neukt. Wa wit? Mar wa sil útmeitsje oft De Frou út de binnenstêd net of al deselde sykte hat as De Sjof? Ik doch dat net, hoewol't ik myn gedachten haw oer sokke fatsoenlike froulju dy't yn deselde ynstituten wurkje. As ik ôfgean op de ferhalen oer De Frou út de binnenstêd dy't De Grutsk sa foar en nei fertelt, of op de doarmatte leit, dan sjoch ik eins net sa'n soad ferskil.
De Grutsk fielt him misledige yn syn heit, mar wol net begripe dat de GrutstêdsFrou dat noait sa oanfiele kin, omdat se net iens op 'e hichte is fan it bestean fan foddejoaden. Op papier miskien, yn de teory, mar dat is fansels heel wat oars as de iiskâlde wurklikheid fan in doarp. De Grutsk ferwachtet ynstimming mei syn gefoelens, mar dat is ûnmooglik foar immen dy't net opgroeid is mei sokke ferskillen sa't dy yn in doarp bestiene yn de tiid dat De Grutsk opgroeide. En miskien besteane se noch wol, yn in oare ferskining. Wa wit? De Grutsk kin dit ferhaal miskien op in CD sette en it har hûndert kear ôfharkje litte, mar it sil noait ta har trochkringe. Mar der is noch wat oars.
It heucht my net dat de heit fan De Grutsk foddejoad wie yn dy tiid. Neffens my bestie der yn Snyp mar ien foddejoad yn dy jierren. Dat wie De Fod dy't elke dei mei fjouwer hûnen ûnder de karre de doarpen ôffleach. Foaral nei de doarpen yn it noarden, dêre by de seedyk. Dêr kaam er wei, en dêr sammele er syn fodden, âldizer en oare rommel. Dy hûnen leine oan grauwe kettings op it hiem fan De Fod. Dy jankten fjouwerstimmich, foaral as se oansjasse waarden troch de bern út Snyp. De frou fan De Fod kaam dan nei bûten en begûn allegearre bibelske teksten de buorren oer te razen. Letter haw ik datselde meimakke, mar doe siet ik yn in teater en hite it ‘fjouwerstimmige poëzij mei hûnegesang’. De lju yn it teater klapten minuten lang doe't it ôfrûn wie. Ik wit net oft De Grutsk it betocht hie, mar it hie kinnen. Ik sil it him noch freegje, want ek soks kin fansels yn de roman.
Mei it ynfieren fan de foddejoad past De Grutsk in literêr trúkje ta, en dat muoit my, omdat hy dúdlik oanjout dat it him mienens is mei it boek dat er skriuwe wol. Dêr't er eins al mei dwaande is.
Tusken de âlde De Sjof en de heit fan De Grutsk sit de hannel en it jild, de swetser en de man mei de pet yn de hân. Tusken de jonge De Sjof en De Grutsk spilet it frommes, De Frou út de binnenstêd, har eigen rol. Hannel? Jild? Ik wit it net, mar it is wol dúdlik dat de kut en de