Oene Spoelstra
Scenario foar in reis.
1.
Dizze fekânsje, wat in hearlikheid! It dripperige waar, elke moarn itselde en elke jûn deselde sinne yn it westen. Om moed te jaan foar moarn, foar it reingerdyn dat mar net fan kleur feroarje wol.
It doel is om op reis. Fiere reizen en reizen tichtebij.
Ik haw alles al sjoen, alles al belibbe. Is it iennige dat oer bliuwt in reis yn de geast?
It dekôr is in stêd. Lit ús mar begjinne mei in net al te lytse stêd. In foech miljoen ynwenners. Net dat gekeutel fan dy lytse doarpkes.
‘Wa is dat?’
‘Is dy hjir by ien útfanhûs?
‘Wat hat dy lju frjemde klean oan!’
‘Je soene sizze wat dy lju hjir te sykjen ha!’
Lytse doarpen binne foar minsken op stjerren nei dea.
Lytse doarpen binne foar kij en foar skiep.
Lytse doarpen binne sa dea.
Wy geane nei Amsterdam, S., mei de trein. In foech miljoen ynwenners. Net dat gekeutel fan dy lytse húskes, dy lytse winkeltsjes mei alles yn foarrie, mar krekt wat ik nedich ha. Dy lamlindige jûnen mei inkeld mar radio en tv. En oeral grien, sa grien, sa grien. En o wat is it hjir rêstich, hjir wie 'k no oan ta.
Wy nimme de trein fan 10.33 oere. 2e klas. Wy geane yn it wykein. In drokke trein, sille wy hoopje. In trein fol kleuren, koffers, labels fan fiere lannen, kofje yn papieren bekers. Wy sille hoopje op in bulte bûtenlanners, moaie minsken, ferve hier.
Wy ha genôch belibbe yn dy godferlitten fryske oarden.
De prachtige boekhannel fan Lollum binne wy op útsjoen.
De sauna fan Holwert is ús te kâld.