[Nummer 2]
Skriuwe oer skriuwen
Skriuwe is ek in fak.
Wy as redaksje binne fan doel en bring noch dizze jiergong in spesjaal-nûmer út oer it skriuwen as ambacht. Dêrta ha wy al ferskate skriuwers frege om in bydrage oer it hoe en het fan har skriuwerij. De earste rispinge hat aardich wat oplevere. It wachtsjen is no op de twadde sneed. Binne der noch lju dy't meidwaan wolle? Dat kin. Wol moatte alle stikken foar 1 juny 1981 binnen wêze. By need kinne jo by de redaksje noch in stinsil opfreegje mei in fierdere útwurking fan ús bedoelings.
Skriuwe is ek in fak.
Neat-dwaan is gjin wurk.
Mei groetnis,
De redaksje.