Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 27] [p. 27] Sybe Sybesma Lege moarntiid 't Is dûnker yn 'e keamer: de gerdinen iepen! Falsk sinneljocht kentekenet it byld: sûnder jinsels is alles dwyl en wyld, dy chaos: foar de dea, om yn te sliepen! Men trêddet op en del, wit net hwêrhinne; tinzen toheisterje in jachtich brein, de nachts wanhopich yn 'e keatlings slein: gjin minsk kin sokken finzenis ûntrinne! O, fûgellûd, dat út 'e fierten klinkt: in reinbôge, dy't winkt? Vorige Volgende