Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 150] [p. 150] Tsjits Peanstra Helling Har houlik, 'n skip dat op 'e helling lei, de boaiem heal ferruske en fergongen mar, yn de meny setten en ferfongen like it no as wie it krekt wer nij. Sa koe de wyn wer troch de touwen sjonge, it boat as eartiids driuwe op eb en tij en út en troch wer falle yn it lij mar gauris wie it hiele swurk beronge. De simmer gyng en aanst waard it wer hjerst hoe soe de boel him hâlde, ek yn dizzen de reis hie suver net ûnaardich west. dus kaam it spul wer foar de wâl te lizzen ôftúgd en wol, it bylke nammers bêst mar fierder bleau der neat en neat te sizzen. Vorige Volgende