Trotwaer. Jaargang 16
(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 216]
| |
[pagina 217]
| |
Utseefûgels
kriezje yn in tsjûke loft fan jiske
de stilte stikken fan it lege strân
seewetter
hinget oan ús lippen
en snuvend slikje wy
de sâlte drippen om 'e mûle wei
it spoar rint dea
wat hat ús leafde west
as koart fertize reitsjen yn elkoar
|
|