[Nummer 1]
By it forstjerren fan E.B. Folkertsma
De dea fan E.B. Folkertsma kaem net ûnforwachts, as in slach. Dy dea wie earder in forlossing út in tragysk lijen, al koe er it de lêste tiden fan syn libben sels net mear as lijen ûnderkenne. Guodden dy't him yn dy snuorje fan ôfbraek en nachtlikens fan geast opsochten, koene sjen hoe't ek lichaemlik de dea yn dit sykteproses bigrepen wie.
Yn de foech trije fearnsieu dat E.B. Folkertsma libbe hat is der yn Fryslân en yn de wrâld mear foroare as yn twa, trije ieuwen dêrfoar. Hy seach dy foroaringen skerp. Hy seach se mei it each fan de skôger, om net to sizzen de sjenner. Hy koe it forline en lei forbiningen tusken doe en nou. Hy wist ek fan in takomst en loek linen fan it nou nei it dan. Hwat yn it hjoed as striefjûr baernde seach er as striefjûr; hwat net strookte mei it iéael dat er as Fries en as Kristen him stelde fan it oarspronklike en echte yn it folksbistean hie by him gjin djipte fan ierde en forsmiet er fier. Dat oarspronklike en echte hat er syn libben lang in appèl op dien yn wurd en skrift; hy hat der oan leaud troch alle ynsinkings en bittere tobeksetters hinne.
E.B. Folkertsma's tinken waerd mear bipaeld troch it mytyske as troch it bleat forstanlike. Nei foarm, mar ek nei ynhâld wiene syn uteringen as skriuwer literair, artistyk. Hy wie as literator politikus en as strider literator. Net dat de literatuer oait by him it lêste wurd hawn hat; dy lei him heech, mar wie by him by einsluten gjin conditio sine qua non foar Frysk geasteslibben. Op 'en measten wie de literatuer foar him in aspekt yn de ‘striid om eigen’, wol wichtich en de muoite en it lêst wurdich, mar dochs net mear as in aspekt. Dêrom koe er it fuort nei '50, as der in nije falanx fan jonge dichters opkomt dy't him ‘eksperimintélen’ neamt, ek royaelwei foar dy nije rjochting opnimme, ek tsjinoer yn it earstoan tsjinakseljende en skouderlûkende âlderen. Hwat soe it lette as Fryslâns kultuer der wol by fear? Dêrom ek foel er mei de hiele wâl út tsjin it hwat letter opkommend seksueel réalisme yn it forheljend proaza, dêr't yn syn eagen Fryslân allinne skande, mar gjin eare oan bihelje koe.
Fyftjin jier lang, fan 1949 oant 1964, hat Folkertsma yn seldsume trou en forduldigens oan dit tydskrift as redakteur mei lieding jown. Yn dy jierren hat er oan De Tsjerne gâns essayistyske bydragen levere, dy't