| |
| |
| |
Foar Floris, Fred, Linda
en fansels Jacques en
Peter
| |
| |
| |
De koarkelûker
Hoe't ik it hjir fyn. As ik net wist hoe't ik begjinne soe, koe ik it miskien sa
dwaan. Dat seist, Floris. No, ik fyn it hjir moai, de omkriten haw ik it oer. En op dit stuit hielendal, mei al dy snie op 'e beammen. It
is gewoan prachtich. Ik wist ek net, dat wy yn ús lân langlaufe kinne. Ik sjoch hjir de iene nei de oare foarby peddeljen. Ik soe it ek
wol ris besykje wolle, mar dat wurdt fansels niks, want ik mei noch net fierder as de brievebus komme. Mar ik mis de see. Dy is hjir sa'n
ein fan ôf en dat fiel ik. Ja, nuver, mar ik krij it wolris wat benaud yn 'e bosken mei al dy beammen, sa ticht om je hinne. Wy wenje thús yn in frij hûs, mar mei wol buorlju om je hinne fansels. Dat is sa yn in stêd. Mar ik haw my der noait sa thús field, salang as wy dêr sitte. De keamers binne my te grut. Dan krijst sa'n ferlern gefoel ast dêr, foaral jûns, sitst. Dan wist ik ek noait wat ik ris dwaan soe en dus die ik niks. En hoe wurch en slûch as in mins dêr fan wurdt. Mar ast dan op bêd giest, binne dy wurgens en slûgens wer oer, bist klear wekker en dan begjinst te prakkesearen.
Myn man sei altyd, dat ik mar better mei in postrinder of in meteropnimmer trouwe kind hie. Sokke lju komme mei gesellige nijtsjes thús en hawwe net dy problemen op 'e nekke, dêr't hy mei tangele sit.
Krom en bryk krûpt er yn 'e neimiddei út syn auto wei mei in koffer fol fraachstikken, dêr't er in oplossing
| |
| |
foar fine moat. Altiten mar wer. Want der bliuwe fraachstikken yn 'e wrâld, salang as der minsken binne. Mei my koed er der net oer prate, omdat ik niks wit en nergens ferstân fan ha. Yn it begjin, doe't er dy baan hie, besocht ik my der yn te ferdjipjen. Ik die echt myn bêst, mar it wie allegearre Ingels wat de klok sloech en sa fol fakjargon. Ik koe hûndert kear sa'n alinea lêze en dan wist ik noch net wat der stie, koe it dus ek net neifertelle. En hy koe it my ek net yn in pear wurden dúdlik meitsje. Wittenskippers dogge sa ûnmooglik yngewikkeld, sizze de dingen noait yn tsien wurden as se der hûndert om smoarch meitsje kinne.
En jûns, op bêd, moast er noch bannen ynsprekke, dy't ien fan syn sekretaresses de oare deis úttikje moast. Behalve tongersdeitejûns. Dan gong er yn it bad. Fêste prik en kaam der nei ferrin fan tiid fansels ek wer út. Stevene dan op my ôf. Om himsels wer ris te bewizen, hoe'n geweldige keardel as er wie. Hy seach der by op 'e klok. Woe altyd rekords leverje. Mar yntellektuelen - de goede net te nei sprutsen - binne net fan dy krachtpatsers. En dat hoecht fan my ek net. Mar Floris, ik hâld fan dy man. De heit fan myn bern. Mar ja, it wiene fan dy fjildslaggen. As ik der no, wat op in ôfstân, oan werom tink, dan tink ik sa. Dêr't djoere parfums dy't er foar my meinaam (lês: foar himsels), ek in rol yn meispilen.
Ik wit it, Floris. It is net de bedoeling om oer myn man te praten. Ik sit hjir, yn dizze ynrjochting, foar my sels. Ik woe trouwens wol, dat ik op in eilân siet, fier fan alles en iderien ôf, mei in boek en in soad grammofoanplaten en lekkere wol, om in trui te
| |
| |
breidzjen. Ik doar it no op te skriuwen, omdat ik wit, dat hy it net lêst en dus net tsjin my sizze kin, dat ik der wer ûnsin útkream. Ik nim oan teminsten, dat Jurgen, de direkteur hjirre en psychiater, dit ferhaal, dat ik yn opdracht op papier sette moat foar de evaluaasje, as geheim beskôgje sil en der net in kopy fan makket foar syn grutte freon. Ik wist net iens, dat se freonen wienen, hy en myn man. Ik siet der by, doe't er him opbelle: ‘Jurgen, kinst myn frou ek in skoftke opnimme. Ja, daliks. Se is folslein oer har toeren.' Floris, foardat ik wist, wat der barde, siet ik al nêst him yn 'e auto op reis hjir hinne. Twa oeren riden. En oeral reinde it. Wy hienen de radio oan, dy't ôfgryslik stoarde. Ik frege noch: ‘Dit kinst my dochs net oandwaan, samar ynienen. Silst my net misse? En hoe moat it no mei dy? Bin ik der net. Hast it wol oan tiid, moatst ek wer werom.'
