| |
| |
| |
Staf
‘Klachten, Martha?’ Hy rôle syn bloeddrukapparaat op, treau it yn in doaske en lei it yn 'e kast.
‘Nee Peter.’
‘Ik ek net. De refleksen binne goed, bin ik tige bliid om. Ja, it ljocht stiet wer op grien. Allinnich, bist in pear pûn lichter as ferline wike. Hast in idee hoe't dat komme kin?’ Dy freonlike blauwe eagen fan him.
‘It moaie waar, tink.’ Ik stapte wer yn myn skuon. ‘Ja, ja,’ skodholle er, makke oantekens op myn kaart, sei: ‘No, toe dan mar, it moaie waar, hâlde wy it dêr op. Gjin medisinen mear en sliepst goed? Ytst goed? De kost is hjir prima.’
‘Ik moat op alles “ja” sizze en dat moat ek, want ik wol hjir wei. Ik fyn, dat ik hjir lang genôch west ha, der moat ris in kear in ein oan komme.’
‘Soa,’ sei er, mei syn pinne yn 'e mûle: ‘En witst al hoe en wat. Ik ha noch niks trochkrigen.’
‘Ja en nee. Ik bin der noch net hielendal út. Mar ik wol sèls fierder.’
Wy seagen elkoar oan en ik moast laitsje om de reade kleur, dy't der oer syn wangen kroep.
‘Martha, ik freegje no net fierder. Mar giest net fuort sûnder my dach te sizzen. Dat kin trouwens net iens. Mar bist hjir op sa'n frjemde wize ynrôle, soest der sa ek wer útrolje kinne.’
| |
| |
‘Gjin sprake fan. Ik nim ôfskied fan myn dokter. Hast sa'n gesanik mei my han.’
‘It wie gjin stienpûst, dat is sa,’ sei er en gong stean. Wy joegen inoar altyd in hân, as ik kaam en as ik fuortgong. Die ik by myn eigen dokter thús ek.
Fred wie noch mei ien oan 'e gong, want it kaartsje ‘net steure’ siet op 'e doar. Ik dronk kofje mei Joep yn 'e sitkûle, dy't noch besiedde lei mei de kranten fan ôfrûne sneon.
‘Net troch te kommen,’ sei Joep en snijde in stik fan de ontbijtkoeke ôf.
‘Wêr hast it oer, dy koeke of de kranten?’
‘Dy kranten fansels. Ik lês gjin letter yn sa'n wykein. Do?’
‘Nee.’
‘Ik ha in moai ferhaal fan 'e middei yn 'e leefgroep. Kinst laitsje, Martha.’
‘Dêr haw ik sin oan.’
‘Ik ha út te fiskjen west. Mei myn beppe. Se is al yn 'e tachtich. No ja, hearst it fan 'e middei wol. Hoe wie dyn wykein thús? Alles goed gongen?’ My oansjen, wylst er flokkend de koeke fan syn tosken ôftreau en fage. Doe: ‘Nee dus. No, ast it my fregest...’
‘Ik freegje dy niks, Joep.’
‘Dat is ek sa, Martha. No, kinst. Anneke is klear. Hjir is kofje!’ rôp er, hannen as in toeter foar syn mûle.
‘Hoi,’ sei Anneke.
‘Hoi.’
‘Martha.’
| |
| |
‘Dach Fred. Wat sjochst der sportyf út. En dat op moandeitemoarn. Hielendal yn it wyt.’
‘Fynste? Ju, it is wat útrûn en no rint it noch mear út, omdat ik even in kop kofje helje.’
‘Ik doch it wol even. Alles deryn?’ Alles deryn, en doe't ik it foar him op 'e tafel sette, sei ik: ‘Wat drinke wy hjir in kofje op mei elkoar. It giet sa'n hiele dei troch.’
‘Ja, sleatten. Ik wit it.’ Hy sette in bantsje yn 'e kassette-rekorder: ‘Martha, ast it goed fynst, wol ik dyn ferslach fan it wykein even opnimme. Soest dêr even sitten gean wolle.’
Hy die it ‘net steure’-kaartsje wer op 'e doar: ‘Betink mar hoe'st begjinne silst. Ik sis no niks mear. Ik bin der net mear, Martha.’
‘Nee.’ Ik wist it. Hy soe net earder wer wat sizze, as wannear't ik útpraat wie. Ik koe ek niks mear freegje. Wy wiene no al begûn. Ik seach nei de grûn, brune tegels, om my hinne de hege griene planten, syn akwarium, de foto's fan syn bern en syn frou. Ik seach him oan, syn eagen seinen niks, twa freonlike knikkerts. It wie as siet ik yn in glêzen bol, bestie der neat oars as ik sels allinnich op 'e wrâld, prate ik tsjin mysels.
‘Martha, wy dogge straks gjin terapy, do en ik. Om twa oere moatst yn 'e stafkeamer komme.’
‘Wat is der dan?’ frege ik ferheard. Linda sei niks. ‘Hast wat útheefd. Want dat is wat spesjaals, as de staf gearkomt en do moatst der by wêze,’ sei Alice.
Wy sieten mei ús allen yn it gers. Krekt it iten op.
‘Der moat wat mei dy bepraat wurde en dat moat sa gau mooglik. Hearst it wol. Oer in healoere dus. En
| |
| |
witst wêr't de stafkeamer is, Martha? Want ta myn grutte ferwûndering kinsto it paad hjir noch noait goed fine. As ik net better wist, soe ik sizze datst it derom dochst.’ Linda draaide har om en gong wer fuort.
