| |
| |
| |
Wetter
Lang om let skynde de sinne. Samar op in middei, doe't wy fan de autogene training werom kamen. Wy sprongen as keallen troch de lange gongen en Josine sei tsjin my: ‘En no Martha, no keapje wy nije klean. Wat simmerspul. Dan hast wat nijs ast it wykein nei hûs ta meist.’
Wy dronken ús tee bûtendoar, sieten op kessens op 'e stiennen fan it terras en Brei die syn trui út en wy koenen sjen hoe'n wite earms as er noch hie. Dy middeis ek kamen der wer minsken op 'e fyts foarby, dy't op ús hichte ôfstapten, allinnich om nei ús te sjen. In jonkje wiisde mei syn hân: ‘Dêr mem, se sitte bûtendoar.’
En syn mem, in lang en meager skarminkel, sei, dat er wol sjèn mocht, mar net sa wize en lûd skreauwe. Sy seach ús sa ek wol. En wy, allegearre, kamen oerein en makken healwize maneuvels, krekt as wienen wy echt gek en doe't dy jonge yn syn hannen klapte, dienen wy dat ek en ik tocht, dy hat moarnier in moai ferhaal te dwaan op skoalle, yn it rûntepetear.
Wy gongen nei E., Josine, Joep en ik, mei Joep syn auto, dy't noch mar 865 kilometer riden hat, mar hiel nuver pipet as er boppe de 90 giet. Wy swalken troch de winkelstrjitten, grótfol mei minsken, dy't op dizze maitiidsachtige jûn ek net yn 'e hûs sitte
| |
| |
koenen. Ik wist net wat ik keapje soe, in rok of in broek, ik ha rokken en broeken genôch, mar Josine klaude it iene nei it oare út 'e rekken wei: ‘Toe Martha, leuk, allegearre nije kleuren, hjirre, passe, doch dy sokken even út, dat is gjin gesicht. Dy rokken binne dy fansels te lang, mar der kin sa maklik in stik ôf, dat is it slimste net...’
Mar ik hie myn kop der net by. By de individuele terapy hie ik dat ek sein, ik wie ûnwennich. En Linda en ik, wy ha der tiden oer praten, om út te finen, wêr't ik dan presiis ûnwennich fan wie. Ik skamme my der in bytsje foar om it planút te sizzen. En as ik mysels dan seach op de fideobân (earst seach ik net iens, dat ik it wie), waard ik sa kjel fan dat frommes, dat ik sels wie, dat ik net iens mear sjen woe. Ik kin mar niks aardichs, leuks oan mysels ûntdekke, fyn mysels allinnich mar in fertutearze frou. Ik sei tsjin Josine: ‘Wy hâlde op. Watst sa'n ien as ik bin ek foar klean oandochst, it jout niks.’
En Josine, dy't altyd seit wêr't it op stiet: ‘Sjoch dysels mei dyn eigen eagen, Martha, en net mei sinen, dy kloatsek, hy hat dy hielendal ferpest.’
‘Ik bin ûnwennich,’ sei ik, ‘ik bin ûnwennich fan de earm om my hinne, fan de hân op myn heup. Altyd jûns as ik op bêd lis, moat ik dêr oan tinke.’
‘No, kinst in pear dagen nei hûs ta en bliuw dan op bêd lizzen, dan kinst der wer tsjin oan. Hy moat fansels dyn nije rok wol even sjèn.’ Joep slingere mar raar troch de bochten.
‘Ja,’ knikte ik. Mar ik wist, dat er dy net sjen soe. Hy hie noch noait sjoen as ik wat nijs oan hie, ik
| |
| |
moast him der altyd op wize.
Dy freeds wie it wer moai waar. Dat seach ik de moarns daliks al, doe't ik wekker waard. Dan is it ljocht, dat oer it dak fan de grutte keuken hinne falt, fan in oare kleur as oars en ik kin better op myn wekker sjen hoe let oft it is. Op 'e flier, by de wasktafel, leinen de kadootsjes, dy't ik meinimme soe foar de bern. Want ik woe wat meinimme nei hûs. Yn wit ik hoefolle winkels hie ik de boel oeral helle om wat leuks te finen, oeral dingen omsmiten. Mar je kinne je hiel wat permitteare, omdat je ien út 'e ynrjochting binne. Se sizze der niks fan. As je mar net stelle. Ik leau, dat wy wol ôfgryslik yn 'e gaten hâlden wurde. Mar wêrom soe ik no stelle?
