| |
| |
| |
Ph. H. Breuker
Wuthering heights op syn Frysk, oer ûntstean en karakter fan De Hoara's fan Hastings.
Ynlieding
Doe't de redaksje my frege in stik oer It Jubeljier te skriuwen by gelegenheid fan de werprinting, haw ik fersocht oft it De Hoara's wurde koe, dat ek krekt op 'en nij útkommen wie. Dat boek koe ik better en net lang lyn hie 'k der hânskriften fan sjoen yn de Provinsiale Bibliotheek dy't in rekonstruksje fan it ûntstean mooglik liken te meitsjen. My lake in stúdzje fan Kloosterman har wurk wol ta, omt ik it net lykfine koe mei Riemersma syn oardiel oer har koarte ferhalen. Noch tink ik mei nocht werom oan de sneintemiddeis dat ik in jier of sântjin âld foar 't earst de ferhalen fan Ut 'e gielgoerde lies.
Mear as in globale ferkenning is it net wat hjir neikomt. De Hoara's fertsjinnet in subtile analyse, like grut hast as it boek sels, en it ferneart dy ek wol, leau ik. By sitearen en ferwizen, ek as't it giet om it korrespondearjende plak yn it hânskrift, haw ik de sechste printing brûkt, dy't gelyk is oan eardere. Dêr stiet nochal ris in printflater yn. Ien neam ik, omt dy ek by omstavering fêst oer de holle sjoen wurdt. Op side 26 stiet yn rigel 16: ‘tontsje’. Dat moat ‘toutsje’ wêze, sa't ek yn it hânskrift stiet. It slacht op ‘reapsein’!
| |
| |
| |
Datearring
Mei de datearring fan it ûntstean fan De Hoara's is it in frjemde boel. Piebenga neamt yn 1939 1918, mar 1911 oant 1916 yn de twadde printinge fan syn Koarte Skiednis út 1957. Mefrou Simonides hâldt har yn Tekst en útliz fan 1970 oan it earste jier, mar yn 1939 jout se de lêsten op. Dat docht Brouwer yn 1979 ek. De ûndúdlikheid giet werom op de ûngelikense datearringen dy't de skriuwster sels foar en nei makke hat (sjoch Breuker 1978). It koe oars bekend wêze dat it boek al foar 1915 ree wie, want op 2 july dat jiers neamde Cannegieter it yn syn stik oer har yn it Algemeen Handelsblad as ‘nog onuitgegeven familieroman’. Sa stiet it ek yn de werprinting út 1917 yn de bondel de Friesche beweging.
Der is gjin romte fan twivel: De Hoera's is skreaun yn 1909. Dat wize de skriften út dêr't de roman al skriuwende wei yn ûntstien is (HS. 486, XXVIb; P.B.). Yn har brief oan F. Buitenrust Hettema fan 11 septimber 1911 neamt se it boek al, dat dêr op 1910 set wurdt. Noch yn 1924 ferteldese Dyn Simonides dat se sûnt 1911 dwaande wie mei de stof (Simonides 1940), mar yn har lêzing foar de Fakânsjeleargong fan 1932 hjit it dat it yn 1918 ûntstien wie. De jongste datearring moat se om 1936 hinne makke hawwe op de printerskopij fan De Hoara's (HS. 486, XXVIa; P.B.), dêr't stiet: ‘Makke en skreauwn yn 'e jierren Novimber 1916 oan Maert 1919’. Dat kin allinne mar wier wêze as't it tsjin de sin fan de wurden yn lêzen wurdt as: oerskreaun yn dy tiid. De ferskillen tusken XXVIa en XXVIb hawwe neat te betsjutten.
Nei de reden fan it postdatearjen kin men allinne mar riede. It soe my gjin nij dwaan as't it ferbân hâldt mei autobiografyske eleminten yn de roman. It is krekt of hat se wachte oant har heit en mem, oan wa't se it boek opdroech, earst dea wiene ear't se it publisearje woe.
| |
Untstean
Sûnt 1930 lizze as Hs. 486 XXVIb op 'e Provinsiale Bibliotheek sân blauwe skoalskriften mei it hânskrift fan De Hoara's fan Hastings. Winliken binne it acht, want yn it earste sit in oaren dêr't it kaft om wei mist. Foar de oersichtlikens nûmerje ik dy skriften fan 1 oant 7. It earste jout de tekst fan de earste trije haadstikken, it twadde fan it fjirde, it tredde giet oant healwei de earste rigel fan side 122 yn haadstik seis, it fjirde oant yn 'e twadde rigel fan bledside 150 út haadstik sân, it fyfte oant de ein fan dat haadstik, it sechste brekt ôf yn de sin op rigel 14 fan bledside 184 út it lêste haadstik, en it sânde skrift jout it oare.
