Trotwaer. Jaargang 13
(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 268]
| |||||||||||
tichelwurk
| |||||||||||
[pagina 269]
| |||||||||||
De middeis begûn mei wat letter bliken die it wichtichste te wêzen. K. Poll, literatuer-kritikus fan NRC-handelsblad, hold in lêzing mei de namme: ‘Het eeuwige weerwoord’. De grûnslach fan alle krityk is neffens him: it ‘ik’. Foar't Poll oan in besprek begjint stelt er himsels trije fragen:Ga naar eind1) wat fyn ik der fan 2) wêrom fyn ik dat 3) hoe bring ik it ûnder wurden. Om dat wat dúdliker te meitsjen neamde hy 5 foarmen fan ‘inadekwate kritiek’.
Poll komt op foar it persoanlike, ek yn de krityk. Neffens him is krityk IN PERSOANLIK ANTWURD op de persoanlike ferbylding fan de keunstner. De kritikus moat sawol in ferslach jaan fan it keunstwurk as syn ûnderfining dêrmei, en sa wurdt de krityk ‘het territoir tussen het grote Engeland van de poëzie en het grote Duitsland van de wetenschap’. Yn it petear dat dêrnei folge wie it wichtichste dat Poll fan betinken wie dat it net mooglik is mei in list fan kriteria dêr't er alle boeken hifke. De lêzer soe faaks wol yn elk besprek kriteria oanwize kinne, mar de kritikus wurket hieltyd mei oare kriteria, want elk boek freget om oare kriteria. In goede kritikus stelt foar himsels dan ek gjin kriteria fêst, want dêrmei ferdwynt de gefoelichheid foar it wurk en it iepenstellen derfoar en hy kin him net mear troch it wurk meifiere litte. Dêrnei wie der in foarum, besteande út kritisi, in útjouwer, skriuwers en in wittenskipper, oer ‘de taken en funkties van de literaire kritiek’. It die bliken dat de diskusje him benammen ta lei op de radikale subjektivearing fan de beoardielingskrêft lykas Poll dy foarstie. De wittenskipper Schmitz foel Poll by: der binne gjin kritearia te jaan foar de beoardieling fan literatuer. De lêzer kin nea mei kriteria yn de hân de kritikus neirinne. Sa is wat de kritikus docht subjektyf en net de kontrolearjen (wol nei de tiid te konstatearjen). Mar oare kritisi hiene f ragen by dit subjektivisme. E. Huizing (Nieuwsblad van het Noorden): ‘Ik vraag me af in hoeverre de individualiteit van de kritikus, die altijd werkt binnen kaders, die door het blad, waaraan hij verbonden is, worden gekreëerd, een illusie is.’ Huizing kaam ek op in probleem dat hjirmei gearhinget: ‘Het is de taak van de literaire kritiek het boek te beschermen tegen het vrije spel | |||||||||||
[pagina 270]
| |||||||||||
van de economische kranten’. Ek oare foarumleden wiisden derop dat krityk gjin reklamekampânje wurde moat. Neffens útjouwer Jan Kuiper foel dat wol wat ta, want in útjouwer lûkt him neat oan fan minne krityk, mar wol fan minne ferkeapsifers. A. Mertens seach dat oars, neffens him wie der mar in bytsje plak foar goede krityk: ‘Serieuze literatuurkritiek, die verder wil gaan dan het ondersteunen van reklamecampagnes of het bepalen van de amusementswaarde van een boek, wordt door de publiciteitsmachinerie evenzeer bedreigd als de boeken die ze bespreekt’.
Faaks kin dit stikje in begjin wêze foar in diskusje oer wat de funksje is fan de besprekker. Dan kinne wij it dêrnei noch wolris hawwe oer dy ‘grimmitge jonkjes’. Foardat wij der oer prate kinne oft dy it goed dogge moatte wij earst witte wat wij fan harren ferwachtsje kinne. Ik sels bin it fierhinne iens mei Poll: ‘Kritiek is een persoonlijk antwoord op de persoonlijke verbeelding van de kunstenaar’. Mar dat is net neat, en faaks is it sa dat ik tefolle freegje fan de besprekker. Op de ein fan dit stik jow ik noch in pear stellings fan foarumleden, dy't faaks de diskusje noch wat op 'e gleed bringe kinne. Alderearst Oek de Jong, skriuwer, dy't mear ferwachtet: ‘Hoe dan ook, ik verwacht van kritiek meer, dan dat het een allerindividueelste reaktie op mijn aller-individueelste boek is’. (Ik tink dat Polle dit beflappe soe ûnder ‘ferslach jaan fan in keunstwurk’ wêmei't pas it ‘ferslach jaan fan de ûnderfining’ komt). De kritikus Carl Peters: ‘De taak van de literaire kritiek is om zo over literatuur te schrijven dat men de stellige indruk krijgt dat in de literatuur de beste kennis over de wereld en mensen te vinden is’. En, it liket wol spesiaal foar Bylsma, as lêste Doeschka Meijsing: ‘De belangrijkste funktie van de literaire kritiek is de schrijvers te bestraffen, te steunen en -door middel van opperste intelligentie en kreativiteit van de kritikus - ze op te jagen naar grote hoogtes’. | |||||||||||
Noat fan de redaksjeWy ha alris besocht in diskusje oer resinsjerjen fan 'e grûn te krijen. Sjoch dêrta de nûmers 1978-2 e.f. |
|