‘Sa is 't’, sei Anders, ‘en dat waechst ús net op 'e rêch.’
Doe waerd it stil, en Hylke lei stil yn 't bêdsté, in man, dy't yn syn trouwen gjin earmoed mar noch folle minder wille kend hie. Syn hûs seach út op in feartswâl mei in wetterplak en hwat neazige winkeltsjes op 'e oare kant, Dêr hied er likernôch fyftich jier wenne mei syn warber en noartsk wiif, dêr't hy syn fleurigens oan kwyt wurden wie en syn jonges har forgrime troanjes fan hiene. Hast in jier wie hja dea, nou wie de tiid fan Hylke kommen. O, Hylke syn wiif, fantasijleaze warberens, warberens dy't alle leafde en alle fleur forballe, hie har credo west. Kloek wêze, kloek wêze, it wie har yn 'e mûle bistoarn. Har tael wie rou, har hearskippij folslein.
Né, earmoed hie Hylke net kennen, mar wol de bitterens fan it fordwinen fan langstme nei moai en better út syn siele. Syn wiif naem de brêge wol foar har rekken; hy slatte fearten en sleatten, oppere, kearde de tunen om fan de doarpslju, al nei't it útkaem. Kloek wêze, kloek wêze! Hwat wie se lulk, as er winterdeis ris neat to dwaen hie of hwannear't er sûnder baksoad werom kaem fan it fiskjen. Forgalle wie him it fiskjen, dat hy sa graech die, en it reedriden, dat hy sa goed koe.
Hwat hâldt de minsken steande, dy't fan leauwe net witte en hope en leafde forlieze? Faeks de neitins oan moaijer tiden? Doe't Hylke jong wie, neamden se him noch net swartkyk. Doe op in merkedei....
‘Sjoch, hy lûkt mei de mûle, hy koe wol laitsje’, sei Sipke forheard.
Anders waerd lulk.
‘Healwize fint, hâld dy stil, hoe krigest it yn 'e hasses!’
Hwat wisten hja fan Hylke, har heit. Hy is wer jong, de feart leit fol merkeskippen, en de himel stiet sa wûnderlik klear en blau boppe it wetter en de huzen as hy it noch nea net sjoen hat. Ut de fierte komt it lûd fan oargels en hwa hinget oan syn earm? Ja, dat is Sjouk, de faem fan de boppemaster, dy't sa hertlik laitsje kin en sa g'oed dounsje. ‘Hwat wolst wurde, Hylke?’ freget hja. ‘Dochs gjin polderjonge, dochs gjin opperman? Timmerman moatst wurde; timmerman en letter oannimmer. Dû kinst it bêst.’ En Hylke seit: ‘Dat moat altyd wêze!’ Hwerom soed er it net kinne. Mei dizze Sjouk kin er alles!
‘Anders, soene wy dochs dokter net warskôgje?’ It swit stie Sipke op 'e foarholle. ‘Ik biswar dy, dat hy laket.