It is yn dizze skriften allegearre trochhellingen, ferbetteringen, tuskenfoegingen en net printe stikken. Alles wiist derop dat it hjir giet om de tekst fan De Hoara's fan it alderearste begjin ôf. It hiele proses fan it ûntstean lit him lykwols net foar wis folgje, want yn prinsipe is der bûten wat losse fersen en in pear trochhelle romanfragminten allinne oer- | |
| |
bleaun wat úteinlik yn de roman kaam. Dy fersen steane yn de earste beide skriften. It iene begjint mei twa kantsjes poëzij dêr't in lytse tweintich rigels fan yn de Prolooch kommen binne (fers 27 oant 43). It oare fan de Prolooch stiet net yn de skriften, dêr't oars sa goed as neat yn ûntbrekt fan de printe tekst. Op de ‘oerprolooch’ folgje noch fjouwer siden mei fragminten yn deselde sfear. It lêste allinne stiet in titel boppe: Myn lân. Mei lytse ferskillen is it printe yn It sjongende Fryslân (1917) 61-62. Neffens de list fan har wurk dy't mefr. Simonides publisearre hat, is it skreaun op 30 maart 1909 en dat stiet der ek yn it hânskrift ûnder, op deselde dei as De âlde stedsklok, dat ek yn dy list neamd wurdt. Dat is net printe, mar te oardieljen ne) de titel koe it wolris ien fan de titelleaze fersen yn ditselde skrift wêze. It twadde skrift begjint mei in fers It Easten, dat fiif siden lang it opkommen fan de sinne en sa beskriuwt. Oan de titel De wynstreken op it etiket te sjen soe men hast rekkenje dat der mear west hat. Under de trochhelle romanfragminten binne der inkelden nijsgjirrich omt se in oare - letter fersmiten - útwurking fan de stof sjen litte. Dy wurde hjirnei noch neamd.
Ek sûnder dat men it hânskrift ken, is wol dúdlik dat it begjin fan De Hoara's in frijwat losse samling stikken is. Mei it hânskrift derby is nei te gean dat de skriuwster der ienheid yn brocht hat, al fâlt it net ta om krekt út te meitsjen hoe't dat gongen is. Ik ha besocht de stikken útinoar te heljen neffens tiid fan ûntstean en lit hjir de útkomsten folgje. Der foar ynstean dat it sa west hat, doar ik net. It is in tizeboel sûnder begjinnensein. Faaks hat ien ris nocht en plúzje it nochris krekt út. Dy moat him mar net ûntmoedigje litte troch myn úteinlike ûnderstelling dat de skriuwster by it begjin begongen is.
Alderearst soe ik neigean wolle oft de hânskriften bûten de ynhâld om sa op it earste each ek wat sizze oer it ferbân tusken de haadstikken. Guodden binne efterinoar troch skreaun yn itselde skrift. Oaren begjinne wol yn in nijen, mar dan is it âlde fol mei it foarlge. Dat jildt foar it fyfte en it achtste. Der is mar ien haadstik dat wis los stiet fan it foargeande en dat is it fiirde. Lykas it earste geane der in tal fersen oan foarôf dy't op inkelde rigels nei bûten de roman bleaun binne.
Ek oan de opskriften op de etiketten is te sjen dat it boek net yn ien kear tocht is. Op it earste skrift stiet nammentlik It Jonkje, letter trochstreke en feroare yn As ('t) stof fen 'e wegen, dat ek op it etiket fan it twadde en tredde skrift stiet. Noch wer letter is ek dat trochskrast en op alle etiketten set: De Ho(a)ra's fen Hastings. Dy lêste feroaring dy't sa't it liket makke is by 't skriuwen fan it sechste haadstik, besjut net dat it earder net oer Hastings en Hoara's gien hawwe soe. It is in oanwizing dat fan doe ôf oan de Hoara's sintraal kamen te stean. Dêrmei strykt it trochstreekjen fan in earder haadstik seis, dat oer Haeijema's dochters giet. Dy komme ek op oare plakken foar en hjitte letter Hoara's. De nûmering fan de haadstikken yn de tekst en op de etiketten liket út op te
| |
| |
meitsjen dat it eardere sechste haadstik ferfallen is nei it skriuwen fan it besteande sechste. It achste ommers hjit op beide sa, it sechste en sânde is wakker yn feroare wat de nûmering oangiet, ek al omt it twadde part fan haadstik sân (fan healwei side 150 ôf) tenearsten acht wie neffens it etiket. Oars hjitte it sânde fuort al sa, wylst it sechste earst al wol sânde wie en dus noch trochtelde nei it bedoelde weilitten haadstik. De konklúzje dat it tusken it sechste en it sânde derút rekke wêze kin, is yn oerienstimming mei de eardere ûnderstelling dat de kar foar de Hoara's as iennichste protagonisten yn it sechste haadstik makke waard. De ynhâld pleitet der ek foar. It eardere sechste giet oer in reiske op 'e fyts dat de Haeijema's dochters nei de ferloofde, Johannes Akkringa, fan ien fan har meitsje. Se moetsje by him yn 'e stêd ek in freon fan sines dy't allinne mar each hat foar planten. Dat ferhaal past dus net yn 'e Hoaralijn en dwaalt lykwols frijwat ôf. It sânde - dat der fêst foar yn it plak kommen is - oer de brulloft fan deselde famkes dy't no Hoara's wurden binne - past gâns better. It is ek minder praatsiik en oerflakkich.
