Foar de lins
(1968)–Paulus Akkerman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 110]
| |
Hwat oars, tritich jier lang hie er onimers syn bêst dien? Koe in mins mear? Krapoan tritich jier wjokkele, fan jildsjitters ôfhongen en likegoed der noch ûnderstrûpt. It hold ien kear op. In eigen spul mei alles en alles oerkrige fan heit. Iennichst bern. Eigen? As er de beide hypteken net rekkene, ja dan al. Hypteken wiene der om ôf to lossen, mar mei't it jild minder wurdich waerd, waerden dy lienings swierder. Koe er Klas in forwyt meitsje dat hja tofolle út'e bréfjirtjin tarde? Hy wist wol dat it har neijown waerd, mar hwerom soe er mei stiennen smite? Hy woe net sizze dat hja kloek wie, doe't hja ien kear as boerinne stie, tocht hja mooglik wol dat it net op koe. Mar fjouwer bern waerden ek net forgees great, lokkich koene dy nou út eigen fearren fleane. Togearre oerbleaun en hja koene it net mear fiterje. Goed fyftich en dan sa. Hiene hja dy auto wol hoegd? Alle boeren hiene ommers in auto, de tiid fan seas en tilbury wie ommers langal foarby? Klas woe ris fuort, in dei nei famylje of kunde, in oare kear nei de stêd. Dat moast dochs ek kinne? As de tiid der ta stie, krigen hja gasten, Klas soe har yn neat bikrinke en woe der foar gjin noch safolle om bipraet wurde. Alles fan it djûrste en bêste. Hwa soe der kwea fan sizze? Mar it ferge sinten. Doe't er bigoun plichte er folk yn it wurk to hawwen, meast guon dêr't it jongste ôf wie, dy woene faek foar hwat minder, dat paste him it bêst. De fortuten wiene der neffens, men koe ek net oars forwachtsje. De pleats wie oars net sa min, it lân woe wol jaen, mar it moast syn gerak ha. Hoe soe er it oanpoene as er de middels der net ta hie? It iene siet oan it oare fêst. De lêste jierren hie er allinne yn it drokst in los mantsje út'e buorren, mar nuver wie't, de ynkomsten waerden al mar leger en de útjeften heger, hwa koe dan buorkje? Hy bleau stean by in forkankere apelbeam, gâns dead hout, ek noch tûken swier yn it blêd, mar och sa 'n bytsje frucht. Sa'n beam waerd to âld. Mooglik hie der ek better op past wurde moatten, mar hie alles net syn stelde tiid? Doe't er in skoaljonge wie joech dyselde beam faek op as de sé, it rûpstekrich guod dat der nou oan kaem wie't plukken net iens wurdich. Wie 't by harres sa hast net mei alles? Der hie nea net folle aerdichheit oan west, in lyts gemaek, passe en mjitte mei in holle fol soargen, foar de bûtenwacht namme en eare ophâlde, fier boppe formogen op in list tekenje foar it iene as it oare goede doel. Dat in mins ek erflik mear wêze woe as er wie. Hy hie 'm alris ûntfalle litten dat er hast mei buorkjen ophâlde woe. ‘De jonges hawwe gjin boer wurden yn'e holle, de frou en ik binne nou noch goed en kinne der noch hiel hwat oan ha’. Hwa leaude dat praet? It lân soe mei goud opwoegen wurde moatte woe in oar ta syn sinten komme. Ien fan'e jonges wie foar 'm yn'e skrep om him in baentsje ta | |
[pagina 111]
| |
to krijen as reizger by de boeren lâns, fier om utens, dêr soe er mei troch de tiid moatte, net bêst.
Hy stie by de plankeboel, dy't der oerbleaun wie fan it bargehok, yn gjin jierren hie er mear bargen oanset. ‘Ik wol der gjin spul mei ha, in hopen drokte en in hûdfol wurk en dat om'e gounemannich dy't der fan oerbliuwt’. Wel ja, de pong plat yn'e kast, gjin sint om in bigge to keapjen. Hwat wie der fan it hiele bargehok oerbleaun? De peallen wiene forrotte, de planken hiene har bijown, sa gyng dat. Yndertiid hie er it der dochs wolris goed mei hawn, it wie lang lyn. Hy kaem net mear yn it forhef, to lang hie er wraksele en yn'e stream oproeid dy't him fiersten to sterk wie. De huzing wie oan ûnderhâld ta, de efterein ek likegoed. De skuorre sieten gjin goaten mear om. Sûnder goaten koe't ek, nou't hja dochs gjin reinwetter mear heine hoegden. Sa hie er dat ek noch in skoft goedprate wollen, al wist er mâlle skoan dat der gjin goedpraten oan wie. Hjir en dêr lei in wrak stik ark forsille oer it hiem, hy hoegde it net mear op to krijen, der wie dochs gjin oprêddensein oan, lit mar lizze. As in dyk ien kear fan it wetter ûndergroeven wie koe men mei sân en sa in trochbraek wol opkeare, it wie oars net as útstel. Jierren oanien hie er oars neat dien as opkeare, yn'e groun hie er altyd wol witten dat er it net hâlde koe, al woe er it net wêze, nou hoegde 'r der net mear omhinne to heljen om't elk it sjen koe.
Eigen skuld? De bûtewacht stie gau mei it oardiel ré, mar hwat joech it om fan skuld to praten? Hy koe ommers neat wer oerdwaen. Hy buorke by de mantel lâns en bidarre efter it hok. De stiennen wiene ynwettere en skynden út 'en grienens, it hie syn bêste tiid hawn en de langste tiid stien. Oan ûnderhâld wie er net takomd. Hwa't mei in auto op'e dyk kaem koe net oer in âld hok ynsitte. De brannettels stiene knibbelheech, dêr tusken, oerwoechsen fan allerhande ûnrânt, leine de oerbleaune stikken fan in âld haiwein. In pear neakene speaken stieken noch út in tuolle, der lei noch in forroastke hoep, in heal forgiene sydberje. Dyselde wein hie heit noch by de weinmakker meitsje litten. Maitiids stie er op it hiem, nij yn'e gleone ferve. Haiweinen hiene har tiid hawn, dizze ek. In haiwein wie in dead ding sûnder geast en gefoel. It wiene faeks oars net as frjemde optinksels, mar der siet dochs in goede kant oan dat sa'n wein forwurde mocht op it eigen hiem. As boer hie er sels syn tiid ek hawn, mar yn'e frjemdte soe er nochris in nij aventûr oangean moatte. In swier stik. Efter dat hok by de blomkjende brannettels en dy forrêdde útkerken haiwein, fleach it him oan, de smelle skouders sakken | |
[pagina 112]
| |
noch fierder nei ûnderen, ynienen wie er trochalleshinne wurch as hie er dagen yn it swierste wurk stien. Tritich jier wrakseljen bleau jin net yn'e kâlde klean sitten. ‘Binne jo hjir?’ Klas har lûd bearde oer it útstoarne hiem. Hy joech dalje. Nochris seach er nei dy heal forgiene haiwein, de ynwettere stiennen en de brannettels. Doe stiek er it hiem oer op 'e lytse skuordoar ta. Mei 't er yn 'e hûs kaem sei er: ‘Moarn gean 'k nei notaris, alles en alles moat sa gau mooglik op buorden’. It fjochtsjen wie dien. |
|