Meidielingen
De abonné's wurde forsocht it abonnemintsjild oer 1958 foar 15 febrewaris to stoarten op giro 510027 fan ‘Stichting Je Maintiendrai-Friesland’ Geraniumstrjitte 79, Ljouwert. (Leeuwarden).
Alhoewol't de eksploitaesjekosten fan De Tsjerne sûnt de oprjochting gâns in ein omheech roun binne, sil ek fan 't jier de abonnemintspriis op it âlde, lege peil bliuwe fan f 10, - en f 8, - jiers, sûnder dat it tal bledsiden forminderet.
De abonné's kinne dizze service honorearje troch a) op 'e tiid to biteljen en sa it wurk fan de administraesje to forlichtsjen; b) troch elk in nije abonné oan to bringen. Yn 't foarút ús tank.
It ynhâldsregister fan jg. 1957 wurdt ynlein by it jann.nr. '58.
Stimpelbannen fan de ôfroune jg. kinne per brievekaert bisteld wurde by Administraesje De Tsjerne (sj. boppe) foar de priis fan f 1,75.
ADMINISTRAESJE EN REDAKSJE