Nei dizze globale ferkenning gean ik no haadstik foar haadstik nei foar safier't dat nedich is, om de ferhâldingen ûnderinoar neier te witten te kommen. It earste haadstik begjint yn it hânskrift mei Date Piers dy't in dreamer wie. De lettere heit hjit net Nuttert, mar Rode Dates. Bûten dat ‘Piers’ dat yn it boek ûntbrekt, jout it hânskrift gjin oanwizings soe'k sizze dat it earste haadstik tenearsten gjin ienheid foarme hawwe soe hoe nuver oft it ek yninoar liket te sitten. Fansels kin de oersetting yn Nuttert as sa'n oanwizing begrepen wurde, mar ik hâld it derfoar dat de skriuwster dy lêste namme moaier fûn hat, no't oare oanwizings dat dit haadstik net yn ien kear tocht of skreaun is ûntbrekke. Om deselde reden kin ‘Pier’ ek ‘Rode’ wurden wêze. Fokke en Date binne der beide fuort mei har eigen namme en Nuttert hjit ek al daliks sa op side 14. It moat dit ferhaal wêze dat op it etiket fan it earste skrift It Jonkje hjit, mei de tafoeging ‘1908’, doe't it grif skreaun is.
It twadde haadstik begjint mei in stik of tsien ynfoege kantsjes dat rint oant yn de op ien nei ûnderste rigel fan side 23. It jonkje en it famke hjitte earst Aent en Reins Laenstra, Hesmuoi is Aukmuoi. Hastings bestie noch net, dat wie ‘it doarpke’. It oare part fan it haadstik is jonger. Dat stiet yn itselde skrift as it earste haadstik. It jonkje hjit dêr fuort Fokke en de bittere ôfrin fan syn lettere leafde is al bekend. It begjin fan it twadde haadstik - ‘Op in Septimber joun, nou in goed tritich jier lyn’ - soe der op wize kinne dat it tenearsten om de âlde ds. Westra gongen hat, dy't yn it fjirde haadstik oer Warmolding foarkomt as romanfiguer yn de fertelde tiid. It sekondaire part fan it twadde haadstik giet fuort al oer de nije dûmny. De ein is oars as yn it boek. Wychman hat spyt en ropt Nuttert by syn stjerbêd. Dy leit him ek ôf. Yn it boek folget Wychmans dea sûnder ûnderbrekken op it dramatysk petear tusken Fokke en Fleurin, dat it kin hast net oars of de skriuwster hat hjir yn it twadde al
| |
| |
yn 'e holle wat rol Fleurin spylje sil, mar dat noch net útwurke en beskreaun. De striid mei Nuttert om it riedslidmaatskip yn it sechste haadstik hie it grif noch net iens ta plan brocht. It ynslaan fan de glêzen dêr't hy ek oan mei die, wurdt op side 29 al wol oankundige.
It tredde haadstik is yn in los skrift skreaun dat sûnder omslach yn it earste foege is. It begjint earst mei de sin: ‘It is sa'n moaije hjerstdei...’ It giet oer Hester, har feint en faam Styn, oer har muoikesisters Wypk en Lys Haeijema en fierder wurde Oebele Hoara (dat letter Reinder wurdt, krekt lykas Haeijema, dy't earst mei in suster fan Hessel troud is) en ek Wychman neamd. Dit haadstik moat skreaun wêze doe't it fjirde al klear wie. Dat soe men al ôfliede wolle út it trochheljen fan it ûntslach dat Hester yn de earste versy de feint en de faam jout as't se meidien hawwe oan it ynslaan fan de glêzen yn it fjirde haadstik. Ien twa kear guodden dien jaan litte leit net sa yn 'e reden. Wissichheid biedt in meidieling yn it boek op side 84, dy't de skriuwster grif oer de holle sjoen hal by it oanpassen. Dêr stiet dat Hester op Elle Mulder hopet. Yn de hânskriftlike tekst beslút it tredde haadstik lykwols mei in pear sinnen oer Elle en Lys as't dy al lang troud binne en yn it boek stiet der ek wat dat in fêste bân suggerearret. Grif is it tredde haadstik earder as it sânde skreaun dêr't de Haeijema' dochters al Hoara's binne, mar it moat nei it haadstik makke wêze dat earst it sechste wurde soe, want dêr is de ferkearing fan Lys en Elle út. Dat is ek it gefal op fjouwer losse kantsjes dêr't in lyts part fan brûkt is op side 198. De fearskippersjonge út Hastings komt Hester dêr oerbringen dat se Marten ferwachtsje kin en wylst er seit dat de ferkearing fan Elle en Lys út is sjocht er hoe't se dêr op reagearret. It liket derop dat de Hesterfiguer nochal wat feroare is. Der is yn it begjin fan it fjirde haadstik ek in lange passaazje trochstreke yn it ferhaal oer Warmolding, dy't se tige tagedien is. Under de hiele inkelde feroarings yn it hânskrift dat foar de printer ornearre wie (XXVIa)
falle krekt ek twa op dat trochhellings binne fan passaazjes dêr't Hester troch de eagen fan oaren yn leechlein wurdt as soe allinne har jild har noch in frijer bringe kinne. Troch al dy weilittingen en de tafoefing fan haadstik trije is Hester krêftiger en ûnôfhinkliker tekene as dat se tenearsten west hawwe moat.
