merjend en sa fan en ta wat sjongend siet er it leafst wat by de wetterkant nei de tipkjende driuwkoark te sjen. Faak gyngen syn tinzen dan werom nei de tiid doe't er noch wurke. Hy hie in goede baan hân by Philips, mar troch de feninige besunigingsmaatregels fan it regear hiene se him op strjitte sette moatten. Jetse hie eins noch wol wat langer oerbliuwe kind, tocht er sels, mar syn nije baas, dêr't er nea mei oerwei kind hie, tocht dêr oars oer, en hie him dien jûn.
Gjin wurk betsjutte in útkearing. En dat wie wat dêr't Foekje har o sa foar skamme. Harren status wie sa sakke, dat Foekje kwealik mear oer strjitte rinne doarst.
It sakjen yn status sa't Foekje dat fielde koe Jetse him net goed begripe. Eins paste dizze oanstellerij tige goed by har thús, dat seach Jetse wol, mar dochs. Hy fûn it ek spitich dat er gjin wurk mear hie, it makke him bytiden wrantelich, mar dat se no ta moasten mei wat minder jild, koe him net folle skele. Foekje wol.
De koark skeat ûnder wetter. Jetse luts op en fielde in protte wjerstân. ‘Da's in baas,’ sei er yn himsels.
It fjochtsjen mei de fisk wûn him op. De fisk luts bot, mar wie net opwoeksen tsjin it sterke nylontried. Stadich kaam it bist boppe, en Jetse helle it nei de kant ta. Hy wraamde de fisk yn 't skepnet en tôge him by de wâl op. It wie in grutte foarn. Fluch makke er it moaie dier los, en liet it wer yn 't wetter gliede.
Hy seach op syn horloazje en fûn dat it tiid wie om wer op hûs ta te setten. Hy gearre syn guod bymekoar en dikere noch even it wetter en de lannen oer. Doe krige er syn fyts en trape fuort.
Thús stie Foekje yn 'e keuken. Hy seach har foar it gerdyntsje stean. Frjemd, tocht er.
Hy kaam yn 'e hûs en seach syn frou glimkjen.
‘Foekje.’
‘Goeie! Hast wat fong?’ Har eagen stiene optein, en hy hearde in spanning yn har lûd.
‘Ja, in foarn. Hoedat sa? Oars fregest dat net. Kin wy ite?’
‘Mmm,’ sei Foekje. ‘Ik ha hjoed wat lekkers, dat silst aanst wol sjen.’ Se lake breed.
Nuver, tocht Jetse, sa ha 'k har yn gjin moannen sjoen.
Hy waard der sels ek al wat oars fan.
‘Wat ite wy dan?’ eamele er, as in lyts bern.
‘Sjochst wol,’ rôp Foekje út 'e keuken wei. ‘Wy ha ek in kaart krigen fan Jan en Tryntsje út Frankryk. Hy leit tusken de oare post op tafel,’ rôp se der achteroan.