Hast elke jûn belje ik op, want ik bin net allinnich ûnwennich fan myn man mar ek fan myn bern. Pûden fol kwartsjes. Mar ik ha se net safolle te fertellen, sis, dat it goed giet. It giet dochs goed? Ik soe allinnich wat mear laitsje moatte, seit Fred, der sitte noch tefolle triennen yn myn kop. Raar is dat dochs, ik gryn der massa's út, mar se skine der iderkear wer oan te groeien. Ungelokkich is dat. As ik gelok ha - en soms haw ik dat - tref ik myn man thús oan 'e telefoan.
‘O, mei dy,’ seit er, ‘sis it mar.’
‘Sis it mar? Sis it mar?’ tink ik dan. Wat moat ik no sizze? En ik doch ôfgryslik myn bêst om myn sykheljen yn it goede spoar te hâlden, want myn hiele boarst ferstrammet as ik syn lûd hear en ik kin net gewoan slokke.
| |
| |
‘Asto dan niks seist, sil ik mar wat sizze. Bist der noch? Hast my juster sjoen op 'e televyzje? Ik siet foaroan, nêst in frou, mei in hiele grutte hoed op, dêr't se my sawat iderkear mei yn 'e eagen stiek.’
‘Nee,’ sei ik, ‘ik sjoch hjir ommers hast noait t.v.’
‘Ik hie it witte kind. Jim dogge dêr oars niks as kletse. Lêst wol ris in krante?’
‘Jawol.’
‘Dan hast myn artikel lêzen. In bêst stik, al sis ik it sels. Dêr kinne se mar in punt oan sûge.’
‘Yn hokker krante hat dat stien, fan wannear?’
‘Ja, wachtsje even. De belle giet. Bin ik wer.’
‘Wa wie dêr?’
‘Ien dysto net kenst. Dêr gean ik jûn mei nei in feest. Joke.’
‘Gesellich.’
‘Ja.’
‘Sil ik dy moarntejûn wer opbelje?’
‘Dat kin wol, mar dan wol wat betider graach. Ik ha moarntejûn ek wat, gean ik út te iten.’
‘Om healwei fiven?’
‘Ja, dat is goed. Dach.’
‘Dach, dach.’
Nei sokke telefoantsjes smakket dy kofje hjirre noch beroerder as gewoanwei. Mar Peter seit, dat dat oan my leit: ‘Martha, wy ha de béste kofje, dy't der makke wurdt’ en dan neamt er in merk, dêr't ik noch noait fan heard ha.
Ik moast al om twa oere mei de bus. Ik hie it út- en opsocht yn de bus- en spoarboekjes, dy't wy hjir allegearre hawwe. Soms sykje wy hiele reizen út,
| |
| |
dy't wy noait meitsje sille. Bûtenlânske spoarboekjes ha wy ek, en ik doch dapper mei. Mar it is fansels sa, dat, as ik wer nei it bûtenlân ta gean, dat wy dat yn ús eigen auto dogge, myn man en ik. Ik mei de kaart op 'e skoat en hy oan it stjoer. En as er wurch is fan it riden, dan ruilje wy om, riid ik.
Dat ik it dy moarns mei de feardichheidstraining sa mâl die, sa gek wie as in sint, dat kaam fan de spanning. Myn mage wie ek hielendal oerstjoer. Ik moast iderkear winen litte. Ik koe der niks oan dwaan. Ik fûn it sels ek nuver, want dat hoech ik oars noait. En ik gong der út, troch de doar fan it waskhok nei bûtendoar ta. Om in ein te draven. Ik gong de fiver om en it grintpaad op, achter de parkearplakken lâns. Ik seach net iens, dat it syn auto wie, want ik koe it nûmer net sjen. Hy liket der op, tocht ik, en myn hert stie sawat stil. Ik krûpte ûnder de strûken troch, plat op 'e stiennen, en doe seach ik, dat it syn auto wòl wie. Hy helle my op. Ik koe hast net oerein komme, dat er my ophelle en ik wist fan neat. Der siet net ien yn 'e auto. Doe't ik einlings wer stean koe, en sjen, en hearre, doe gong ynienen it portier iepen en in frou mei in ôfgryslik soad ljocht hier kaam heal út 'e auto wei en sloech in handoek út. Der skeaten daliks fûgels op ôf, dy't ûnder dy beamkes sieten. Se gong even stean, striek harsels oer de heupen, beseach har skonken, regele wat yn har hier, krige in bân ergens wei en knope dy om har holle hinne. Ek rôze, alles wat se oan hie, wie rôze. Har eagen koe ik net sjen. Se die in pear stappen, snúfde mei har holle omheech de lucht yn, seach om har hinne, doe op har horloazje,
| |
| |
ek rôze, en gong wer yn 'e auto sitten, mei de doar iepen.
