| |
| |
| |
Sjouke
Dat myn hiele libben útraffele wurdt. Dat jim hjir dingen nei boppen helje, Floris, dêr't ik sels noait mear oan tink. Of noait, dat is net wier, mar dêr't ik dochs net alle dagen mei ompankoekje. Wy binne no NO en wy moatte NO fierder en is it dan noch fan belang hoe't ik dat mei Sjouke hân ha?
Floris, wat wurch wurd ik hjir fan. Fan moarns betiid - njoggen oere draai ik al mei yn de earste groep - oant jûns let - healwei al ven binne wy noch oan it evaluearjen - yn aksje. It is in ferromming as ik yn 'e keuken kopkes ôfdroegje moat of de toiletten op gong fjouwer skjinmeitsje. Ek terapy. Ik wit it wol, dat wurk in goede saak is foar it minskdom (al soenen wy dêr ek wer lang en breed oer prate kinne), mar sà, dat ik it net iens oan tiid ha om de bern - en ik ha mar trije - in kaart te stjoeren mei in ferhaaltsje der op en myn man in brief, dat giet my gewoan te mâl. Bin ik hjir net belâne om ta rêst te kommen? Sadat ik der aanstûns wer tsjinoan kin? Ik sjoch it hiele libben wol wer sitten, hear, mar as jim sa dogge... Sit ik ek noch yn de budgetearings-kommisje. By de groepsterapy haw ik dat ek al sein: as ik allinnich mar sjoch, hoe't de sinne skynt en hoe blau as de loft is en der oan tink, hoe't it fiele soe as de wyn troch myn hier waait as ik op it strân rinne soe en lekkere kâlde earen krije en prykjende
| |
| |
fingers, en dan in beker gleonhjitte sûkelademolke drinke. Dan sjòch ik it wer. It is bloedkâld, dat seit José, dy't allang te boadskipjen mei nei E. en elk wykein nei freonen reizget en mei sokke ferhalen moandeis yn 'e leefgroep komt.
En dan begjinne jim te sanikjen oer Sjouke. Dat is safolle jier lyn. Syn hûs is ôfgryslik ferboud, der is neat mear fan oer. Ik ha der noch ien kear west, dêrnei, en doe't ik op it stoepke stie, wist ik, dat alles foarby wie en ik frege my op datselde stuit ôf oft it der wol ea west hie. It taffeltsje, dêr't ik altyd by siet, mei syn wibelige en ûngelikense poaten, wie nergens mear te sjen. De gaspit en it elektryske stoofke, de reiden stoel mei de gatten yn it kessen, fuort. Fansels. Mar dat wiene yn dy tiid sokke belangrike dingen foar my. Gjin mins, Floris, sil dat begripe kinne. Dat jim dat sa fernuvert. En dan it útsicht. Ik seach út oer de lânen, yn 'e fierte seach ik tuorkes, sân, as it waar helder wie en altyd wer in oare loft. Dat stel, dat it húske kocht hat, hie in hok boud yn it stikje tún. Doe't ik troch it rút seach, dat no in grut-grut rút wurden is, seach ik oars niks as stien en brune planken en myn fiere fierte wie fuort. En it rûkte hiel oars. It rûkte nei kofjesetapparaat, mar doe, yn myn tiid, hong der in lucht fan stoofparkes, troch it hiele hûs hinne.
Ik begryp hielendal net, wêrom't jim der sa op ynfreegje moatte. Hoefolle dagen binne wy der al net mei oan 'e gong. Fred begjint der noch oer as hy my op 'e gong tsjin komt en dan tink ik, man, as psycholooch ha je dochs wol wat belangrikers oan 'e holle. Sa as er my dan oansjocht, pypke oan, mei
| |
| |
syn kroltsjes, en syn leave freonlike eagen.
