De antenne stekt triljend de teisters yn de tinne wyn. It stêfke fan Nederlân I, de peperklip fan Nederlân II, de heaharke fan Dútslân I, it pannerakje fan Dútslân II en de mantelprikke fan Fryslân I. Is it gjin pracht? Foar itselde kin er no even de post út de brievebus oan de dyk helje. Dat docht er meast mei de auto, mar hy is al hast healwei.
Werom fan de fuotreis, noflik by kofje en koeke, skiftet er de rispinge. In foarheffing fan de ûnreplik-guodbelêsting, in foarriedige fermogensoanslach, in preemjeheffing fan de syktekostefersekering en in oanfolling op de taslach fan de fêste lêsten. By al dy mâle jildoanslaggen dochs noch ien posityf teken. In kultureel tydskrift mei in moai omslachfamke der op, inkeld klaaid yn it adresbantsje.
6.3 Nier wachtet yn de miny op it parkearterrein foar de studio. Dynte komt oanstowen. ‘Fluch! Ik moat noch nei de bank!’
Hy bliuwt kalm. ‘Dy is al ticht. Hoe let is it no?’
‘Wit ik net. Myn horloazje stiet. Ik haw net iens tiid om it op te winen’. Se jout him in pomp yn 'e ribben. ‘Sjit op!’
De miny nimt de guit. Yn in gûns giet it nei it sintrum fan de stêd. In klok oan de Tynjedyk wiist 17 oere 5, yn de Skrâns is it 17 oere 1, op it Suderplein 17 oere 2 en op it Saailân 16 oere 59. It kin noch krekt.
Dynte fljocht de bank yn. Thús bewarret se gjin jild mear. Se sil wol wizer wêze.
7.0 Tegearre sitte se noflik foar de buis. Winterjûnenocht. Nei de Fryske aktualiteiterubryk Dêr en Doe en it famke mei de totobaltsjes begjint einlings it lêste diel fan Sjit briker, freonen! Earst ferskynt in lange, lange rige nammen en funksjes. Fan de regysseur oant en mei de assistint mikrofoanmankemintemonteur.
‘Jonge noch ta,’ fernuvert Nier him, ‘wat in smak folk foar in healoerke televyzje. Dat is mei rjocht en reden in FOKTA!’
Foar't Dynte dêrop bite kin, sjogge se in byld fan it Fryske gea yn syn hiele hear en fear.
It is simmer, sinneskyndei op it boerelân, sûnder skieppesmoar, en kobaltblau, de droke diken en de nau besette barmen dogge it har oan tiid nei de grommelige, blakke, grûnige, goarswarte, boatstille mar te winen.
7.1 De opteinens is oer, it skom fan berûzing ferwaait, it grom fan berêsting klontert, de simmerdei falt yn 'e lijte en 't Flaggeliet swijt tusken Ave Maria en 't Slavenkoar yn it tichtklapte sangboek. Ferfeelsumens leit der ien lang en twa breed, mei lange tosken gnabbeljend oan de ig-