lulkens oant it fuortglied en de iene de oare swijsum hifke. ‘Hy wie it dus,’ size de heit foar him út, nei't se minuten lang foar elkoar oer stien hiene. Dat er ynstee fan do, hy sei, joech Heerd op slach de superieure kalmte dêr't er ien en oar mei tarist hie, werom.
‘Hy wie it en hy hat jo sa't David by Saul die in teken jûn, net in slippe snijde er fan jo mantel, mar in sjerp bûn er oan jo fytstsjil.’ Hiel eefkes skuorde in gefoel fan spyt dat er de ban fan in jierrenlang swijen ferbrutsen hie troch him hinne. Fan no ôf soe er him net mear stilhâlde kinne, mar doe't er murk hoe bot syn wurden de heit ferstuiveren, fielde er allinne noch de spanning fan it momint.
‘Kapot, kapot,’ skokten syn lea út. Hy raasde net, like net grimmitich, seach net fûl, mar sakke ynienen op 'e grûn. Eefkes tocht Heerd dat er bidde, mar doe't de heit de pet dy't him fan de holle fallen wie wer opsette, wist er better. Hy lei op 'e knibbels wylst der in ûnfersteanber gemurmel út syn mûle kaam en triennen syn oars sa dûnkere eagen in wetterige fealens joegen.
Wat ferwachte er no? Wêrom die er it sa mâl en gie er net gewoan oerein? Ynienen kroep er op hannen en fuotten nei de sleatskant.
Heerd fielde feilleas oan wat de bedoeling wie. Yn in pear stappen wie er by him en pakte de heit stevich by it skouder. ‘Heit,’ sei er allinne en skuorde him by de feart wei oerein.
Wat Heerd ek tsjin him sei, hy knikte allinne mar, folslein telider slein. Heerd koe gjin meilijen.
‘Ik wist it al lang dat jo by har wiene, der sil gjinien wêze dy't it fan my te witten komt, mar wol op ien betingst: net jo, mar ik gean tenei de sneontejûnen nei Nanna.’
Sa wyt as kryt stie er it oan te hearren. Doe't Heerd de namme fan it marwiif neamde, woe er reagearje, mar wat er sizze woe bestjurre yn de flibe dy't him by slierten ta de mûle út rûn. Doe stiek er ynienen de hân út. Foar 't earst yn harren libben fûstken se mei elkoar.
‘Ofpraat dus,’ frege Heerd.
De heit knikte.
Mei de Heare my beleanje foar wat ik hjoed oan him dien haw, tocht Heerd doe't er de heit fierstente let foar melken