Redaksjoneel
Mei yngong fan 1 jannewaris 1982 stapt Geart van der Meer út de redaksje. Stapt. Immen dy't seis jier lang redaksjewurk dien hat, moat al even oer in drompel hinne. Geart hat in soad foar Trotwaer dien en dat op in manier dy't winlik allinnich hím eigen wie. Beskiedenheid, sekuerens, kundichheid en ridlikens binne wurden dy't ús dalik yn 't sin komme as wy syn hâlden en dragen typearje moatte. Syn kalme en bekwame ynbring op redaksjegearkomsten hat altyd de konstante faktor foarme dêr't sokke gearkomsten net sûnder kinne. Trotwaer sil him misse. Lykwols tidigje wy fansels noch al op poëtyske, krityske en stikeljende bydragen fan syn hân.
Op de lege stoel sil tenel Akky Kuiper sitte. Miskien dat de drompel foar har noch even heger wie, mar in mins kin ek te beskieden wêze. Wy ha yn alle gefallen genôch fedúsje yn har kapasiteiten.
Sûnt 1977 hat Anne de Vries de oanklaaiing fan ús tydskrift fersoarge. By syn ‘ynstallaasje’ rekkene de doetiidske redaksje dermei, dat de foarmjouwing by him ‘yn bitroude hannen’ wêze soe. It hat nea oars west. Wy fine it dêrom ek spitich dat Anne der, nei fiif jier lang it uterlik fan Trotwaer bepaald te hawwen, mei ophâldt.
Yn 1982 sil Remco Crouwel de oanklaaiing op syn noed nimme. Wy hoopje op krekt sa'n konstruktive en krejative gearwurking as dat wy wend wiene.