Trotwaer. Jaargang 20(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 258] [p. 258] Harmen Wind Underskied Tine is yn 'e Heare stoarn. Aldfaam fan tachtich; as in poppe lei se te wachtsjen, deagewoan: God rûn op alle dagen. Boppe lei har ûntjouwing, Tine hie neat mear te sizzen, nammen neame hoegde net mear, wat wichtich wie dat koe se sljochtwei hinne dreame. En doe't se har ferfarre liet, ier yn 'e moarn en mei oerjefte fannijen berne waard, doe wie 't har gouden oere. Wy beseften: de jierren fan it ûnderskied litte ús fier by har benefter. By it ferstjerren fan Tine Akkerman (25-7 '88) [pagina 259] [p. 259] Tsjûge Ik seach dy sjongen efter 't glês doe't ik wer om dyn keamer doarme. In hinnekommen, yn dyn mûle foarme, ik stie derbûten yn it hege gers. Ik seach dy sjongen en it like suver op fleanen, ûnberikber fier en dochs sa nei, elts wurd wie wier en ik de tsjûge. Fromme huver besette my, der wie gjin lûd yn dizze psalm, mar yn dyn boarsten weage it libben, yn dyn hûd spile it langstme: Kom mei hasten!, songst do, seach ik, en gûlde doe't it wêze moast, en ik net doarste. Vorige Volgende