Fan de redaksje
De trijerigels fan Frâns Hiddema (sjoch it besprek fan Jelle Kaspersma yn Trotwaer 81-4) binne útjûn by De Tille. Troch in sleauwichheidsje wie it fermelden fan de útjouwer derby ynsketten. Wêrfoar ûntskuldiging.
Yn it fers ‘pavane foar in ferstoarne prinses’ fan Geart van der Meer (sjocht Trotwaer 81-4) is in aaklike printflater slûpt: ‘klieren’ (rigel 5) moast ‘kliene’ wêze.
Om't wy fan betinken binne dat it fers dat fertsjinnet, ha wy it yn dit nûmer nochris yntegraal ôfprinte.
Fansels steane ek yn it spesiale nûmer 81-5 inkelde printflaters. De measte dêrfan binne net al te steurend foar de lêzers, mar op side 200 leit dat even oars. De twadde en tredde alinea binne amper nei te kommen as alle yndeksen 1 dêryn net ferfongen wurde troch i. Dus y1 moat wêze yi, y1' moat wêze yi', F1 moat wêze Fi en k1' moat wêze ki'. En oan 'e ein fan de twadde rigel fan side 366 is fergetten Herman Heida syn paraaf, sa't dy ek ûnderoan side 467 stiet, yn te tekenjen.