lêste drippen Willem it moed fol makken en de oanlieding foarmen ta achtenheale side selsbeklach en rankune. Do komst ek noch wolris by my op 'e kofje, jonkje, mar net op sneintemoarn!
Wat moat ik tsjin Willem seze? Gon nei hûs en miich de kachel út? Hôr op fan snotterjen en faai dyn snottebellen ôf? Hjir hast in gûne foar in ijsko en kom my net mear foar de poaten? Al soe ik op dut eigenste stuit myn krityk op De Roekkat werroppe, al soe ik myn parodiearring fan De Klinyk ongedien meitsje kinne, al soe ik mei de hân op it hert ferklearje dat Willem Abma de grutste proazaskriuwer fan Fryslân is, dan soe er noch net tefreden wêze. Willem easket fan my net allinnich dat ik him as grut skriuwer erken, mar dat ik ek al ‘myn epygoanen’ twing om him eare te bringen, ja dat ik alle kritisy en alle lêzers yn Fryslân de êgen iepenje foar it wonder fan syn skriuwkunst. Yn Willem syn êgen bin ik in almachtige god yn waans fermogen it leit om de hele literêre resepsje nei syn hân te setten en elke skriuwer syn plak te wizen. En as ik dêr tsjin ynlees: Willem, dat kin ik net, ik haw yn 'e literatuer net mear ‘macht’ as Sybren of Josse of Piter of Steven, dan seit er: dat lyksto, do bist almachtich, en do kinst my it plak beskikke dat my takomt, mar dat wolsto net omdatst oergunstich bist, do wolst sels it bêste plak hawwe. As ik wegerje de almachtige god te wêzen dy't him de hân boppe de holle hôrt, dan bin ik dus de satan dy't him tsjinwurket. Dat ik slimme beswieren tsjin syn proaza ha, dat leaut er net, o nee, ik fyn syn proaza prachtich, ik fyn it stikken better as myn eigen, mar dat wol ik net tajaan, ik wol sels de grutste skriuwer fan Fryslân wêze.
Ridleke en evenredige Teake, wat moat ik mei dy man oan? Ik wol bêst yn goedens, mar de frjemde kaprioalen dy't dy man mei my útheve wol, haw ik tebak fan. Hy set my op in troane dy't my net takomt en dy't ik net begear, inkeld om my der like hurd ôf te skoppen. Hy moat mar in oar slachtoffer sykje, ik wurd te âld foar sokke gimmestyk.
Ast no werris giest te kofjedrinken, kinst him dan net oan it ferstân peuterje dat ik in kletsmajoar bin dêr't gjin ferstandich mins nei harket en skriuwer fan in stik of wat prulboeken dy't nimmen lêst? In ferwaande kwast dêr't elkenien yn Fryslân him stikken om gniist? Do bist ommers sterk yn ferbjusterjende opmerkingen? As dat yn dyn macht leit, Teake, hôr my dy man fan it liif.
Tige de groetnis,
Trinus