wrot. Dit kaem hjir sa forkeard dat it net ophâldde, hy koe it net gewurde litte, hjir moast hwat oan dien wurde. Stjitrich stiek er de seaden los, allegeduerigen moast er ophâlde, hong er op 'e skeppe, ien hân tsjin de pinigjende mage.
It soe sa ûnnoemlik folle better foar him wêze dat er 'm by de kachel deljoech, dêr hie Marij wol gelyk oan, mar hoe soe er de boel yn 'e steek litte kinne? Mocht de dyk 'm noch bijaen dan soe er 'm der op biroppe kinne dat er oan it lêst ta wach west hie, dat er de middeis to baet nomd hie dêr't er oer ito kedizen hie.
Né, folle hie er net mear om by to setten, it polderbistjûr soe der grif rekken mei hâlde, dy mannen soene net fan him fergje dat er as in jongkeardel yn it wurk stie.
De hiele moarn griemde 'r om, troch alles hinne forklomme krukte 'r troch it lan ta de thúsreis.
Hy skikte suver tsjin 'e kachel oan, de waermte gyng 'm woldedich troch alle lea. Skodholjend seach Marij it oan. ‘Dat jo nou nea wizer wurde, jo hiene it wol bistjerre kind’. Frouljuspraet, mar neat sizze. Dat eigen jin sa ôffalle koe, dat der ek noch mar by, krekt as hie er it net swierdernôch.
Yn bigreatsjen naem Marij him op sa't er by de kachel siet. De ronfelige hannen op 'e puntige knibbels, hwat wie er holeagich en slim biklonken, dat dy man it nou nea leauwe woe en sa raer tsjin him sels stie.
‘Kom wy sille ite, ik haw hwat swiete apels sean...’
Hy weau mei in meagere hân. ‘Gjin iten, út noch yn net. Ik kin gjin iten rûke, waerme molke’.
Hja bisocht it noch al. ‘Mar jo moatte dochs hwat ha’.
Hy joech der gjin antwurd op en krige gleone molke, it wie him salve en oalje tagelyk. Neitiid bifoel him de lea, de grize holle knikte frjemd op en del.
Dat sa'n man nou net op bêd gong, tocht Marij, dêr wie syn plak ommers.
Mar nei noch gjin tsien menuten skrille 'r wekker en seach fuort nei de klok.
‘Fuoi, dêr soe 'k myn tiid hast forsliepe,’ stuitlich kaem er oerein.
‘Jo wolle der dochs net wer hinne?’
‘Hoe soe 'k der net wer hinne gean? Ik haw gjin kar, bigryp dat dan dochs’.
Hast draeide it op spul út, Hylkema liet it sa fier net komme, hy die de klomplearzens oan, ien moast de wiiste wêze.
Mei't er om 'e hoeke fan it hûs kaem hâldde 'r 'm oan 'e muorre beet. De wyn koe noch wol oanhelle wêze, hoe soe er dan thúsbliuwe kinne? It wetter soe noch mear opjage wurde, as er net alles op alles sette soe der gjin hâlden oan wêze.
Likegoed bleau er mei de rêch tsjin 'e hikke oanstean ear't er it lân yn gyng, justjes bikomme.