‘Linda kin soms sa nuver dwaan. Wêrom seit se no net even hoe en wat,’ sei Anneke. Line wie it dêr net mei iens, sprong der daliks boppe op, fûn har in geweldige meid. Mirjam, op it liif, yn 'e ûnderbroek en mei de noas yn 't gers, sei, dat se die sa as by har hearde: froulju mei sa'n bòsk read hier, dogge en binne no ienkear oars as oars, en doe kamen wy te witten, dat Chiel syn mem ek sa'n bosk read hier op 'e holle hie en wy fregen ús ôf, hoe't dat no koe, hy sa swart, mar dêr hie Josine wer in hiel spesjale teory oer: ‘Sjoch...’ Ik tocht, as ik fuort bin, sil ik jim misse, mar net ien soe bliuwe, wy soenen lang om let allegearre wer in kant op gean, ús eigen kant.
De doar stie iepen. Ik koe der sa ynstappe en rûkte daliks, dat der rookt waard. Fred hie syn krom pypke yn 'e müle en Floris hie in sigaret oan. Linda siet nêst Jurgen, earmtakken op 'e tafel en se praten tsjin elkoar achter har hannen lâns. Ik wie deasenuweftich, wist net wat my boppe de holle hong, hie dit fansels noch noait earder meimakke. ‘Doch de doar mar even ticht, Martha,’ sei Floris. Op in hiele grutte stoel siet ik, mar se hienen der allinnich mar fan dy bakbeesten. Wy fersûpten der allegearre yn.
Jurgen seach Fred oan. Dy knikte. Floris seach my
| |
| |
oan. Linda tekene figuerkes op in stik papier. Jurgen sei: ‘Martha, wy ha allegearre dyn “ferslach fan thús”, sa ast it sels neamst, heard. En wy ha der oer praat, mei syn allen.’ Hy wachte even, seach de minsken oan, Linda tekene troch, Floris makke syn sigaret út. Ik sei hiel súntsjes: ‘O.’ Hy gong fierder, mei syn hannen op 'e tafel, as wied er oan it bidden: ‘En it spyt my, it spyt ús, dat ik it sizze moat: wy leauwe dy net. Ik sis ek net datst liigd hast, mar... It is TE.’
It swit briek my oan alle kanten út. Se leauden my net? Wat hie ik dan sein? Hy gong fierder: ‘Want it ìs net te leauwen. Ik ha besocht om dyn man oan 'e telefoan te krijen, mar hy is net thús en ek net op it Ynstitút te berikken en se witte dêr ek net wêr't er wêze kin fansels. Do meist it witte, wy tinke...’
‘Ik net,’ sei Floris koart, stiek in hân omheech.
‘Op Floris nei dan, wy tinke, datst in ferhaal optocht hast. Wier, Martha, it spyt ús, dat wy it sizze moatte, it is tè... tefolle. Wy leauwe dy net en wy freegje fan ús pasjinten, dat ferwachtsje wy teminsten, om de wierheid te sizzen. Wy ha neat oan fabeltsjes. As it wier wêze mocht, watsto sein hast, dan is it yn ien wurd: treurich. Ik soe trouwens dan ek noch hiele oare wurden brûke wolle.’
Fred: ‘Witst noch watst sein hast, Martha, fan 'e moarn?’
‘Nee,’ sei ik, ‘ik ha gewoan ferslach dien. Sein hoe't it west hat, mei dy earbellen, dat bloed, ik wie der noch al fan ûndersteboppest. En doe kaam Cecile der noch ris achteroan. Mar, hoe't ik it no presiis dien ha, dat wit ik fansels net mear.’
| |
| |
Linda: ‘Martha, ik wòl dy leauwe, mar it is krekt sa as Jurgen seit: optocht. It kin net wier wêze.’
Wat hie ik dan sein? Twivels kamen by my boppe.
Ik frege: ‘Fred, soe ik it sels dan ek noch ris hearre meie. Ik wit it net mear. Ynienen wit ik it net mear.’ ‘Dat kin,’ sei Fred, draaide him om, stiek it snoer yn it stopkontakt. Drukte op in knop. Gerûs.
‘Sil ik tee helje?’ frege Linda, ‘ik ha it al twa kear heard.’
‘Jûn,’ sei Floris, ‘geane wy út 'e fytsen, Martha. Myn frou giet ek mei. En do ek. Ik ha in hiel moai fytske foar dy.’ Doe hearde ik: ‘Myn man helle my fan 'e trein...’ Ik wist sa gau net oft dat myn stim no wie, mar it wie wol myn ferslach. Sa wie ik begûn.
‘En?’ frege Jurgen, wer yn bidhâlding.
‘Sa wie it,’ sei ik, bliid dat wy dat ek wer hân hienen, mar sa wurch as in maits.
Linda biet op har neils, Fred bleau by de kast stean, Floris seach nei de grûn. Stilte. Doe sei ik: ‘Mei ik wat sizze? It falt my ôf, dat jim my net leauwe wolle. Of kinne. It docht my ergens sear, sjoen de relaasje, dy't ik mei jim ha en jimme mei my. Hoe soe ik tsjin jim lige kinne. Doe't ik hjir justerjûn wer kaam, tocht ik noch, as ik it allegearre sis, gjin mins sil my leauwe kinne, mar jim hjirre, jim sille it wol dwaan en dat wie in geweldige gerêststelling foar my, want ik ha lekker sliept.’ Ik gong stean: ‘Op Floris nei dan. En salang der ien is op 'e wrâld, dy't je fertrout en in lyts bytsje yn je leaut, dan is dat al hiel wat fansels. Dêr bin ik Floris
| |
| |
tankber foar.’
Doe stapte Fred nei foaren ta, bleau mei syn earm achter it snoer heakjen, naam de hiele rekorder mei sûnder it te fernimmen: ‘Martha, it spyt my, yn myn fak as psycholooch, ik tink dochs noch altyd, dat ik mei minsken te dwaan ha.’
|
|