‘It is net wier,’ tocht ik, ‘wat ik no sjoch, is net wier. Dat kin net ècht wêze. Ik sjoch spoeken.’
Ik seach wer. Se hie no in sinnebril op en seach yn it spiegeltsje hoe't se der út seach. Se knikte tsjin harsels en ik koe har tosken sjen. Ja, it is wòl wier, tocht ik doe en as yn in dream rûn ik werom, stapke foar stapke, sa as lju dogge, dy't ûnder de medisinen sitte. Op dy oare ôfdielings fan ús ynrjochting.
Doe't ik by de fiver kaam, hearde ik praten, mar ik koe dy minsken net sjen. Jurgen wie der by, dat hearde ik wol, ferstean wat er sei, koe ik net. En ik seach myn man rinnen. Mar wie it him wol? Ik begûn te twiveljen, want ik koe de klean, dy't er oan hie, net thúsbringe. Mar hy rint as net ien oars. Ik woe roppe: ‘J...,’ mar myn tonge flabbere sa raar tusken myn tosken, der kaam gjin wurd. It wie him.
Hy rûn as hied er it ivige libben en dat hat er miskien ek wol, want as er dea gean soe, woed er net bedobbe ûnder de seadden en net opstookt yn 'e oven. Hy woe opstoppe wurde, der foar altyd by bliuwe. Syn holle siet hielendal yn 'e wolken, sa koed er goed sjen hoe't de wrâld om HIM draaide. Om syn gesicht te finen, moast ik mei myn kop yn 'e nekke sjen. Sa'n grutte man hie ik, in reus, dêr't elkenien foar oan 'e kant giet en wol mei om 't lyk wol. Want as er mei syn grutte fuotten op je stean giet, by ûngelok of mei opsetsin, dan gongen je der oan. En ik, dy't him geregeldwei yn it paad rûn, wist as gjin ien oars hoe frééslik sear as dat die. Se
| |
| |
trapen op je siel, ek op je teannen, mar dêr wie ik al lang oan wend. Myn siel wende der noait oan. Stekkende pinen krijst der fan, dêr't gjin dokter wat oan dwaan kin. Mar hy wist net wat syn fuotten dienen. Dy sieten safier fan syn hert ôf en wa wit no wat syn fuotten dogge?
Ik fielde dy pine wer, oeral, troch myn hiele lichem hinne. As beesten wrotten se yn my om en ik krige it sa benaud, dat ik miende, dat ik knappe soe. En dêrom die ik myn bloeske út, skopte myn skuon út. Ik stie yn 'e brân en yn 'e fierte hearde ik it starten fan in auto, syn auto, dat lûd, dat koe ik sa goed. Wetter, tocht ik, wetter. Ik wit noch, dat alles rôze waard om my hinne, en dat ik my dêroer fernuvere, rôze, wêrom no rôze?
Ik lei op in hiel oar bêd. Josine siet nêst my en gûlde en flokte. Ik tocht: ‘Flok net sa. Ik ha sa'n hekel oan flokken,’ en stie perpleks, dat Josine gûlde. Dy gûlde noait. Ik koe net prate.
‘Bist wekker, Martha?’ Aai oer myn holle, knyphannen yn myn earmen. Ik tocht, no moat ik myn eagen iepen dwaan en dat woe net. Ik koe allinnich mar ‘ja’ knikke.
‘It is snein,’ sei se, ‘hy hat hjir west, om te fertellen, datst net thúskomme koest. Hy moast nei in kongres. En se ha dy platspuite. Dat koe wier net oars, Martha. Do diest it sa mâl, neidat wy dy opfiske ha út 'e fiver.’
‘Wetter,’ ik koe wer wat sizze, ‘wetter, jou my wetter.’
|
|