It fjirde haadstik stiet los fan it tredde. It begjint mei in nij ferhaal, dat oer Warmolding giet. Oars as de beide earsten liket my dit gjin stik ta dat earder in selsstannich ferhaal west hat. Sûnder sekondaire omneaming ferskine dêr en yn de earste bledsiden dy't der oan folgje fuort deselde nammen as yn it lêste part fan haadstik twa: Hastings, Hoara, Wychman, Fleurin en Nuttert. Wychman komt yn de earste versy ek al foar op side 17. Op oare plakken yn de earste trije haadstikken binne dizze nammen sekondair. It giet der no om wat earst wie: it ferhaal oer Warmolding, it twadde part fan haadstik twa op 'e siden 24 oant 28 of it earste haadstik mei syn Wychman. Hastings kin likegoed yn fjouwer as
| |
| |
yn twa ûntstien wêze; op beide plakken wurdt it yn koarte tiid nochal ris herhelle. Hester en Wychman wurde yn 't fjirder sûnder omslach fan wurden neamd, krekt of binne se al bekend. De namme Hoara stiet foar it earst yn it hânskrift op side 25, dêr't er nedich is as't de bakker tsjin Wychman praat. Fleurin en Nuttert, beide neamd nei de Warmolding-episoade, binne dan al dúdlik bekend. Alles meiinoar soe'k sizze moat it twadde haadstik earder skreaun wêze as it fjirde. Yn dat gefal is der gjin reden om it earste net foar it alderearste te hâlden, ek al net omt dêr foar it earst Wychman yn stiet. De oare mooglikheid dat de beide earste haadstikken der letter foarset binne, soe dêrmei ferfalle.
De oare haadstikken jouwe gjin swierrichheden wat de relative tiid fan ûntstean oangiet. Neat wiist derop dat se net yn de folchoarder fan it boek skreaun binne. De feroaringen hjir en dêr litte wat fan de groeiende foarmjouwing sjen. Op side 74 fan it boek hawwe de beide bern fan Reinder Hoara ferkearing, de iene mei Johannes Akkringa, de oare mei Elle. Yn it hânskrift stiet allinne dûmnys Marius. Dat is in nije oanwizing dat Elle tenearsten foar Hester bestimd west nat. Op deselde side tredde rigel fan ûnderen oant acht rigels fan boppen op de folgjende side is ynfoege de suggestje fan Hester dat Warmolding famylje fan de Hoara's is. Dêr slút op oan in tafoeging op side 64, dêr't stiet: ‘En nou hinderden him de eagen fan Warmolding, dy't de Hoara's net wanlyk wiene, ek net mear...’ Men mei dêrom oannimme dat it healbroerskip fan Warmolding net yn de earste opset lein hat. Itselde jilelt foar it sechste haadstik oer de riedsferkiezing sa't wy sjoen hawwe. De wrede ein fan Driuwerske dy't har ophinget is letter byskreun. Ek yn de moeting fan Fleuring en Fokke binnen guon formulearringen skerper makke. It lêste haadstik is dúdlik bedoeld om triedden ôf te hechtsjen. Dêrom komt Date foar it ljocht, dy't der oars ek mar wat los bybongele hie oan it begjin. De toan fan dat lêste haadstik is earst frijwat oerdwealsk. Dat sil wol wêze om de skriuwster de kontrasten net gau skerpernôch binne. It plan om Fokke de pleats keapje te litten fan in faam dy't him dien jûn hie, is foar't neist op 't alderlêst ûntstien. Dêrom sil Hesmuoi ynienen troud wêze mei in notaris. It hat wol kâns dat it achtste haadstik efkes bedoeld west hat as lêste. Neist dizze dingen en oare dy't dermei gearhinge as de lange jierren dy't it njoggende omfiemet - mear as it hiele boek derfoar -, wiist ek de ferklearring fan de
lêste rigels yn dy rjochting. De sin: ‘Yn alle folop is 't minske dêr forhongere...’ docht tinken oan de lêste fan it achtste haadstik en is wurdlik gelyk oan wat der stiet yn de sechste rigel fan ûnderen op side 173 efkes earder.
Sjocht men no alles nochris oer, dan soe men ûnder foarbehâld de ûntsteansskiednis sa gearfetsje kinne. Yn maart foar 't neist fan 1909 fette de skriuwster it plan op en skriuw in roman oer boeren en dûmnys en har spanningen en konflikten ûnderinoar en mei oare doarpslju, ôfwiksele troch leaflike tafrielen. Hja begong mei it oanpassen fan twa
| |
| |
reelizzende ferhalen troch se útrinne to litten yn in arbeider-boer-konflikt. Earst omendeby it sechste haadstik krige it boek syn strakke foarm. Alle boeren dy't meidiene kamen Hoara te hjitten, Warmolding waard ek ien, Hester Hoara rekke har langsten kwyt en krige der in trochpakkend aard foar yn it plak, it stedsfermidden fan de dûmnyssoan Akkringa gong dêrút en it konflikt mei de arbeider waard útwreide. In ombûging wiene dy feroarings net, earder de strakke konsekwinsje fan har earste konsepsje. Amper in heal jier letter wie it boek ôf.
| |
Karakteristyk en wurdearring
Ear't ik besykje wol om in oardiel te jaan oer De Hoara's, lit ik hjir earst in gearfetting folgje fan eardere stúdzjes. Al binne karakteristyk en wurdearring net altyd te skieden, se litte har dochs it bêste gearfetsje troch dy twa apart te nimmen.