Yn die tiid hie myn man freondinnen. Soms hied er ien, soms twa tagelyk. Ik ha noait witten hoe't dat krekt siet, mar ik hie der in ôfgryslik fertriet fan. Ik ha dy froulju ek noait sjoen. Ik krige se oan 'e telefoan, want se bellen altyd op. Yn it begjin en foaral de earste kear, dat soks bart yn in houlik, tinke je, dat de wrâld fergiet en dy fergiet dan ek. Mar freonen fan him seinen, dat it allegearre niks foarstelde, dat dat saken wiene, dy't oeral, yn 'e bêste famyljes seinen se, foarkomme en dêr't je om laitsje moatte. Mar ik koe der de humor net fan ynsjen en skriemde my dei en nacht oan wetter, foaral as Janke kaam en alle brieven, dy't ús fertocht foarkamen, iepenmakke boppe de stoom fan in tsjettel. Sy wie dêr hiel handich yn. Letter krige myn man syn post op it Ynstitút, mar dan koe ik oan syn gesicht sjen as er thúskaam, hoe't it mei syn relaasje stie.
‘Hoe is it mei syn ferkearing?’ dat frege ús mem, as dy middeis by my kaam om stikkene dingen wer hiel te meitsjen en ik oars neat die as suchtsje en teedrinke. Myn rêst wie fuort, ik koe nergens de kop mear by hâlde. Floris, leave Floris, ik ha der in ôfgryslike hekel oan om al dizze rotdingen wer op te heakkeljen út dy modderpoel fan wat in houlik wêze kin. Mar hjir skine de belibbenissen út in mins omheech klaud wurde te moatten om straks wer sûn en normaal fierder te kinnen. Fred seit, dat it sa moat. No, hy is psycholooch, ik net. En ik wol ek net eigenwiis wêze, want sa stadichoan sjoch ik hoe't jim it dogge mei de minsken hjirre.
| |
| |
Sjouke wie net iens siik. Hy wie gewoan âld en fersliten. Hy koe oars net mear as op bêd lizze. Soms siet er even op in stoel. Hy koe de iene foet noch krekt foar de oare krije, mar dan hienen je it ek hân. Hy wenne op himsels. Dy man hie hielendal neat op 'e hiele grutte wide wrâld, hoe is it mooglik. En altyd hied er yn dat húske wenne, hy woe der net út. Antine fersoarge him en as Antine ris fuort moast, die in oare frou it. Doe krige Antine in bern en doe mocht se net mear fan har man, en dat hearde ik by de kassa fan de Hema. Ik sei, dat ik wol op dy man passe woe. Sa kaam ik by Sjouke telâne. Ik gong der earst trije kear deis hinne, doe faker, en noch wer letter, fòlle faker, wie ik der hast altyd.
‘Ik fyn it wol goed foar dy,’ sei myn man, ‘ja, soks ferset de sinnen wat, do wurdst sa prakkesearderich, bist al in hiele oare Martha wurden as doe't ik mei dy troude.’
As ik net koe, naam Antine it wer fan my oer. Neat gjin problemen.
Moannen haw ik dy man fersoarge. It wie in tefreden baaske dy't noait sanike of seurde, maar bliid en o sa tankber wie foar wat it libben him noch jaan woe. En ik fûn it hearlik, dat ik út myn eigen hûs koe, dêr't allegearre dingen barden dy't ik net witte mocht. Myn man hie doe plannen om mei in sekere Saskia op reis te gean nei Noarwegen, foar it ien of oar ûndersiik. Ik wist al lang net mear mei hokke dingen myn man dwaande wie. Wy koenen der beide net fan sliepe, hy en ik.
En ik siet oan dat taffeltsje yn 'e keuken, myn plak,
| |
| |
myn eigen plak, mei in boek of myn breidzjen, en in pot tee, smûk, gesellich en ik fielde my dêr bêst, hast lokkich as ik seach hoe skjin en himmel Sjouke yn syn bêd lei, lekker glêd om it kin en ik hie noait tocht, dat ik noch ris in oare man as myn eigen skeare soe. Ik bin gjin ferpleechster fansels. Ik seach der, iderkear mear, tsjin oan as ik wer nei hûs ta moast, dêr't de spanningen my al op it tegelpaad temjitte kamen.
