Trotwaer. Jaargang 27
(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 163]
| |||||||||||
wêr komt itIt Fries Museum is útwreide mei it gebou De Kanselarij oan de oare kant fan de strjitte. De ferbining tusken de beide gebouwen is makke mei in grutte tunnelseal ûnder de Turfmerk. Oan beide kanten fan de Turfmerk is in nij gebou delset, as markearring fan de tunnel. It iene gebou, Turfmerk 11, is de nije yntree fan it Fries Museum. Yn dat yntree gebou is ek de yngong nei de tunnelseal. Ut de tunnelseal wei komme jo yn it oare gebou, Turfmerk 14. Fansels heart by nijbou in keunstwurk yn it ramt fan de saneamde 1% regeling. In saakkundige kommisje hat keazen foar in opdracht foar in keunstwurk oan it keunstners-twatal Groenewoud/Buij. | |||||||||||
wat stelt it foarTilly Buij en Gerard Groenewoud ha in untwerp makke foar in keunstwurk dat bestiet út: in stienbok - brûns - heech likernôch 275 sm It keunstwurk sil ûnthulde wurde op 11 maaie 1995. | |||||||||||
wat sit der achterDe keunstners besykje, troch harren wurk, de taskôger oan it tinken te setten oer de betsjutting fan keunst. Sy brûke faak útfergruttings of fermannichfâldings fan de sichtbere wurklikheid. Hja hawwe in soad belangstelling foar de skiednis fan de byldzjende keunst en foar de wittenskip. Dêrút brûke hja eleminten. Somtiden is der in grutte rol weilein foar histoaryske teksten. | |||||||||||
wêrom sitte dy bisten dêrDat is de fraach, dy't it ûnderwerp is fan de priisfraach. Wa betinkt in ferhaal, yn de romste sin, oer de bok mei it gouden aai en de sân ravens. | |||||||||||
kom en besjoch it keunstwurkLit jo ynspirearje troch it keunstwurk en kom nei de Turfmerk. Besjoch it keunstwurk by it lemieren fan de dei, op ljochtskyndei, by ûndergeande sinne, of | |||||||||||
[pagina 164]
| |||||||||||
by nacht. Bring in besite oan it Fries Museum om de rykdommen yn it museum mei elgen eagen te besjen. Lit jo fantasij gean en jou yn in sprekkend ferhaal in betsjutting oan de bylden. | |||||||||||
betingstenIt ferhaal moat orizjineel wêze en dus nea earder publisearre. De bok, it gouden aai en de sân ravens binne wichtige eleminten en moatte ferwurke wurde yn it ferhaal. De skriuwtaal is it Frysk. De lingte fan it stik moat minimaal 1.000 wurden wêze en mei maksimaal 5.000 wurden wêze. Yn ferbân mei de wol hiel bysûndere priis dy't oan de wedstriid ferbûn is moat de skriuwer ree wêze it wurk beskikber te stellen foar in publikaasje. De rjochten foar dy publikaasje wurde ôfstien oan it Fries Museum. | |||||||||||
de priisIt wurk fan de priiswinner sil útjûn wurde as in hiel bysûndere publikaasje fan it Fries Museum. De beide keunstners sille de útjefte in foarm jaan dy't past by de ynhâld. Sketsen fan it keunstwurk sille brûkt wurde as illustraasje. Ek is der in kadobon fan f 500, - beskikber. | |||||||||||
de termyn en hoe yn te stjoerenOp 11 maaie 1995 sil it keunstwurk oan it publyk toand wurde. Fan dy datum ôf kin ynstjoerd wurde. De slutingsdatum is 31 oktober 1995.
Jo stjoere: in slúf mei dêryn it ferhaal en, op in apart briefke, jo namme en adres nei it: Fries Museum, Saskia Bak, Postbus 1239, 8900 CE Ljouwert yn de lofter boppehoeke: priisfraach.
Elts ynstjoerd stik kriget fan Saskia Bak in nûmer. De sjuery kriget sa gjin ynsjoch yn de namme fan de auteur. De útspraak fan de sjuery is binend. Dêr is gjin berop tsjin mooglik. Op in bysûndere jûn, ein jannewaris 1996, sil de publikaasje fan it winnend wurk oan de winner oerhandige wurde. | |||||||||||
de sjueryDe sjuery bestiet ut de folgjende persoanen:
|
|