Fan mysels fyn ik net iens, dat ik oer myn toeren bin, allinnich ik waard gek fan alles. Gewoan gek. Der kloppe wat net. As ik de krante iepensloech, tûzen om trettjin, hy stie der wer yn. Mar in folslein oare man as dy't der by my oan 'e tafel siet en mei de foarke yn syn sprútsjes omprike. It nijs op 'e televyzje. Wylst wy de reklamespots oanhearden en -seagen, frege ik: ‘Bist der hjoed ek wer by?' En hy, noch mei ien each yn syn papieren: ‘Ik mei oannimme fan wol. Want ik ha noch al wat wichtige dingen sein, dêr yn Ommen en se wienen der fansels wol.' Wist ik net iens, dat er nei Ommen ta west hie.
‘Pop, Martha, ik kin dy net álles oan 'e noas hingje.' No nee. Soms knipten se samar hiele rigels út syn redefieringen wei, dy't der no krekt al yn sitte moatte
| |
| |
hienen. Dan fleach myn houten jiskebak troch de keamer en dan wie der yn dizze kloatsekkerige wrâld net te libjen. Folgen oerenlange telefoanpetearen, iderien op syn donder jaan en dan tocht ik by mysels: ‘Wa is der no einliken gek?' Wie dat de saak wurdich om je der sa oer op te winen? En ik besocht him wer wat del te bêdzjen, krige dan it ferhaal oer dy postrinder of meteropnimmer, dêr't ik sneontejûns mei te klaverjassen koe of te dûnsjen. Seach ik dan net hoe'n man hy wie, wat him besiele en wêr't er mei dwaande wie? Lies ik de kranten wol? Nee, ik lies gjin kranten mear. Ik hoegde en woe dat allegear net lêze, omdat it my trochrûn en ik seach allinnich mar mear nei myn hyasinten, dy't út 'e modder wei oan it opkommen wienen en ik woe se de pot wol útsjen, omdat ik sa benijd wie, hokke blommen as dêr no út komme soene.
Der kaam gjin mins mear by ús oer 'e flier, en hy miste se ek net, mar ik wol. Ik miste se freeslik, doarst ek wer net ien op te beljen, omdat ik neat te fertellen hie. Ik kaam ek nergens mear. Ik kaam der net oan ta. Niks te dwaan en nergens oan ta komme. Ik koe ek niks mear. Iten klear meitsje en de wask dwaan, en dat is ek al hiel wat fansels. Mar der kaam oeral rommel en troep en in keuken, dy't je oangriisde. Soms bleau er dagen fuort, krige ik in stik of wat telefoannûmers op, dêr't er yn needgefallen te berikken wie, mar dêr't se him noch noait live sjoen hienen. Ik belle oeral hinne op - ik siet yn noed, ik.
Ik hie noait witten, dat je je as troude frou sa iensum fiele koenen. Dagen bleau ik op myn bêd lizzen en dan stie er ynienen wer foar myn noas, mei gatten yn 'e sokken en oeral knopen ôf, om my mei te dielen,
| |
| |
hoe'n drok libben as er hie en frege oft it mei my ek noch ris wat waard. ‘Hoe bedoelste?' frege ik dan wer en rêde de kranten op, dy't fuort koenen. ‘No ja,' sei er, wie al wer fergetten wat er frege hie, en dan wie ús praat ek wer op.
Ik dreamde dat fan dy koarkelûker, Floris. In koarkelûker, mei in read hânfet - hoe hjitte dy dwerseinen, dêr't je de fingers om hinne bûge? - wie it en ik ha hiel wat winkels en supermerken ôfstrune moatten om krekt sa'n ien te finen. Sokken binne der hast net mear. By in buertwinkeltsje leinen se yn in doaske en doe't ik se seach, koe ik myn eagen net leauwe. Seis, en ik ha se alle seis kocht. ‘Bin ik se mar kwyt,' sei de man, ‘en jo kinne foar in skoft, haw ik it op, foarút.' Sân en in heale gûne en dat wie net iens djoer.
