Trotwaer. Jaargang 12(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 13] [p. 13] Geart van der Meer Gilgamesj, sykje langer net gilgamesj, sykje langer net - sjoch nei dyn frou, se laket dij ta mei ljochtsjende eagen, har kleed falt yn weagen, har boarsten binn' twa wite dowen delsaaid yn it fjild, twa boaden fan it hôf achter de kym. har lippen glimkje iepen en op har amme dûnset dyn namme as in flinter nei de blom. sjoch om, sjoch om! tink oan har skurte, 't is dyn hûs mei baarnend fjoer, dyn waarme doar, en ek dyn koele welle yn strewellen, jou 't sykjen oer. sjoch nei jim bern, it jonkje, tink hoe't it stapte oan dyn hân, en snapte oer de fûgels yn it lân. dêr boartet er mei oaren: springe, weikrûpboartsje, drave om it hurdst en bosterje om knikkerts, - witst it noch fan lang ferlyn? - en as it falt, en gûlend oan komt rinnen, help do dyn frou om te ferbinen de iepen knibbels en de skinen. dy dripkes bloed, dy triennen, dêryn, dêryn is de ivichheid te finen. [pagina 14] [p. 14] Coplas op it âldste téma 1 it is mei froulju as mei fersen, soms wol it wol, somtiden net, wat kin je deroan dwaan? myn rie is disse: hâld de pinne altyd klear, en iepen 't hert. 2 hoe kin in man genêze fan twa sokke boarsten? in sykte is 't, oars is it net - o froulju, 'k woe dat jim ris tajaan doarsten: ús apoteek is grut, mar sa'n resept hawwe wij net’. 3 hoe djip is dyn skerte, woe ik graach witte. ik woe dy ôfgrûn mjitte - dat sil ik nou wol litte. 4 do en ik, al 't oare- stik. 5 do wiest net thús, ik wie al thús, do kaamst wer thús, ik wie wer thús. [pagina 15] [p. 15] 6 dyn eagen binn' as stjerren, nei huning rûkt dyn hier. origineel is dat wol net, mar 't is ferdomd ál wier. 7 blêden falle, mar do lakest - dagen koarte, mar do lakest. 8 do en ik tegearr' yn 't skip, tegearre oan 'e wâl, wat gong it mâl! 9 o, 'k woe wol fan dyn leafde sjonge, oerrinnend fol is mij dan 't moed, mar faak kin ik net fierder komme as: tsjongejongejongejonge... 10 in copla hat mar fjouwer rigels, no binn' der noch mar twa - yn de lêste soe ik sizze wolle ik wol dy altyd ha. Vorige Volgende