| |
Skiednis karakteristyk
Wumkes neamt De Hoara's in boerespegel lykas Waling Dykstra syn Ulespegel. Kalma 1921 giet djipper op it wêzen fan de roman yn en as wa ek mar nei him. De prolooch docht him tinken oan Shelley syn útbylding fan deadlike kunstnersienlikheid. De skriuwster hat it - ynfryske - bestean yn har geast ferwurke. Godlike natuer noch smertlike leafde kinne ferhoalen hâlde dat De Hoara's in wurk fan ûndergongen is, fan ferwoasting en wraak. De jonge Fokke wurdt sels rekke yn it midden fan 'e bloei. It twingt de skriuwster lykwols net del, want dy libbet yn de betsjoening fan de foldiedige natuer. Dêrom bliuwt de lêzer earder in fielen fan blidens en lok nei as fan ferbittering. Kristlik is it net, Albesieling giet it om. Yn Nuttert en de opkomst fan it sosialisme sit wat fan in allegoary, in tiidsbyld; Date libbet de ivige leafde yn; Hester hat wat fan de (kommende!) mienskipsminske, mar de oaren binne yndividualisten. Van der Tol seit dat it boek nei it libben tekene is. De tsjinstelling tusken de leaflike natuer en de haatsjende minsken treft ek him. B(ajema) neamt Wychman de haadfiguer, de oaren steane yn ferbân mei him. Tragyk leit bloei en glâns oer hinne. Der is besibbens mei Frensen en Brusse, dêr't er fêst it realisme en naturalisme mei oantsjut. Hof tinkt ek oan de Dútske Heimatskriuwer fan Dithmarschen. Hy wiist oars Wumkes syn karakteristyk ôf as soe it om in boerespegel gean. De roman docht mear as allinne mar de werklikheid wjerspegelje. Wumkes 1929 besprekt de prolooch, dy't er yn paradoksale oantsjuttingen as swiete weemoed en balsemjende iensumheid typearret. De natuer is in timpel foar de twiveljende minskesiele. Der is in kosmysk hbbensgefoel. De prolooch heart by de neo-romantyk. Kalma 1940 wiist derop hoe't yn al har wurk de persoanlikheid fan de
skriuwster har iepenbieret, hjir wol op 'en aldersterksten. It boerelibben is geef werjûn. De prolooch komt yn út
| |
| |
hoe't de minske te lyts is om de natuer rjocht te dwaan. De Hoara's is skreaun út it fielen wei fan in rjochtsjende libbensleafde. Libbens dy't net ta bloei komme kinne, nimt se it foar op. Dêrom is se foar it sosialisme, net omt se it mei de steatkundige leare iens wêze soe. De kontrasten binne sterk. Brouwer 1956 neamt de roman in byld fan karakter, omstannichheden en konflikten út Twizel en omkriten. It spilet yn it begjin fan dizze ieu of wat earder. Fûlens en wredens fan guodden stiet myldens fan oaren foar oer en altyd is der de bloeiende natuer. Meerburg sjocht de Hoara's as tragyske helden. Foar Dam binne de grutske en tagelyk begrutlike Wâldboeren personifiearre yn it degenerearre Hoara-skaai. It boek is mei sa'n oerjefte skreaun, dat it in selsbelibbe werklikheid jaan moat. Brouwer 1979 wurket de konflikten út, dêr't it fan tilt, maatskiplike en persoanlike fan beiden. De natuer, de heide, is as in begelieding yn leed en lok fan it minskelibben, mar ek de machtige foar de lytse, ûnderhearrige minske oer
| |
Skiednis wurdearring
De wurdearring fan De Hoara's hat fan it begjin ôf oan grut west en der is gjin besprekker of hy neamt syn krityk as't er dy hat fan gjin betsjutting yn ferhâlding ta it belang fan de roman. It liket my de baas ta en jou earst de krityske opmerkings.
Wumkes hat mar in koart stikje ta oankundigingyn 1921, dat namste opmerkliker is syn nochal kritysk lûd. In roman is it net, dêrfoar is it wurk net bredemôch. De sprongen yn it ferhaal binne him te grut en fan foarútwizings lykas op bls. 21 en yn de lêste sinnen fan de haadstikken 2 en 3 moat er neat hawwe. (Brouwer hat mei dy lêsten just gâns op!) Kalma 1921 is it boek tefolle in grut skilderij sûnder oerhearskjende figuer dat de grutminsklike Hester wurde moatten hie. Fleurin makket in ûnmooglike psychologyske gisel, de measte frouljusfigueren hawwe gjin djipte. In inkelde kear stroffelt er oer in forsearre ferliking. Van der Tol komt op 'e hollânismen en de stavering. B(ajema) binne de stikken oer bern mei har ke en je te sentiminteel. De bern prate ek net sa natuerlik, de taal is net oeral like goed frysk. In inkeld kontrast - hokker wurdt net sein - is wat te hurd oankommen. Hof brekt him de holle oer de fraach hoe't de ferhelle feiten neffens tiid, plak en omstannichheden neistinoar steane. Hy lit sjen dat it mei de âldens fan Elle Mulder net yn oarder is. Ek hellet de skriuwster de ûnderskate tiden trochinoar dat de earme arbeiders oan't opspatten gongen, dat der sosialisten yn de gemeenterie keazen waarden, dat der gâns letter - ris ien wethâlder waard en dat it boerefolk begûn te fytsen. Date kriget nei de wiidweidige beskriuwing yn it begjin letter te min omtinken. In inkelde kear makket de romantyk dat de tekening te dizich bliuwt, benammen is dat it gefal mei Warmolding. Yn syn besprek fan It Jubeljier wiist Kalma 1927 derop hoe't dat wurk wûn
| |
| |
hat yn de rjochting fan it epyske. Yn 1940 neamt er yn syn besprek fan de twadde printinge de styl op gjin stikken nei folmakke omt dy te min logysk behearske is. Brouwer 1956 hellet mei ynstimming de beswieren oan tsjin de karaktertekening fan de froulju en it wolris te wiidweidige en dêrom net mear funksionele fan 'e natuerbeskriuwing. De byldspraak is him bytiden te drok. Meerburg hat deselde krityk. Dam hat him oer it foaroardiel fan galmjende pathetyk nei jierren hinneset en De Hoara's foar it earst lêzen. De prolooch bylket wakker mar is slop, psychology en needlotswurking binne simpel en de komposysje is bytiden bryk. Brouwer 1979 neamt nochris de swakke frouljustekening en steurt him oan de personifikaasje fan natuerferskynsels.