Ik dreamde dat net ien, mar wol tsien kear. No, no, tink ik, in goed mes hie handiger west, mar ik wie beseten fan dy koarkelûker. En as er syn tee dronk, tocht ik: ‘Ik bin benijd.' Ik fleure hielendal op, myn minderweardichheidskompleksen hâlden har koest en omdat ik no ienkear sa bin, dat ik der net oer praat wat ik dwaan síl, mar gewoan dóch (en dêrom ek noait wat regelje kin) (seit myn man), koe ik net mear rêstich op 'e stoel sitte. Yn myn dreamen hie ik it allegearre al meimakke, al sjoen. Mar ik moast myn tiid ôfwachtsje. En dy wie der op in woansdeitemiddei. Hy lei op 'e bank. Myn man. Wy hienen bamy iten. Ik liet de ôfwask stean. Helle dy koarkelûker út it pûdsje, dêr't in lyts wjerheakje oan sitten bleaun wie. Sa'n ien wie der by. Ik knibbele foar him del, lei myn holle op syn hert, en hy, wylst er my oer myn hier aaide: ‘Wat
| |
| |
aardich fan dy, Martha, datst sa even by my komst. Ik woe, datst dat ris wat faker diest. Dan gong it ek folle better mei dy en my. In man hat waarmte noadich.'
Ik skode syn trui omheech en makke de knoopkes fan syn oerhimd los. Doe peutere ik syn himd út syn broek en tearde it trije kear om. Ik tute syn liif, treau myn holle der hielendal yn. Hy wurke geweldich mei, ûntspande him hielendal, lei syn skonken wiid út-inoar en syn fuotten foelen nei bûten. It gong oars, Floris, as dat ik it yn myn dreamen meimakke hie. ‘Och, och,' suchte er. Hy hie syn eagen ticht en syn foarholle glom, as hied er him krekt wosken mei griene sjippe. Ik streake foarsichtich oer syn glêd boarst hinne, gjin spoar fan hier. In tel, even, begrutte it my om him en ik freegje my no ôf: wêrom? Mar myn hannen wienen warber as yn lang ferline tiden en myn fingers hiene it plak fûn neffens it ‘Medisch gezondheidsboek voor het hele gezin'. Hy preuvele koarte leave wurdsjes. Dat klonk as in gebed. God, wat hie ik him leaf op dat momint. Doe helle ik de koarkelûker út myn skelksbûse wei en sette him op syn boarst. Ik drukte daliks troch en draaide tagelyk. Doe lei ik ek op 'e grûn. Om syn geskreau net te hearren, hâlde ik de hannen tsjin de earen oan. Ek hiel oars as yn myn dreamen. Dêr loek ik presiis en netsjes stikken út syn earen, eagen en hert wei. Waarden alle brokjes besjoen troch froulju yn wite jassen: seagen dy eagen my, Martha, wol, hearden dy earen my wol en kloppe dat hert ek noch foar my? In hiel wiidweidich en earnstich ûndersiik hie dat west.
Floris, ik bleau sitten dêr't ik siet. Ferlamme wie ik. Wat hie ik dien? Sels doe't ik hearde dat er út 'e
| |
| |
keamer gong, de hurde klap fan de doar, bleau ik noch sitten. Mei it rottige gefoel, dat my ek noait ris wat slagge yn it libben.
Sa bin ik hjir dus kommen. Moat ik wat sizze oer de ûntfangst? Dêr wit ik einliks niks mear fan. Dat gong sa gau allegearre en myn man fulde de papieren yn. Allinnich wist er net wannear't ik berne wie. Dat haw ik sels sein. En se sluten my op, draaiden in kaai achter myn rêch om. As der brân kommen wie, hie ik gjin kant út kinnen. Dat liket fansels nergens op. Ik kin it paad noch iderkear net fine yn dit gebou, ik rin altyd de ferkearde kant út. Mar dan komt Chiel ynienen opdaagjen en seit, dat ik him mar in earm jaan moat, en dan komt alles wol wer goed.
Al dy terapyen en trainingen, Floris, ik moat der oan wenne. Jim, iderien, fynt alles hjir gewoan, omdat jim der altyd yn sitte, mar ik kom út in hiel oar libben. En oeral rinne minsken, hjirhinne, dêrhinne, Alice, Anneke, Line, Joep, José, en dan is der noch in Brel, no ja, en Fred en Linda …en Peter, dat is de dokter. Ik wist earst ek net wa't pasjint wie en wa terapeut, fynst it gek?
Fan de dagen wit ik niks ôf, se binne hjir allegearre gelyk. Dat sizze se yn 'e groep ek, al is der alle dagen wer wat oars, seit Alice.
Mar ik hoopje, dat ik hjir net al te lang hoech te bliuwen. En dat alles wer goed komt, mei my, mei myn man en my, gewoan, yn it libben.
|
|