de foarke yn 'e fûst, de lange, smelle holle bûgd oer it goede iten.
‘Woest noch fuort?’ frege mem, hja hie syn waskjen en plaskjen wol heard yn it efterhûs.
Sape iet troch, mar tusken twa happen yn grommele 'r al sahwat fan ‘mar ris sjen’. Sape wie yn it minst net in prater, it wie meast mei ja en né ôfmakke, mar yn it wurk wie er goed en hwer strekte praten ek ta?
‘Ik soe my mar net to fier fan hûs jaen, sokke jounen is der altyd in soad healwiis folk op 'e dyk’. Mei it stompe ein fan 'e foarke himmele Wynsen it board út, hy wie de heit.
It bleau stil, fuort letter bigoun Wynsen nochris, ‘koest better thúsbliuwe, it jild wol wol út 'e bûse, mar hwat krigest der foar werom?’
Sape iet troch, mooglik dat Wynsen ek net iens antwurd forwachte. Kaike sei der noch oerhinne: ‘Dy hiele sinteklazeboel is oars neat as healwize útfynsels. Wy hawwe der nea oan mei dien, yndertiid yn 'e hûs ek net, heit woe der nea hwat fan witte’.
Sape hâldde syn board by, Kaike skepte de brij om.
Heit en mem wisten net hwat him allegear troch de holle spile. Ljocht, drokte, fleur, in faem...
‘Liz de kaei mar ûnder it goatling’, sei er doe't er klear wie.
‘Kom mar net by nacht en ûntiid thús, it strekt nearne net ta’, warskôge Wynsen noch.
It waeide hurder as er tocht hie en yn 'e wyn, mar Menaem wie net út 'e wrâld. Yn Berltsum oer de brêge fytste 'r by de feart lâns en naem er it binnepaed. Doe wie 't noch mar in eintsje. Yn Menaem wiisde de sjoelerij himsels, ien stik ljocht en allegear drokte. Mei doel en oerlech sette Sape de fyts fansiden en die 'm op it slot, men hearde faek fan sokke rare dingen.
Unwennich stie er yn it lokael, der waerd sjoeld om marsepynletters, om almeugende stikken sûkerguod, swier fan mangels, om oranjekoeken mei ‘Sint Nicolaas’ der op en it wie ek noch foar in goed doel.
Sape hie beide hannen yn 'e bûsen fan de oerjas en siet djip yn 'e pet, mar doe't er seach dat in opslûpen jonge foar inkeld twa kwartsjes twa grouwe letters woun, koe er it net mear prangje en die er mei. Dat hiele sjoelen like gjin kunst oan mar nuvere knoffelich stie er mei syn houtsjes yn 'e hân. Dy twa kwartsjes hie er forskiten, sa mar foar neat, hy hie se ek likegoed yn 'e sleat smite kind, hy die net wer. Omsichtich helle 'r in sigaer út 'e bûse; yn 'e wike smookte 'r oars net as in piip, nou stiek er in sigaer oan om't it sinteklaes wie, it stie ek feestlik. Jongfammen woene 'm wer oan it sjoelen ha, hy soe wol oppasse, noch ris twa kwartsjes weismite, tink. Hy woe wol graech hwat tsjin dat fammeguod sizze dêr't hja om laitsje moasten en sa, mar hy koe neat bitinke, dêrom skod-