Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 153] [p. 153] K. Dalstra Simmerwille Dûkt Erna's swarte kap Tusken de leeljes fan Pake Leiker. It boatsje skommelt ‘Sit stil pake, oars falle wy derút!’ Wylst wy ferklaaie swimt beppe rûntsjes. Yn it kajút, foarûnder fielt de waarme tinte. Leit pake mei syn reade blierren fan it neaken lizzen yn de sinne! Erna hat syn besgroentsje oan. Hja draaft as in ko dy't de dongbulte siket As in duvelske boer dy't it hea útriket. Dan seit beppe dat wy stjonke. Wy leitsje, sizze: ‘Dikke prûm, âld izer, sa wurde wy neat wizer!’ Dochs skrieme wy letter fan moaiens op wei nei hûs! Vorige Volgende