Kinsto no, nei dit ferhaal, Floris, der yn komme, wat foar in klap it foar my wie, doe't ik op in moarntiid seach, dat Sjouke stoarn op syn bêd lei? Earst woe ik it net leauwe, prate mysels yn, dat er útsliepte. Sei tsjin him, dat er noch wol even trochsliepe mocht, mar net te lang en ik sette teewetter op en loek de gerdinen iepen. Doe begûn ik op him te fûterjen, sei, dat er wekker wurde moast, oars wie de dei om foardat hy it wist en joech lytse klapkes op syn earmen en holle. Ik dronk kofje, makke in praatsje mei de post, helle in flesse molke en brij by de molkeman wei en dan stie ik wer by syn bêd en seach hoe fredich as hy der by lei. Om tolve oere iet ik myn brochje op yn 'e keuken en doe sloech my pas goed de skrik om it hert. Noait soe ik hjir sa mear sitte kinne, op dit plak, myn eigen plak en ik rekke hielendal oerstjoer. Fleach wer nei Sjouke ta en sei tsjin him, dat ik him net misse koe, dat ik him noadich hie, dat er my net yn 'e steek litte mocht, dat ik dat net oan him fertsjinne hie, dat ik net libje koe sûnder him, dat ik fan him hâlde.
Ik sei tsjin gjin mins dat er dea wie. Jûns die ik de
| |
| |
gerdinen ticht, moarns wer iepen. Ik hong wask oan 'e line, syn pyama, in ûnderbroek, in himd, al reinde it, dat it easde. Kocht iten, sette de kontainer oan 'e dyk, siet nêst syn bed de krante foar te lêzen, sa as wy dat altyd dien hienen. Op geregelde tiden lei ik de tekkens wer rjocht en sette in fris glês wetter del. Besocht de aaklike deadse stilte, dy't der no wie yn 'e hûs, net te hearren. As ik nei hûs ta gong en de kaai omdraaide, sei ik tsjin mysels, dat ik nergens problemen mei hie. Myn grutste probleem wie doe trouwens om him dea allinnich achter te litten.
Oant op in moarntiid, dat Antine ynienen foar it keukenrút stie mei har bern en mei in hân nei har mûle betsjutte, dat se kaam te kofjedrinken. Foardat ik har der yn liet, sette ik de tsjettel mei wetter op 'e pit, doe makke ik de doar los fan it lytse hokje. Se wie al op reis nei de foardoar, mar ik woe har dêr net ha. En wy praten oer har bern, dat dat sa'n moaie namme hie: Ruth, en wy draaiden in sjekje en Antine frege: ‘Hoe is it mei him?’ En ik sei: ‘Bêst,’ en dat hope ik, want ik wist it fansels ek net. Nei har tredde kop kofje, sei Antine, dat se no ek even by him sjen woe, dêrfoar wie se kommen en ik koe har net keare.
‘Sis ik it no of sis ik it net?’ tocht ik, mar Antine hie de doar fan de foarkeamer al iepen. Ik kaam achter har oan. Se bleau midden yn 'e keamer stean.
‘Hy is dea,’ sei se sêft. Ik knikte.
‘Mar Martha, hoe lang al?’ Se begûn oan myn skouder te lûken.
‘Ik rûkte it,’ sei se en har lûd kaam út har noas wei.
| |
| |
‘Ik rûkte it al, noch foardat ik de doar iependien hie, en as ik dat sa sjoch, hy is net fan hjoed of juster sà. Martha, dit is freeslik. Deaden moatte binnen fiif dagen oan 'e kant.’
‘O,’ sei ik, ‘dat wist ik net, dat dat moat.’
Antine is in poerbêste meid, mar se kin gjin geheimen bewarje, gjin kertier. Ik woe it har útlizze, it hoe en it wêrom, mar foardat ik myn mûle iependwaan koe, belle se de dokter op, dy't sa út syn sprekoere weistapte om by Sjouke te kommen. En dat kaam fansels no op in pear menuten net mear oan.
Hoe'n drokte as doe iderien makke, de plysje derby en noch in dokter. Alles wat ik dien hie, hie fout en ferkeard west en se twivelen oan myn ferstanlike fermogens en der kaam sels noch in advokaat oan te pas en wy krigen minsken fan kranten oan 'e doar en Sjouke, dêr't oan dy tiid ta noch gjin mins nei omsjoen hie, stie op alle foarpagina's.
Sa hat dat doe west, Floris, mar dêr hoege wy dochs no net wer oer te begjinnen? Wy binne der no oer útpraat.
|
|