Foar de krityk oer stiet der unanime wurdearring.
Wumkes priizget it boek om syn dichterlikens, om it ferskaat fan fielings en skerp-sniene karakters, om syn skildering en om syn taalrykdom. Kalma 1921, dy't der de iepenbiering fan de Jongfryske idealen yn sjocht, is út de skroeven oer ‘de macht fen ivichheit dy't ek de sterkste tiid bitwingt.’ Yn de natuerbeskriuwing jout de skriuwster in stik fan harsels, sa is dy trochlibbe. De minsketekening is op dy fan ds. Fleurin nei soarchsum en alsidich en de styl yn wikseljende toan sterk plastysk. Van der Tol komt net fierder as ‘moaije einen’ yn natuer- en persoans-beskriuwing. B(ajema) wiist ek op dy dingen, en jout in foarbyld fan in pregnante formulearring. Hy is ûnder de tsjoen fan de bloei en de ljochte glâns. Hof wurket út hoe't de wearde fan it boek yn de karaktertekening, de kleare útbylding fan persoanen en saken, de natuerskildering en de rike taal skûlet. Boppe alles giet him lykwols de romantyske besieling. It is gjin spjuchtich idealisme, dat in skoft yn 'e moade west hat, mar likemin in realisme dat jin pal tsjin syn figueren oanset, seit er. Kalma 1940 neamt De Hoara's mear as in goed boek of in knappe roman; it is de manifestaasje fan in geast dy't strielet fan moed en krêft. De styl is folslein oarspronklik en lyrysk ‘bewogen’ en hjir en dêr binne de sinnen beswarringsformules gelyk. Brouwer 1956 wiist op deselde fariaasje yn styl. Hy rekkent it de skriuwster ta in deugd dat se yn dit wurk in mear ferantwurde hâlding ynnimt yn de striid fan de partijen. Yn syn stik fan 1979 wurket er de kwaliteiten fan karaktertekening dy't de measte froulju harres misse, fan natuerbeskriuwing en taalrykdom út. Dam is gefoelich foar de felwaarme kleur fan de Kloostermantoan, en wurdt meisleept troch de berette
predestinearre ûndergong. De styl is strak soms en op oare plakken erotysk laden. De hertstochtlike ynset blykt oan alles.
| |
Konklúzje
De oardielen sprekke inoar nochal ris tsjin, mar oer it algemien wurdt de komposysje lossernôch achte. De tiidrekken sitte flaters yn, de psycho- | |
| |
logy fan de measte frouljusfigueren is popperich simpel. Dêr steane grutte fertsjinsten tsjinoer, lykas de hertstochtlike ynset, de ljochte glâns, de sterke konflikten en de rike taal. Net altyd like dúdlik is de taksaasje fan de werklikheidsbeskriuwing. Guon komme net fierder as der in útbylding fan de Twizeler omkriten yn te sjen, oaren sizze derby dat it foar alles in wurk fan de (dichterlike) geast is en inkelden lizze alle klam op dat lêste. De thematyk bestiet foar wa't him dêroer útlit yn de ferhâlding tusken de lytse minske fol haat en wraak en de rike, bloeiende natuer. Kalma en Wumkes winliken allinne neame de grûnidee. Yn de prolooch sjogge se beide de utering fan iensumens. Yn 1940 neamt Kalma de rjochtsjende leafde it grûnfielen fan de roman.
| |
Persoanlik oardiel
Elk dy't de Hoara's lêst sil it ferskil opfalle tusken it begjin fan it boek en wat der folget nei de rigel wyt op side 68. Earst is it iepen, der binne bylden út it doarpslibben dy't winliken allinne troch de trant fan skriuwen gearhingje. Wer't it ferhaal op ta moat is net dúdlik. Yn it fjirde haadstik feroaret dat allegearre. It is of wurdt Wychman Hoara nei foaren helle en ôfslachte. Ien foar ien meitsje de lju út de eftergrûn har los om mei him ôf te rekkenjen om dan wer te ferdwinen yn it fermidden dat tenearsten noch sa minsklik like. De fersmelling fan it libben ta de iene hertstocht fan de wraak, hoe goed ek op harsels, it foar myn gefoel dochs te sterk en te iensidich om de roman net oan potentiële krêft ferlieze te litten. De skriuwster soarget oars wol dat it net steurend wurdt. Der binne de bliere, mar wat te losse episoaden fan de brulloft en fan de dreamer Date, der is de rykbloeiende natuer, mar foaral de magistrale kear yn it libben fan Fokke om de roman libben te hâlden.
