Trotwaer. Jaargang 12(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 274] [p. 274] [Nummer 5] Geart van der Meer Bij Grindelwald I heger, hieltyd neger gean de stuoltsjes fan de firstbahn. 't is koel. 't is stil. Iûdleas Is ús rizen út it dal. swierteleas ús stigen sûnder fal. lichte koeltsjes roere' it blommich gers, de beammen ûnder ús, delglidend yn it dal. twa gietsjers komme' yn 't sicht, goargrien fan ûndren, litt' se' ús hieltyd mear in witer oarsprong, sûnder toarkstient, sjen yn smetleaze iismarren. dêrboppe tuorkje wite spitsen, gril en ivich. bestjurre streamen - nea sil har súvrens, har smerteleas beswarren fan oere' en dei in lêste gearrin fine yn elkoar. mar leger wrakselje twa wetterstreamen, griis, út goargrien iis, ta op ien stream út twa: schwarze lütschine. [pagina 275] [p. 275] Bij Grindelwald II fanke, wat wiesto moai op dy skeante doe, op dy gleone dei. anemoanen ferskeaten, ferhearde alperoazen skeaten in fjoerreade kaam. ik stean te sjen nei 't byld fan doe, fan jierren her. in dia, ûnnoazie lyts, sa yn myn hân - do seist: sjoch, sa moai dy berch, mar yn sân hasten moast ik dij tútsje, en wer in kear. wiest alderivichst frou. en de jungfrau en de silberhom riisden mei iivge snie tsjin 't djippe blau. mar 't is ferstive, 't leit ûnferweechlik fêst. doe wie it no. no is it doe. 't is sûnder kleurgeblink, ûnnoazie lyts, in dia yn myn hân - mar hâld ik it foar 't ljocht fan myn ûnthâld, 't krijt wer ferweech en kleurgeblink, en 'k tink: Vorige Volgende