat der op like - gjin reden wêze koe om de fioele yn de beammen te hingjen. Allinne De Psyk reagearre wat mear ta de saak. Hy fûn dat it oanbieden fan it fers prachtich oanjoech hoe't De Grutsk himsels seach yn de eagen en de ferbiningen mei de oaren, mei de wrâld eins.
It literêr tiidskrift yn it âlde lân, dat er it fers stjoerd hie ûnder eigen namme, hie it ôfwiisd. Se fûnen de opbou fan it fers net parallel rinnen mei de ynhâld, en taalkundich koe it net foar de kreammen lâns. De rol fan it neat like misbrûkt - fêst bedoelden se har eigen god - en de technyk koe ek gjin besjen lije. De dea moasten je serieus nimme, dêrmei koe net op sa'n wize boarte wurde. Boppedat, it nihilisme sloech foar master op, en foaral it egosintryske fan de ik-persoan ferbjustere de redaksje. Fierder namen se oan dat de skriuwer de IK wie. De stakkerts hiene net iens troch dat de tekst fan Mallarmé wie. Wie tekene De Jelluk.
Literatuerkrityk fan en yn in beheind taalgebiet, fûn de Grutsk. En eins hie it neat te krijen mei it gebiet, it wiene de lytse mantsjes dy't sa út en