De krêft fan de Hoara's sit sûnder mis foar in grut part yn dizze psychyske romtewurking. De skriuwster hat der fêst mei sin op oanwurke. Oars hie se wol yn de sels spande fûke fan goedkeape boekjespsychology syld en de tsjinstelling tusken Fokke en syn heit fêstrinne litten yn in net ta de saak dwaand generaasjekonflikt. En wat hie har oars keare moatten om it iepen begjin net yn te koartsjen en te fersmeljen ta ek oars neat as haat en wraak? It stik oer Date oan de ein moat ek tsjinje om reliëf te jaan, mar dat is my te ûnferwacht, dy tried is te swak om it hiele bosk oer te spannen en dêr komt by dat it tefolle fan it goeie is. De skriuwster liket wol bang dat de lêzer har bedoelings dersûnder net begrypt. Sa is der wol mear detailkrityk. In selde gefal as mei de al te dúdlike Date-episoade jout ek it tredde haadstik dêr't Hester earst de feint en faam ôfsnutert en dan nochris om deselde âldfamme-ôfgeunst de muoikesizzers. De Hesterfiguer as gehiel bliuwt ek ûnklear. Ien ding wol ik noch neame Dat is de passive hâlding fan Wychman. Hy hat oars net dien as in jonkje ryklik gau in slach jaan, hy is gjirrich en der hat wat
| |
| |
west mei in folksgerjocht dêr't hy mei ta oansette of sa, dúdlik is it earst noch net. De roman soe der by wûn hawwe as't syn wredens en hate skerper tekene wiene, as't er útgroeid wie ta ien om bang fan te wurden as lêzer. Al dy beswieren nimme lykwols net wei dat de grûnstruktuur fan in iepen begjin dat hieltyd smeller wurdt, de mooglikheid fan in superieure roman yn him hat. Dat jildt ek foar de styl. Wis en beret wurdt de lêzer de sinnen lâns dreaun, de fûleindige hertstocht fan de skriuwster efternei. It is of hat se der sels by west en ferwart se har. It hat har bloedigen earnst west, oars hie se it hiele boek ek net yn in heal jier skreaun.
De Hoara's is psychysk réalisme. Tiid en plak dogge der net sa ta. De episoaden binne bylden fan it lytsminsklike bestean. It giet oer boeren, mar buorkje dogge se net, fee of fruchten komme amper of net te praat, in beskriuwing fan it boerewurk sil men om 'e nocht om sykje. De natuer yn al syn ierdskens oproppe is dochs gjin Twizel. It is it byld fan de siele, of sa't de skriuwster it op side 82/83 seit: de mem fan al it moaie dat der yn in minske wennet. Wa't gefoel hat ropt er langstme yn op. Moai komt de natuersymbolyk út yn it begjin fan haadstik trije, dêr't de neisimmer en it hjerstich fielen fan Hester foar't each ien wurde. Dat is de begelieding fan de stimmingen dy't Brouwer neamt. Mar der is mear, dat krekt yn dizze passaazje eksplisitearre wurdt. De keninklike neisimmer hat him - de skriuwster jout de natuer op oare plakke gauris sterk froulike, erotyske trekken - sêd sjoen en giet alhielendal befredige fuort, wylst er Hester mei in pynlike langst efterlit. De ûnwerklik, abstrakte aard fan de natuer komt ek út oan de personifikaasje dêr't Brouwer op wiisd hat en yn it hjir besprutsen gefal ek oan de ûnlogyske karakterisearring fan de neisimmer as soe dy rinne fan de maaitiid ôf, sa't Hof opmurken hat. Mei de tiid is it al net oars. Hof syn beswieren binne al neamd en it kostet net folle muoite om mear bewizen fan ferkearde tiidberekkening by te bringen. Sa komt it ek net goed mei Fokke syn âldens. Withoefaak is it koartwei: de oare deis, in pear dagen letter, de maaitiids derop, jierren neitiid. Yn it algemien slute de haadstikken noch wol min ofte mear op inoar oan, al binne de gatten ûngelikense grut, mar it tiidsferskil yn it lêste haadstik is like grut as yn it hiele boek derfoar. De ein leit nei 1921, doe't it útkaam. It seit himsels dat by sa'n hâlding foar de tiid oer de ûnfolsleine notiid net of selden brûkt wurdt. Dêr steane
mar twa einen yn. De iene op side 34 oant 39 dy't krekt oanhelle is, giet oer it wrede lokjen fan twa dingen: de natuer en de eigen jeugd. De oare, op side 89 oant 91, hearsket de dea yn. Ik leau net dat soks tafal is. Tiid noch plak giet it de skriuwster yn wêzen om, wat is foar har binne dea en wredens, dat lêste foaral.
Sadistysk is it sa't Wychman sûnder ferwar en sûnder folle reden ôfmakke wurdt. Nimmen better as de skriuwster sels leau 'k hat him typearre. Hja seach neffens in brief út 1922 oan Kalma (Briefwiksel nr.
| |
| |
136) yn him de ferpersoanliking fan it giene. Hy nat neat fan himsels, nimt gjin initiatyf en dêrom wurde de omstannichheden syn needlot. In sûne jeugd rekkent ôf mei syn degeneraasje, skriuwt se. Itselde sadisme kin men ek oanwize yn de prolooch mei syn kaaiwurden fan iensumheid, wredens, ûndergong en achteleas boartsjen. Minsken is gjin plak foar yn de ferlittenheid fan de heide of se moatte dea wêze. Mar dan wurde se noch net mei rêst litten troch de wreedlokjende natuer. De Hoara's moat skreaun wêze út in seldsum mankelike ferneatigingsdrift wei. Dat is it wat by alle ferskil oars tinken docht oan de Max Havelaar, oan Boon of oan Riemersma om mar in pear fan de bekendsten te neamen. Gâns oerienkomst is der mei Wuthering Heights fan Emily Brontë, al stiet it net op deselde hichte. Heathcliff is de wraak sels, Wychman is willeas slachtoffer. Dêr botse karakters, hjir is elk hast in funksje fan Wychman. It spookeftige is belune ta wat folksferhalen en byleauwe, it satanyske hâldt yn De Hoara's boargerlike trekken. By Brontë har genialens - om sa'n wurd te brûken - ferblikt Kloosterman har talint. Mar ik bin it mei Kalma iens as't er har in talint neamt ‘dat telkens weer de genialiteit raakt’ - en, tinkt men derby, roerdend by de kitsch lâns giet.
De skriuwster fan De Hoara's heart ta de fertsjintwurdigers fan de dekadinte Romantyk, dy't benammen yn de naturalistyske roman - sjoch oer dat begryp yn de Nederlânske literatuer Anbeek - ta bloei komt, mar har oarsprong al earder yn de njoggentjinde ieu hat. Har sadistysk leafdesbelibjen is net beheind ta dit iene wurk. Har fersen steane spand troch de ambivalinsje fan macht en oerjefte. Har ‘Kening’ is de ‘femme fatale’ en de ‘princesse lointaine’ fan de grutte perverse Romantyk. It prysterskip ûntbrekt by har net. Dat kriget foarm yn de tsjinst fan de natuer, dy't mear as ienris yn syn timpel offere wurdt. De ivich moaie fammen en de jimmer bloeiende natuer dy't mear as ienris sterk sinnelike trekken fan dyselde jonge froulju kriget, binne wrede tekens fan it útsichtleas begearen nei Eros en skientme.
| |
Literatuur
Anbeek, T. |
Kenmerken van de Nederlandse naturalistische roman, De nieuwe taalgids 72 (1979) 520-534 |
B(ajema, J.) |
De Hoara's fen Hastings fen S. Kloosterman, Leeuwarder Courant 3 jann. 1922 |
Breuker, Ph.H. |
By de útjefte fan fersen en brieven, wiksele tusken Douwe Kalma en Simke Kloosterman, Trotwaer 1977, 317-327. |
|
De Briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma, bisoarge fan dr. Dina Simonides, Grins 1976. |
| |
| |
Brouwer, J.H. |
Simke Kloosterman. De skriuwster út 'e Wâlden, It Heitelân 34 (1956) 180-183 |
Cannegieter Dzn.,H.G. |
De Friesche Beweging, Amsterdam 1917 |
Dam. F. |
Mear as 50 jier nei Date, De Strikel 1973, 46-47 |
Hof, J.J. |
S. Kloosterman, De Hoara's fen Hastings, It Heitelân IV (1921); 6-8; 17-18; 29-30; ek, hwat foroare, yn: Hof, Fjirtich jier taelstriid IV, Dokkum 1942, 185-190 |
Kalma, D. |
De Hoara's fen Hastings fen S. Kloosterman, Frisia V (1921) 732-739 |
Kalma, D. |
Kronyk fen de Fryske skriftekenisse II, Frisia IX (1927) 49-53 |
Kalma, D. |
Kroniek der Friesche letteren V, Saxo-Frisia II (1940), 92-94 |
Meerburg, G.A.G. |
De Hoara's fen Hastings, RONO-lêzing 23 april 1964 |
Piebenga, J. |
Koarte skiednis fen de Fryske skriftekenisse, Dokkum 1939, 19572 |
Simonides, D. |
List fen de wurken fen Simke Kloosterman, It Beaken I (1938-'39) 110-118 |
Simonides, D. |
Nei oanlieding fen Dr. Kalma syn artikel: ‘Oer Simke Kloostermans literaire neilittenskip’, It Beaken II (1940) 103-104 |
Wumkes, G.A. |
S. Kloosterman, De Hoara's fen Hastings, Yn ús eigen tael 1921, 192 |
Wumkes, G.A. |
De Proloog fen de Hoara's, Frisia XII (1930) 164-168; ek yn G.A. Wumkes, Paden fen Fryslân II; Boalsert 1934, 490-494 |
Riemersma, Tr. |
Simke Kloosterman (25.11.1876-05.12.1938), yn: Tr. Riemersma, It koarte forhael yn 'e Fryske Literatuer fan de tweintichste ieu, Ljouwert 1977 |
Tol, J. van der |
Boekskôging, Sljucht en Rjucht 1921, 587-588 |
|
|